• No results found

Helpmiddels en oare saken

‘Ut ûndersyk docht bliken dat likegoed Hollânske as Fryske skriuwers gebrûk meitsje fan wurdboeken. Hoe giet dat by jo?’63

By de ynlieding fan diel 6 fan de enkête wurdt mei dizze sin de mooglike skrutelens weinnommen om ta te jaan dat men wurdboeken brûkt. Fryske dichters meitsje nei alle gedachten lykas oarstalige auteurs gebrûk fan wurdboeken. Yn diel seis fan de enkête wurdt yngien op fragen as hoe’t en wannear’t de respondinten in Frysk wurdboek brûke. By skift twa; de earste sprek- en skriuwtaal fan de dichters (fraach 8 en 10) en skift fjouwer; útjouwers (fraach 23) kaam it oanlearen fan it Frysk skriuwen en de kontrôle op it skriuwen al oan de oarder. Fierder wurdt der yn diel seis fernommen nei wat dichters derfan fine dat sy in taalkar hawwe. It kin wêze dat de taalmacht fan it Frysk meibepalend is foar harren taalkar.

De fragen oer it gebrûk fan wurdboeken binne nijsgjirrich yn ferbân mei it

bertejier fan de auteurs en de leeftyd wêrop‘t it Frysk skriuwen oanleard waard.

Hoelang skriuwt de auteur al Frysk, en hat er it idee dat er troch de jierren hinne minder                                                                                                                          

of just faker in wurdboek nedich hat? By dizze fragen moat yn acht nommen wurde dat der trije oanpassingen west hawwe yn de Fryske stavering, sa as wy al sjoen hawwe by fraach 23. Fiif generaasjes respondinten hawwe mei ien of mear staveringswiksels te krijen hân.

30. Hawwe jo yn it ferline wolris in Frysk wurdboek by jo Frysk skriuwen brûkt?

A. At ik skriuw haw ik altiten it Frysk wurdboek by de hân B. Ja, in inkele kear

C. Nee, noait fraach30 resp. altyd % inkeld % 1921-­‐1930 2 2 100,0 1931-­‐1940 3 3 100,0 1941-­‐1950 19 15 78,9 4 21,1 1951-­‐1960 20 11 55,0 9 45,0 1961-­‐1970 12 9 75,0 3 25,0 1971-­‐1980 7 6 85,7 1 14,3 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 49 74,2 17 25,8 A B

Technysk: Gjinien fan de respondinten hat antwurd C ynfold, dus C komt net foar yn

de tabel. Alle respondinten hawwe antwurd jûn op de fraach.

Algemien: De measte auteurs sille wol wurdboeken yn ‘e kast hawwe te stean. Gauris

moat der ommers neigien wurde oft in wurd goed skreaun is of dat der in wurd is dat better passe soe yn de tekst. By trijefearn fan de Fryske respondinten wie dat yn it ferline ek it gefal.

Untwikkeling: By antwurd B falt op dat it persintaazje by G1951 yn ferhâlding mei de

oare generaasjes aardich heger is. It kin wêze dat dizze generaasje wisser oer syn Fryske taalmacht is fanwegen dat der yn de jierren fyftich fan de foarige ieu foar it earst op grutte skaal mear oandacht oan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân skonken waard, mar

wis is dat net, omdat der net bekend is op hokker skoallen at de respondinten sitten

hawwe.64

31. Brûke jo tsjinwurdich noch geregeld in Frysk wurdboek?

A. Ja B. Nee

C. Minder as it wol west hat D. Ja, hieltyd faker

fraach31 resp. ja % nee % minder % 1921-­‐1930 2 2 100,0 1931-­‐1940 3 2 66,7 1 33,3 1941-­‐1950 19 11 57,9 1 5,3 7 36,8 1951-­‐1960 20 13 65,0 3 15,0 4 20,0 1961-­‐1970 12 10 83,3 2 16,7 1971-­‐1980 7 5 71,4 2 28,6 1981-­‐1990 3 1 33,3 2 66,7 tal  respondinten   66 44 66,7 4 6,0 18 27,3 antwurden  A  +  B 48 44 91,7 4 8,3 A B C

Technysk: Antwurd D waard net ien kear ynfold, dus dat antwurd komt net foar yn de

tabel. Fierder binne alle antwurden relevant foar de berekkening.

Algemien: De konklúzje út de tabel is, dat der yn ferliking mei it ferline tsjinwurdich

fiif respondinten minder oanjouwe dat sy it wurdboek brûke.

18 respondinten brûke it Frysk wurdboek neffens antwurd C tsjinwurdich minder as it wol west hat. At men neigiet dat 34 respondinten by fraach 10 oanjoegen dat sy harren it Frysk skriuwen neist op oare manieren ek sels oanleard hawwe, dan moat it brûken fan it Frysk wurdboek dêr ûnmisber by west ha.

Untwikkeling: De auteurs dy’t tusken de 50 en 70 jier binne (mei-inoar 24

respondinten, berne yn G1941 en G1951) hawwe it Frysk wurdboek minder nedich as

                                                                                                                          64 Zondag, Lange oanrin, 153.

de jongere generaasjes. Dat blykt út de antwurden by B en C yn de tabel.

32. Wêrfoar brûke of brûkten jo wolris in Frysk wurdboek? (mear as ien antwurd mooglik)

A. Foar de stavering

B. Foar it opsykjen fan it synonym fan in wurd C. Foar ynspiraasje

D. Foar wat oars, nammentlik …..

fraach32 resp.

stavering % synonym % ynspiraasje % oars % gsa % ny %

1921-­‐1930 2 2 100,0 2 100,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 2 66,7 1 33,3 2 66,7 1 33,3 1941-­‐1950 19 11 57,9 15 78,9 5 26,3 1 5,3 2 10,5 1951-­‐1960 20 17 85,0 11 55,0 5 25,0 1 5,0 1961-­‐1970 12 12 100,0 10 83,3 6 50,0 2 16,7 1971-­‐1980 7 4 57,1 4 57,1 4 57,1 1 14,3 1 14,3 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 1 33,3 tal  antwurden 127 50 39,4 44 34,6 24 18,9 6 4,7 2 1,6 1 0,8 antw.  ABCD 124 50 40,3 44 35,5 24 19,4 6 4,8 A B C D E F

Technysk: Der komme 124 relevante antwurden fan 63 respondinten. Twa

respondinten hawwe gjin standert antwurd jûn en ien respondint hat neat ynfold by dizze fraach. De antwurden yn de kolommen E en F telle net mei foar de

totaalberekkeningen.

Algemien: It doel fan fraach 32 is om te sjen wêr’t it wurdboek neffens de respondinten

it meast foar brûkt wurdt. By dizze fraach wurde der mear mooglikheden om te

antwurdzjen oanjûn. It neigean fan de stavering en it opsykjen fan it synonymen skoare it heechst.

Untwikkeling: At antwurd A neigien wurdt, blykt dat de meast relevante antwurden

komme fan G1951 en G1961. Dat is opfallend, want by fraach 31 bliek dat G1951 ien fan de twa (G1941 en G1951) generaasjes is dy’t it wurdboek tsjinwurdich it minst noch

brûkt. De dichters fan de generaasjes G1941 en G1971 hawwe it Frysk wurdboek it minst nedich foar de stavering. In ferklearring hjirfoar soe wêze kinne dat G1951 en G1961 it mear wend binne om it wurdboek in soad te brûken.

44 fan de respondinten hawwe antwurd B oanstreke by de fraach wêr’t de respondinten wolris in Frysk wurdboek foar brûke of brûkten. It meast opfallende antwurd komt dêr fan de 12 respondinten fan generaasje G1961. Mar leafst 10 respondinten brûke it wurdboek om in synonym fan in wurd op te sykjen. Dan giet it dus oer in oar wurd mei deselde betsjutting. Ek G1941 siket it meast om in synonym. At G1931 bûten skôging litten wurdt by antwurd C, ‘foar ynspiraasje’, skoart generaasje G1971 it heechst. Dat is de op ien nei jongste generaasje en dy sil nei alle gedachten ek it meast eksperimintearje mei de taal.

Opmerking: Der binne seis respondinten dy’t by antwurd D wat oars ynfold hawwe.

Fjouwer dêrfan seinen dat sy it Frysk wurdboek brûkten foar: ‘... in argaïstysk wurd of siswize’;

‘... om sa de taal en de nije stavering wat better te learen (fielde dat ik yn 1980 in ‘achterstand’ fan sa’n 30 jier oprûn hie’;

‘... it (tsjekken fan) taaleigen, fêste ferbinings, idioom’; ‘... bygelyks de offisjele betsjutting fan in wurd’; ‘... kontrôle fan de betsjutting fan wurden’.

Foar auteurs is it fansels wichtich de fêste ferbiningen, de sechjes, de krekte betsjutting, de syntaksis en de bûging fan wurden, koartsein alles wat mei de Fryske taal te krijen hat, te kennen of nei te gean. De opmerkingen jouwe al oan dat riichje mei de

karantwurden fan de enkête net folstie.

33. Welke wurdskat is grutter by jo? A. Dy fan it Frysk

B. Dy fan it Hollânsk C. Beide binne like grut

fraach33 resp.

Frysk % Hollânsk % beide % gsa % ny %

1921-­‐1930  -­‐2 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940  -­‐3 3 3 100,0 1941-­‐1950  -­‐19 19 2 10,5 3 15,8 13 68,4 1 5,3 1951-­‐1960  -­‐20 20 3 15,0 7 35,0 9 45,0 1 5,0 1961-­‐1970  -­‐12 12 8 66,7 3 25,0 1 8,3 1971-­‐1980  -­‐7 7 1 14,3 3 42,9 2 28,6 1 14,3 1981-­‐1990  -­‐3 3 1 33,3 1 33,3 1 33,3 tal  respondinten   66 7 10,6 23 34,9 32 48,5 3 5 1 1,5 antw.  ABC 62 7 11,3 23 37,1 32 51,6 antw.  AB 30 7 23,3 23 76,7 E A B C D

Technysk: De ‘gjin standert’ antwurden by D en de net-ynfolde antwurden by F telle

net mei foar de totaalberekkeningen.

Algemien: Fraach 33 is in mieningsfraach. Wat direkt al opfalt is it ferskil tusken

antwurd A en B. Der binne mar sân respondinten dy’t harren Fryske wurdskat it grutst fine. Sa at by fraach 8 bliek, learden de measte respondinten it Frysk letter te skriuwen as it skriuwen yn it Hollânsk. Foaral troch te lêzen wurdt it fokabulêre útwreide. Yn de enkête is de fraach net steld hoe âld at de respondinten wienen doe’t se it Frysk lêzen leard hawwe, mar men mei der wol fan út gean dat dat letter west hat as it learen lêzen yn it Hollânsk. Dat sil ek fan ynfloed wêze op de útslach by antwurd A fan dizze fraach.

Untwikkeling: De heechste skoare by antwurd B komt prosintueel foar by generaasje

G1961. Dêr is echt de omslach yn de tiid te sjen, want antwurd C, ‘beide (wurdskatten) binne like grut’ skoart by G1961 net heech. G1961 fynt dus wier dat er it Hollânsk better yn de macht hat. De twads grutste groep respondinten is hjir G1971, dus dy trend set troch. Mei-inoar 32 respondinten tinke by C dat beide wurdskatten like grut binne. Ek by dit antwurd pylkje der twa generaasjes respondinten út: G1941 en G1951. Dat binne âldere generaasjes. Yn de tabel is goed te sjen dat de jongere respondinten stadichoan tinke dat harren Hollânske wurdskat grutter wurden is.

Opmerking: At by G1961, dy’t it heechst skoart op it Hollânsk as grutste wurdskat,

sjoen wurdt nei fraach 32 A falt op dat 100% fan dizze generaasje it Frysk wurdboek brukt foar de stavering en 83,3% it brûkt foar it opsykjen fan in synonym fan in wurd.

Dat jout ek al mei oan dat generaasje G1961 it meast muoite hat mei it Frysk.

34. At jo ûnder it skriuwen fan in fers feroarje fan it Frysk nei it Hollânsk, wat is dan meast de reden?

A. Ik moat te faak om it goede Fryske wurd sykje

B. It fers wol net op gong komme yn it Frysk, dus ik ferwikselje mar ris fan taal C. Ik fiel dat it moaier sein wurde kin yn it Hollânsk

D. It ûnderwerp is te modern foar it Frysk E. Net fan tapassing, want ik feroarje net fan taal

fraach34 resp.

wurd  sykje % net  op  gong % Holl.  moaier % nft,  feroarje  net % gsa % ny %

1921-­‐1930 2 2 100,0 1931-­‐1940 3 3 100,0 1941-­‐1950 19 1 5,3 16 84,2 1 5,3 1 5,3 1951-­‐1960 20 1 5,0 3 15,0 15 75,0 1 5,0 1961-­‐1970 12 7 58,3 3 25,0 2 16,7 1971-­‐1980 7 1 14,3 1 14,3 3 42,9 1 14,3 1 14,3 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 1 1,5 1 1,5 5 7,6 49 74,2 6 9,1 4 6,1 resp.  ABCE 56 1 1,8 1 1,8 5 8,8 49 87,5 resp.  ABC 7 1 14,3 1 14,3 5 71,4 A B C E F G

Technysk: Antwurd D waard net oankrúst troch de respondinten en ferfalt dêrmei yn de

tabel. Dizze fraach koe allinnich beändere wurde at fraach 15 en 16 op in bepaalde manier beändere wiene. At de respondint allinnich yn it Frysk dichtet, sil er op de fragen 34, 36 en 37 gjin antwurd hawwe. De antwurden fan dizze respondinten binne yn de kolom F en G telâne kommen en dy telle net mei foar de fraach.

Algemien: In twa- of meartalige dichter kin kieze yn hokker taal oft er dichtet. It is

hielendal net sein dat at in dichter begjint yn in bepaalde taal, dat er it dan ek by dy taal hâldt. Hy kin bygelyks fernimme dat er de goede wurden net fine kin. Fan taal feroarje soe dan in opsje wêze kinne om fierder skriuwe te kinnen.

Untwikkeling: 49 respondinten jouwe oan dat sy ûnder it dichtsjen net fan taal feroarje.

berekkening) bliuwe der mar sân respondinten oer dy’t oanjaan kinne wat de reden is fan it feroarjen fan taal ûnder it dichtsjen. Fiif fan dy respondinten fiele dat it soms moaier sein wurde kin yn it Hollânsk en dêrfan binne de measten út G1951.

Opmerking: Fan dyjingen dy’t op dizze fraach gjin standert antwurd jûn hawwe,

hawwe guon respondinten mear as ien andert oanstreke en oare respondinten hawwe in eigen antwurd formulearre op de fraach.

Ien fan dy respondinten seit hjiroer:

‘... oars, nammentlik, omdat it oersetten fan in Fryske kladde nei it Hollânsk nije

mooglikheden jout, en dan wer oersette nei it Frysk allyksa, dus it is foar my in wize om gedichten te werskriuwen en better te meitsjen, troch se efkes hinne en wer werom oer te setten. By my is it dus meast sa: 1e ferzje Frysk, 2e Hollânsk, 3e Frysk.’

In oare respondinten feroaret fan taal ûnder it dichtsjen omdat it:

‘... by de sitaten en kreten giet om de taal wêryn’t ik it sitaat heard ha of de kreet ken.’ In treddenien fynt it wikseljen fan taal hiel gewoan, want:

‘... It rint by my trochinoar hinne’, en yn it lêste sitaat seit in respondint sels: ‘... it komt faak foar dat de fersen as twilling opgroeie.’

By fraach 14 waard earder de fraach steld:

tal  resp.   %

A ja 17 25,8%

B nee 42 63,6%

gjin  standert  antwurd 2 3,0%

net  ynfold 5 7,6%

14.  Feroarje  jo  ûnder  it  skriuwen  fan  in  gedicht  wolris  fan  taal? antwurd

figuer 16

Wat no by fraach 34 fernuveret is it lege persintaazje dat gjin reden oanjout wêrom’t der wolris feroare wurdt fan taal ûnder it skriuwen. At de antwurden 34 A, B en C opteld wurde, komt dat út op 7 (10,6%) fan de 66 respondinten. By fraach 14 joegen 17 (25,8%) respondinten oan dat der under it dichtsjen wolris fan taal feroare waard. It ferskil dêrtusken is 10 (15,2%). Dy 10 respondinten kinne of wolle by fraach 34 dus net oanjaan wat de reden is dat sy ûnder it dichtsjen wikselje fan taal.

35. Hoe ûnderfine jo jo twatalichheid by it dichtsjen?

A. It sit my gauris yn de wei B. It jout my in foarsprong C. Neutraal

fraach35 resp.

yn  de  wei % foarsprong % neutraal % gsa %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 1 33,3 2 66,7 1941-­‐1950 19 2 10,5 6 31,6 11 57,9 1951-­‐1960   20 11 55,0 9 45,0 1961-­‐1970   12 1 8,3 6 50,0 3 25,0 2 16,7 1971-­‐1980 7 4 57,1 3 42,9 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 3 4,6 32 48,5 29 43,9 2 3,0 resp.  A  +  B 35 3 8,6 32 91,4 A B C D

Technysk: De antwurden yn de kolommen C en D telle net mei foar de

totaalberekkeningen.

Algemien: Meartaligens is foar de measte Friezen in automatisme. Se wikselje fan taal

al nei’t de sitewaasje derom freget. It gefoel oer meartaligens yn ferbân mei in kreatyf proses sa at dichtsjen dat is, kin foar de respondinten oars lizze. Foar guon fan harren stiet de taal al tefoaren fêst en is it in útmakke saak dat se in fers yn it Frysk skriuwe. Omdat meartaligens al sa lang gewoan is yn Fryslân, kinne de 29 respondinten by C wolris fine dat dy harren net yn de wei sit, mar ek gjin foarsprong jout. De antwurden binne lykwols de positive kant it neist, dus de measte respondinten dogge der harren foardiel mei.

Untwikkeling: Der kin net echt konstatearre wurde dat der yn de tiid wat feroaret oer

de miening oer meartaligens by it dichtsjen. De persintaazjes lizze net in soad út inoar. Allinne by G1941 jouwe der prosintueel wat minder respondinten oan dat sy

Opmerking: It is aardich om by dizze fraach nei de man/frou ferhâldings te sjen, omdat

der in miening frege wurdt nei it gefoel dat de respondinten krije by it meartalich dichtsjen. Dat soe by de froulike respondinten wat oars lizze kinne as by de manlike. Fan deselden dy't fine dat it harren in foarsprong jout (B) binne 22 man (68,7%) en 10 (31,3%) frou. Yn ferhâlding mei it totaal fan 45 (68,2 %) manlike respondinten en 21 (31,8%) froulike respondinten jout dat in hiel egale útslach. Ut de antwurden blykt dus net dat froulike respondinten hjir oars yn steane as manlike respondinten; de

ferhâldingen komme wakker oerien mei it totale persintaazje. Ek fan de trije respondinten wêrby’t de twataligens harren yn de wei sit is de ferhâlding sa: twa manlike en ien froulike respondint.

Fan de twa minsken dy't hjir gjin standert antwurd op joegen, sei de iene: 'it is nijsgjirrich’ en de oare skreau: 'it sit my yn de wei én it jout my in foarsprong'.

36. At jo yn it Frysk en yn it Hollânsk dichtsje, fine jo it wurk yn de iene taal dan wichtiger as yn de oare taal?

A. Ja, ik fyn myn Fryske wurk wichtiger B. Ja, ik fyn myn Hollânske wurk wichtiger

C. Nee, it wurk is yn beide talen like wichtich foar my

fraach36 resp. A B C D

ja,  Frysk % ja,  Hollânsk % nee,  like  wichtich % nft/ny %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 2 66,7 1 33,3 1941-­‐1950 19 3 15,8 1 5,3 10 52,6 5 26,3 1951-­‐1960 20 6 30,0 11 55,0 3 15,0 1961-­‐1970 12 6 50,0 6 50,0 1971-­‐1980 7 3 42,9 4 57,1 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 16 24,2 1 1,5 32 48,5 17 25,8 resp.  ABC 49 16 32,7 1 2,0 32 65,3

Technysk: De antwurden yn kolom D telle net mei foar de totaalberekkeningen.

Algemien: De antwurden op dizze fraach sizze wat oer de poëtika fan de dichters; is de

taal it ynstrumint of ferfiermiddel foar harren keunst, of is de taal just ferbûn oan de identiteit fan de dichter? At de respondinten oanjouwe dat sy it wurk yn de iene taal wichtiger fine as de oare, dan leit it eigen belang fan de respondinten by de wichtichste taal, en brûke sy de oare taal om oare redenen. At de respondinten kieze foar antwurd C, ‘it wurk is yn beide talen like wichtich foar my’, dan giet it net om de taal op himsels, mar op de mooglikheid om dichtsje te kinnen yn twa talen.

Untwikkeling: By antwurd A leit it heechtste persintaazje fan de fjouwer meast

sinjifikante generaasjes by G1971. Fierder wurdt der by dy generaasjes frijwol

ienriedich tocht dat beide talen like wichtich binne. Der is mar ien respondint dy’t syn Hollânske wurk wichtiger fynt, mar dy respondint wennet dan ek om utens yn Nederlân.

Opmerking: Dit is in oare fraach as fraach 29 (Fine jo dat jo dichtwurk in hegere status

hat at it yn it Hollânsk útjûn is?), al hinget er der wol tsjinoan. It sels wichtich finen fan de kar foar de taal kin in oar antwurd opsmite as de miening oer de status fan de taal. Dy fragen binne efkes ûnder inoar yn tabellen set, om sjen te litten dat der neffens de respondinten ferskil sit yn de status fan in taal en hoe wichtich at in taal wêze kin:

A B C D

ja nee dat  wit  ik  net nft

resp.  66 5 51 7 3

persintaazje  100 7,6 77,3 10,6 4,5

A B C D

ja,  Frysk ja,  Hollânsk nee,  like  wichtich nft

resp.  66 16 1 32 17

persintaazje  100 24,2 1,5 48,5 25,8

29.Fine  jo  dat  jo  dichtwurk  in  hegere  status  hat  at  it  yn  it  Hollânsk  útjûn  is?

36.  At  jo  yn  it  Frysk  en  yn  it  Hollânsk  dichtsje,  fine  jo  it  wurk  yn  de  iene  taal   dan  wichtiger  as  yn  de  oare  taal?

De mieningen binne by fraach 36 oars nuânsearre as by fraach 29. De fraach oer de status fan taal kriget by B in heech persintaazje, wylst de antwurden oer it gewicht fan taal mear ferdield binne. De status fan taal wurdt sa’t it liket fan minder belang achte as it gewicht fan taal.

37. At jo yn it Frysk en yn Hollânsk publisearje, hokker fan jo dichtwurk wurdt dan neffens jo better ûntfongen?

A. Myn Fryske wurk wurdt better ûntfongen B. Myn Hollânske wurk wurdt better ûntfongen

C. Der wurde mear Hollânske as Fryske bondels fan my ferkocht D. Der wurde mear Fryske as Hollânske bondels fan my ferkocht E. Ik spylje lyk

F. Myn wurk wurdt it bêst ferkocht at der in oersetting by stiet G. Dat wit ik net

fraach37 resp. A C E F G H I

Frysk % mear  H.  ferk. % spylje  lyk % mei  oerset. % wit  net % nft/ny % gsa %

1921-­‐1930  -­‐2 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940  -­‐3 3 1 33,3 2 66,7 1941-­‐1950  -­‐19 19 1 5,3 1 5,3 10 52,6 7 36,8 1951-­‐1960  -­‐20 20 2 10,0 1 5,0 2 10,0 1 5,0 7 35,0 6 30,0 1 5,0 1961-­‐1970  -­‐12 12 2 16,7 2 16,7 5 41,7 3 25,0 1971-­‐1980  -­‐7 7 1 14,3 5 71,4 1 14,3 1981-­‐1990  -­‐3 3 1 33,3 1 33,3 1 33,3 tal  respondinten   66 5 7,6 3 4,5 4 6,1 2 3,0 30 45,5 20 30,3 2 3,0 resp.  ACEF 5 35,7 3 21,4 4 28,6 2 14,3 resp.  ACEF 14 21,2 resp.  GHI 52 78,8

Technysk: Net ien fan de respondinten antwurde mei antwurd B. Dat antwurd komt dus

ek net foar yn de tabel. Fan de respondinten dy’t by H it antwurd 'net fan tapassing’ of dy’t gjin antwurd ynfold hawwe, is nei alle gedachten allinnich wurk yn ien taal útjûn.

Twa respondinten hawwe by I gjin standert antwurd jûn.

De antwurden yn de kolommen G, H en I telle net mei foar de totaalberekkeningen.

Algemien: De fraach giet oan op ferskil yn de resepsje fan Frysk en Hollânsk

dichtwurk. It súkses fan it dichtwurk kin op mear as ien manier hifke wurde; op ferkeapsifers, yn resinsjes yn literêre blêden of kranten en oan de hân fan reaksjes fan lêzers. De respondinten koenen in eigen yndruk jaan troch de fraach mei A of B te beäntwurdzjen. Der is lykwols rynsk gebrûk makke fan antwurdmooglikheid G,’ dat wit ik net’.

By fraach 25 bliek dat der fan 25 respondinten gjin wurk oerset is yn it Hollânsk, dus dy respondinten falle ôf foar de fraach. Fan 40 respondinten is wurk oerset yn bondels, blomlêzings en tydskriften. It wurk dat yn blomlêzings en tydskriften opnommen is, koe allinne beoardield wurde mei antwurd A of B. Fan de seis respondinten dy’t ek

Hollânske bondels útbrocht hawwe, jouwe der trije oan dat dat sy net witte hoe’t de ûntfangst west hat.

Untwikkeling: Omdat der mar 14 relevante antwurden jûn binne, falt der net folle te

sizzen oer de ûnwikkeling fan de ûntfangst fan it yn twa talen publisearre wurk.

Opmerking: Ien fan de respondinten seit oer dizze fraach: ‘sa kin ik myn wurk yn

beide talen net mei elkoar ferlykje.’ Dat jout ek al mei oan dat dit in drege fraach wie