• No results found

It tsjinwurdige taalgebrûk

De fragen fan it earste skift binne rjochte op hoe’t de taalsitewaasje fan de dichter op dit stuit is. Doel derfan is om in byld te foarmjen fan it hjoeddeistige taalgedrach fan de respondinten. Om dêr sicht op te krijen, is it earst nedich om te witten te kommen wat de deistige sprek- en skriuwtaal van de dichter is. Praat en skriuwt er meast yn it Frysk, of brûkt er mear talen troch inoar? At er deis mear as ien taal brûkt, is it mooglik dat er ek yn mear as ien taal dichtet.

1. Yn hokker taal prate jo deis it meast? A. Frysk

B. Hollânsk C. Dialekt

fraach1

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % kombinaasje % gsa %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940   3 2 66,7 1 33,3 1941-­‐1950   19 12 63,2 3  15,8 1 5,3 2 10,5 1 5,3 1951-­‐1960   20 7 35,0 4  20,0 7 35,0 2 10,0 1961-­‐1970   12 4 33,3 2  16,7 5 41,7 1 8,3 1971-­‐1980   7 1 14,3 1  14,3 4 57,1 1 14,3 1981-­‐1990   3 2 66,7 1 33,3 tal  respondinten   66 29 43,9 10 15,2 1 1,5 20 30,3 6 9,1 respondinten  ABC 40 29 72,5 10 25,0 1 2,5 E A B C D

Technysk: De antwurden yn kolom D binne net relevant foar de fraach; der wurdt

ommers net dúdlik hokker taal at de respondinten it meast brûke. Yn kolom E steane de antwurden dy’t net standert binne. De kolommen D en E telle net mei foar de

totaalberekkening.

Algemien: At jo in enkête hâlde soene en oan de trochsneed Nederlanner freegje soene

hokker taal at sy tochten dat Fryske dichters it meast praten, dan soe nei alle gedachten sawat wol 100% fan de minsken sizze: Frysk. Yn dat ljocht is it opfallend dat 25% fan de respondinten it Hollânsk as earste taal yn it deistich libben seit te brûken. Dit persintaazje sil yn werklikheid earder heger as leger wêze. Guon Fryske dichters sille, sa mei men oannimme, om ideologyske redenen earder stilhâlde wolle dat se thús mear

Nederlânsk prate as dat se Frysk prate.40 Dochs kinne je oer it generaal ek konkludearje

dat de Fryske poëzy skreaun wurdt yn Frysktalige fermiddens.

72,5% fan de respondinten jout oan dat sy deis it meast Frysk prate. Yn Fryslân kin 64,0% fan de minsken Frysk prate, mar dat seit neat oer oft sy dy taal deis ek it meast prate. 41

Untwikkeling: Wat opfalt is benammen de brek tusken G1941 en G1951. Fan dy lêste

generaasje ôf nimt it tal minsken dy’t no meast Frysk prate hiel bot ôf. Dit hoecht net in reële wjerspegeling fan de werklike taalachtergrûn te wêzen, mar kin hiel goed

                                                                                                                         

40 In pear kear kaam ik antwurden tsjin yn de sfear fan: ‘Ik bin in Fries dus ik dichtsje yn it Frysk’, wat wiist op in sterke bining mei de eigen Fryske identiteit.

gearhingje mei dat de lju út G1951 en letter folle faker ynfolje dat se mear talen brûke. Ien fan de respondinten meldt by fraach 1 dat er it Frysk yn privee-omstannichheden brûkt en it Hollânsk op syn wurk. Dit sil ek grif foar oare respondinten jilde en in reden wêze foar wat hjirboppe fêsteld waard oer dy brek.

Opmerking: Fan de seis respondinten dy't gjin standert antwurd jûn hawwe, jout de

helte oan dat dy deis it meast yn in bûtenlânske taal praat. Dat soenen jo yn in

provinsjale kultuer as de Fryske net fuort ferwachtsje, mar der binne respondinten dy’t om utens yn it bûtenlân wenje. Dy dichtsje noch wol yn it Frysk, mar prate deis fansels yn in bûtenlânske taal.

Wat ek opfalt is dat hoe'n bytsje respondinten seit deis it meast dialekt te praten. Dat sil der mei te krijen hawwe dat de respondinten deis faak yn mear formelere wurk- en spreksitewaasjes it meast Hollânsk of Frysk prate. It praten yn dialekt soe dan mear yn de thússitewaasje wêze kinne.

2. Hokker skriuwtaal brûke jo foaral op dit stuit yn jo libben? A. Frysk

B. Hollânsk C. Dialekt

D. In kombinaasje fan boppesteande talen E. Oars

fraach2

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % kombinaasje % oars % gsa %

1921-­‐1930 2 1 50,0 1 50,0 1931-­‐1940   3 3 100,0 1941-­‐1950   19 12 63,2 4 21,1 1 5,3 2 10,5 1951-­‐1960   20 9 45,0 1 5,0 1 5,0 8 40,0 1 5,0 1961-­‐1970   12 2 16,7 3 25,0 5 41,7 1 8,3 1 8,3 1971-­‐1980   7 1 14,3 1 14,3 3 42,9 1 14,3 1 14,3 1981-­‐1990   3 1 33,3 2 66,7 tal  respondinten   66 28 42,4 10 15,2 2 3,0 21 31,8 2 3,0 3 4,6 respondinten  ABCE 42 28 66,7 10 23,8 2 4,8 2 4,8 E F A B C D

Technysk: De respondinten dy’t antwurd D oankrúst hawwe, jouwe dêrmei oan dat sy

op it stuit mear talen brûke. Dêrom falt dat antwurd ôf foar de totaalberekkening. De twa respondinten dy’t antwurd E jûn hawwe, wenje yn it bûtenlân en brûke dêrom it meast in bûtenlânske skriuwtaal. De antwurden by D en F binne net relevant foar de totaalberekkening.

Algemien: De measte respondinten hawwe hjir ynfold: Frysk. Oer it generaal sil der yn

Fryslân meast yn it Hollânsk skreaun wurde; formulieren, briefkes oan húsgenoaten, boadskippebriefkes, agenda’s en kalinders, ensafuorthinne. It Hollânsk is de earst oanlearde skriuwtaal yn Fryslân en eltsenien kin fan in jier of seis ôf it Hollânsk lêze. Hoewol’t 75% fan de Friezen seit it Frysk lêze te kinnen, is der mar 21,1% dy’t Frysk

skriuwe kin.42 By de algemiene provinsjale fluchhifking wurdt net oanjûn wat dat

‘Frysk skriuwe kinne’ krekt ynhâldt; oft it om flaterfrij en linich Frysk skriuwen giet, of om ienfâldige teksten. De respondinten binne lykwols Fryske auteurs, dêrfandinne faaks dat antwurd A it heechst skoart.

Untwikkeling: Fan G1931 ôf nimt it tal respondinten dat deis it Frysk as skriuwtaal seit

te brûken hurd ôf. Yn de trije middenste generaasjes, fan G1941 oant en mei G1961, falt dat bot op. Tagelyk sjocht men dêr de persintaazjes rizen by de respondinten dy’t sizze deis it meast yn in kombinaasje fan talen te skriuwen. Foaral de kleau tusken G1941 en G1951 falt op; dêr sjit it persintaazje fan 10,5% nei 40%. It is mooglik dat dit te krijen hat mei de ynfiering fan de earste twatalige skoallen yn de fyftiger jierren en dat

dêrtroch it brûken fan de twa talen njonken inoar mear gewoante waard.43

3. Yn hokker taal dichtsje jo op dit stuit yn jo libben? (mear as ien andert mooglik) A. Frysk

B. Hollânsk C. Dialekt

D. Ien of mear bûtenlânske talen

                                                                                                                          42 Haadstik 1.2, figuer 1.

fraach3

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % BT % gsa % ny % 1921-­‐1930 2 2 100,0 1 50,0 1931-­‐1940   3 3 100,0 1 33,3 1941-­‐1950   19 18 94,7 6 31,6 4 21,1 1 5,3 1951-­‐1960   20 16 80,0 13 65,0 4 20,0 2 10,0 1 5,0 1961-­‐1970   12 10 83,3 6 50,0 1 8,3 1 8,3 1 8,3 1971-­‐1980   7 6 85,7 3 42,9 1 14,3 1981-­‐1990   3 3 100,0 1 33,3 antwurden  ABCDEF 105 58 55,2 31 29,5 9 8,6 5 4,8 1 1,0 1 1,0 antwurden  ABCD 103 58 56,3 31 30,1 9 8,7 5 4,9 E F A B C D

Technysk: Op dizze fraach mocht mear as ien antwurd jûn wurde. It totaal oan

antwurden is dan ek grutter as dat fan it tal fan 66 respondinten. Yn kolom E jout in respondint in antwurd dat net standert is en ien respondint hat de fraach by F net ynfold. De kolommen E en F telle net mei foar de totaalberekkening.

Algemien: It mei dochs wol opfallend hjitte dat hast de helte fan de 66 ûnderfrege

respondinten neist it Frysk ek yn it Hollânsk dichtet. Dat hege oantal is tagelyk wol en nét ferwûnderlik. Oan de iene kant binne Fryske dichters twatalich, sy hawwe twa dichttalen ta harren foldwaan. Dy kinne dus beide brûkt wurde. Oan de oare kant soe men ferwachtsje dat de respondinten earder allinne foar it Frysk kieze soenen, just

omdat it dichtsjen faak yn de taal fan it hert bart.44 Dochs wurdt der troch de helte fan

de respondinten dus ek keazen foar de twads oanlearde taal. Dit jildt likegoed foar de froulike as de manlike respondinten. By de folgjende fraach komt lykwols út dat de respondinten it meast yn it Frysk dichtsje.

Untwikkeling: De respondinten fan G1951 dichtsje it minst yn it Frysk. Tagelyk pylket

dy generaasje hjir eksplosyf by it dichtsjen yn it Hollânsk. Mei de ynfiering fan

twatalige skoallen yn de fyftiger jierren (sjoch ek fraach 2) hat der foar beide talen mear omtinken west. It kin wêze dat de respondinten fan G1951 op dit stuit yn harren libben noch ûndersykje oft it Hollânsk dichtsjen har like goed ôfgiet as it dichtsjen yn it Frysk. Nei dizze generaasje nimt it tal respondinten dat yn it Hollânsk skriuwt ek sichtber wer ôf.

                                                                                                                          44 Bergstra, Skiep binne der inkeld ..., 148.

De measte respondinten dy’t yn in dialekt dichtsje, binne fan G1941 en G1951.

Opmerking: Yn tabel 3 is net te sjen dat der ek in part dichters is dat mar yn ien taal

dichtet. Ut de enkête is lykwols nei foaren kommen dat 34 fan it totaal tal respondinten op dit stuit yn ien taal dichtet. 28 fan de 66 respondinten dichtsje allinne yn it Frysk, twa dichtsje allinnich yn it Hollânsk, trije allinnich yn dialekt en ien respondint dichtet op it stuit allinnich mar yn ien of mear bûtenlânske talen. Yn de tabel hjirûnder wurdt dat skematysk werjûn:

dichttaal dichtsje yn ien taal persintaazje (66=100%)

Frysk 28 42,4 Hollânsk 2 3,0 dialekt 3 4,5 bûtenlânske taal 1 1,5 totaal 34 51,4 figuer 6

Dit hâldt yn dat krekt wat minder as de helte, 48,6%, op dit stuit yn mear as ien taal dichtet.

Ut de enkête blykt fierder dat fjouwer fan de respondinten dy't yn it Frysk en it Hollânsk dichtsje, ek yn ien of mear bûtenlânske talen dichtsje.

4. Yn hokker taal dichtsje jo op dit stuit yn jo libben it meast? A. Frysk

B. Hollânsk C. Dialekt

fraach4

resp. Frysk % Hollânsk % dialekt % gsa % ny %

1921-­‐1930   2 2 100,0 1931-­‐1940   3 3 100,0 1941-­‐1950   19 17 89,5 1 5,3 1 5,3 1951-­‐1960   20 13 65,0 4 20,0 1 5,0 1 5,0 1 5,0 1961-­‐1970 12 6 50,0 1 8,3 1 8,3 1 3 25,0 1971-­‐1980   7 5 71,4 2 28,6 1981-­‐1990 3 3 100,0 tal  respondinten   66 49 74,2 8 12,1 3 4,6 2 3,0 4 6,1 resp.  ABC 60 49 81,7 8 13,3 3 5,0 A B C E F

Technysk: Net ien fan de respondinten hat gebrûk makke fan antwurd D

‘oars, nammentlik: ...’. De kolommen E en F befetsje de antwurden dy’t net standert binne en it tal net ynfolde antwurden. E en F jilde net mei foar de totaalberekkening.

Algemien: Omdat by fraach 3 de mooglikheid bestie om mear as ien antwurd oan te

krusen, is it by fraach 4 wol wichtich te witten yn hokker taal de dichter op dit stuit it meast dichtet. It soe wêze kinne dat de dichter likefolle yn mear as ien taal skriuwt of dat er net rjocht wit yn hokker taal oft er mear dichtet as de oare at er yn mear as ien taal dichtet.

De útslach dat 49 fan de 66 respondinten op dit stuit it meast yn it Frysk dichtsje is net sa ferwûnderlik; sy binne just foar it ynfoljen fan de fragelist oanskreaun omdat sy tusken 1985 en 2010 fersen of bondels yn it Frysk publisearre hawwe. Dochs jouwe der 8 fan de respondinten oan dat sy op dit stuit it meast yn it Hollânsk skriuwe. De redenen om yn it Hollânsk te skriuwen, komme aanst by fraach 16 oan de oarder. Dêr sil bliken dwaan dat de measte respondinten dy’t yn it Hollânsk dichtsje, dat foar in gelegenheid dogge.

Untwikkeling: De measte respondinten dy’t yn it Frysk dichtsje, binne berne yn

G1941. By G1951 en G1961 nimt dat prosintueel hurd ôf, mar by G1971 stiigt it persintaazje ek wer hurd. Dy stiging by G1971 is net samar te ferklearjen.

by G1951, en dat soe derop wize kinne dat dizze respondinten, dy’t no tusken de fyftich en sechstich jier binne, ek noch wat nei Hollânske rom longerje.

Opmerking: By de fragelisten is neigien dat fan de 49 respondinten dy’t op dit stuit it

meast yn it Frysk dichtsje, der 31 man (68,9 %) en 18 frou (85,7 %) binne. Prosintueel dichtsje der dus op dit stuit mear froulike - as manlike respondinten yn it Frysk.

Yn dit earste skift oer it hjoeddeistige praten, skriuwen en dichtsjen fan de respondinten falt foaral G1951 op, de respondinten mei in trochsneed leeftyd fan 56 jier. By dy

generaasje is faker it antwurd ‘Hollânsk’ of in ‘kombinaasje fan talen’ te finen.45 De

foarriedige ferklearring soe foar in part lizze kinne yn in feroaring yn it Fryske ûnderwiis yn de jierren fyftich fan de foarige ieu.