• No results found

Friezen hawwe de kar om te kiezen yn hokker taal at se skriuwe: Frysk, Hollânsk of yn in dialekt. Mei it Frysk of in dialekt berikke se in minder grut lêzerspublyk as mei it Hollânsk. Yn it folgjende skift fragen wurdt neigien wat foar in dichter in reden wêze kinne soe om syn wurk yn it Hollânsk ferskine te litten.

De dichters dy’t gjin fêste kar foar it skriuwen en publisearjen yn it Frysk makke hawwe, kinne yn dit part fragen in jildich antwurd jaan. De fragen binne derop rjochte de motivearring foar harren karren te witten te kommen. Dichters dy’t allinnich yn it Frysk of in dialekt dichtsje, hawwe dizze fragen beäntwurde mei ‘net fan tapassing’. Earst wurdt fraach 24 steld om skerp te krijen oft de auteur iepen stiet foar publikaasje yn it Frysk en yn it Hollânsk. It antwurd jout in rjochting oan: kiest de auteur foar de taal of foar it tal lêzers?

24. Soenen jo wol wolle dat jo dichtwurk sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk publisearre waard?

A. Ja B. Nee

fraach  24 resp. ja % nee % ny % 1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 1 33,3 2 66,7 1941-­‐1950 19 12 63,2 5 26,3 2 10,5 1951-­‐1960   20 10 50,0 8 40,0 2 10,0 1961-­‐1970   12 10 83,3 1 8,3 1 8,3 1971-­‐1980 7 5 71,4 2 28,6 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 41 62,1 20 30,3 5 7,6 antwurden  AB 61 41 67,2 20 32,8 A B C

Technysk: De antwurden by C telle net mei foar de fraach.

Algemien: De útslach op dizze fraach is ferhelderjend; 41 fan de respondinten sizze fan

‘ja’ en 20 respondinten sizze fan ‘nee’.

By fraach 22, dêr't de auteurs oanjaan koenen oft se wol ris frege wienen om in oersetting yn it Hollânsk fan har dichtwurk sadat it twatalich útjûn wurde koe, antwurden der 38 respondinten mei ‘nee’, en 8 respondinten mei: ‘noch net, mar dat soe ik wol wolle’. Oan de measte respondinten wurdt dus net om in oersetting by harren Fryske wurk frege.

No komt by dizze fraach nei foarren dat 41 fan de 66 respondinten (62%) just wól graach hawwe soenen dat harren wurk twatalich publisearre waard. It is lykwols mar oan 6 respondinten (antwurd 22B) oanbean wurden.

Untwikkeling: Persintueel skoart G1951 leech by antwurd A. Dy generaasje hat minder

as oare generaasjes belang by twatalich publisearjen. In ferklearring is net direkt foarhannen, mar it is wol de generaasje oan wa’t troch útjouwers it meast frege wurden is om oerset wurk (sjoch fraach 22). De respondinten fan G1971 beäntwurdzje fraach 24 oerwagend posityf, mar oan harren en de generaasjes nei harren hawwe útjouwers just nét om oerset wurk frege. Dat kin te krijen hawwe mei dat er troch G1951 ek it meast publisearre is by de útjouwers, sa as by fraach 20 bliek.

Opmerking: By fraach 16 skoarde it antwurd 'foar in gelegenheid', dat troch 29

respondinten jûn waard, it bêst op de fraach: As jo yn it Hollânsk dichtsje, is dat dan omdat..?

Dat is in eksterne reden, dy't neat te krijen hat mei it skriuwproses fan de auteur. It leit no foar de hân om te tinken dat de 41 respondinten dy’t harren wurk wol yn it Hollânsk oerset hawwe wol, in grutter berik foar it wurk sykje. It argumint dat it foar in

gelegenheid wêze soe, is dan net echt mear oan de oarder. By fraach 16 jouwe mar 8 respondinten oan dat sy in grutter berik foar it wurk sykje (antwurd C).

By de net-ynfolde antwurden is it by ien respondint helder dat er dy fraach oerslein hat omdat er meast yn it Hollânsk publisearret en syn Frysk wurk sels oerset en publisearje lit.

25. Is jo wurk wolris oerset yn it Hollânsk? A. Nee

B. Ja, ien of mear bondels fan my binne oerset C. Ja, yn in blomlêzing

D. Ja, yn in tydskrift

fraach  25 resp.

nee % ja,  bondel % ja,  bloml. % ja,  tydskrift % gsa   % ny %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 3 100,0 1941-­‐1950 19 7 36,8 6 31,6 1 5,3 5 26,3 1951-­‐1960 20 7 35,0 2 10,0 6 30,0 1 5,0 3 15,0 1 5,0 1961-­‐1970 12 4 33,3 4 33,3 1 8,3 3 25,0 1971-­‐1980 7 1 14,3 1 14,3 1 14,3 1 14,3 3 42,9 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 25 37,9 4 6,1 18 27,3 4 6,1 14 21,2 1 1,5 resp.  BCDE 40 60,6 % 4 18 4 14 E F A B C D

Technysk: De respondinten dy’t by ‘gjin standert antwurd’ noteard binne, jouwe yn de

enkête sûnder útsûndering oan dat harren wurk op mear as ien manier oerset is. Dêrom is kolom E ek relevant foar de fraach. Kolom F telt net mei foar de totaalberekkening.

Algemien: Fraach 25 is in feitlike fraach oer it oersetten fan Frysk wurk. It ferskaat yn

antwurden is oanbrocht om de auteurs gelegenheid te jaan te nuânsearjen; men soe bygelyks maklik ferjitte of oer de holle sjen kinne dat wurk dat yn in tydskrift, bygelyks Trotwaer, Farsk en Hjir (no Ensafh.), De Moanne, of dat yn in blomlêzing publisearre

is, ék oerset wurk is. Neffens de sifers by dizze fraach komt it oerset dichtwurk it meast yn blomlêzings telâne.

De lêste desennia, mar ek earder al, binne der tal fan meartalige blomlêzings

útkommen.60 Untwikkeling: Yn de tabel is te sjen dat der fan nimmen út de generaasje

fan G1931 wurk oerset is. De measte respondinten dy’t dizze fraach negatyf

beäntwurdzje, komme út G1941, G1951 en G1961. Fan dy generaasjes is it meast oerset wurk yn blomlêzings ferskynd. Prosintueel is it measte wurk yn oersettingen útkommen by G1971, hoewol’t der oan hast 43% fan dy generaasje net om oerset wurk frege is troch de útjouwers (fraach 22). Skynber hawwe de respondinten fan dy generaasje dêr sels in aktive rol yn spile. Fan dy respondinten en fan dy fan G1951 is wurk oerset op alle manieren sa as dy by de antwurden oanjûn wurde.

Opmerking: De measte respondinten jouwe by E, ‘gjin standert antwurd’, oan dat

harren wurk oerset is yn blomlêzings en yn tydskriften. Ien fan de respondinten makket de opmerking dat syn wurk ek op it ynternet oerset is. Fan de jongste generaasje auteurs is noch gjin wurk oerset , mar dat is ek net sa ferwûnderlik; se hawwe noch net folle skreaun of noch net folle wurk foar publikaasje oanbean.

26. Fine jo dat jo dichtwurk goed oerset is? A. Ja

B. Nee C. Net altiten D. Net fan tapassing

                                                                                                                          60 Sjoch fraach 22, by it kopke ‘algemien’.

fraach  26 resp.

ja % net  altyd % nft/ny % 1921-­‐1930  -­‐  2 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940  -­‐  3 3 3 100,0 1941-­‐1950  -­‐  19 19 7 36,8 3 15,8 9 47,4 1951-­‐1960  -­‐  20 20 11 55,0 1 5,0 8 40,0 1961-­‐1970  -­‐  12 12 5 41,7 2 16,7 5 41,7 1971-­‐1980  -­‐  7 7 4 57,1 2 28,6 1 14,3 1981-­‐1990  -­‐  3 3 3 100,0 tal  respondinten   66 28 42,4 8 12,1 30 45,5 resp.  A  C 36 28 77,8 8 22,2 A C D

Technysk: Antwurd B krige gjin antwurden, dus kolom B komt net yn de tabel foar.

Kolom D mei de antwurden dy’t net ynfold binne of dêr’t de fraach op de respondinten net fan tapassing wie, telt net mei foar de totaalberekkening.

Algemien: Gjinien auteur fynt dat syn wurk net goed oerset is. Dat is in opfallende

útslach. Mar at it wurk ienris yn oersette foarm publisearre wurden is, falt it fansels ek net ta om dan noch te sizzen dat it (op punten) net goed oerset is. It kin ek sa wêze, dat der goed oerlis west hat mei de oersetter of de útjouwer en dat de respondinten dêrom sa wiis binne mei de oersettingen. By de útsplitste antwurden A en C is yndie te sjen dat hast acht fan de tsien dichters fan wa’t wurk oerset is, tefreden binne mei de kwaliteit fan de oersettings.

Untwikkeling: It meast tefreden, mar prosintueel ék it meast ûntefreden, binne de

respondinten fan G1971 oer harren oerset wurk. By fraach 25 waard al dúdlik dat dit ek de generaasje respondinten is, waans wurk it meast oerset is. It is dus ek logysk dat dy generaasje dêr it meast in miening oer hat.

Opmerking: Ien fan de respondinten jout as ekstra by it antwurd ‘net fan tapassing’ dat

sy ‘it (oersetten) sels die’. Dêrmei wol dizze respondint dus gjin wearde-oardiel oer har eigen oersetting jaan.

Ek trije oare respondinten meitsje hjir in aparte melding fan: ‘...meast binne it eigen oersettings’;

‘...ja, der is goed oerlis west oer de ferskeidene oersettingen, dêr freegje ik spesifyk om’.

27. Krije jo wolris oanstriid om jo krekt-skreaune fers fuort oer te setten fan it Frysk nei it Hollânsk of fan it Hollânsk nei it Frysk?

A. Nee, noait

B. Ja, dat komt wol foar

C. Net fuortendaliks, mar op in letter tiidstip doch ik dat wol

fraach  27 resp.

nee,  noait % ja,  komt  voor % letter % ny %

1921-­‐1930  -­‐  2 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940  -­‐  3 3 1 33,3 1 33,3 1 33,3 1941-­‐1950  -­‐  19 19 13 68,4 3 15,8 3 15,8 1951-­‐1960  -­‐  20 20 8 40,0 8 40,0 3 15,0 1 5,0 1961-­‐1970  -­‐  12 12 2 16,7 5 41,7 4 33,3 1 8,3 1971-­‐1980  -­‐  7 7 1 14,3 6 85,7 1981-­‐1990  -­‐  3 3 1 33,3 2 66,7 tal  respondinten   66 27 40,9 23 34,9 14 21,2 2 3,0 antw.  ABC 64 27 42,2 23 35,9 14 21,9 antw.  B  C 37 57,8 23 35,9 14 21,9 B C D A

Technysk: Kolom D is net relevant foar de fraach.

Algemien: Fraach 27 hat as efterlizzende reden dat it nijsgjirrich is om te witten oft de

meartaligens direkt nei it skriuwen fan in fers al meispilet. Respondinten kinne it

omsetten fan it krekt-skreaune fers bygelyks as kontrôlemiddel brûke, om te tsjekken oft it skreaune yn de iene taal like sterk oerkomt as yn de oare. De iene taal hat dan in kontrolearjende funksje op de oare. It kin ek wêze dat de respondinten it fers fuort yn twa talen skreaun hawwe wolle, salang’t de driuw en de ynspiraasje noch oanwêzich binne, of de respondinten wolle hjirtroch in grutter publyk berikke.

Op hast 6 prosint nei is hjir in lykwicht tusken A: 'nee, noait' en B: 'ja, dat komt wol foar'.

Yn de tabel binne de positive antwurden fan B en C ek byinoar opteld en dêrút blykt dat mear as de helte fan de respondinten yndie wolris oanstriid kriget om it krekt-skreaune fers fuortdalik of letter oer te setten. Dat jout oan, dat by dy respondinten beide talen aktivearre wurde by it dichtsjen.

Untwikkeling: De measte respondinten dy’t gjin oanstriid hawwe in fers oer te setten,

binne te finen by G1941. By G1971 komt it just wol faak foar. By dy lêste generaasje kin meispylje dat de jongere generaasjes oer it generaal meartaliger binne as de âldere en dat der ek faker eksperimintearre wurdt mei dy talen.

Opmerking At men allinne yn it Frysk dichtet, soe der faaks gjin oanstriid wêze om in

fers oer te setten fan it Frysk yn it Hollânsk of oarsom. By antwurd A jouwe hjir 27 respondinten oan dat sy dy oanstriid noait hawwe. By fraach 4 waard dúdlik dat 49 fan de 66 respondinten op dit stuit it meast yn it Frysk dichtsje. At dy 27 respondinten dy’t noait oanstriid hawwe om in fers oer te setten, fan dy 49 respondinten ôflutsen wurde, bliuwe der 22 respondinten oer dy’t op dit stuit it meast yn it Frysk dichtsje, mar ek wolris ompiele mei it oersetten fan fersen fan it Frysk nei it Hollânsk of oarsom.

28. Wat soe foar jo in reden wêze kinne om te dichtsjen yn it Hollânsk? (mear as ien

antwurd mooglik) A. Gjin inkele

B. At der gjin merk mear is foar Fryske poëzybondels

C. At der gjin Fryske poëzyjûnen of -foardrachten mear hâlden wurde D. At ik fiel dat ik my better útdrukke kin yn it Hollânsk as yn it Frysk E. At myn wurk allinnich mar yn it Hollânsk publisearre wurde kin

fraach28 resp.

gjin  inkele % gjin  merk % gjin  poëzyjûn % better  yn  H % H  publikaasje % gsa % nft/ny %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 2 66,7 1 33,3 0,0 1941-­‐1950 19 10 52,6 6 31,6 2 10,5 1 5,3 1951-­‐1960 20 6 30,0 4 20,0 1 5,0 6 30,0 4 20,0 3 15,0 1961-­‐1970 12 2 16,7 1 8,3 6 50,0 2 16,7 3 25,0 1971-­‐1980 7 1 14,3 5 71,4 1 14,3 2 28,6 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 tal  antwurden 75 21 28,0 7 9,3 1 1,3 26 34,7 11 14,7 7 9,3 2 2,7 antw.  ABCDE 66 21 31,8 7 10,6 1 1,5 26 39,4 11 16,7 A B C D E F G

Technysk: Sân respondinten hawwe gjin standert antwurd jûn. Foar de twa

respondinten by G wie dizze fraach net fan tapassing, want dy dichtsje al yn it Hollânsk. De antwurden by F en G binne net relevant foar de totaalberekkening.

Algemien: In auteur kin fansels mear as ien reden hawwe om te dichtsjen yn it

Hollânsk. Der binne dus ek mear antwurdmooglikheden jûn.

Tusken antwurd B (‘At der gjin merk mear is foar Fryske poëzybondels’) en E (‘At myn wurk allinnich mar yn it Hollânsk publisearre wurde kin’) bestiet feitlik net folle ferskil, mar antwurd E wurdt krekt faker oankrúst. Faaks is dat omdat der by E sprake is fan ‘publisearjen’. Respondinten út de âldste generaasjes hawwe antwurd A oankrúst. Men kin hjirby betinke dat dy respondinten harren nei alle gedachten op har leeftyd net mear ferbrekke wolle.

Untwikkeling: G1931 skoart by antwurd A prosintueel it heechst, mar de antwurden

fan G1941 binne dêr it meast sinjifikant. Tusken G1941 en G1951 is in brek te sjen by A, dy’t der mei te krijen hawwe kin dat der linkendewei mear oandacht kaam foar it ûnderwiis. De respondinten fan de trije jongste generaasjes jouwe by A it sinjaal ôf dat dichtsjen yn it Frysk gjin needsaak is om dichtsje te kinnen.

G1951 jout it meast it praktyske antwurd by B oan as reden om te dichtsjen yn it Hollânsk. Yn de tabel is goed te sjen dat dichtsjen yn it Frysk foar de jongere

respondinten hoe langer hoe minder in ideologyske saak is, mar in kwestje fan feroare taalgedrach.

Opmerking: Troch guon fan de respondinten wurde oare redenen oanjûn om te

Hollânsk dichtet at se wit dat guon minsken it yn it Frysk net lêze kinne. In oare respondint seit dat er om psychologyske redenen (in ‘bûten-literêre reden’, RdH) yn it Hollânsk dichtet, en in treddenien wol mei it Hollânsk in óar publyk berikke.

29. Fine jo dat jo dichtwurk in hegere status hat at it yn it Hollânsk útjûn is?

A. Ja B. Nee

C. Dat wit ik net

fraach29 resp.

ja % nee % wit  net % ny/nft %

1921-­‐1930 2 2 100,0 1931-­‐1940 3 2 66,7 1 33,3 1941-­‐1950   19 1 5,3 17 89,5 1 5,3 1951-­‐1960 20 2 10,0 14 70,0 1 5,0 2 10,0 1961-­‐1970 12 1 8,3 10 83,3 2 16,7 1971-­‐1980 7 1 14,3 4 57,1 1 14,3 1 14,3 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 5 7,6 51 77,3 7 10,6 3 4,5 resp.  AB   56 5 8,9 51 91,1 A B C D

Technysk: Trije respondinten hawwe de fraach net ynfold. De antwurden by C en D

binne net relevant foar de berekkening fan de fraach.

Algemien: De nuânsearring ‘yn it Hollânsk’ hâldt ymplisyt yn dat men dan yn in grutter

fjild meispilet, mei mear kompetysje. Yn it Hollânsk wurdt der fansels mear poëzy

publisearre as yn it Frysk.61, mar der wurdt mear nije Fryske poëzy útjûn as nij Frysk

proazawurk.62 At in Fryske dichter dus yn it Hollânsk útjûn wurdt, jout dat oan dat dy

                                                                                                                         

61 Neffens Oppewal is de oplageferhâlding tusken Nederlânske en Fryske literaire bondels 3:1 en is de Nederlânsktalige merk dik fyftich kear sa grut as de Fryske. Oppewal, Zolang de wind ..., 15.

62 Tresoar jout op de website oan: yn 2010 binne der 29 Fryske poëzybondels útjûn: 14 bondels, 7 útjeften yn eigen behear, 1 sammelbondel, 4 oersettingen fan bûtenlânsk wurk en 3 twatalige útjeften. Yn datselde jier waarden der 72 Fryske proazawurken útjûn: 17 dêrfan binne nij wurk, 6 ferhalebondels, 2 oersettings en 47 werprintingen (72 minus 47 werprintingen is 25).    

dichter ek kwaliteit hat as Hollânsk dichter. Men soe fan betinken wêze kinne dat dit dichters in heger status-gefoel oer dat wurk jaan kin. It dichtsjen yn it Frysk liket te krijen te hawwen mei in soarte fan grutskens op de taal, want it hat in like hege status as Hollânsk wurk, mar Fryske dichters wolle harren wurk wol útjûn hawwe yn it Hollânsk (fraach 24).

Untwikkeling: De 5 respondinten dy’t fine dat yn it Hollânsk útjûn dichtwurk in hegere

status hat, binne evenredich ferdield oer alle generaasjes mei de measte respondinten. Mei-inoar falle dêr 58 respondinten yn.

Opmerking: Der is mar sân kear gebrûk makke fan antwurd C. De respondinten hawwe

hjir dus in frije dúdlike miening oer; de respondinten fine net dat de status fan in taal meispilet foar it dichtwurk.