• No results found

Meartaligens yn de Fryske poëzy: krús of kâns?

N/A
N/A
Protected

Academic year: 2021

Share "Meartaligens yn de Fryske poëzy: krús of kâns?"

Copied!
148
0
0

Bezig met laden.... (Bekijk nu de volledige tekst)

Hele tekst

(1)

Meartaligens yn de Fryske poëzy: krús of kâns?

In ûndersyk nei hoe’t Fryske dichters komme ta kar fan de taal fan harren wurk en hokker aspekten at dêr ynfloed op útoefenje.

(2)
(3)

Meartaligens yn de Fryske poëzy: krús of kâns?

In ûndersyk nei hoe’t Fryske dichters komme ta kar fan de taal fan harren wurk en hokker aspekten at dêr ynfloed op útoefenje.

Masterkripsje Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit fan Grins Ruurdtsje de Haan

s1838903 Augustus 2012

Begelieder: prof. G.T. Jensma Twadde lêzer: dr. N.H. Hilton

(4)

Ynhâldsopjefte

 

YNLIEDING  ...  1  

HAADSTIK  1    TROCH  DE  TIID  HINNE  ...  4  

1.1  IN  SKETS  FAN  IT  FRYSKE  POËZYKLIMAAT  ...  4  

1.2  IT  FRYSK  TAALÛNDERWIIS  ...  7  

HAADSTIK  2    IS  MEARTALIGENS  IN  TÛKELTEAM  BY  IT  SKRIUWEN  FAN  POËZY?  ...  12  

2.1  WAT  IS  IN  LINGUISTYSKE  BIOGRAFY?  ...  13  

2.2  DE  WURKING  FAN  MEARTALIGENS  ...  14  

2.3  MEARTALIGENS  EN  POËZY  ...  16  

HAADSTIK  3    DE  ENKÊTE:  METODOLOGY  ...  19  

3.1  DE  FERANTWURDING  FAN  IT  ÛNDERSYK  ...  19  

3.2    DE  GAADLIKSTE  METOADE  FOAR  IT  KONKRETISEARJEN  FAN  IT  ÛNDERSYK  ...  20  

3.3  DE  OPSET  ...  20  

3.4  DE  ÚTFIERING  ...  22  

3.5  DE  KONSTRUKSJE  FAN  DE  FRAGEN  FAN  DE  ENKÊTE  EN  IT  LÊZEN  FAN  DE  TABELLEN  ...  23  

HAADSTIK  4    DE  RESULTATEN  ...  25  

DIEL  1.  IT  TSJINWURDIGE  TAALGEBRÛK.  ...  27  

DIEL  2:  DE  EARSTE  SPREK-­‐  EN  SKRIUWTAAL  ...  34  

DIEL  3:  IEN  OF  TWA  TALEN  BRÛKE  YN  IT  WURK?  ...  46  

DIEL  4:  UTJOUWERS.  ...  59  

DIEL  5:  OERSETTE  OF  NET?  ...  70  

DIEL  6.  HELPMIDDELS  EN  OARE  SAKEN  ...  79  

HAADSTIK  5    DISKUSJE  ...  92  

GEARFETTING  ...  101  

LITERATUER  EN  ÔFKOARTINGS  ...  103  

(5)
(6)

Ynlieding

‘Is het wel waar dat wij Friezen het Hollands zo goed beheersen dat we net zo goed Hollands als Fries kunnen schrijven? O ja, als het om een artikel in de

krant gaat, dan vast wel. Maar geldt dat ook voor literaire uitingen? [...]’1

Dat frege de okkerlêsten ferstoarne, bekende skriuwer/dichter Trinus Riemersma (1938-2011) him ôf op in sympoasium yn 2002. Behearskje Friezen it Hollânsk goedernôch om ek literêr yn dy taal skriuwe te kinnen? Skriuwe ‘wij Friezen’ yn it Frysk? En fuort dêrnei kin men ek de fraach stelle: Wêrom soene Fryske dichters yn it Hollânsk skriuwe wolle?

In ûnderwerp foar in masterskripsje Fryske Taal en Kultuer fine wie yn 2011 net sa dreech. Ik bin yn literatuer ynteressearre, yn it bysûnder yn poëzy. Sels wie ik der benijd nei hoe’t dichters oer it generaal it Frysk skriuwen oanleard hawwe, just omdat ik sels yn de jierren sechstich nea Frysk hân haw op de eardere ‘School met de Bijbel’. At it dan oan it dichtsjen ta komt, steane jo ynienen mei de mûle fol tosken; hoe leare jo op lettere leeftyd noch jo memmetaal te skriuwen? Wis, der binne wol taalkursussen sa as de Afûk dy jout, mar dêrmei binne jo der noch net. It Fryske taalsysteem is net gelyk oan it Hollânske, dat it is net ienfâldichwei in kwestje fan oersetten. Geandewei ûntjout him it muoisume trânsferproses fan it Hollânsk dichtsjen nei it Frysk dichtsjen. Ik wit hoe’t dat by mysels gien is, mar hoe sit it mei oare âldere en jongere dichters? Wie it foar harren ek sa’n omslachtich proses, of hat de jongerein it in stik makliker, no’t it fak Frysk yntegrearre is yn it ûnderwiis? En wat dogge dichters mei harren meartaligens; dichtsje sy dan ek yn mear talen, of kieze sy just foar ien taal?

It ûndersyk dat hjirfoar dien is, giet oer de meartaligens yn ferbân mei Fryske dichters. Soe it proses fan dichtsjen by meartalige dichters dy’t harren wurden út mear as ien                                                                                                                          

1 Sitearre út: Oppewal, Zolang de wind ... 18.

(7)

register helje kinne, swierrichheden opleverje? Of kiest in dichter automatysk foar in bepaalde taal at er dichtet? En at dat net sa is, wat jout de trochslach dan foar de te kiezen taal?

Omdat Fryslân fan âlds al twatalich is en de lêste tiid hieltyd mear meartalich wurdt,2

kin de Fryske dichter ek hieltyd mear te dwaan krije mei de kwestje fan de taalkar foar in gedicht of in bondel.

Nei meartaligens yn ferbân mei Fryske poëzy is noch net in soad ûndersyk dien.

Dat is oars mei algemienere ûnderwerpen as twa- en meartaligens, meartalichheid yn it ûnderwiis en it oanlearen fan in twadde taal. Dizze ûnderwerpen hingje uteraard wol gear mei it skriuwen fan poëzy troch twa- of meartaligen, mar ferklearje net de foarkar - of it just nét hawwen fan in foarkar - fan dichters foar in taal. Oer it oanwinnen en brûken fan in twadde taal is in hiele soad teory skreaun, dy’t mar sydlings belutsen wurdt yn dizze skripsje, omdat dy fakentiids mear de sprutsen taal en yn alle gefallen net de literatuer betreft. Meidat der oer meartaligens yn ferbân mei poëzy noch net safolle bekend is, rjochtet dit ûndersyk him op de praktyske kant fan it ûnderwerp. As metoade foar dat praktysk ûndersyk is keazen foar it omstjoeren fan in enkête nei safolle mooglik Fryske dichters om feitlike gegevens boppe wetter te krijen. Wêr’t dat nedich is sille fragen neigien wurde oan de hân fan de teory dy’t dêrfoar foarhannen is. Meartaligens liket yn Fryslân in hieltyd gruttere rol te spyljen. Foar Fryske auteurs is it sa dat sy allegear twatalich binne, en foar in protte fan harren jildt dat sy ek meartalich binne. De sitewaasje mei it Hollânsk en it Frysk is dochs wat bysûnders ast it ferlikest mei de kennis fan it Ingelsk, Dútsk of Frânsk. It giet ommers om sawat twa

memmetalen sa soenen je úthâlde kinne; it Frysk én it Hollânsk. De behearsking fan it Hollânsk leit foar in Frysk dichter mei oare wurden faak op in sa’n heech nivo dat er miskien wol likegoed yn it Hollânsk as yn it Frysk dichtsje kinne soe. De earste

sprektaal fan Fryske auteurs is ek no noch yn de measte gefallen it Frysk, in dialekt fan it Frysk of in soarte fan ferfryske Hollânsk. De Hollânske sprektaal wurdt meast bûten de doar oanleard, op in pjutteboartersplak of op de basisskoalle. Foar de skriuwtaal, sa sille wy noch sjen, is dat faak krekt oarsom; as earste wurdt it Hollânsk skriuwen oanleard en letter it Frysk skriuwen. En dêr koe foar Fryske dichters noch wolris in probleem lizze; de earste sprektaal en de earste skriuwtaal ferskille mei-inoar.                                                                                                                          

(8)

Meartaligens is net sa’n bysûnder ferskynsel mear yn dizze mondiale wrâld, mar yn ferbân mei keunst, kreativiteit en identiteit bliuwt it in nijsgjirrich ûnderwerp yn de literatuer. Der is noch hieltyd in spanningsfjild tusken de dominante en de ûnderhearrige talen en dialekten yn Nederlân, sels al giet it by it Frysk om de twadde ryksktaal.

In ûndersyk as dit soe ek tapast wurde kinne by oare minderheidstalen, sa as it Baskysk, it Welsk, it Bretonsk, ensafuorthinne. It soe nijsgjirrich wêze om te fernimmen oft it mei dy talen deselde kant út liket te gean as mei it Frysk. Spitigernôch ûntbruts de tiid om ek oare minderheidstalen yn it ûndersyk te belûken.

It doel fan dit ûndersyk is om de linguistyske biografy fan Fryske dichters dy’t tusken 1985 en 2010 publisearre hawwe yn kaart te bringen en dêrtroch út te finen hoe’t dy dichters komme ta de kar fan de taal fan harren dichtwurk en hokker aspekten at dêr ynfloed op útoefenje.

It middel dêrta is, sa as sein, in wiidweidige enkête. Troch allegear fragen sa spesifyk mooglik op te stellen is besocht de ûntwikkeling in byld te bringen fan it omgean mei de talen dy't brûkt wurde by it dichtsjen.

De skripsje is dêrfoar as folget yndield: Yn haadstik ien wurdt de eftergrûn sketst fan it poëzyklimaat en it Frysk ûnderwiis dêr’t de dielnimmers oan de enkête mei

(9)

Haadstik 1 Troch de tiid hinne

 

De tiden hawwe net foar alle dichters dy’t meidien hawwe oan it ûndersyk itselde west. De âldste dielnimmers, dy’t nei de Twadde Wrâldkriich sa tusken de tweintich en tritich jier âld wiene, wienen yn in hiel oare tiid jong as de jongste dichters, dy’t no yn dy leeftyd binne. De kânsen en mooglikheden binne yn de tuskentiid aardich feroare; eltse dichter kin tsjinwurdich syn wurk publisearje litte troch in Print On Demand-systeem (POD) of op it ynternet. En dichters binne langer net mear op harsels oanwiisd at se it Frysk leare wolle te skriuwen, stadichoan is it fak Frysk yntegrearre yn it ûnderwiis. Dy feroare omstannichheden spylje fansels mei by de antwurden dy’t de dielnimmende dichters op de fragen jouwe. Dêrom wurdt yn haadstik 1 in skets fan it Fryske

poëzyklimaat jûn en in beheind oersicht fan de ûntjouwing fan it Frysk ûnderwiis yn de tiid fan de dichters dy’t dielnommen hawwe oan de enkête. Op dy manier kin der in byld ûnstean fan de omstannichheden dêr’t de dielnimmers oan de enkête yn harren

libbens mei te krijen hân hawwe (kinne).  

 

1.1 In skets fan it Fryske poëzyklimaat

1950-1970

Nei de oarloch folge der in skoft fan weropbou en de tiid fan fernijing bruts oan. Der wie in protte ferlet fan nije literatuer, foaral yn de earste fiif jier nei de oarloch. It romantyske idee fan Fryslân en it Frysk ‘folk’ waard troch jonge Fryske auteurs

loslitten.3 Neffens de Nederlânske historikus Hans Righart weve de ekonomyske groei,

de ekspânsje fan it ûnderwiis en de gruttere diversiteit yn de moderne

kommunikaasjemedia yn de jierren sechstich fan de tweintichste ieu linkendewei ôf mei tradisjonele bewoartelingen. It materialisme waard minder wichtich fûn en der kamen                                                                                                                          

(10)

mear sosjale fangnetten.4 In gruttere seksuele frijheid manifestearre him, lykas de ûntpyldering en de ûntstjerkliking. Stadichoan krigen de minsken mear jild omhannen. Se krigen mear frije tiid en de auto en de televyzje soargen derfoar dat de maatskiplike en werklike bewegingsfrijheid grutter waarden. Yn dat ljocht ûnstie der in fergrutte sosjale mobiliteit. Fryske dichters mingden har faker yn Hollânske literêre rûnten en sa waard it Frysk ek bûten de Fryske grinzen mear sichtber. Kneppelfreed en de dêrop folgjende diskusje oer ‘De Friesche kwestie’ is bekend, mar it kaam ek nei foarren mei

de twatalige blomlêzing Frieslands dichters.5

De eksperimintele poëzy briek troch en der waarden nije literêre tydskriften oprjochte sa as Quatrebras (1954-1968), dat tsjinwicht biede woe oan it mear tradisjonele De

Tsjerne (1946-1968). Jonge auteurs stribben dernei om wurk te skriuwen op ‘Jeropeesk nivo’; de Fryske literatuer moast, neffens de dichter-literatuerkritikus Anne Wadman

(1919-1997) ‘efter de kowesturten wei’.6

1970-2010

Yn dizze jierren komt der in hieltyd grutter ferskaat oan poëzy. Literêre tydskriften komme en geane, of fusearje mei-inoar: Trotwaer (1969) wurdt yn 2003 as katern opnommen yn it algemien-kultureel opinyblêd De Moanne (2003). Hjir (1972-2009) en Farsk (2003-2009) komme byinoar en wurde Ensafh. (2009), in tagonklik literêr

tydskrift dat - op papier en mei it yn de jierren njoggentich opkommende ynternet ek digitaal - yn beide media fan inoar ferskillende nûmers útbringt. Dichters hawwe in eigen website of hâlde, al dan net geregeld, in weblog by dêr’t se neist nij wurk, soms ek in optredensaginda op byhâlde en wêrop’t se bygelyks de resinsjes op harren wurk publisearje.

Mar lykas mei Hollânske poëzy liket it net mear sa maklik om Fryske poëzy yn bondels útjûn te krijen, hoewol’t der hieltyd noch in licht stiigjende line sit yn de produksje fan

(11)

Fryske bondels.7 Poëzy ferkeapet oer it generaal net sa bêst, en útjouwers steane dan ek net te springen om wurk út te jaan fan dichters dy’t net bekend binne by it grutte

publyk. Dichters dy’t net by útjouwers te plak kinne, jouwe harren wurk yn eigen behear út en langer ek fia it Print On Demand-systeem, wêrby’t der gjin foarrie oanlein hoecht te wurden en dat op dy manier de kosten drukt. Dêrneist wurdt der hieltyd mear digitaal publisearre en lêzen. De rol fan de útjouwers liket dêrmei ferlytse.

De Fryske poëzy florearret lykwols wol. It belang fan optredens nimt ta en it

poëzyklimaat is frij iepen. Der binne poëzy-performances yn lokaaltsjes en kafees en yn 2002 wurdt it jierlikse Literêr Sirkwy fan It Skriuwersboun opset mei rûnom yn de provinsje poëzymiddeis en -jûnen, faak kombinearre mei in muzykoptreden. De Jan Ritskespoëzynacht yn Twizel is in twajierliks evenemint. It literêre tydskrift Ensafh. organisearre yn Snits op 26 jannewaris yn it ramt fan Gedichtedei 2012 in súksesfolle en drok besochte gedichtejûn.

It stimulearringsprojekt Skriuw fan It Boun is neffens de website bedoeld om ‘skriuwers stipe en begelieding te jaan en sa te kommen ta mear en bettere Frysktalige literêre

manuskripten’.8 De wichtichste poëzyprizen binne de Gysbert Japix-priis (1946), dy’t

om de twa jier ôfwikseljend foar proaza en poëzy útrikt wurdt, de Fedde Schurer-priis (1983), dy’t om de trije jier útrikt wurdt foar debuten en de jierlikse Rely Jorritsma-priisfraach (1954). Sûnt 2004 is der ek in Junior Rely-priis.9

De poëzy, dy’t hieltyd mear in meartalich karakter kriget, kin lykwols net sûnder stipe. Guon auteurs kinne in stimulearringsbeurs of in wurkbeurs krije fan it Nederlands Letterenfonds en dat fûns subsidiearret ek, lykas de Provinsje Fryslân, guon nije

útjeften, oersettings en literêre aktiviteiten.10

De takomst fan de Fryske poëzy liket nei 2010 wat ûnwisser as yn de tiid derfoar. It slagget net mear sa maklik as earder om it dichtwurk op papier publisearre te krijen. Fryske auteurs lykje har, sa seit G. Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan

                                                                                                                         

7 Yn haadstik 4 komt dit by de ynlieding fan Diel 4 oan de oarder.   8  Skriuwersboun.nl.  

9  Letterkundigmuseum.nl.  

10  Oppewal,  Zolang  de  wind  …  16,  en  www.fryslan.nl;  Algemene  subsidieverordening  provincie  

(12)

de Ryksuniversiteit fan Grins, hieltyd mear oan it ‘typysk Fryske’ te ûntlûken en yn de takomst foarsjocht hy dat de literatuer mear trânsnasjonaal wurde sil; rjochte op in

ynternasjonaal oansprekkende kwaliteit. 11 Net op it Frysk, mar op de kwaliteit fan it

skriuwen sil de klam komme te lizzen. Dat de taal dêrby fan minder belang is, kin men foaral sjen oan it gemak wêrmei’t de jongere generaasje auteurs sa as Albertina

Soepboer (1969), Tsead Bruinja (1974) en Harmen Wind (1945-2010) oerskeakelje fan it Frysk nei it Hollânsk en wer werom.

 

1.2 It Frysk taalûnderwiis

Foar de measte minsken dy’t berne binne yn de provinsje Fryslân jildt dat it Hollânsk de twadde sprektaal is en de earste skriuwtaal. Oft de ynfloed fan it Hollânsk grutter wurdt, en minder minsken yn Fryslân it Frysk brûke, wurdt geregeld ûndersocht. De provinsje Fryslân hat yn 2007 en 2011 in ûndersyk - in saneamde fluchhifking - dien nei hoe’t it der foarstiet mei it nivo fan behearskjen fan it Frysk (ferstean, prate, lêze en skriuwe)

ûnder de ynwenners fan Fryslân, sawol yn de ferskate gemeenten as nei leeftyd.12 De

provinsje jout dêryn mei in momintopname de sifers yn prosinten oan:

2007 2011 ferstean 84,2 84,6 prate 63,7 64,0 lêze 74,7 75,0 skriuwe 9,6 21,1                                                                                                                          

(13)

figuer 1

Tusken 2007 en 2011 falt oer alle boegen in lytse foarútgong fêst te stellen, dy’t it grutst is by de minsken dy’t Frysk skriuwe kinne. Ik tekenje dêrby oan dat it hjir om

selsrapportearre ûndersyk giet en dat benammen by de antwurden op de fraach nei it skriuwen licht betizing ûntstean kin. Want wat is ‘ Frysk skriuwe kinne’? Moatte jo dan it Frysk sûnder flaters skriuwe of staverje kinne? En wa mjit dat?

It oanlearen fan it Frysk skriuwen bart, sa soe men men oannimme, op skoalle. Dat hat lang net it gefal west. It moast befochten wurde, want it waard troch it Ryk lange tiid net needsaaklik achte om yn Fryslân njonken it Hollânsk ek it Frysk skriftlik behearskje te kinnen. Friezen binne yn it algemien grutsk op harren taal en kultuer, en yn Fryslân wie en is men fan miening dat it fuortbestean fan de taal net allinne ôfhinget fan it mûnling, mar ek fan it skriftlik behearskjen fan dy taal. Healwei de tweintichste ieu krige it Frysk de status fan twadde rykstaal yn Fryslân en krige it Frysk as fak offisjeel foet oan de grûn op skoalle. Yn 1980 waard it Frysk ferplichte op de basisskoallen en yn de njoggentiger jierren ek op it fuortset ûnderwiis. Nettsjinsteande alle plannen om it Frysk te yntegrearjen yn it ûnderwiis, slagget dat net oeral like goed en de kwaliteit lit ek te winskjen oer. Underwiisynspekteur H.G.J. Steur fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip is der yn syn rapport fan oktober 2010 net tefreden oer:

‘Al is de basiskwaliteit fan dy lessen te fergelykjen mei lessen yn oare fakken, dochs falt de kwaliteit krekt dêr wêr’t de lessen Frysk sterk wêze moatte soene,

bot ôf en sjogge we ek net folle ûntwikkeling yn de perioade 1999-2009.’13

De âldste enkêterespondinten binne berne tusken 1921 en 1949 jier. Dy binne no dus tusken de 60 en de 90 jier âld. Yn dy tiid waarden yn Fryslân ferskate ynstitúsjes oprjochte, sa as de Afûk (Algemiene Fryske Underrjochtkommisje, 1925), de PUR (Provinsjale ûnderwiisried, 1928) en de FA (Fryske Akademy, 1938), dy’t ier of letter bydroegen hawwe oan de ûntjouwing fan it earste Frysk taalûnderwiis foar bern en                                                                                                                          

(14)

folwoeksenen. At der yn de tiid dat dy âldere respondinten opgroeiden al Frysk op skoalle jûn waard, wie dat meast omdat it ynisjatyf dan by in learkrêft lei, of der waard nei de offisjele skoaltiden ek noch wat oan Frysk dien.

Nei de oarloch en de tiid fan weropbou kaam der mear oandacht foar it ûnderwiis. Yn de fyftiger jierren fan de foarige ieu waarden der alderleie fan ûndersiken dien, ek nei de mooglikheid fan yntegrearre Frysk ûnderwiis op de basisskoallen yn Fryslân.

Sa hat bygelyks de pedagooch P. Post, dy’t de taalfoarming fan bern yn it

ûnderwiis ûndersocht, yn 1951 ûndersyk dien nei de Fryske en Hollânske wurdskat fan Fryske bern. De oanlieding hjirfoar wie dat der sinjalen wienen dat famkes fan tolve oant fjirtjin jier op húshâldskoallen yn Fryslân it Hollânsk net sa goed behearskje soenen as famkes út likernôch deselde miljeus yn it ientalige Nederlân. Om der efter te kommen oft dat kloppe, waard der troch Post sjoen nei de wurdskat fan bern fan seis jier yn Fryslân. Ut de resultaten fan syn ûndersyk bliek dat de wurdskat fan Fryske wurden (77,5%) foldwaande wie. It Hollânske fokabulêre wie minder grut (26,6%) as it Fryske,

hoewol’t it fan bern ta bern swier ferskille koe.14 Post befelle oan om Fryske bern fan de

legere skoallen yn de earste jierren les yn de fiertaal Frysk te jaan, sadat sy harren earst goed ûntwikkelje koenen. It lêzen en skriuwen binne techniken dy’t neffens Post gjin betingst binne foar it goed oanlearen fan it Hollânsk. Dêrnei, yn de hegere klassen, moast men al frij snel twatalich les jaan, omdat de grûn foar it Hollânsk al oanwêzich wie.

Koen Zondag, dy’t oant 1999 beliedsmeiwurker twataligens en twatalich

ûnderwiis wie,15 meldt dat der yn Fryslân fan 1950 oant 1956 in eksperimint dien waard

mei njoggen twatalige proefskoallen.16 Dy skoallen feroaren nei 1956 yn twatalige

skoallen, wêrby’t it mooglik wie yn de earste trije klassen it Frysk as fiertaal te brûken en as fak yn alle klassen fan it legere ûnderwiis. Ut in ûndersyk út dy tiid komt nei

foaren dat der ek al 215 fan de 540 (40%) basisskoallen Frysk as fak joegen.17 Dy (faak

lytse) skoallen hienen mei-inoar 6017 learlingen. It totaal tal learlingen wie 64.062, dat                                                                                                                          

14 Post, Over de woordenschat, 70.

15 Zondag, Lange oanrin, neffens de beskriuwing op de efterkant. 16 Zondag, Lange oanrin, 151-153.

(15)

it persintaazje dat it fak Frysk krige, wie yn de fyftiger jierren fan de foarige ieu 9,39%.

Nei 1956 kamen der stadichoan mear twatalige skoallen. Dat duorre oant

likernôch 1970, dêrnei waarden guon skoallen dochs wer ientalich ûnder de ynfloed fan nije ynkommelingen en Friezen dy’t fan it Frysk net it measte hawwe moasten. Yn 1975 wie it noch sa, dat wat heger skoalle-oplieding at de âlden hân hienen, wat leger it persintaazje dat thús Frysk prate. Dat is tsjinwurdich minder oan de oarder, yn it Frysk of dialekt prate is earder in bewuste kar.

In frij grutte groep fan de respondinten dy’t de enkête ynfolle hat, is berne nei

1949 (65,2 %) en kin mei dy nije fisy oer twatalich ûnderwiis te krijen hân hawwe, benammen de dichters dy’t op de skoallen sieten dy’t oan de proef fan dy njoggen skoallen meidienen. Spitigernôch is net bekend hokker respondinten at der op dy skoallen sitten hawwe.

Dat it Frysk ûnderwiis hjoed-de-dei noch net goed regele is, bewize de sifers út

it rapport Tusken winsk en wurklikheid fan de ûnderwiisynspeksje, dat yn 2010

ferskynd is.18

Yn 2009 is it heechst tal skatte minuten Fryske les yn de wike op de basisskoalle 64 minuten yn groep ien en foar groep acht is dat 44 minuten. Yn 2005 wie it oanwinnen fan in wurdskat mei frekwint foarkommende wurden foar Frysktalige learlingen yn groep acht noch 74% en yn 2009 wie dat 72%. It persintaazje dat in ienfâldige tekst yn it Frysk skriuwe koe, wie yn 2005 63%, yn 2009 wie dat noch mar 49% (!) It skriuwen en it fergrutsjen fan de wurdskat bliuwe dus faak benefter. In part fan de skoallen stribbet it beheljen fan bepaalde kearndoelen op dit momint net mei doel nei. Ut ûndersyk blykt dat fan de learkrêften dy’t yn de jierren 1976-1977 en fan 1977 oant

1988 de applikaasjekursus folge hawwe, mar 23% it Frysk goed skriuwe koe.19 By de

hifking fan 2005 hie gemiddeld 67% fan de leararen op de basisskoallen it foech Frysk.

Yn 2009 is dat persintaazje ôfsakke nei 50%.20

Wat it fuortset ûnderwiis oanbelanget: yn 2005 dienen der noch 73 learlingen eksamen foar it fak Frysk, yn 2009 wienen dat der 40. Der sit op dit stuit dus in delgeande line                                                                                                                          

18 Steur, Tusken winsk en wurklikheid, 27-38.  

19 Van der Duim en De Hoop, De ynfiering fan it Frysk as fak (De Pompeblêden, 1979). 20 Yn it rapport Tusken winsk en wurklikheid wurdt oanjûn dat fan in part fan de leararen de

(16)

yn.21

Undersiken fan de lêste jierren toane oan dat Fryske bern net yn it Hollânsk

grutbrocht hoege te wurden omdat se oars miskien efterop reitsje soene op it mêd fan taal en skoalprestaasjes yn ferliking mei oare bern yn Nederlân. It tagelyk oanlearen fan mear talen kin by bern just gjin kwea, it wurdt langer earder as in foardiel sjoen.

Jacomine Nortier, in Nederlânske taalkundige dy’t har dwaande hâldt mei meartaligens, seit oer it oanlearen fan mear talen by bern:

‘Uit onderzoek in de jaren ’80 is gebleken dat kinderen niet later leren spreken door een vroegtijdig aanbod van twee of meer talen. Vanaf het eerste begin kunnen kinderen met gemak twee of meer talen aan. Ze houden taalsystemen goed gescheiden als voor hen duidelijk is welke taal bij een specifieke omgeving

of persoon hoort [...].22

Boppedat is taal in ûnderdiel fan de kultuer dêr’t minsken yn libje. De bern de taal ûnthâlde dy’t brûkt wurdt yn harren sosjale omjouwing betsjuttet bepaald net in ferriking foar dy bern.

Yn it deistige libben kinne se har dêrtroch bûtensletten fiele.

De lêste ûntwikkeling yn it ûnderwiis is it trijetalich ûnderwiis op Fryske basisskoallen. Yn it skoallejier 1997/1998 is it projekt De Trijetalige Skoalle fan start gien. Op de dielnimmende skoallen wurdt lesjûn yn it Hollânsk, Frysk en Ingelsk. Neffens it Taalsintrum Frysk smyt it projekt winst op foar alle trije talen. Yn 2011 wie it netwurk

fan trijetalige skoallen útwreide nei 41 skoallen.23 Op it stuit fan de hifking fan de

ûnderwiisynspeksje oer 2009 wurdt der by de trijetalige basisskoallen 129 minuten yn groep ien oan it fak Frysk bestege, en yn groep acht is dat 93 minuten, mear as twa kear safolle as op de gewoane basisskoallen. De trijetalige skoallen geane derfan út dat 77% fan harren Frysktalige learlingen it Frysk skriuwen op skoalle leare sille.

De jongste respondint dy’t meidien hat oan de enkête is fan 1989, dat gjinien fan de respondinten hat gebrûk makke fan dit trijetalich ûnderwiis.

                                                                                                                         

(17)

Haadstik 2 Is meartaligens in tûkelteam by it skriuwen fan poëzy?

‘For, indeed, you can never sidestep the question of identity when you learn to live in a new language. Questions of home, of assimilation, of linguistic and cultural alienation, of triangulation and translation; the elusive search for one-ness, and the haunting quest for the self are perhaps foregrounded more acutely in texts by bilinguals because their authors face an ultimate disconnection. How much more difficult the fragmentation when you don’t quite have “the words to

say it”?’24

Yn boppesteand sitaat hat de Frânsk-Amerikaanske professor Frjemde talen en Literatuer oan it MIT yn Massachusetts Isabella de Courtivron it oer de betizing dy’t minsken hawwe kinne at se harren heitelân ferlitten hawwe en libje moatte yn in lân mei in oare taal. It giet net dan allinne om it oanlearen fan in nije taal, der hingje folle mear saken mei gear, sa as it jo leare thús te fielen yn it nije lân, de oanpassing oan in oare kultuer en oare gewoanten, en oan it ynwindige proses fan it hieltyd oersetten. Foaral auteurs, dy’t út en yn wend binne har yn skriuwtaal út te drukken, kinne lest hawwe om harsels yn dat ferfremdzjend proses werom te finen.

Fryske auteurs dy’t om utens wenje en yn in oare taal as it Frysk dichtsje, sille

hjir grif ek mei te krijen hawwe. Mar ek de dichters yn Fryslân moatte harren paad sykje yn de meartalige sitewaasje dêr’t se mei te krijen hawwe. It oanlearen fan it Hollânsk en it Frysk is yn Fryslân ommers in apart proses. It Frysk of in dialekt is meast de earst oanlearde sprektaal, mar de earst oanlearde skriuwtaal is foar hast eltsenien it Hollânsk. Yn dit ûndersyk wurdt troch middel fan in enkête neigien hoe't dizze opfallende

(18)

taalsitewaasje útwurket foar Fryske dichters. Kin der yn it generaal wat sein wurde oer harren linguistyske biografy? Hawwe sy in soad lêst hân om te sykjen nei dy ‘words to say it?’ En hoe siet it mei it Frysk ûnderwiis yn de tiid dat de ferskillende generaasjes dichters opgroeiden? Krige eltsenien Frysk op skoalle? Trochdat der in soad

leeftydsferskil tusken de dielnimmende dichters sit, ferskilt ek de tiid dat se

debutearren. Yn de ferskillende desennia wie de tiidgeast ek oars, benammen ek de ferhâlding tusken taal, ideology en identiteit en dat hat mei bepaald hoe't dichters mei harren meartaligens omgiene. Yn dit haadstik sjoch ik efterinoar nei de linguistyske biografy, de wurking fan meartaligens en de meartaligens yn ferbân mei poëzy.

2.1 Wat is in linguistyske biografy?

It doel fan dit ûndersyk is om tsjin de eftergrûn fan harren linguistyske biografy sicht te krijen op it taalgedrach fan Fryske dichters. Yn in linguistyske biografy wurdt de relaasje ta de taal yn syn ûntwikkeling ferteld en analysearre. De tiidsdiminsje kin dy wêze fan in folslein libben: hokker talen hat in minsk yn syn libben leard te praten en te skriuwen? Dy tiidsdoer kin ek folle koarter wêze en ien dei of sels noch minder beslaan:

hoe faak wikselt in minsk fan taal en wêrtroch wurde dy wikselingen beynfloede?25

De twa - of mear - talen dy’t oanleard waarden, kinne dichters brûke op leksikaal of syntaktysk nivo, dat wol sizze dat yn it fers wurden of sinnen yn in oare taal

foarkomme, mar ek dat er yn in bondel tusken de fersen folslein wiksele wurdt fan taal, of dat dichters hiele bondels skriuwe yn ferskillende talen. Dat wikseljen hinget net allinne ôf fan it talepalet dat de dichter behearsket, mar ek fan de niget om mear talen te brûken by it dichtsjen, of de needsaak dy’t field wurdt om yn mear talen te skriuwen. It skriuwen is as part fan de linguistyske biografy in belangryk ûnderdiel fan in auteur. It jout in diel fan syn eftergrûn wer, wêr’t er woeksen is, hokker talen at er om him hinne heard hat, yn hokfoar (kulturele) rûnten at er ferkeard hat en hoe’t er dêr fierder yn syn

                                                                                                                         

25 Nekvapil, From the biographical narratives, 77- 99.

(19)

libben mei omgiet. Fansels binne der ynfloeden fan bûtenôf dy’t dêr mei te krijen hawwe. Hat er genôch kâns hân om de kennis op te dwaan by it oanlearen en brûken fan de talen, en hokfoar taal moat er deis brûke, bygelyks op syn wurk? En beynfloedet syn wenplak ek hokker talen oft er brûkt? Ek de partner kin ynfloed útoefenje op de talen dy’t de auteur brûkt. Net al dy fragen wurde troch de dielnimmers oan de enkête beäntwurde, mar der wurdt yn dit ûndersyk wol besocht linen te lûken foar de ferskillende generaasjes dichters.

De dichters (tenei wurde dy oanjûn as ‘respondinten’) dy’t de enkête ynfold hawwe, oerspanne in tiidsramt fan sân desennia. De âldste respondinten, dy’t no boppe de santich of sels boppe de tachtich jier binne, binne yn de tiid foar de Twadde Wrâldoarloch opwoeksen, en de jongste respondinten yn de jierren tachtich en

njoggentich fan de tweintichste ieu. Dat hat uteraard gefolgen foar harren taalgedrach. Foar de âldste respondinten moatte de mooglikheden om it Frysk skriuwen oan te learen en te debutearjen as dichter hiel oars west hawwe as foar de jongste respondinten. De fragen dy’t steld wurde yn de enkête hienen sy, doe’t sy jonger wiene, fermoedlik oars beäntwurde as no, op harren tsjinwurdige leeftyd. De enkête jout dus yn in

momintopname wer, hokker antwurden de respondinten fan ferskillende leeftyden yn desimber 2011 of yn jannewaris 2012 op de fragen joegen. At mei fiif jier dizze selde enkête wêr hâlden wurde soe, soene der op guon fragen al wer hiel oare antwurden útrûgelje kinne.

2.2 De wurking fan meartaligens

Friezen binne oer it generaal meartalich yn dy sin, dat sy twa talen hast like goed mûnling behearskje; it Frysk en it Hollânsk. Dat wol net sizze dat sy twa memmetalen hawwe. Al hoe jong at se it Frysk, dialekt of it Hollânsk ek oanleard hawwe, der is altiten ien taal dy’t it earst en it meast brûkt wurdt. Wat meast foarkomt, is dat minsken dy’t mear talen goed behearskje, wikselje fan taal neffens de sitewaasje en de

omstannichheden.26

De memmetaal is hast letterlik de taal dy’t fan mem leard wurdt, of de taal dêr’t men yn                                                                                                                          

(20)

de jongste jeugd it meast mei te krijen hat. Dat wol lykwols net sizze, dat men net fan memmetaal feroarje kin. Net allinne trochdat men nei in oar lân ferhuzet en dus deis in oare taal sprekke moat, of trochdat men as Fries yn in oar part fan Nederlân komt te wenjen, mar ek trochdat men yn oare, hegere fermiddens komt te ferkearen en jin dan skammet foar it ‘boerske’ Frysk. Of de âlden fan bern wolle hawwe dat de bern sa flaterfrij mooglik Hollânsk praten leare en brûke dêrom leaver Hollânsk as Frysk yn ‘e

hûs.27 Yn de regel binne de status fan de sprekker of dy fan de peteargenoat, de

libbensrin fan de sprekker, de yntimiteit tusken de sprekker en de peteargenoat, it ûnderwerp en de sosjale ynstelling bepalend foar de te kiezen taal. By it goed oanlearen fan twa talen giet dat it bêst op jonge leeftyd en op in konsekwinte manier, dat wol sizze dat in bern fan hieltyd deselde persoan deselde taal te hearren kriget. Dat betsjut dus gjin mingeling fan twa talen, mar bygelyks it Frysk konsekwint fan mem en it Hollânsk konsekwint fan heit of fan learkrêften.

Meartaligens hat dus maatskiplike aspekten; hoe giet bygelyks de maatskippij om mei meartaligens, en it hat yndividuele aspekten; wat bart der bygelyks yn in meartalige minskeholle? Wêr't dat nedich is by dit ûndersyk sil ik op de teory oer meartaligens werom komme.

By de measte Fryske dichters is it Frysk of in dialekt de earste ‘tink’taal, mar is

it Hollânsk de earste skriuwtaal. Om Hollânsk te praten moat de dichter, at syn tinkproses noch net folslein meartalich is, hiel hurd in oersetting meitsje foar syn uteringen. By it skriuwen kin dat proses krekt oarsom wêze; foar Fryske wurden moat de twads oanlearde skriuwtaal ynskeakele wurde. Dat is net altyd maklik. Foaral at men begjinne sil yn in bepaalde taal kin dat proses stykjen bliuwe, sa as út ûndersteand sitaat dúdlik wurdt:

‘When I write, I still have trouble with beginnings, feel at a loss when starting a new piece. I have learned to trick myself into writing by resorting to the other language, whichever language the piece will not be written in. So I start out in that language, which I find easier because it is temporary, irrelevant, in a sense wasteful: It will not last. The ploy, for all its laborious artifice, usually works. After a while, I stop and translate myself into the language the piece will be                                                                                                                          

(21)

written in, less threatening now that it has been exposed to the other language

preparing its way.’28

Dichters dy’t kieze foar de iene of just de oare taal, hoege yn beide talen net like ‘goed’ te wêzen. De taal is it ark fan in dichter. Syn wurdskat, kennis fan de wrâld, fantasy, kreativiteit en talint binne de boustiennen. It hinget fan it soarte fan ark ôf hokker keunstwurk at er meitsje kin. In keunstskilder dy’t altyd mei oaljefarve wurket, kin by foarrie gjin keunst kreëarje at er wat oars besiket en brûk bygelyks wetterfarve foar syn wurk. Oars is it, at er eksperimintearje wol en hy fernimt dat it meitsjen fan akwarellen him like goed of sels noch better ôfgiet as it oaljefarvjen. In dichter kin him dus dichter fiele at er yn in beskate taal dichtet, en just net at er yn in taal wurket dy’t him net handicht. Men kin poëzy dan ek it bêst lêze yn de orizjinele taal fan de dichter, want

‘poetry is what gets lost in translation’ sei de ferneamde dichter Robert Frost al.29

2.3 Meartaligens en poëzy

Taal is it wichtichste ark fan de dichter, mar wat at de dichter meartalich is? Hokker taal sil er kieze? Kiest er hast automatysk foar syn memmetaal, de taal dêr’t er it praten yn leard hat, of makket er dêr in bewuste kar foar? Skriuwt de dichter yn syn memmetaal, omdat dy ferbûn is oan syn identiteit, syn kultuer, syn bertegrûn? En kin in dichter fiele dat er twa identiteiten hat? Yn it foaropwurd fan de sammelbondel De Afrikaanse poëzie in 1000 en enige gedichten skriuwt de earste Nederlânske Dichter des Vaderlands (2000) Gerrit Komrij (1944-2012) it folgjende:

‘Identiteit ontleent men alleen aan zijn taal. De taal is het enige waardevolle ijkpunt voor een gedeelde belevenis en een gedeeld geheugen. Taal is het domein van dromen, taal is wat je moeder je meegaf.

                                                                                                                         

28  Sylvia  Molloy,  professor  Humanities  oan  de  New  York  University,  sitearre  yn:  Lives  in  translation,  

77.  

(22)

Als de taal de ziel is van de identiteit, en dat is ze, en als de poëzie de ziel is van de taal, en dat is ze, dan is uiteindelijk de poëzie datgene waar het

voortbestaan van een eigen cultuur mee staat of valt.

De kracht van de taal als bindende factor is enorm.’30

Foar Komrij is it dus dúdlik dat identiteit, poëzie en taal oan inoar ferbûn binne. Yn in lân as Súd-Afrika is der lykas yn Fryslân sprake fan mear talen, en boppedat is der noch it ferskil tusken hoe’t in taal sprutsen en hoe’t in taal skreaun wurdt. As yllustraasje fan de kleau tusken skriuw- en sprektaal fiert Komrij it Afrikaans oan, mar men soe dit likegoed tapasse kinne op de formele skriuwtaal fan it Standertfrysk en de Fryske sprektaal:

‘ “Schrijf zoals je spreekt,” was al een adagium geweest van Multatuli, de grootste schrijver uit de negentiende-eeuw, [...] . “Maar ik heb schoolgegaan,”

had Multatuli er verontschuldigend aan toegevoegd.’31

Mei oare wurden; al wat jo leard hawwe, beynfloedet jo ek. Yn gefal fan de measte Friezen komt dêr in ekstra komplikaasje by, want sy hawwe te krijen mei in krúst oanlearde taalsitewaasje. It earste praten fan Friezen giet meast yn it Frysk of yn in dialekt, mar de earst oanlearde skriuwtaal is it Hollânsk. It Hollânsk praten waard twads oanleard, it Hollânsk skriuwen wurdt earder leard as it Frysk skriuwen. Yn de figuer hjirûnder wurdt dat dúdlik:

1. Frysk praten leare 2. Hollânsk praten leare

figuer 2

                                                                                                                         

30 Komrij sitearre út: De Afrikaanse poëzie, 5.   31 Komrij sitearre út: De Afrikaanse poëzie, 7.

(23)

De earst oanlearde skriuwtaal by de measte Friezen is dus it Hollânsk. De skriuwtaal is it ark dat de dichter brûke moat. Dy tinkt miskien yn earste ynstânsje wol yn it Frysk, mar sadree’t er de pinne op papier set, moat er de omslach meitsje fan it Hollânsk nei it Frysk skriuwen. En dat sil de nedige problemen opleverje omdat it earst skreaune wurdbyld ommers yn it Hollânsk wie, en omdat er earder wend is om yn it Hollânsk te skriuwen. It is dus mar de fraach hoe’t dy omslach him foardocht yn de holle fan de dichter. Fansels sil dat makliker gean at er al wat langer en faker yn it Frysk dichtet. Foar de Fryske mienskip is der in needsaak om yn it Frysk te dichtsjen, want, sa seit Komrij:

‘Een gemeenschap zonder poëzie verdient het onmiddellijk te worden

opgeheven. Alleen om een dichter in het origineel te lezen ga je een vreemde taal leren, niet om de praatjes van politici aan te horen die in alle talen hetzelfde

zijn.’32

In dichter kin dus orizjineel, yndividueel en autentyk wêze yn de taal fan de mienskip dêr’t er diel fan útmakket. De poëzie yn de taal dy’t it tichste by him leit.

It earst oanleard hawwen fan it Hollânsk as skriuwtaal moat effekt hân hawwe op Fryske skriuwers en dichters. De measte dielnimmers oan de enkête, sa sil aanst by de resultaten blike, hawwe yn in lettere libbensfaze it Standertfrysk skriuwen leard en sy skriuwe gruttendiels ek yn it Standertfrysk. Dy formele skriuwtaal soe neffens de útspraak fan Komrij mar better ynwiksele wurde kinne foar de Fryske sprektaal, mar dý omslach makket mar in inkele Fryske dichter.

                                                                                                                         

(24)

Haadstik 3 De enkête: metodology

Yn dit haadstik lis ik út hoe’t de enkête opset is.33 It ûndersyk wurdt ferantwurde mei it

taljochtsjen fan de fraach hoe’t Fryske dichters yn harren dichtwurk omgeane mei meartaligens en hokker aspekten dêr ynfloed op útoefene hawwe. De gaadlikste

metoade foar it ûndersyk wurdt útlein, en dêrnei de opset en de útfiering fan de enkête. De konstruksje fan de mearkarantwurden op de fragen brocht soms mei, dat

dielnimmende dichters harren dêr net yn fine koenen en eigen antwurden joegen, dy’t apart ferwurke binne. T’en lêsten folget de útlis oer it lêzen fan de resultaten.

3.1 De ferantwurding fan it ûndersyk

It doel fan dit ûndersyk is om sicht te krijen op de linguistyske biografy fan Fryske dichters. Dêrmei wurdt bedoeld dat ûndersocht wurdt hoe’t Fryske dichters, dy’t wakker allegear twatalich binne, harren dy meartaligens eigen makke hawwe en hoe’t sy as yndividu en as groepen dichters omgeane mei dy meartaligens yn harren wurk. Troch fragen te stellen besykje ik dêr efter te kommen. Kieze dichters foar ien taal, of foar mear talen? At sy mear talen brûke by it skriuwen fan fersen, meitsje sy de kar fan de taal fan dat stuit dan automatysk, of kieze se bewust in taal út foar in fers? Hokker motiven spylje dêr dan yn mei? It seit himsels dat dit foar yndividuele dichters ferskillend leit, mar faaks kin der troch de tiid hinne linen lutsen wurde foar de generaasjes. De útkomsten fan it ûndersyk kinne relevant wêze foar ús ynsicht yn de eigenaardichheden fan de Fryske literatuer want der komme feiten en gegevens foar it ljocht dy’t earder noch net ûndersocht binne. Sommige útkomsten fan fragen wienen faaks foarsisber, oare resultaten sille earder wer nije fragen opsmite.

(25)

3.2 De gaadlikste metoade foar it konkretisearjen fan it ûndersyk

Der binne ferskate mooglikheden om fragen te stellen oan meidoggers oan sa’n ûndersyk. Men kin fraachpetearen ôfnimme, of telefoanysk persoanen ûnderfreegje, men kin in enkête fia in website op de kompjûter hâlde, de enkête mei de post ferstjoere of in fragelist fia de e-mail omstjoere. De earste fjouwer metoaden blieken foar myn ûndersyk minder gaadlik. In persoanlik fraachpetear, in enkête ôfnimme oer de telefoan of in enkête oer de post ferstjoere binne tiidslinende en omslachtige metoaden, en oan in enkête fia in kompjûterprogramma sit it risiko fêst dat der ûnder it ynfoljen wat misgiet, dat it dêrom tefolle gedoch is en dat de respondinten om dy reden ôfheakje. It ynfoljen, opslaan en weromstjoeren fan de fragen moast eins ien kear goed gean. De fragelist taheakke oan in e-mailberjocht ferstjoere wie dêrom it gaadlikst. Boppedat krigen de

respondinten op dy manier tiid genôch om oer de fragen nei te tinken.34

3.3 De opset

Om te begjinnen haw ik bepaald hokker Fryske dichters yn it ûndersyk belutsen wurde soenen.

It earste útgongspunt wie dat it dichters wêze moasten dy’t bondels publisearre

hienen by in útjouwer, fersen publisearre hienen yn in literêr blêd of bondels útjûn hienen yn eigen behear en publisearre hienen yn literêre tydskriften. By dit ûndersyk is it yn it foarste plak net te dwaan om de kwaliteit fan it wurk fan de dichters, mar net eltsenien dy’t dichtet kin samar ta de Fryske dichters rekkene wurde. It dichtwurk fan de respondinten moast dus foldien hawwe oan de kritearia fan de redaksjes fan literêre tydskriften of fan útjouwers.

It twadde útgongspunt wie de beheining fan it tiidrek dat ûndersocht wurde soe. Der is keazen om ûndersyk nei dichters te dwaan dy’t publisearre hawwe yn in tiidrek fan fiifentweintich jier. De ûndersochte perioade rint fan 1985 oant 2010.

                                                                                                                         

34 Der wienen in pear âldere respondinten dy’t net sa goed mei de kompjûter oerwei koenen. It ynfolle

(26)

It tal en de titels fan de bondels binne meast fandele by Tresoar35 en foar in part kamen

de titels út it eardere literêre tydskrift Trotwaer.36

Neidat der safolle mooglik e-mailadressen fan dichters dy’t yn oanmerking

kamen foar it ynfoljen fan de enkête opspoard wiene, waarden der 93 fragelisten ferstjoerd. Yn totaal binne der 66 ynfolle fragelisten weromkommen. De respons op de enkête is dêrmei 71%.

De respondinten binne yndield neffens harren bertejier, en wurde - ek al giet it hjir fansels net om echte generaasjes, want dy duorje folle langer - oantsjut mei de term ‘generaasje’. Ik ûnderskied op grûn fan de bertejierren sân leeftydskategoryen fan hieltyd tsien jier, dy’t ik oantsjut mei G1921, G1931, ensafuorthinne. Dêrby merk ik no alfêst op dat de ferdieling fan respondinten oer dy generaasjes net lykwichtich is en dat soks gefolgen hat foar de jildichheid fan útspraken dy’t men dwaan kin oer de ferskillen neffens leeftyd. De ‘generaasjes’ fan 1941 oant 1950, 1951 oant 1960, 1961 oant 1970 - en, minder, ek dy fan 1971 oant 1980 - binne it machtichst en dêr is de enkête dus represintativer as by de oare generaasjes.

Der binne fragen yn de enkête, dy’t net troch eltse respondint ynfold wurde koenen. Dat binne bygelyks de fragen oer it dichtsjen yn sawol it Frysk as it Hollânsk. Der binne dichters dy’t mar yn ien taal dichtsje. Sa binne der ek respondinten, meast jongere, fan wa’t der noch gjin wurk útjûn is by in útjouwer. Dy respondinten koenen yn diel 4, oer útjouwers, net altiten in relevant antwurd jaan. Harren antwurd waard dan notearre by ‘net fan tapassing’ of ‘net ynfold’. Dy antwurden binne yn de lêste kolommen fan de tabel noteard en dêr wurdt ûnder it kopke ‘technysk’ fan oanjûn dat dy kolommen net relevant binne foar de totaalberekkening.

It seit himsels dat at der in protte antwurden yn dy lêste kolommen steane, de antwurden yn de earste kolommen minder represintatyf binne foar de fraach.

Der wenje 16 fan de 66 respondinten om utens; 13 bûten Fryslân yn Nederlân en 3 yn it bûtenlân. It totaal tal respondinten bestiet út 45 manlju en 21 froulju. Sân manlju en trije froulju binne jonger as 40 jier. Dat hâldt yn dat 85% fan de respondinten boppe de 40 jier is. Yn de ûndersteande tabel fan figuer 3 wurdt dat sichber makke:

                                                                                                                          35 Taheakke 1, bondellist.

36 It eardere Frysk literêre tydskift bestie selsstannich fan 1969 oant 2002, dêrnei is it as literêr katern

(27)

oanskreaun respons % M % F % M<1971   % F<1971 % respondinten 93 66 71,0 resp. yn  FRL 50 75,8 resp. bûten  FRL 16 24,2 man 45 68,2 frou 21 31,8 bertejier 1921-­‐1930 2 1 2,2 1 4,8 1931-­‐1940 3 3 6,7 1941-­‐1950 19 12 26,7 7 33,3 1951-­‐1960 20 14 31,1 6 23,8 1961-­‐1970 12 8 17,8 4 23,8 1971-­‐1980 7 6 13,3 1 4,8 7 10,6 3 4,6 1981-­‐1990 3 1 2,2 2 9,5 figuer 3 3.4 De útfiering  

De troch de respondinten ynfolde en weromstjoerde fragen binne yn in Excel-database ferwurke. Dêrby kamen de earste tûkelteammen oan it ljocht: net eltse dichter hie him hâlden oan it keurich ynfoljen fan it mearkarsysteem. As ekstra antwurden moasten der dus op in stuit antwurden tafoege wurde yn de resultatetabel: gjin standert andert (gsa), net ynfold (ny) of net fan tapassing (nft).

Troch it brûken fan in database kin der maklik sjoen wurde oft der relaasjes fêst te stellen binne tusken de antwurden fan de fragen ûnderling. By sommige fan de

ferlykjende fragen is mei help fan SPSS statistyske analyze tapast.37 Net alle fragen

lienden har foar kwantitative statistyske analyze, omdat de antwurden soms te yndividueel wienen of omdat de útkomsten fan de fragen op harren sels net om

                                                                                                                         

(28)

ferlikingen fregen.38 Yn de Excel-database binne, neist de 37 fragen fan de fragelist, ek êftergrûngegevens opnommen om statistysk ûndersyk mei dwaan te kinnen, sa as de leeftyd, it geslacht en de migraasje fan de respondinten.

3.5 De konstruksje fan de fragen fan de enkête en it lêzen fan de tabellen

De konstruksje fan de fragen

De manier fan fragen stellen moast foldwaan oan it betingst dat de resultaten weachber wêze moasten. By de mearkar-opstelling dêr’t by dit ûndersyk foar keazen is, binne de resultaten goed te kwantifisearjen. Ek is der rekken holden mei it tal karmooglikheden. Op inkele fragen koe allinne mei ja of nee antwurde wurde (bygelyks by fraach 13, 14, 21). By oare fragen mochten der mear as ien antwurd oankrúst wurde om de

respondinten net tefolle ien kant út te twingen (fraach 3, 10 16). Dat lêste soart fragen smyt likegoed relevante ynformaasje op, mar dy fragen binne minder goed te ferlykjen mei oare fragen omdat der troch de kombinaasjes fan antwurden tefolle mooglikheden

ûntstean kinne, sa as bygelyks blykt by fraach 10.39

Yn haadstik 4 wurde de fragen fan de fragelist yn seis skiften oan de oarder steld. Troch dy skiften koenen de ûndersyksfragen yn ûnderdielen presintearre wurde. Op de

fragelist waard yn in ynliedinkje by it skift oan de respondinten útlein mei hokker doel at de fragen steld waarden.

It lêzen fan de tabellen

By it besprekken fan de fragen fan de enkête folget nei de fraach mei de mooglike antwurden de tabel mei de risseltaten fan de fragen. De antwurden op dy fragen wurde                                                                                                                          

38 Yn taheakke 4 binne de fragen opnommen dêr’t statistysk ûndersyk op tapast is. Net alle statistyske

analyzes dy’t dien binne, wurde neamd yn dit ûndersyk, mar dy binne faaks wol nijsgjirrich om yn te sjen.  

(29)

yn de tabellen oantsjutte mei de letters A, B, C, ensafuorthinne. Yn de earste kolom mei in haadletter stiet it tal respondinten dat dat antwurd oankrúst hat, folge troch it resultaat yn prosinten. Dat lêste is dien om de tabel ek fertikaal lêze te kinnen en ûntwikkelingen troch de tiid hinne op it spoar komme te kinnen.

It komt geregeld foar dat de lêste twa of trije kolommen net meitelle by de útslaggen fan de antwurden, omdat de antwurden fan dy kolommen net relevant binne, bûten de karmooglikheden om jûn binne, of omdat de fraach net ynfold is.

(30)

Haadstik 4 De resultaten

 

 

Yn  dit  haadstik  wurde  de  fragen  en  de  antwurden  fan  de  enkête  werjûn.  Om  sicht   te  krijen  op  de  ûntwikkelingen  by  it  oanlearen  en  ferwurkjen  fan  de  talen  yn  it   dichtwurk  fan  de  ûnderfrege  dielnimmers  haw  ik  37  enkêtefragen  oan  harren   foarlein.  De  fragen  binne  mei  in  koarte  ynlieding  foarôf  yndield  yn  seis  skiften.  De   antwurden  op  de  ôfsûnderlike  fragen  sille  yn  it  ramt  fan  de  skiften  wiidweidich   besprutsen  wurde,  fraach  foar  fraach  en  yn  it  folgjende  haadstik  -­‐  de  diskusje  -­‐  sille   dêr  de  konklúzjes  út  lutsen  wurde.  De  skiften  mei  fragen  binne  as  folget  yndield:    

1. It tsjinwurdige taalgebrûk fan de respondinten (1-4); 2. De earste sprek- en skriuwtaal fan de respondinten (5-10);

3. It tal dichttalen dat der brûkt wurdt en de kar fan de te kiezen dichttaal (11-17); 4. De ynbring fan útjouwers by it útjaan fan poëzy (18-24);

5. It al of net oersetten fan dichtwurk (25-29) en

6. It brûken fan in wurdboek en de miening fan de respondinten oer de taalkar (30-37).

De 66 respondinten binne by it ferwurkjen fan de antwurden opdield yn 7 desennia, dy’t yn it koart oantsjut wurde mei de begjinletter fan it wurd ‘generaasje’ en it jier dêr’t it desennium mei ynset; dus G1921 is de generaasje dy’t berne is tusken 1921 en 1930, G1931 is de generaasje dy’t berne is tusken 1931 en 1940, en sa fierder. Om helder te krijen hoe âld at de respondinten fan de generaasjes op dit stuit binne, binne de

(31)

generaasje tal  respondinten man frou leeftyd  yn  jierren trochsneed  leeftyd G1921 2 1 1 80  -­‐  90 86 G1931 3 3 0 70  -­‐  80 74 G1941 19 12 7 60  -­‐  70 66 G1951 20 14 6 50  -­‐  60 56 G1961 12 8 4 40  -­‐  50 48 G1971 7 6 1 30  -­‐  40 37 G1981 3 1 2 20  -­‐  30 26 figuer 4

Dizze yndieling is keazen om mooglike ferskillen neffens de leeftyd foar de lins helje te kinnen. De generaasjes G1941, G1951 en G1961 binne it machtichst. Dy generaasjes binne dan ek it meast represintatyf by de beäntwurding fan de fragen.

Om de de antwurden yn de tabellen lêze te kinnen, binne se yndield yn kolommen. Ik jou even in foarbyld fan in part fan in tabel:

fraach3

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % BT % gsa % ny % 1951-­‐1960   20 16 80,0 13 65,0 4 20,0 2 10,0 1 5,0 1961-­‐1970   12 10 83,3 6 50,0 1 8,3 1 8,3 1 8,3

A B C D E F

3.  Yn  hokker  taal  dichtsje  jo  op  dit  stuit  yn  jo  libben?  

figuer 5

Yn de earste kolom fan de tabel stiet hokker fraach it betreft mei dêr ûnder twa fan de sân generaasjes. Yn de kolom dêrneist stiet it tal respondinten (resp.) dat yn dy

generaasje heart. Under de kolommen mei de haadletters A oant en mei D steane yn it koart de antwurden op de fraach mei de byhearrende persintaazjes om de ferliking tusken de generaasjes mooglik te meitsjen. Yn de twa lêste kolommen (E en F) wurde de antwurden oanjûn dy’t net meitelle foar de totaalberekkening fan de fraach. It giet dan om antwurden dy't de respondinten bûten de karmooglikheden om jûn hawwe. Kolom E jout it tal ‘gjin standert antwurden’ (gsa) oan, en yn kolom F stiet it oantal net

(32)

net fan tapassing) foar.

Der binne fragen dêr't frege wurdt nei de meast brûkte taal. At de respondinten dy fraach beäntwurdzje mei: ‘in kombinaasje fan talen’ wurde dy antwurden net

meinommen yn de totaalberekkening fan de fraach, omdat se net represintatyf binne foar de fraach.

De tabel wurdt dêrnei struktureel technysk, algemien, mei de ferskillen tusken de generaasjes (de ûntwikkeling yn de tiid) en mei opmerkings taljochte.

Diel 1. It tsjinwurdige taalgebrûk.

De fragen fan it earste skift binne rjochte op hoe’t de taalsitewaasje fan de dichter op dit stuit is. Doel derfan is om in byld te foarmjen fan it hjoeddeistige taalgedrach fan de respondinten. Om dêr sicht op te krijen, is it earst nedich om te witten te kommen wat de deistige sprek- en skriuwtaal van de dichter is. Praat en skriuwt er meast yn it Frysk, of brûkt er mear talen troch inoar? At er deis mear as ien taal brûkt, is it mooglik dat er ek yn mear as ien taal dichtet.

1. Yn hokker taal prate jo deis it meast?

A. Frysk B. Hollânsk C. Dialekt

(33)

fraach1

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % kombinaasje % gsa %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940   3 2 66,7 1 33,3 1941-­‐1950   19 12 63,2 3  15,8 1 5,3 2 10,5 1 5,3 1951-­‐1960   20 7 35,0 4  20,0 7 35,0 2 10,0 1961-­‐1970   12 4 33,3 2  16,7 5 41,7 1 8,3 1971-­‐1980   7 1 14,3 1  14,3 4 57,1 1 14,3 1981-­‐1990   3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 29 43,9 10 15,2 1 1,5 20 30,3 6 9,1 respondinten  ABC 40 29 72,5 10 25,0 1 2,5 E A B C D

Technysk: De antwurden yn kolom D binne net relevant foar de fraach; der wurdt

ommers net dúdlik hokker taal at de respondinten it meast brûke. Yn kolom E steane de antwurden dy’t net standert binne. De kolommen D en E telle net mei foar de

totaalberekkening.

Algemien: At jo in enkête hâlde soene en oan de trochsneed Nederlanner freegje soene

hokker taal at sy tochten dat Fryske dichters it meast praten, dan soe nei alle gedachten sawat wol 100% fan de minsken sizze: Frysk. Yn dat ljocht is it opfallend dat 25% fan de respondinten it Hollânsk as earste taal yn it deistich libben seit te brûken. Dit persintaazje sil yn werklikheid earder heger as leger wêze. Guon Fryske dichters sille, sa mei men oannimme, om ideologyske redenen earder stilhâlde wolle dat se thús mear

Nederlânsk prate as dat se Frysk prate.40 Dochs kinne je oer it generaal ek konkludearje

dat de Fryske poëzy skreaun wurdt yn Frysktalige fermiddens.

72,5% fan de respondinten jout oan dat sy deis it meast Frysk prate. Yn Fryslân kin 64,0% fan de minsken Frysk prate, mar dat seit neat oer oft sy dy taal deis ek it meast prate. 41

Untwikkeling: Wat opfalt is benammen de brek tusken G1941 en G1951. Fan dy lêste

generaasje ôf nimt it tal minsken dy’t no meast Frysk prate hiel bot ôf. Dit hoecht net in reële wjerspegeling fan de werklike taalachtergrûn te wêzen, mar kin hiel goed

                                                                                                                         

40 In pear kear kaam ik antwurden tsjin yn de sfear fan: ‘Ik bin in Fries dus ik dichtsje yn it Frysk’, wat

wiist op in sterke bining mei de eigen Fryske identiteit.

(34)

gearhingje mei dat de lju út G1951 en letter folle faker ynfolje dat se mear talen brûke. Ien fan de respondinten meldt by fraach 1 dat er it Frysk yn privee-omstannichheden brûkt en it Hollânsk op syn wurk. Dit sil ek grif foar oare respondinten jilde en in reden wêze foar wat hjirboppe fêsteld waard oer dy brek.

Opmerking: Fan de seis respondinten dy't gjin standert antwurd jûn hawwe, jout de

helte oan dat dy deis it meast yn in bûtenlânske taal praat. Dat soenen jo yn in

provinsjale kultuer as de Fryske net fuort ferwachtsje, mar der binne respondinten dy’t om utens yn it bûtenlân wenje. Dy dichtsje noch wol yn it Frysk, mar prate deis fansels yn in bûtenlânske taal.

Wat ek opfalt is dat hoe'n bytsje respondinten seit deis it meast dialekt te praten. Dat sil der mei te krijen hawwe dat de respondinten deis faak yn mear formelere wurk- en spreksitewaasjes it meast Hollânsk of Frysk prate. It praten yn dialekt soe dan mear yn de thússitewaasje wêze kinne.

2. Hokker skriuwtaal brûke jo foaral op dit stuit yn jo libben?

A. Frysk B. Hollânsk C. Dialekt

D. In kombinaasje fan boppesteande talen E. Oars

fraach2

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % kombinaasje % oars % gsa %

(35)

Technysk: De respondinten dy’t antwurd D oankrúst hawwe, jouwe dêrmei oan dat sy

op it stuit mear talen brûke. Dêrom falt dat antwurd ôf foar de totaalberekkening. De twa respondinten dy’t antwurd E jûn hawwe, wenje yn it bûtenlân en brûke dêrom it meast in bûtenlânske skriuwtaal. De antwurden by D en F binne net relevant foar de totaalberekkening.

Algemien: De measte respondinten hawwe hjir ynfold: Frysk. Oer it generaal sil der yn

Fryslân meast yn it Hollânsk skreaun wurde; formulieren, briefkes oan húsgenoaten, boadskippebriefkes, agenda’s en kalinders, ensafuorthinne. It Hollânsk is de earst oanlearde skriuwtaal yn Fryslân en eltsenien kin fan in jier of seis ôf it Hollânsk lêze. Hoewol’t 75% fan de Friezen seit it Frysk lêze te kinnen, is der mar 21,1% dy’t Frysk

skriuwe kin.42 By de algemiene provinsjale fluchhifking wurdt net oanjûn wat dat

‘Frysk skriuwe kinne’ krekt ynhâldt; oft it om flaterfrij en linich Frysk skriuwen giet, of om ienfâldige teksten. De respondinten binne lykwols Fryske auteurs, dêrfandinne faaks dat antwurd A it heechst skoart.

Untwikkeling: Fan G1931 ôf nimt it tal respondinten dat deis it Frysk as skriuwtaal seit

te brûken hurd ôf. Yn de trije middenste generaasjes, fan G1941 oant en mei G1961, falt dat bot op. Tagelyk sjocht men dêr de persintaazjes rizen by de respondinten dy’t sizze deis it meast yn in kombinaasje fan talen te skriuwen. Foaral de kleau tusken G1941 en G1951 falt op; dêr sjit it persintaazje fan 10,5% nei 40%. It is mooglik dat dit te krijen hat mei de ynfiering fan de earste twatalige skoallen yn de fyftiger jierren en dat

dêrtroch it brûken fan de twa talen njonken inoar mear gewoante waard.43

3. Yn hokker taal dichtsje jo op dit stuit yn jo libben? (mear as ien andert mooglik) A. Frysk

B. Hollânsk C. Dialekt

D. Ien of mear bûtenlânske talen

                                                                                                                          42 Haadstik 1.2, figuer 1.

(36)

fraach3

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % BT % gsa % ny % 1921-­‐1930 2 2 100,0 1 50,0 1931-­‐1940   3 3 100,0 1 33,3 1941-­‐1950   19 18 94,7 6 31,6 4 21,1 1 5,3 1951-­‐1960   20 16 80,0 13 65,0 4 20,0 2 10,0 1 5,0 1961-­‐1970   12 10 83,3 6 50,0 1 8,3 1 8,3 1 8,3 1971-­‐1980   7 6 85,7 3 42,9 1 14,3 1981-­‐1990   3 3 100,0 1 33,3 antwurden  ABCDEF 105 58 55,2 31 29,5 9 8,6 5 4,8 1 1,0 1 1,0 antwurden  ABCD 103 58 56,3 31 30,1 9 8,7 5 4,9 E F A B C D

Technysk: Op dizze fraach mocht mear as ien antwurd jûn wurde. It totaal oan

antwurden is dan ek grutter as dat fan it tal fan 66 respondinten. Yn kolom E jout in respondint in antwurd dat net standert is en ien respondint hat de fraach by F net ynfold. De kolommen E en F telle net mei foar de totaalberekkening.

Algemien: It mei dochs wol opfallend hjitte dat hast de helte fan de 66 ûnderfrege

respondinten neist it Frysk ek yn it Hollânsk dichtet. Dat hege oantal is tagelyk wol en nét ferwûnderlik. Oan de iene kant binne Fryske dichters twatalich, sy hawwe twa dichttalen ta harren foldwaan. Dy kinne dus beide brûkt wurde. Oan de oare kant soe men ferwachtsje dat de respondinten earder allinne foar it Frysk kieze soenen, just

omdat it dichtsjen faak yn de taal fan it hert bart.44 Dochs wurdt der troch de helte fan

de respondinten dus ek keazen foar de twads oanlearde taal. Dit jildt likegoed foar de froulike as de manlike respondinten. By de folgjende fraach komt lykwols út dat de respondinten it meast yn it Frysk dichtsje.

Untwikkeling: De respondinten fan G1951 dichtsje it minst yn it Frysk. Tagelyk pylket

dy generaasje hjir eksplosyf by it dichtsjen yn it Hollânsk. Mei de ynfiering fan

twatalige skoallen yn de fyftiger jierren (sjoch ek fraach 2) hat der foar beide talen mear omtinken west. It kin wêze dat de respondinten fan G1951 op dit stuit yn harren libben noch ûndersykje oft it Hollânsk dichtsjen har like goed ôfgiet as it dichtsjen yn it Frysk. Nei dizze generaasje nimt it tal respondinten dat yn it Hollânsk skriuwt ek sichtber wer ôf.

(37)

De measte respondinten dy’t yn in dialekt dichtsje, binne fan G1941 en G1951.

Opmerking: Yn tabel 3 is net te sjen dat der ek in part dichters is dat mar yn ien taal

dichtet. Ut de enkête is lykwols nei foaren kommen dat 34 fan it totaal tal respondinten op dit stuit yn ien taal dichtet. 28 fan de 66 respondinten dichtsje allinne yn it Frysk, twa dichtsje allinnich yn it Hollânsk, trije allinnich yn dialekt en ien respondint dichtet op it stuit allinnich mar yn ien of mear bûtenlânske talen. Yn de tabel hjirûnder wurdt dat skematysk werjûn:

dichttaal dichtsje yn ien taal persintaazje (66=100%)

Frysk 28 42,4 Hollânsk 2 3,0 dialekt 3 4,5 bûtenlânske taal 1 1,5 totaal 34 51,4 figuer 6

Dit hâldt yn dat krekt wat minder as de helte, 48,6%, op dit stuit yn mear as ien taal dichtet.

Ut de enkête blykt fierder dat fjouwer fan de respondinten dy't yn it Frysk en it Hollânsk dichtsje, ek yn ien of mear bûtenlânske talen dichtsje.

4. Yn hokker taal dichtsje jo op dit stuit yn jo libben it meast?

A. Frysk B. Hollânsk C. Dialekt

(38)

fraach4

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % gsa % ny %

1921-­‐1930   2 2 100,0 1931-­‐1940   3 3 100,0 1941-­‐1950   19 17 89,5 1 5,3 1 5,3 1951-­‐1960   20 13 65,0 4 20,0 1 5,0 1 5,0 1 5,0 1961-­‐1970 12 6 50,0 1 8,3 1 8,3 1 3 25,0 1971-­‐1980   7 5 71,4 2 28,6 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 49 74,2 8 12,1 3 4,6 2 3,0 4 6,1 resp.  ABC 60 49 81,7 8 13,3 3 5,0 A B C E F

Technysk: Net ien fan de respondinten hat gebrûk makke fan antwurd D

‘oars, nammentlik: ...’. De kolommen E en F befetsje de antwurden dy’t net standert binne en it tal net ynfolde antwurden. E en F jilde net mei foar de totaalberekkening.

Algemien: Omdat by fraach 3 de mooglikheid bestie om mear as ien antwurd oan te

krusen, is it by fraach 4 wol wichtich te witten yn hokker taal de dichter op dit stuit it meast dichtet. It soe wêze kinne dat de dichter likefolle yn mear as ien taal skriuwt of dat er net rjocht wit yn hokker taal oft er mear dichtet as de oare at er yn mear as ien taal dichtet.

De útslach dat 49 fan de 66 respondinten op dit stuit it meast yn it Frysk dichtsje is net sa ferwûnderlik; sy binne just foar it ynfoljen fan de fragelist oanskreaun omdat sy tusken 1985 en 2010 fersen of bondels yn it Frysk publisearre hawwe. Dochs jouwe der 8 fan de respondinten oan dat sy op dit stuit it meast yn it Hollânsk skriuwe. De redenen om yn it Hollânsk te skriuwen, komme aanst by fraach 16 oan de oarder. Dêr sil bliken dwaan dat de measte respondinten dy’t yn it Hollânsk dichtsje, dat foar in gelegenheid dogge.

Untwikkeling: De measte respondinten dy’t yn it Frysk dichtsje, binne berne yn

G1941. By G1951 en G1961 nimt dat prosintueel hurd ôf, mar by G1971 stiigt it persintaazje ek wer hurd. Dy stiging by G1971 is net samar te ferklearjen.

Referenties

GERELATEERDE DOCUMENTEN

Dat ferskil tusken tiid en romte oan de iene kant en taal oan de oare kant komt sterk ta utering as wy alle trije diminsjes behelje op de nije boargers yn Fryslân, de

B Lân, want hy seit dat Frysk foar goed boargerskip net needsaaklik is?. C Taal, want hy stelt dat taal de kaai is ta in goed begryp fan alles wat der om jo

Toen men in de vorige eeuw besloot tot droogmaking van de Bethunepolder besefte men niet wat men zich op de hals haalde. De poreuse aard van de zandlagen bracht met zich mee dat

1825 Daniel Joannes, dienaer tot Bergum, extraordinaris boven sijn pensie geaccordeert 12-0-0 1826 Syne Michiels ende Rinse Posck voor extraordinaris reisen ende diensten 12-0-0

managerfilosofy is dat minsken dy’t mei niget harren wurk dogge ek mear út harrensels helje.. Dêrom sjoch ik mysels dan ek mear as coach as in

stimulearjen, aktivearjen en fasilitearjen fan Fryske ynstellings dy’t har mei taal en kultuer dwaande hâlde. De provinsje sil de taalmacht fan it Frysk fersterkje moatte. Dat

Neffens de saakkundigen is de predaasje troch nije predatoaren net sa bot tanommen dat dy dêrom ferfolge wurde moatte. Neffens fjildminsken is de tanommen predaasje wol

23 † Yn alinea 2 suggerearret Bergsma dat de ûndersyksresultaten yn Limburch miskien wol better binne as yn Fryslân trochdat yn Limburch mear grutte skoallen meidiene.. As der