• No results found

De earste sprek- en skriuwtaal

As bern hat de dichter in earste sprektaal en in earste skriuwtaal leard.

De skoalsitewaasje wie en is dêrby wat de Fryske taal oanbelanget yn Fryslân net oeral op deselde manier regele. Op guon basisskoallen waard foardat it Frysk op

basisskoallen yn 1980 ferplicht waard, al Fryske les jûn, op oaren waard der neat of mar in hiel bytsje oan dien. It Frysk praten, ferstean en lêzen kaam dêrby it meast oan bod, it Frysk skriuwen folle minder. Yn diel 2 wurde fragen steld dy’t op konkrete antwurden oangeane omtrint it oanlearen fan it Frysk en it Hollânsk. Mei dizze fragen wurdt it begjin fan de linguistyske biografy fan de dichters sichtber. It doel is om te sjen op hokker leeftyd de dichters harren de twa talen oanleard hawwe, om dêr eventueel letter konklúzjes út lûke te kinnen foar de kar dy’t sy makke hawwe foar de skriuwtaal (-talen) fan letter.

                                                                                                                         

45Dat is it gefal by fraach 1 (prate yn; 4 kear Hollânsk, 7 kear in kombinaasje fan talen), fraach 2 (skriuwe yn it algemien: 1 kear Hollânsk, 8 kear in kombinaasje fan talen), fraach 3 (op it stuit dichtsje yn: 13 kear Hollânsk) en fraach 4 (it meast dichtsje yn: 4 kear Hollânsk).

5. Hokker sprektaal waard der yn jo âldershûs brûkt? A. Frysk B. Hollânsk C. Dialekt D. Oars fraach5

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % gsa %

1921-­‐1930   2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 3 100,0 0,0 1941-­‐1950 19 16 84,2 2 10,5 1 5,3 1951-­‐1960 20 14 70,0 3 15,0 1 5,0 2 10,0 1961-­‐1970 12 10 83,3 1 8,3 1 8,3 1971-­‐1980   7 7 100,0 0,0 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 53 80,3 3 4,5 6 9,1 4 6,1 respondinten  ABC 62 53 85,5 3 4,8 6 9,7 A B C E

Technysk: Nimmen fan de respondinten hat antwurd D ynfold, dus dy kolom ûntbrekt

yn de tabel. De respondinten dy’t gjin standert antwurd op de fraach jûn hawwe steane yn kolom E. Dy kolom telt net mei foar de totaalberekkeningen.

Algemien: It Hollânsk waard, sa liket it, net sa faak as earste taal oanleard yn it

âldershûs. Nettsjinsteande it feit dat der yn de jierren santich en tachtich fan de foarige ieu in hiel skoft sprake west hat fan it idee dat Fryske bern sa betiid mooglik mei it Hollânsk yn oanrekking komme moasten om net op taalachterstân te reitsjen yn ferliking mei oare bern yn Nederlân, binne der dochs in soad respondinten yn it Frysk

opbrocht.  Dit is wat ek Zondag konstatearret: ‘Doe’t de twatalige skoallen yn Fryslân op

sneon 1 april 1955 begûnnen, wie it plattelân, mei útsûndering fan inkelde gebieten, homogeen Frysktalich. Dy sitewaasje is foarby. In lytse yllustraasje út de praktyk. Ferline jier wie op ‘Omrop Fryslân’ it berjocht te hearren dat de Hitsumer basisskoalle tichtgean soe. In sjoernalist frege de bern nei harren miening; se fûnen it allegearre spitich, ‘spijtig’ sels. Fan de fiif, seis bern dy’t oan it wurd kamen, prate der ien Frysk, alle oaren ABN. Sa’n petearke is in yllustraasje fan de feroare en feroarjende

taalkaart.’46

It soe goed kinne dat de measte respondinten hjir antwurd A ynfold hawwe, omdat se fine dat it skriuwen yn it Frysk ferbûn is oan harren identiteit; men is in Fries, dus de earste sprektaal moat wol it Frysk west hawwe. Fansels is der net allinne mar Frysk praat yn it âldershûs. Faaks troch de húsgenoaten ûnder inoar, mar der moatte bygelyks ek wol tillefoanpetearen yn it Hollânsk fierd wêze, of petearkes mei Hollânsk pratende buorlju of besikers.

Untwikkeling: By de âldste en jongste generaasje respondinten binne de grutste

ferskillen te sjen. De oarsaak leit nei alle gedachten by it lege tal respondinten yn dy generaasjes. It meast opfallend binne hjir G1951 (dêrfan praat ‘mar’ 70% Frysk) en G1971 (100% Frysk). By G1951 kin de oarsaak socht wurde yn de opgong fan de twatalige skoallen en de oandacht dy’t der dêrtroch thús ek oan sawol it Frysk as it Hollânsk skonken waard. By G1971 falt net direkt te ferklearjen wêrom’t sy allegear as earste sprektaal it Frysk hienen. Blykber bleau it Frysk nettsjinsteande dat der hieltyd mear Hollânske ynkommelingen kamen foar de measte

respondinten fan dy generaasje dochs de thústaal.

Opmerking: By de fjouwer respondinten dy’t ‘gjin standert antwurd’ ynfold hawwe,

blykt dat dy oanjouwe dat der mear as ien sprektaal brûkt waard yn harren âldershûs. By dy respondinten hat de iene âlder miskien Hollânsk of dialekt sprutsen en de oare Frysk, of hat der sprake west fan in oare kombinaasje fan talen.

By fraach 5 wurdt besocht te efterheljen wat de earste sprektaal fan de dichter is. Dy fraach lient him om ferlykje te kinnen mei syn tsjinwurdige dichttalen (fraach 3). Yn ûndersteande tabel fan figuer 7 is te sjen dat der 58 fan de 66 respondinten yn it Frysk dichtsje, wylst 53 respondinten it Frysk as sprektaal yn it âldershûs brûkte.

                                                                                                                          46 Zondag, Lange oanrin, 217.

fraach3

antw. Frysk % Hollânsk % dialekt % BT % gsa % ny % antwurden  ABCDEF 105 58 55,2 31 29,5 9 8,6 5 4,8 1 1,0 1 1,0

fraach5 antw. Frysk % Hollânsk % dialekt % gsa %

antwurden  ABCE 66 53 80,3 3 4,5 6 9,1 4 6,1

E F

3.  Yn  hokker  taal  dichtsje  jo  op  dit  stuit  yn  jo  libben?  (mear  as  ien  andert  mooglik)

5.  Hokker  sprektaal  waard  der  yn  jo  âldershûs  brûkt?

A B C D

figuer 7

Opfallend is dat der mar trije respondinten eartiids yn it âldershûs it Hollânsk brûkten, en dat der op dit stuit troch 31 respondinten yn it Hollânsk dichte wurdt. Dat betsjut dat de respondinten de earste sprektaal net as ienige mooglikheid om yn te dichtsjen sjogge.

6. Hoe âld wienen jo doe’t jo it Frysk praten leard hawwe? A. 1-4 jier

B. 5-12 jier C. 13-30 jier

D. Nei it 30e bertejier fraach6

resp. 1-­‐4  jier % 5-­‐12  jier % 13-­‐30  jier % >  as  30 %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 3 100,0 1941-­‐1950   19 17 89,5 1 5,3 1 5,3 1951-­‐1960 20 15 75,0 2 10,0 3 15,0 1961-­‐1970   12 10 83,3 2 16,7 1971-­‐1980   7 7 100,0 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 55 83,3 2 3,0 5 7,6 4 6,1 A B C D

taal groeit yn trije fazen; oant it tredde jier ta, fan fjouwer oant sân of acht jier ta en de

lêste faze rint oan de puberteit ta. Fanôf in jier of trije is twataligens mooglik by bern.47

It is dus ek net sa frjemd dat de measte respondinten it tiidrek by antwurd A oanjouwe as de perioade dat sy it Frysk praten leard hawwe. De 11 respondinten by B, C en D (mei-inoar 16,7% fan alle respondinten) hawwe wierskynlik it Frysk as twadde taal leard. De earste taal hat by dy respondinten dan in dialekt of it Hollânsk west.

Untwikkeling: Fan de 20 respondinten út G1951 hawwe der 2 it Frysk praten leard nei

harren trettjinde jier en 3 nei harren tritichste jier. G1951 is dus persintueel de kategory dêr’t de measte respondinten yn sitte dy’t it Frysk praten letter yn harren libben leard hawwe. Neffens de ynfolde enkêtes blykt dat 3 fan dy 5 respondinten fan hûs út as earste taal dialekt sprutsen en de oare beide respondinten binne ynkommelingen út oare parten fan Nederlân.

Opmerking: Nijsgjirrich binne de fjouwer auteurs dy't oanjûn hawwe dat se it Frysk

praten pas nei harren tritichste leard hawwe. Dat betsjut fansels dat se harren it Frysk skriuwen ek nei harren tritichste jier oanleard ha. Fan dy auteurs meie jo ferwachtsje dat it dichtsjen yn it Frysk in hiel bewuste kar west hat, al jout ien fan de respondinten wol oan dat er by it skriuwen yn it Frysk noch wol begelieding noadich hat en dat er

allinnich mar yn it Frysk dichtet at it foar in gelegenheid is. It tal antwurden by A komt aardich oerien mei de antwurden fan fraach 5, dêr’t frege waard hokker taal at der yn it âldershûs sprutsen waard. Ut fraach 5 bliek dat 53 respondinten it Frysk brûkten yn it âldershûs. By antwurd A fan fraach 6 jouwe 55 respondinten oan dat sy it Frysk learden op de leeftyd fan 1 oant 4 jier. Fraach 6 is dus in goede kontrôlefraach by fraach 5.

7. Hoe âld wienen jo doe’t jo it Hollânsk praten leard hawwe? A. 1-4 jier

B. 5-12 jier C. 13-30 jier

D. Nei it 30e bertejier

                                                                                                                          47 Boelens, Twataligens, 67-71.

fraach7

resp. 1-­‐4  jier % 5-­‐12  jier % 13-­‐30  jier %

1921-­‐1930   2 2 100,0 1931-­‐1940   3 3 100,0 1941-­‐1950   19 2 10,5 17 89,5 1951-­‐1960 20 8 40,0 12 60,0 1961-­‐1970   12 6 50,0 5 41,7 1 8,3 1971-­‐1980 7 4 57,1 3 42,9 1981-­‐1990 3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 22 33,3 43 65,2 1 1,5 A B C

Algemien: De beukerskoalle, dêr’t Fryske bern fan 4 oant 6 jier faak foar it earst yn

oanrekking kamen mei it Hollânsk, wie net ferplichte.48 De measte respondinten út

G1921, G1931, G1941, G1951 en G1961 hawwe sa om it sechsde jier hinne it Hollânsk praten leard. Nei de ynfiering fan de learplichtwet fan 1969 moasten bern fanôf harren sechsde oant en mei harren fjirtjinde jier ferplicht nei skoalle. Dêrnei folge foar guon fan de respondinten it fuortset ûnderwiis. Omdat der thús of yn de direkte omjouwing gjin of net folle Hollânsk sprutsen waard (sjoch fraach 5), sille de measte respondinten it Hollânsk wierskynslik op skoalle en fan de televyzje, de radio en kranten leard hawwe.

Untwikkeling: Dat de measte bern it Hollânsk tusken 6 en 12 jier as twadde taal leard

hawwe te praten blykt ek út de antwurden. In tredde fan de respondinten hie it al leard tusken it earste en fjirde bertejier. Dat sil ferbân hâlde mei dat de bern troch de tiid hinne hieltyd faker op twa- of trijejierrige leeftyd nei de pjutteskoalle gienen. Dat is goed te sjen by de generaasjes G1941 oant en mei G1981. It persintaazje dat tusken 5 en 12 jier it Hollânsk praten oanleart, nimt dêr neffens de oare generaasjes ôf, wylst it persintaazje by 1 oant 4 jier oprint.

Opmerking: It is ferrassend dat de 22 respondinten dy't oanjouwe dat sy it Hollânsk

                                                                                                                         

48 Foar 1969 krigen de measte bern ûnderwiis fan 6 oant en mei 12 jier. Yn de Learplichtwet fan 1969 waard de learplichtperioade ferlinge fan 6 nei 9 jier. Bern gienen nei de legere skoalle of de basisskoalle at se om de seis jier hinne wienen. Foar jongere bern wie der pjutteskoalle (fan 2 oant 4 jier) en de beukerskoalle (fan 4 oant 6 jier) mar dy wiene (en binne) net ferplichte. Tsjinwurdich binne der noch wol pjutteskoallen, mar kinne bern fan fjouwer jier ôf te plak yn de earste groep fan de basisskoalle. Dêrnei folget it fuorset ûnderwiis.

praten leard hawwe fan 1 oant 4 jier yn it âldershûs (antwurd A fan fraach 5; 53

respondinten). Dat wie foar de measte respondinten de foarskoalske tiid, dus dan wurdt it nijsgjirrich om te sjen nei de leeftiid fan de 22 respondinten.

De respondinten hawwe harren leeftyd ynfolle op de fragelisten. Yn de enkête is neigien dat der 17 fan de 22 auteurs dy’t it Hollânsk praten leard hawwe fan 1 oant 4 jier berne binne nei 1955. It jier 1955 is nommen as ûngefear it trochsneed bertejier fan de respondinten. Dy 17 respondinten binne dus jonger as 57 jier en hawwe it Hollânsk praten faaks leard op de pjutteboartersplakken en de beukerskoallen. 5 fan dy 22 respondinten binne fan fóar 1955.

Wat de leeftyd fan de respondinten dy’t it Hollânsk praten leard hawwe fan 5 oant 12 jier (antwurd B) oanbelanget: dêrfan binne fan de 43 respondinten 26 foar 1955 berne, en 17 auteurs binne berne nei 1955. Yn in tabel sjocht dat der sa út:

1-­‐4  jier 5-­‐12  jier >30  jier

<1955 5 26

>1955 17 17 1

66  = 22 43 1

figuer 8

Fernuverjend is dat der ien dichter seit dat er it Hollânsk praten pas nei syn trettjinde bertejier leard hat. Oft dat in immigrant betreft is net dúdlik. It kin wêze dat dizze respondint de fraach opfet hat as: Hoe âld wienen jo doe't jo it Hollânsk goed praten leard hawwe?

8. Op likernôch hokker leeftyd hawwe jo it Frysk skriuwen leard? A. 6-12 jier

B. 12-18 jier C. 18-30 jier

fraach8

resp. 6-­‐12  jier   % 12-­‐18  jier % 18-30 jier % >  as  30 %

1921-­‐1930   2 2 100,0 1931-­‐1940   3 1 33,3 1 33,3 1 33,3 1941-­‐1950   19 6 31,6 5 26,3 5 26,3 3 15,8 1951-­‐1960 20 3 15,0 6 30,0 6 30,0 5 25,0 1961-­‐1970   12 3 25,0 2 16,7 3 25,0 4 33,3 1971-­‐1980 7 2 28,6 2 28,6 3 42,9 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 18 27,3 16 24,2 18 27,3 14 21,2 A B C D

Algemien: De measte respondinten hawwe it Frysk skriuwen net fan seis oant tolve jier

oanleard. Ut de antwurden blykt dat sy harren it Frysk skriuwen eigen makke hawwe op hiel ferskillende leeftiden.

Untwikkeling: De respondinten hawwe persintueel op alle fragen likernôch like heech

antwurde. Dat betsjut dat sy harren it Frysk skriuwen tusken harren sechsde en tritichste libbensjier op eins alle mooglike jierren oanleard hawwe kind, mar ek noch dêrnei. Dit hat fansels ek gefolgen foar it momint dat de respondinten foar it earst yn it Frysk publisearje. Dat sil foar de measte respondinten tusken de 20 en 30 jier hinne lizze, omdat doe de measten it Frysk skriuwen yn de macht krigen hiene en dêrtroch begjinne koenen mei yn it Frysk te publisearjen. Dat komt ek út, sa as aanst by fraach 12 blike sil.

Opmerking: It jiertal 1980 is wichtich by dizze fraach, omdat it Frysk doe in ferplicht

fak waard op de measte basisskoallen yn Fryslân.49 Der binne mar yn twa generaasjes

dichters te finen dy’t der profyt fan hân hawwe kinne dat it Frysk doe ferplichte waard; G1971 (7 respondinten) en G1981 (3 respondinten). Yn dy kategoryen falle dus 10 respondinten. Twa fan dy respondinten binne berne yn 1971. Dy hawwe twa, uterlik trije jier Fryske les op de basisskoalle hân kind. Pas yn 1993 waard it Frysk ek in ferplicht fak yn it fuortset ûnderwiis. Dat betsjut dat der troch it gat fan 12, 13 jier                                                                                                                          

49 Skoallen kinne ûntheffing fan dy ferplichting oanfreegje by de provinsje, bygelyks omdat der gjin learkrêften binne mei in Frysk foech of omdat er yn dy omkriten net folle Frysk sprutsen wurdt.

tusken 1980 en 1993 seis fan de 10 respondinten net mear fan it fak Frysk op it fuortset ûnderwiis profitearre hawwe kind. Allinne de fjouwer jongste respondinten kinne fan it ferplichte Frysk ûnderwiis op de basisskoalle én yn it fuortset ûnderwiis gebrûk makke hawwe.

Oft der ferskillen te sjen binne tusken manlike en froulike respondinten by it tiidstip fan oanlearen fan it Frysk skriuwen, is yn de ûndersteande tabel ôf te lêzen. Hawwe de froulike respondinten it skriuwen wakker op deselde leeftyd oanleard as de manlike respondinten? En feroarje de kânsen dêrtroch faaks ek?

Yn de tabel hjirûnder wurde yn de earste kolom de generaasjes oanjûn, dan de

oantsjutting manlik (M) of froulik (F) en dêrnei de perioaden fan oanlearen, foarôf gien fan de M- of F-oantsjutting, folge troch de byhearrende persintaazjes.

M F M6-­‐12 % F6-­‐12 % M12-­‐18 % F12-­‐18 % M18-­‐30 % F18-­‐30 % M>30 % F>30 % G1921 1 1 1 100,0 1 100,0 G1931 3 0 1 33,3 1 33,3 1 33,3 G1941 11 7 1 9,1 5 71,4 4 36,4 1 14,3 4 36,4 2 18,2 1 14,3 G1951 14 6 2 14,3 1 16,7 5 35,7 1 16,7 4 28,6 2 33,3 3 21,4 2 33,3 G1961 8 4 1 12,5 2 50,0 2 25,0 2 25,0 1 25,0 3 37,5 1 25,0 G1971 6 1 2 33,3 1 16,7 1 100,0 3 50,0 G1981 1 2 1 100,0 2 100,0 65 44 21 8 17,8 8 38,1 13 28,9 5 23,8 11 24,4 3 14,3 12 26,7 5 23,8

8.  Op  likernôch  hokker  leeftyd  hawwe  jo  it  Frysk  skriuwen  leard?

figuer 9

Technysk: Ien man út G1941 had gjin andert ynfold. Der telle dus 44 manlike

respondinten mei foar de berekkenings.

Algemien: Froulike respondinten lykje in bettere kâns op in goeie start by it dichtsjen

yn it Frysk te hawwen as harren manlike kollega’s, want sy hawwe prosintueel de heechste skoare by 6 oant 12 jier. Hast 62% fan de froulike respondinten hat it skriuwen foar har tritichste yn de macht. It persintaazje nimt by de manlike respondinten

neigeraden dat se âlder wurde licht ta, wylst der by de froulike respondinten in hiaat sit yn de leeftyd fan 18 oant 30 jier. Dat kin der mei te krijen hawwe dat de froulike respondinten yn dy jierren warber binne mei oare saken, sa as wurk, bern

9. Op likernôch hokker leeftyd hawwe jo it Hollânsk skriuwen leard? A. 6-12 jier

B. 12-18 jier C. 18-30 jier

D. Nei it 30e bertejier

fraach9 resp. 6-12 jier % gsa % 1921-­‐1930   2 2 100,0 1931-­‐1940   3 3 100,0 1941-­‐1950   19 18 94,7 1 5,3 1951-­‐1960 20 19 95,0 1 5,0 1961-­‐1970   12 12 100,0 1971-­‐1980 7 7 100,0 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 64 97,0 2 3,0 A E

Technysk: De respondinten hawwe net op de antwurden B, C en D reagearre. Dy

antwurden komme dus yn de kolommen net foar. Twa respondinten hawwe gjin standert antwurd jûn en kolom E falt dêrmei ek ôf foar de totaalberekkeningen.

Algemien: Fraach 9 liket in iepen doar, mar hy wurdt steld omdat it net útsluten wurde

mei dat der dichters wêze kinne dy’t op lettere leeftiid mei it Hollânsk skriuwen yn oanrekking komme binne, bygelyks immigranten. De fraach jout fierder in foarsisbere útslach.

Untwikkeling: Foar Friezen is it oanlearen fan it Hollânsk skriuwen gelyk as foar alle

oare Nederlanners. Earder waard der yn de earste klasse fan de legere skoallen mei begûn, tsjinwurdich begjint men der yn groep trije fan de basisskoalle mei. Dat betsjut dat alle respondinten de kâns krigen om op harren sechsde it Hollânsk te learen

skriuwen.

Opmerking: Dan wurdt it dochs wol nijsgjirrich om nei de twa útsûnderingen te sjen

dy’t ‘gjin standert antwurd’ ynfold hawwe. Ien respondint hat it Hollânsk skriuwen net fan 6-12 jier, mar fan 4-12 jier leard, dy is der earder mei begûn as syn sechsde jier. De oare respondint jout mei in opmerking oan: '8-12 jier (fan ’e tredde klasse ôf)'. It kin

wêze dat dy lêste respondint op in twatalige skoalle sitten hat, dêr’t men yn de earste twa klassen neffens de oanbefelling fan Post Fryske bern fan de legere skoallen yn de earste jierren les jaan moast yn de fiertaal Frysk, sadat sy harren earst goed ûntjouwe

koenen.50 It leare te skriuwen begûn dan pas dêrnei. Yn de folgjende fraach sil bliken

dwaan wêr't de measte auteurs it Frysk skriuwen leard hawwe.

10. Fan wa hawwe jo it Frysk skriuwen leard? (mear as ien andert mooglik) A. Ik haw it mysels oanleard

B. Op in HBO-oplieding (Pabo bygelyks) C. Op Afûk-kursussen

D. Fan learkrêften op de basisskoalle

E. Op it fuortset ûnderwiis, yn de brêgeklassen F. Fan myn âlden

G. Fan pake of beppe H. Oars, nammentlik….

fraach10

resp. sels % HBO % Afûk % BU % FU % âlden % pake % oars % 1921-­‐1930   2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940 3 2 66,7 2 66,7 1 33,3 1 33,3 1941-­‐1950   19 8 42,1 4 21,1 6 31,6 6 31,6 3 15,8 1 5,3 1 5,3 1951-­‐1960   20 9 45,0 8 40,0 10 50,0 3 15,0 2 10,0 3 15,0 1 5,0 6 30,0 1961-­‐1970   12 8 66,7 2 16,7 2 16,7 2 16,7 3 25,0 1971-­‐1980   7 4 57,1 1 14,3 3 42,9 2 28,6 3 42,9 1981-­‐1990 3 2 66,7 3 100,0 2 66,7 2 66,7 2 66,7 1 33,3 respondinten   66 tal  antwurden 121 34 28,1 15 12,4 20 16,5 17 14,0 9 7,4 10 8,3 1 0,8 15 12,4 A B C D E F G H

Technysk: Op fraach 10 koenen acht antwurden jûn wurde, mar ek in kombinaasje fan

antwurden. Dêrtroch komt it tal antwurden net op 66, mar op 121 út. Alle antwurden binne benutte en der is net ien respondint dy’t op dizze fraach gjin antwurd jûn hat.

Algemien: By fraach 10 kinne ferbannen lein wurde hoe't it skriuwen oanleard is; troch

wa, wêr, en by hokker ynstânsje(s). It is goed te sjen dat de fraach nei it hoe en it fan it                                                                                                                          

oanlearen fan it Frysk skriuwen faak in kombinaasje fan antwurden opsmyt, sa as bygelyks 'ik haw it mysels oanleard' en 'op Afûk-kursussen'.

Untwikkeling: At men de tabel besjocht falt al drekst op dat in flink part fan de

respondinten dy’t berne binne tusken 1941 en 1970, dus de respondinten dy’t no yn de leeftyd tusken de 40 en 70 jier binne, harren it Frysk skriuwen sels oanleard hawwe. Twads en treds komme it oanlearen fan Frysk skriuwen by de Afûk en op de

basisskoalle. It Frysk skriuwen leare op de basisskoalle falt ôf yn ferliking mei it persintaazje dichters dat seit dat sy it Frysk skriuwen harsels oanleard hawwe: 14% foar 28,1% oer.

De pakes en beppes (1 kear oankrúst) spylje in folle minder grutte rol yn ferliking mei de âlden fan de respondinten (10 kear oankrúst).

Opmerking: 10 respondinten hawwe by dizze fraach in opmerking pleatst. Dy hawwe

it Frysk skriuwen (ek) op noch in oare manier leard as dat der by de antwurdmooglikheden stie. Sy skreaunen tafoegings lykas:

‘... troch it oersetten fan myn poëzy’; ‘... Havo, eksamen Frysk’;

‘... troch it lêzen fan “Us eigen herntsje” yn it Friesch Dagblad (Tiny Mulder)’; ‘... kursussen Schrieversronte’;

‘... skriuwkursus by studinteferiening Bernlef yn Grins’; ‘...jaren voorlezen uit de Friese Bijbelvertaling’.

At de sifers fan it leare praten en skriuwen yn it Frysk en it Hollânsk oan de ein fan diel 2 fan de enkête op in riichje set wurde, blykt dat foar de measte respondinten de earst oanlearde sprektaal it Frysk is. By fraach 5 is te sjen dat by 80% fan de 66 respondinten it Frysk yn it âldershûs brûkt waard.

55 fan de 66 respondinten learde Frysk te praten foar harren fjirde libbensjier, en 22 fan harren learden yn dy perioade ek it Hollânsk te praten. 43 respondinten learden it Hollânsk justjes letter praten, fan fiif oant tolve jier.

It Hollânsk skriuwen waard troch 64 respondinten oanleard tusken harren sechsde en tolfde jier. 18 respondinten learden yn dy tiid Frysk te skriuwen, dat wie gâns minder.

Yn de tabel hjirûnder is te sjen dat dat Frysk skriuwen leare foar de measten pas barde nei harren tolfde:

F-Prate % F-Skriuwe % H-Prate % H-Skriuwe %

1-4 jier 55 83,3 22 33,3 5-12 jier 2 3,0 43 65,2 6-12 jier 18 27,3 64 97,0 >12 jier 9 13,6 48 72,7 1 1,5 gsa 2 3,0 totaal resp. 66 66 66 66   figuer 10

F-Prate = Frysk oanleard as sprektaal F-Skriuwe = Frysk oanleard as skriuwtaal H-Prate = Hollânsk oanleard as sprektaal H.Skriuwe = Hollânsk oanleard as skriuwtaal >12 jier = âlder as tolve jier

gsa = gjin standert antwurd