• No results found

Simke Kloosterman, in problematyske heldinne?

N/A
N/A
Protected

Academic year: 2021

Share "Simke Kloosterman, in problematyske heldinne?"

Copied!
74
0
0

Bezig met laden.... (Bekijk nu de volledige tekst)

Hele tekst

(1)

Janneke Spoelstra S1809385 Master-stúdzje Fryske taal en kultuer spesjalisaasje Literêre kultuer stúdzjejier 2011-2012 Begelieder: prof. dr. Goffe T. Jensma Twadde beoardieler: dr. Willem Visser

Simke Kloosterman, in problematyske heldinne?

(2)
(3)

Ynhâldsopjefte

Haadstik 1 Ynlieding en fraachstelling ... 5

Haadstik 2 In frou dy’t skriuwe kin ... 9

2.1. Libbensrin ... 9

2.2. In pionier of ien út in lange tradysje? ... 12

2.2.1. Fan hûs út ... 13

2.2.2. Oplieding ... 14

2.2.3. Foargongers yn Fryslân ... 16

2.2.4. Foargongers en tiidgenoaten yn oare taalgebieten ... 17

2.2.5. Tiidgenoaten yn Fryslân ... 19

2.3. De briefwiksel mei Douwe Kalma ... 20

2.3.1. De ferkearings- en ferlovingstiid ... 21

2.3.2. De freonskip bleau... 23

2.4. Wat se oer har skriuwen sei yn ynterviews en by oare gelegenheden ... 27

2.5. De plicht foar Fryslân oer ... 29

Haadstik 3 Wa wie Ant en is dat relevant? ... 31

3.1. De ferhalebondels foar folwoeksenen ... 31

3.2. Queerteory en it ferhaal ‘Libbensbloei’ ... 33

3.2.1. Queerteory ... 33

3.2.2. It ferhaal ... 34

3.2.3. Reaksjes en mooglike ynterpretaasjes ... 35

Haadstik 4 Wêrom makke Hester har ta man? ... 41

4.1. Genderteory ... 41

4.2. De Hoara’s fen Hastings en de genderbylden fan Simke Kloosterman ... 42

4.2.1. De ‘ik’ yn haadstik I en V ... 43

4.2.2. Date en Fokke... 44

4.2.3. Wychman en Nuttert ... 45

4.2.4. De froulju ... 46

4.2.5. Hester ... 47

4.3. It langere proaza nei De Hoara’s fen Hastings ... 48

4.4. Reaksjes op De Hoara’s fen Hastings en de skriuwster ... 49

4.4.1. Reaksjes fan 1921 oant Kloosterman har dea yn 1938 ... 50

(4)

4.4.3. Reaksjes fan 1950 oant 1976 ... 53

4.4.4. Reaksjes fan 1976 oant 1992 ... 54

4.4.5. Reaksjes fan 1992 oant no ... 56

4.5. Evaluaasje... 57

Haadstik 5 Gearfetting en konklúzjes ... 61

Boarnen ... 65

Literatuer ... 66

Audiovisueel materiaal ... 69

Ynternetsiden ... 69

Ofbyldings... 70

(5)

Haadstik 1 Ynlieding en fraachstelling

Simke Kloosterman (Twizel, 1876 – Ljouwert, 1938) publisearre, neist poëzy, in ferskaat oan proaza yn it Frysk oer in tiidrek fan hast fjirtich jier. It begûn mei ferhalen, dy’t ferskynden yn ’e Fryske tydskriften. Dy ferhalen waarden sammele yn Ruth. In hânfol ieren (1910), in blomlêzing fan har poëzy en proaza, en yn ’e bondels Ut ’e gielgoerde (1936) en Ut ’e gielgoerde, oarde diel (1944 posthúm). Yn 1921 publisearre se de roman De Hoara’s fen Hastings, yn 1926 kaam se mei de histoaryske roman It Jubeljier en yn 1933 mei Hengist en Horsa, in novelle basearre op in leginde.1

It kolleezje ‘Literatuerwittenskip’ by prof. dr. Goffe Jensma brocht my, fia Jonathan Cullers A very

short introduction to Literary theory, op it spoar fan ’e Amerikaanske filosofe en

literatuerwittenskipper Judith Butler. Yn 1990 publisearre sy it boek Gender trouble.2 Gender ferwiist nei alle psychologyske, kulturele en sosjale betsjuttings, dy’t oan it biologyske ferskil tusken man en frou ferbûn wurde.3 By genderstúdzjes, dy’t fuortkommen binne út it feminisme, leit de klam op de konstruksje fan seksuele kategoryen en wurde de sosjale en kulturele ûntjouwings fan ’e posysje fan ’e seksen bestudearre. De ferskillen tusken manlikens en froulikens wurde net allinne bepaald troch geslacht, mar ek troch de kultureel bepaalde opfettings dêroer.4

It boek fan Culler hiet net foar neat in koarte yntroduksje, mar ik wie wol nijsgjirrich wurden en betocht dat as ik in skripsje skriuwe moast, dan soe ik Butler loslitte op in Frysk ûnderwerp. Doe’t it in goed jier letter ta wie oan it kiezen fan in skripsjeûnderwerp, hie ik krekt in pear dichteressen, de Makkumer Cynthia en Jetske Lenige en Marike Rommerts út ’e achttjinde ieu, en harren wurk behannele foar it ynterdissiplinêre kolleezje ‘Vrouwen in de Europese literatuurgeschiedenis’ by dr. Petra Broomans en dr. Alicia Montoya.

Foar de skripsje woe ik op proaza ta. Wêrom net de earste Fryske proazaskriuwster fan kwizekwânsje, Simke Kloosterman, ûnder de loep nommen en ris sjen hoe’t dy paste yn ’e tradysje fan froulju yn ’e Europeeske literatuerskiednis en hoe’t har genderbylden en dy fan de besprekkers der út seagen? Dan koe ik ûnder dúmkes wei faaks ek wol útfine hoe’t it no krekt siet mei Kloosterman har ferûnderstelde foarkar foar de frouljusleafde. Ek dêr koe Butler by fan pas komme, trouwens. Queerstúdzjes, oftewol homo- en lesbyske stúdzjes, binne fuortkommen út genderstúdzjes. Butlers boek Gender trouble waard yn ’e Feriene Steaten ek sjoen as in boechbyld fan queerteory.5

Yn ’e Fryske literatuerwittenskip binne de wurden ‘gender’ en ‘queer’ oant no ta amper of net fallen. Se komme bygelyks net foar yn it ‘Zaakregister’ fan Zolang de wind van de wolken waait.

1

http://www.tresoar.nl > http://www.sirkwy.nl/titel/146 ‘Kloosterman, Simke, Libben en wurk’ (9-8-2012).

2 Butler, Trouble, 1990. 3

Van Boven en Dorleijn, Mechaniek, 1999, s. 310.

4

http://cf.hum.uva.nl/benaderingenlk/lw/gender/lw-gender-index.htm.

5

(6)

Geschiedenis van de Friese literatuur. 6 Wol hat, wat de frouljusliteratuer oanbelanget, bygelyks Jelma Knol oer feministyske literatuerteory skreaun, û.o. yn har stúdzje oer Fryske dichteressen, ‘út syn aerd

wei froulik’7

, hat Babs Gezelle Meerburg mei har skripsje Macht en ûnmacht yn it wurk fan Hylkje Goïnga8 frouljusproaza by de kop hân en der binne grif mear foarbylden te betinken.

Kin Simke Kloosterman trochgean foar in heldinne fan ’e frouljusliteratuer? Of fan ’e lesbyske literatuer? Ha wy anno 2012 ferlet fan helden en/of heldinnen? Maaike Meijer, yn 1989, miende dat de heroyk fuort wie. Der soe in oare kommunikaasje mei heldinnen ûntstean: ‘... een bewondering die ook nabijheid is’.9

Lotte Jensen, yn 2008, konstatearre dat it wer mocht, helden en heldinnen ferearje. Sy wiisde op ’e foarbyldfunksje dy’t nasjonale helden yn it ferline, bygelyks yn ’e njoggentjinde ieu hân hiene foar de jonge Nederlânske naasje. Wat heldinnen oanbelange, wiisde se ek op ’e lestige kombinaasje fan froulikheid en striidlust.10 In problematyske heldinne wie in frou dy’t út de tradisjonele sekserol stapte en heldinne waard.11 Premier Mark Rutte priizge krektlyn de helden fan ’e Olympyske Spullen yn Londen by thúskomst om it entûsjasme dat se losmakke hiene en de ynspiraasje dy’t se joegen.12

Yn earste ynstânsje woe ik alle proaza foar folwoeksenen fan Kloosterman meinimme yn dizze skripsje. Ik ha dan ek al dat proaza lêzen. Geandewei kaam ik der achter hoe omfangryk it is en wat in ferskaat der is. Yn ’e skripsje lis ik de klam op it ferhaal ‘Libbensbloei’ en de earste roman De

Hoara’s fen Hastings. It ferhaal ‘Libbensbloei’ is skreaun yn 1902 en ferskynde foar it earst yn Ruth. In hânfol ieren (1910). Ik haw it keazen, omdat it ferhaal en guon reaksjes dêrop oanlieding wiene ta

fermoedens fan in foarkar foar frouljusleafde by Kloosterman. It soe in bykomstichheid wêze yn myn ûndersyk, tocht ik, wend as men is om jin te skikken yn ’e heteroseksuele noarm fan ’e wrâld. It is oars beteard, de analyze fan ‘Libbensbloei’ en de reaksjes op dat ferhaal binne de kearn fan ’e skripsje wurden. Ut dy analyze wei gean ik yn op ’e roman De Hoara’s fen Hastings. Dy jout in goed byld fan Kloosterman har skriuwen. Yn dy oare langere proazawurken, sjoch par. 4.3., mei se oare saken, oare tiden beskreaun hawwe, men werkent har styl en motiven. Meidat se yn De Hoara’s fen Hastings sa’n ferskaat oan minsken beskreau, soe de roman him ek goed liene kinne, tocht ik, foar in neiere stúdzje fan de (skynbere) ideeën achterôf oer gender, de ferskillen tusken manlikens en froulikens, fan Kloosterman en fan ’e besprekkers fan har wurk.

6 Oppewal, e.a., Wind, 2006. 7

Knol begjint dat boek mei in ferlykjen fan de poëzy fan Simke Kloosterman mei dy fan Rixt.

8 Gezelle Meerburg, Macht, 1989.

9 Meijer, ‘het heldinnengefoel’, Lust en gratie, 1989, s. 90. 10

Jensen, Verheerlijking, 2008, s. 107.

11

https://twitter.com/AlettaEQuality. Tweet nei oanlieding fan ‘kitchen table seminar’, lêzing fan Lotte Jensen op 27-6-2012.

12

(7)

De haadfraach yn dizze skripsje is: Hoe ferhâlde it skriuwen fan Kloosterman, it ferhaal ‘Libbensbloei’ en de roman De Hoara’s fen Hastings en de resepsje fan dat proaza har ta de begripen ‘gender’ en ‘queer’ en wat seit dat oer de (eventueel ferburgen) machtsferhâldingen yn ’e Fryske literatuer yn de earste helte fan ’e tweintichste ieu? Dat liedt ta de neikommende subfragen.

De earste subfraach hat betrekking op it skriuwen as aksje/hanling (Haadstik 2). Hoe kaam Kloosterman, as frou, derta om har op it skriuwen te smiten en hoe hold se dat in libben lang fol? It ferrin fan har libben skets ik koart yn par. 2.1. Wat krige se fan hûs út mei? Watfoar oplieding krige se en hoe bysûnder wie dat foar in famke yn dy tiid? Hie se foargongers yn Fryslân dêr’t se har troch ynspirearje liet? Wat wiene ynspirearjende foargongers en tiidgenoaten yn oare taalgebieten? En wa wiene har tiidgenoaten yn Fryslân (par. 2.2.)? Wat betsjutte Douwe Kalma, de lieder fan de Jongfryske Mienskip, foar har en har skriuwen (par. 2.3.)? De Hoara’s fen Hastings wurdt sjoen as de earste folsleine roman en It Jubeljier as de earste histoaryske roman yn it Frysk.13 Is it net opmerklik dat in frou dizze wapenfeiten op har namme skreau? De Fryske literatuer waard dominearre troch manlju. By de Nederlânske literatuer14 en de wrâldliteratuer15 wie dat ek sa, mar dêr wiene wol folle langer ek froulju literêr aktyf. Wat sei Kloosterman sels oer har skriuwen yn ynterviews en by oare gelegenheden (par. 2.4.)? Watfoar plicht lei se harsels op (par. 2.5.)?

De twadde subfraach is rjochte op queerteory en it ferhaal ‘Libbensbloei’ (Haadstik 3). Yn par. 3.1. jou ik in oersjoch fan ’e ferhalebondels foar folwoeksenen dy’t Kloosterman skreau. Ik gean yn op queerteory yn par. 3.2.1. It ferhaal fetsje ik gear yn par. 3.2.2. Wa is Ant oan wa’t ‘Libbensbloei’ opdroegen is en wa is de ‘ik’ út waans perspektyf it ferhaal ferteld wurdt? Is it in autobiografysk ferhaal? Moatte of kinne wy it opfetsje as in ferhaal oer frouljusleafde, as in lesbysk ferhaal? Is it genôch om Kloosterman ta lesbyske heldinne út te roppen? Wat betsjutte de reaksjes fan û.o. Douwe Kalma en Wike Zylstra op dat ferhaal? Wat sei de reaksje fan Obe Postma (par. 3.2.3.)?

De tredde subfraach draait om genderteory en De Hoara’s fen Hastings (Haadstik 4). Yn par. 4.1. gean ik yn op genderteory. Watfoar genderfoarstellings sette Kloosterman ús foar troch middel fan it hâlden en dragen fan de (haad)personaazjes yn dat boek? Spilet yn har wurk ek wat de Amerikaanske literatuerwittenskippers Gilbert en Gubar beskreaune yn The Madwoman in the Attic (1979) foar de froulike (Ingelske) skriuwsters yn ’e njoggentjinde ieu en harren wurk? ‘Works whose surface designs conceal or obscure deeper, less accessible (and less socially acceptable) levels of meaning’. Sy woene ha, skriuwsters soene literêre autoriteit besocht ha te krijen troch har safolle mooglik te konformearjen oan manlike literêre noarmen en tagelyk stelden se dy noarmen oan ’e kaak. Dat dat lêste negearre waard troch besprekkers, soe west hawwe omdat de skriuwsters it froulike yn harren wurk te folle ferburgen. Boeken fan froulju soene alsa ferburgen betsjuttings ha en ‘nuver’ oandwaan ferlike mei manlike wjergaders. De skriuwsters sels liken isolearre eksintrikelingen (par.

13

Krol, yn: Oppewal, e.a., Wind, 2006, s. 104.

(8)

4.2.).16 Wat skreau Kloosterman noch mear oan langer proaza nei De Hoara’s fen Hastings (par. 4.3.)? Foldie Kloosterman har proaza, benammen De Hoara’s fen Hastings, oan de genderferwachtings fan ’e besprekkers? Watfoar man-/froubylden hiene de besprekkers troch de tiid hinne en koene se dêr altyd mei út ’e fuotten by it besprekken fan De Hoara’s fen Hastings (par. 4.4.)? Binne ferburgen betsjuttingen boppe wetter helle of te heljen? Kin Kloosterman heldinne fan ’e frouljusliteratuer neamd wurde (par. 4.5.)?

Yn Haadstik 5 lûk ik de konklúzjes oer Kloosterman har skriuwen, har proaza en de resepsje fan har proaza. Is Kloosterman in (problematyske) heldinne en fan en foar wa dan?

Mei dizze skripsje wol ik in oanset jaan foar mear gender- en queerûndersyk binnen de Fryske literatuerwittenskip, ta meardere kennis fan de (eventueel ferburgen) machtsferhâldingen tusken froulju en de manlike noarm en tusken homoseksualiteit en de heteroseksuele noarm binnen de Fryske literatuer.

Fan septimber 2011 oant en mei augustus 2012 haw ik mei de skripsje dwaande west. Ik betankje myn begelieder prof. dr. Goffe T. Jensma foar alle oanwizingen, opmerkingen en wize rie. Myn (dieltiid)wurkjouwer de Fryske Akademy betankje ik foar de morele en finansjele stipe by de stúdzje. Ik tankje ek de meiwurkers fan Tresoar foar de soepele tsjinstferliening en de behearder fan it Simke Kloosterman-hûs foar de gastfrijens.

Op Twitter haw ik hast deistich ferslach dien fan myn skripsjekrewearjen. Dat is nei te lêzen op: https://twitter.com/skripperje. Myn ‘Volgers’ betankje ik foar harren belangstelling en reaksjes. Dêrneist wol ik elkenien tanksizze dy’t my it ôfrûne stúdzjejier op hokker wize ek stipe jûn of moed ynsprutsen hat.

Yn it bysûnder sis ik ús heit en mem tank, dy’t der net oer ynsieten, en Gatske – dy’t in healjier lyn al sei: ‘Meitsje it no even ôf’ – foar alle geduld.

Janneke Spoelstra Alde Leie, augustus 2012

(9)

Haadstik 2 In frou dy’t skriuwe kin

Yn dit haadstik jou ik, lykas sein, yn grutte linen Kloosterman har libbensrin (par. 2.1.). Wie se in pionier of stie se yn in lange tradysje fan proazaskriuwers? Wa wiene har foargongers en tiidgenoaten yn Fryslân en yn oare taalgebieten (par. 2.2.)? Wat betsjutte Douwe Kalma foar har (par. 2.3.)? Wat sei se oer har eigen skriuwen yn ynterviews en by oare gelegenheden (par. 2.4.) en wat seach se as har plicht (2.5.)?

Simke Kloosterman as jonge frou.17

2.1. Libbensrin

Simke Kloosterman waard op 25 novimber 1876 berne yn Twizel as dochter fan Jan Ritskes Kloosterman en Trijntje Jans Beintema. Simke har heit folge syn heit, Ritske Kloosterman, op as boer, mar doe’t dy stoar liet Jan Ritskes it buorkjen oer oan in setboer. Hy hie mear nocht oan oare dingen, û.o. oan dichtsjen. De húshâlding ferfear yn 1881 nei it rinteniershûs oan ’e oare kant fan ’e dyk dat pake Ritske sette litten hie.18 Simke bleau iennichst bern. Se gie earst op ’e legere skoalle yn Bûtenpost en letter nei de Hofskoalle yn Ljouwert. Dêrnei gie se nei in partikuliere H.B.S. yn Grins en doe noch nei in kostskoalle yn Wijk-bij-Duurstede. Yn Grins krige se letter persoanlike lessen, benammen foar taal en muzyk. Se wennen dêr doe ek. 19 It houlik fan har âlden wie net goed. Har heit

17

Foto makke troch J.F. Blöte, yn Grins, Tresoar: Simke Kloosterman F-0014.

18

Breuker, yn: Kloosterman, Hoara’s, 1992.

19

(10)

makke alle jierren lange reizen nei it bûtenlân. Yn 1898 ferfearen se nei Apeldoarn. It hûs yn Twizel holden se troch de jierren hinne oan.20

Kloosterman publisearre har earste literêre wurk yn it Hollânsk, doe’t se yn Grins op skoalle gie, yn it tydskrift De Hollandsche Lelie, weekblad voor jonge dames. Se krige in ‘eervolle vermelding’ foar in stik oer Katharine H. fan Ruslân, dat se opstjoerd hie op in priisfraach fan dat blêd.21 Har heit, dy’t sels yn it Frysk dichte, moedige har oan om yn it Frysk te skriuwen. Kloosterman har earste Fryske fers waard pleatst yn it tydskrift fan Waling Dykstra, Sljucht en Rjucht, yn 1898. Dat wie it fers ‘Winternocht’, ûnder de skûlnamme ‘in Frysk famke’. Yn 1901, doe’t har âlden útelkoar giene, ferhuze Simke nei Grins. Har mem wenne meast by har. Har heit meast op himsels. 22

Simke Kloosterman hat ferloofd west mei in dokter Kuipers,23 dy’t har mei ha woe nei Holwert, dêr’t er in praktyk oernimme koe, mar sy ferbruts de ferloving yn 1901.24

Waling Dykstra trune Kloosterman oan om ek ferhalen te skriuwen. Dy kamen der en waarden ek publisearre yn Sljucht en

Rjucht. 25 Yn 1910 ferskynde har earste boek, Ruth. In hânfol ieren. It is in samling fan ferhalen en fersen.

Jan Ritskes Kloosterman stoar yn 1914. Dêrnei ferhuze Simke mei har mem nei Den Haach. Simmers wiene se faak yn it hûs yn Twizel.26

Yn 1915 naam Douwe Kalma (1896-1953) kontakt mei Kloosterman op, nei oanlieding fan de blomlêzing dy’t er op priemmen hie. Se rekken befreone en mear as dat. Yn 1916 skreau Kalma in brief oan Kloosterman dêr’t er syn leafde foar har yn útspruts.27

Sy reagearre dêr ek mei in brief op. As it leeftydsferskil foar him net in beswier wie, skreau se, dan wie it dat foar har ek net. 28 Har mem ferstoar op Simke har jierdei fan datselde jier.29

Op 1 juny 1918 hawwe Kalma en Kloosterman har ferloofd.30 Yn desimber fan dat jier ferbruts Kloosterman de ferloving. Se holden wol kontakt en skreaune en troffen elkoar geregeld. Kloosterman wie ek in skoft belutsen by de Jongfryske Mienskip en de redaksje fan Frisia.31 Kloosterman en Kalma hiene elkoars literêr wurk wakker heech (sjoch par. 2.3.).

Yn 1921 publisearre Kloosterman de roman De Hoara’s fen Hastings. Dat boek wurdt, lykas sein, sjoen as de earste Fryske roman. De roman giet oer in boerefamylje, de Hoara’s dy’t wenje yn it

20

Breuker, yn: Kloosterman, Hoara’s, 1992.

21 Kloosterman, yn: A.N., ‘Jiff. S. Kloosterman’, S. en R., 1924. 22

Breuker, yn: Kloosterman, Hoara’s, 1992.

23

G. (Goasse? Groustra (hy neamde yn it artikel syn heit, J.R. Groustra, dy’t de pianostimmer wie fan Simke Kloosterman yn Den Haach)), ‘Simke Kloosterman wie in bijeftige Fryske skriuwster’, Friesch Dagblad (hjirnei FD), 15-5-1976.

24

Reportaazje mei Ph.H. Breuker, Dina Simonides en frou Schaap-Wiersma. Aly v.d. Mark, 6-11-1980 (Tresoar AV: 06290).

25

Kloosterman, yn: ‘Ho’t ik ta Frysk skriuwen kaem’, Leeuwarder Courant (hjirnei LC), 6-8-1932.

26

Breuker, yn: Kloosterman, Jubeljier, 1994, s. 413.

27 Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 22 (30-10-1916). 28 Ibid., s. 25 (2-11-1916). 29 Ibid., s. 28 (27-11-1916).

30 De ring dy’t Kloosterman fan Kalma krige stiet wol op ’e foto (Tresoar: Simke Kloosterman F-0003), mar is stellen yn

1992, by in eksposysje fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum yn Ljouwert (sjoch http://www.facebook.com, Uitgeverij Wijdemeer, 25-4-2012).

(11)

wâlddoarp Hastings, dêr’t Twizel model foar stien hat. Neffens Kloosterman har eigen sizzen soene de personaazjes wier bestien ha (sjoch par. 4.2.). Yn 1926 ferskynde It Jubeljier, de earste Fryske histoaryske roman, dy’t yn ’e Frânske tiid (1793-1813) spilet. Kloosterman har eigen foarâlden, ôfkomstich fan Bowekleaster by Aldwâld, spylje dêr in rol yn. Yn 1928 publisearre Kloosterman De

Twiljochtteltsjes, dy’t ûntstien wiene as se by lju útfanhuze dy’t bern hiene. Faak fertelde se dy bern

dan by skimerjûn in teltsje.32 Har fersen bondele se yn De wylde fûgel, dy’t ferskynde yn 1932.33

Fan april 1932 ôf wenne Simke Kloosterman wer yn Fryslân. Se hie, sa’t se Kalma skreau, it idee dat har tiid yn Den Haach foarby wie. ‘De pinnen fen myn tintsje bigjinne al losser to stean,’34 skreau se. ‘Den Haech seit my neat mear, ik bin der sa los fen det’.35

Se kocht in hûs yn Ljouwert, Ibisstrjitte, nû. 45, oan ’e westkant fan ’e stêd. Dy huzen wiene doe krekt boud. Ek doe wie se simmers geregeld yn it hûs yn Twizel. De doarpsbewenners seine dan: ‘De frelle is der ek wer’.36

Yn 1932-’33 ferskynden fan Kloosterman har hân Lyts Teltsjeboek for Fryske bern en Great

Teltsjeboek for Fryske bern. Yn 1933 publisearre se de novelle Hengist en Horsa, in leginde dy’t se

bewurke hie ta in eigensinnige Fryske fariant. Yn 1936 kaam Ut de gielgoerde út, in blomlêzing fan har novellen. It Jubeljier waard yn 1936 as ‘Skaed en Ljocht’ opfierd yn Kollum foar tûzenen.37 Yn 1938 ferskynde in itensiedersboek fan har hân, Ut de Fryske petiele.38

Datselde jier, 1938, rekke Kloosterman yn it sikehûs. De behanneljend dokter hat se in pakje papieren dat se by har hie oerhandige. Hy moast har tasizze dat er dat ferbrâne soe. Dat sil er dien ha, it is oant no ta teminsten net foar it ljocht kommen. Op 5 desimber 1938 ferstoar se oan maachkanker.39

Kloosterman waard begroeven yn Twizel op 9 desimber 1938. Der kamen in soad minsken op ôf, út it doarp sels, mar ek lju fan fierren en gâns Fryske foaroanmannen. Der wie in rige fan sprekkers, fan wa’t Kalma, as ‘de bêste frjeon fen de forstoarne’ de earste wie. 40

Se hie har begraffenis en har neilittenskip oant yn details regele, sa’t se fûn dat in frou fan ‘Fryske boere-adel’ dat hearde te dwaan.41 Op har grêfstien stiet: ‘Hjir rêst de skriuwster Simke Kloosterman yn har dierbere Fryske groun, 1938’.42

Yn 1944 kaam, posthúm dus, Ut de gielgoerde, oarde diel út, in twadde samling fan ferhalen, ûnder redaksje fan Kalma. Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen der ferskate werprintingen fan

32 Kloosterman, yn: ‘Ho’t ik ta Frysk skriuwen kaem’, LC, 6-8-1932. 33

http://www.tresoar.nl > http://www.sirkwy.nl/titel/146 ‘Kloosterman, Simke, Libben en wurk’.

34

Kloosterman, yn: Simonides, briefwiksel, 1976, s. 364 (3-1-1932).

35

Ibid., s. 367 (29-2-1932).

36 G., ‘Simke Kloosterman wie in bijeftige Fryske skriuwster’, FD, 15-5-1976. Neffens deselde yn itselde artikel fûnen oaren,

dy’t har by ferkeapingen troffen, dêr’t se belang hie by boere-antyk, har mar ‘in nuver wiif’.

37 Breuker, yn: Kloosterman, Jubeljier, 1994, s. 424. 38

http://www.tresoar.nl > http://www.sirkwy.nl/titel/146 ‘Kloosterman, Simke, Libben en wurk’.

39 Breuker, yn: Kloosterman, Hoara’s, 1992, s. 209.

40 ‘Simke Kloosterman to hôf brocht’, Leeuwarder Nieuwsblad, 10-12-1938. 41 G., ‘Simke Kloosterman wie in bijeftige Fryske skriuwster’, FD, 15-5-1976. 42

(12)

Kloosterman har wurk.43 De Hoara’s fen Hastings waard yn 1981 spile as iepenloftspul yn Burgum as ‘Fokke Hoara’.44

Oer Kloosterman har libben waard yn 2011 noch in iepenloftspul makke op De Harkema.45

2.2. In pionier of ien út in lange tradysje?

Simke Kloosterman wurdt, lykas sein, neamd as de skriuwster fan de earste Fryske roman en de earste Fryske histoaryske roman. Yn Hollânsk en Europeesk perspektyf, ha der fansels in hiel soad proazaskriuwers en -skriuwsters foar har west.

Watfoar ynfloed hiene psychologyske, sosjale of kulturele betsjuttingen dy’t doedestiids oan it biologysk ferskil tusken man en frou ferbûn waarden op har skriuwen? Mei oare wurden, watfoar rol spile gender? Hoe kaam Kloosterman derta om har op it skriuwen fan Frysk proaza te rjochtsjen? Troch oplieding en earste publikaasjes yn it Hollânsk hie se besykje kinnen in plak te feroverjen binnen de Hollânske literatuer en dochs hat se de omslach makke nei it Frysk.

Ik sjoch nei de húshâlding en famylje dêr’t Kloosterman út wei kaam, watfoar ynfloeden se dêrfan meikrige (par. 2.2.1.). Ik gean yn op har oplieding. Hoe gewoan of ûngewoan wie dy (par. 2.2.2.)? Foargongers fan Kloosterman yn Fryslân besjoch ik yn par. 2.2.3. Foargongers en tiidgenoaten yn oare taalgebieten yn par. 2.2.4. Tiidgenoaten yn Fryslân komme oan ’e oarder yn par. 2.2.5.

It hûs yn Twizel dêr't Simke Kloosterman wenne hat.46

43

http://www.tresoar.nl > http://www.sirkwy.nl/titel/146 ‘Kloosterman, Simke, Libben en wurk’.

44

http://www.iepenloftspul.nl/histoarje/1980__1990/1981.

45http://www.iepenloftspuldeharkema.nl/index.php. 46

(13)

2.2.1. Fan hûs út

Simke har heit, Jan Ritskes Kloosterman, dichte, lykas hjirfoar al sein, yn it Frysk. Hy hat in pear dichtbondels útjûn, Fryscke wâldblomkes (1883), Finneblomkes: rimen en sankjes (1907) en Fryske

stikken (1912).47 Fan har memmekant wie Simke besibbe oan Eelke Meinderts, dy’t yn 1777 ‘Blijdschips betjoeginge’ en ‘Wolkomst winsk’ publisearre oer de besites dy’t Willem de Fyfde yn respektyflik 1773 en 1777 oan Ljouwert brocht. Yn 1779 publisearre Meinderts ‘It Libben fen Aagtje IJsbrants, of dy Frieske boerinne’.48 Simke har mem, Trijntje Jans Beintema, kaam fan Westergeast en wie út it laach fan de broer fan Eelke, Johannes Meinderts.49 Fan beide kanten hie Simke Kloosterman dus ‘skriuwersbloed’.50

Opmerklik is dat dy (foar)âlden skreaune yn it Frysk. Sy wie lykwols de earste frou yn ’e famylje, dy’t op ’e literêre toer gie.

Har heit hie in moaie biblioteek, foaral Frânsk en Dútsk, en sa learde se dy talen boartsjende wei, neist it Frysk, dat thús de fiertaal wie.51 As iennichst bern hoegde se net mei bruorren en/of susters te konkurrearjen om jild of oplieding. Har âldelju fûnen it blykber net frjemd dat se har op in skriuwkarriêre talei. Foar har heit oer hie se in genderfoardiel: as jonge waard hy achte de buorkerij oer te nimmen fan syn heit en mocht er net trochleare. Fan Simke, as famke, waard it oernimmen fan ’e pleats fan pake en heit net ferwachte, hoewol’t se yn har proaza wol in allinnichsteande boerinne opfierde, Hester Hoara, dy’t mei in arbeider en in faam in pleats beoardere (sjoch par. 4.2.).

Kloosterman sei oer de rol fan it Frysk yn ’e húshâlding: ‘It ... waerd by ús noait leechlein. It wier ... in stik fen in âlde famylje-tradysje, dêr’t ik like wiis mei wier as mei oare moaije dingen, dy’t út fiere tiid ta ús kaem binne’.52 Doe’t har earste Hollânske publikaasjes der wiene, trune har heit har, lykas sein, oan om yn it Frysk te skriuwen. Har mem folge har skriuwerij ek mei in protte belangstelling. Kloosterman skreau dêr letter oer oan Kalma: ‘Ho moedigen hja my altyd oan! Hwet wierne hja der wiis op, do ‘Beppe yn ’e fleur’ yn Sljucht en Rjucht stie’.53

It houlik fan Kloosterman har âlden mocht dan net goed wêze, se giene wol respektfol mei-inoar om. De brieven fan Jan Ritskes oan syn ‘Waarde Vrouw en Geliefde Dochter’, dy’t doe yn Grins oan ’e Reitdiepskade 8 wennen, joegen meast húshâldlike meidielings, byg. oer de oerdracht fan it hûs yn Twizel. Hy hie der dan in skoft west en gie op reis. Oer de reisbestimming wie er net sa dúdlik: ‘Ben gister vertrokken in oostelijke richting’54

of ‘Ik reken dat ik ... Woensdag ... vertrokken ben; waar heen

47

http://www.tresoar.nl > http://www.sirkwy.nl, Kloosterman, J.R.

48

http://www.tresoar.nl > http://www.sirkwy.nl, Meinerts, Eelke.

49 Wumkes, Bodders, 1926, s. 375. 50

Der is wol út en troch en fan ferskillende kanten twivel útsprutsen oer oft Simke no wol of net ien fan Jan Ritskes wie. By it útkommen fan de briefwiksel tusken Kloosterman en Kalma yn 1976, skreau Tineke Steenmeijer-Wielenga sels planút: ‘… ek al wie har natuerlike heit in oare man’ (LC, 27-11-1976). Hoe dan ek, Simke waard berne trije moanne nei’t har âldelju troud wiene. Dat hat miskien mei reden foar har west dat se har bertedatum net op har grêfstien ha woe. De suggestje dat har mem doe’t se troude mooglik swier wie fan in oare man is nijsgjirrich, lykas de suggestje dat Jan Ritskes faaks noch in dochter by de tsjinstfaam hie, mar ik gean der yn dizze skripsje fierder net op yn. De ynfloed dy’t Jan Ritskes op Simke hie, lei hoe dan ek benammen op it mêd fan de mienskiplike niget oan natuer en literatuer.

51

Simonides, ‘Eat oer it libben en wurk fan Simke Kloosterman: "de Hoara's" allicht har bêste wurk’, De Fleanende Krie, septimber, 1963.

52 Kloosterman, yn: A.N. (= Douwe Kalma, sjoch par. 2.4.), ‘Jiff. S. Kloosterman’, S. en R., 1924. 53 Kloosterman, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 179 (8-3-1919).

(14)

weet ik zelf niet’.55

Hy fertelde harren wol yn detail hoe’t se hûs en hiem oantreffe soene, lykas ‘de melk is van gisteren’ en ‘Eerbiedig de nesten ... Roer ze niet aan!’56

en dat der tusken de struken plankjes mei spikers leine om de doarpsjonges út ’e tún te hâlden. Hy skreau harren yn it Hollânsk, wylst hy en Simke doe beide al yn it Frysk publisearren.57 Hy rette Simke oan om Foeke Sjoerds oan te skaffen en Schotanus en Winsemius, om ‘alles ... over Friesland of daar betrekking op hebbende’ te lêzen.58 Kloosterman har âlden libben fan ’e hier dy’t lân en pleats opbrochten. Nei harren ferstjerren, koe Kloosterman dêr ek fan libje. Se koe har dêrtroch alhiel talizze op it skriuwerskip.59 Dêrmei beskikte Kloosterman oer twa belangrike faktoaren foar skriuwsters: se kaam út in artistike én begoedige famylje. Dat levere har mei har oplieding (sjoch hjirnei) foldwaande kultureel en ekonomysk kapitaal60 op om in plak yn te nimmen yn it Frysk-literêre fjild fan har tiid, de earste helte fan ’e tweintichste ieu. Se hoegde om it jild ek net te trouwen.

Jelma Knol, yn har boek oer Fryske dichteressen, murk oer Kloosterman op: ‘Dat sy dichteres en skriuwster wurdt is minder bysûnder as guonnent wol tinke’. Dichtsje, mar ek Frânsk leare, borduere en muzyk meitsje wie foar fammen út ’e hegere stân neat net frjemd.61 Foar it meastepart fan ’e famkes fan dy tiid lei it lân der hiel oars hinne.

Wat it minne houlik fan har âlden en it elitêr opbringen psychologysk mei Kloosterman dien hat, is min út te meitsjen, mar kultureel en ekonomysk besjoen, hie se it gelok fan âlden mei jild, dy’t har alle romte joegen om har te ûntjaan. Boppedat hie se it gelok dat der, foar famkes mei begoedige âldelju, mooglikheden wiene foar fuortset ûnderwiis. Dat sy dêr gebrûk fan makke, joech har dus in grutte foarsprong op in hiel soad oare fammen. Se fielde har dan miskien letter in wylde fûgel, se wie, wat har start yn it libben oanbelange, sosjaal en kultureel besjoen, foaral ek in geloksfûgel.

2.2.2. Oplieding

Simke Kloosterman gie earst nei de legere skoalle yn Bûtenpost. Letter gie se yn Ljouwert nei de Hofskoalle. Har âlden giene alle winters mei nei Ljouwert. Har oplieding hie tûzenen en tûzenen koste, sei se letter.62 De partikuliere H.B.S. yn Grins, dêr’t doe noch mar twa famkes op giene63 haw ik gjin gegevens fan achterhelje kinnen.64 Kloosterman folge yn Grins muzyklessen by de ferneamde

55

Id., brief 27-11-1913 (Tresoar: 078.330.3.9).

56

Ibid.

57 Oer dat fenomeen, dat de kontekst (lykas hjir it briefkjen) langer Hollânsk is as de tekst (heit en dochter yn dit gefal

skreaune beide Fryske fersen), skreau Goffe Jensma yn ‘Zure regen – enkele opmerkingen over uitgangspunten en methode van de Friese literatuurgeschiedenis naar aanleiding van Rients Fabers biografie van Lucius Columba Murray Bakker’, Us

Wurk, 2005, s. 63-75.

58

J.R. Kloosterman, brief, april 1913 (Tresoar: 606-610).

59

http://www.tresoar.nl > http://www.sirkwy.nl/titel/146 ‘Kloosterman, Simke, Libben en wurk’.

60

Reymenants, ‘Schrijven of koken’, Uitgelezen, nr. 3, 2006.

61

Knol, aerd, 1993, s. 19.

62

Kloosterman, yn: Simonides, briefwiksel, 1976, s. 179 (8-3-1919).

63 Kloosterman, yn: A.N., ‘Jiff. S. Kloosterman’, S. en R., 1924.

64 Der wiene in Ryks-HBS en in gemeentlike HBS yn Grins en der wie in ‘Meisjes-HBS’, de opfolger fan ’e ‘Franse school

(15)

muzikus, Johannes Worp.65 Dat moat foar har sechtjinde jier west ha, want de man stoar yn 1891.66 It wie yn de tiid dat Simke nei de H.B.S. gie, om 1890 hinne, noch frij útsûnderlik dat in famke fuortset ûnderwiis folge.67

De kostskoalle yn Wijk-bij-Duurstede, dêr’t Kloosterman nei de H.B.S. hinnegie, waard reklame foar makke yn it tydskrift De Hollandsche Lelie: ‘Dameskostschool te Wijk-bij-Duurstede’. Se learde dêr ta ûnderwizeresse, mar se hat noait foar de klasse stien. Se learde dêr net allinne goed Frânsk, Ingelsk en Dútsk, mar – neffens Kloosterman-kenner by útstek, dr. Dina Simonides – soe se der troch har muzyklearares dêre, Maeike Jansen út Harns, ek nochris wer op wiisd west ha hoe moai oft it Frysk wie.68 Foar in famke fan it Fryske plattelân yn dy tiid, ein njoggentjinde ieu, krige Kloosterman dus in tige oplieding mei.

In moai tydsbyld fan dy tiid, doe’t Kloosterman har oplieding ôfrûne en begûn te skriuwen, jout in nûmer út 1894 fan De Hollandsche Lelie. It fers ‘Herfst’ fan Eska sil de reden wêze dat it blêd werom te finen is yn ’e knipselmap fan Kloosterman by Tresoar. Ik nim oan dat it giet om in Hollânsk fers fan Kloosterman, mei har inisjalen S.K. útskreaun ta Eska as pseudonym. It wie natuerpoëzy mei in mankelike lêste strofe:

En weemoed grijpt het harte aan, bedenkend, Hoe kort al ’t schoone hier op aard’

Slechts bloeit om dan te welken, te vergaan. Gelukkig hij, die mag geloven,

Dat uit den dood nieuw leven zal ontstaan.

De earste trije rigels fan dy strofe, hoe algemien ek, lykje wol in oankundiging fan wat se letter yn it Frysk skriuwe soe. In oare bydrage yn dy edysje wie û.o. in besprek fan in toanielstik nei in roman fan Dostojewski. Dat besprek begûn mei in libbensskets fan de Russyske skriuwer, dy’t drige eksekutearre te wurden, nei Sibearië ferband waard en lottere werom kaam: ‘Gogol had met de Russen en hunne tekortkomingen gespot, Dostojewski leed en leefde met de beleedigden en verdrukten’. Der wie ek in ‘Bekroond opstel: Eene eerste betrekking’. Oer hoe’t famkes har gedrage moasten yn harren earste tsjinst: ‘Kwade gewoonten moeten worden afgewend, goede worden aangenomen’. En der wie in

65 Kloosterman, yn: A.N., ‘Jiff. S. Kloosterman’, S. en R., 1924. 66

Zwart, ‘De man van het zwarte koraalboek’, Reformatorisch Dagblad, 19-04-1991 (www.digibron.nl).

67

In oersjoch fan ’e lanlike gegevens fan dielnimming fan famkes oan Ryks-HBS, MMS en Gymnasium fan 1870-1920. Tabel 12. Deelname meisjes aan onderwijs op HBS, MMS en gymnasium

jaar HBS MMS gymnasium 1870 --- 92 --- 1880 103 929 --- 1890 230 1299 100 (1895) 1900 751 1647 230 1910 2239 1688 611 1920 5572 2133 1487

Bron: Bartels, Eeuw, 1963 (http://www.dbnl.org).

68 Simonides, ‘Eat oer it libben en wurk fan Simke Kloosterman: "de Hoara's" allicht har bêste wurk’, De Fleanende Krie,

(16)

artikel ‘De vrouwen in Zweden’, oer û.o. Fredrika Bremer, dy’t har útspruts oer de ûnrjochtfeardige behanling fan froulju yn har lân yn ’e roman Hertha.69

De skriuwster fan dat artikel, C. Collet70 út Noarwegen, skreau: ‘Zweden staat aan de spits der noordelijke landen, ten opzichte van de maatschappelijke positie van de vrouw’.71

It tydskrift De Hollandsche Lelie hie as doel de iene kear op te treden as ‘hartelijk meenende vriendin’ en in oare kear as ‘onderwijzeres’.72

As dat nûmer fan it tydskrift represintatyf is foar wat der yn ’e oare nûmers stie, jout it wol oan dat Kloosterman, as lêzer fan dat blêd, in moai breed sicht mei krige op ’e (wrâld)literatuer en ek op maatskiplike kwestjes yn ferskillende plakken op ’e wrâld. Dat se ek bydragen levere oan it blêd jout oan dat se net allinne passyf, mar ek aktyf dielnaam oan ’e Hollânsktalige wrâld dêr’t se troch har oplieding yn tahold.

2.2.3. Foargongers yn Fryslân

Yn Fryslân binne net folle skriuwsters oan te wizen dy’t Frysk proaza skreaune foardat Kloosterman dat die. Skriuwers wiene der wol, bygelyks Waling Dykstra, mar dat gie meast om koarter wurk. Foar Kloosterman fan belang hat faaks ek west, dat Tsjibbe Gearts van der Meulen wol by harren oer de flier kaam en dan foardroech út syn wurk.73 It wiene de heechtijdagen fan ’e folksskriuwerij. Dat der net folle proazaskriuwers wiene, hie alles te meitsjen mei dat it Frysk as skriuwtaal krekt yn ’e rin fan ’e njoggentjinde ieu nij libben ynblaasd waard ûnder ynfloed fan de Fryske beweging.74

Nynke fen Hichtum (skriuwersnamme fan Sjoukje Bokma-de Boer (1860 – 9-1-1939), in dûmnysdochter út Nes (Dongeradiel) dy’t troude mei Piter Jelles Troelstra) skreau lykas Simke Kloosterman proaza en poëzij, foar bern en foar grutten, yn it Hollânsk en yn it Frysk.75 Sy skreau har langer proaza, byg. Afke’s tiental (1903) yn it Hollânsk. Folle letter ferskynden dy boeken krekt yn Fryske oersettings.76 Sy is miskien, wat it koartere proaza en de berneferhalen, wol de iennige echte foargongster fan Kloosterman binnen Fryslân. Wat Kloosterman fan Nynke fen Hichtum har wurk fûn, is net bekend.77

Trui Jentink (1852-1918), ek in dûmnysdochter, út Nijlân, dy’t troude mei Oebele Stellingwerf, hie grutte bewûndering foar Waling Dykstra. Se skreau ferhalen, ‘fúljetons’, yn it Friesch Volksblad. Har ûnderwerpen wiene û.o. it frouljuskiesrjocht en bestriding fan prostitúsje. Se hie kontakt mei

69

Bremer, Hertha, 1856 (http://neww.huygens.knaw.nl/works/show/512) (sjoch ek par. 2.2.4.).

70 Sjoch, wat Collet (Camilla) oangiet, ek par. 2.2.4. 71

De Hollandsche Lelie, weekblad voor jonge dames. L.J. Veen, Amsterdam. 7-11-1894.

72

http://www.kb.nl/galerie/tijdschriften/302.html.

73 Dotinga, ‘Bitinking fiifentwintigste stjerjier fan skriuwster Simke Kloosterman’, De Stim fan Fryslân, 22 novimber 1963. 74

Oppewal, e.a., Wind, 2006, s. 58.

75

Holtrop, Nynke, 2005.

76

De Fryske oersetting fan Afke’s tiental, De tsien fan Martens Afke, ferskynde yn 1957 (oersetting: T. Eisenga-de Groot).

77 Sy komt bygelyks net foar yn it nammeregister by de briefwiksel fan Kloosterman en Kalma: Simonides, Nammeregister,

(17)

lanlike feministes en gie rûnom hinne te sprekken.78 Wat Kloosterman fan Trui Jentink har wurk fûn, is ek net bekend.79

Kloosterman sil, mei trochdat har heit dichte yn it Frysk, wol bekend west ha mei wat der yn it Frysk ferskynde oan dichtwurk en yn tydskriften. Wat har dichtwurk oanbelanget, sil se foar in part har ynspiraasje wol fine kinnen ha yn it dichtsjen fan har heit en yn wat se yn ’e tydskriften lies. Wat har proaza oanbelanget, sil se har foarbylden benammen bûten Fryslân socht en fûn ha.

2.2.4. Foargongers en tiidgenoaten yn oare taalgebieten

It falt net ta om foargongers en tiidgenoaten yn oare taalgebieten oan te wizen mei in direkt ferbân ta Kloosterman. Se hat har sels net bot útlitten oer wa’t har foarbylden wiene, keken as se wie op ’e oarspronklikheid fan har wurk. Wol hat se sein, yn in ynterview, dat se troch har oplieding kennis hie fan ’e hegere literatuer en dat se der ek nei stribbe ‘om dat bettere to berikken’ (sjoch par. 2.4.). As lêzeresse fan De Hollandsche Lelie waard se ynformearre oer de ynternasjonale kulturele wrâld. Yn Den Haach siet se ticht op it sintrum fan ’e kulturele wrâld yn Hollân: ‘Det hat in greate stêd foar, for in bytsje jild kin min fen alle ding, yen gaedlik, hwet mei nimme’.80

De hjirfoar neamde Skandinavyske skriuwsters, Fredrika Bremer út Sweden en Camilla Collet út Noarwegen, kinne goed as foarbylden foar Kloosterman tsjinne ha. Direkte oanwizings dêrfoar binne der net,81 mar mei it foarbykommen fan dy skriuwsters yn itselde nûmer fan De Hollandsche

Lelie as dêr’t in fers fan Kloosterman yn stie, kin men oannimme dat Kloosterman fan harren bestean

wist. Der binne wol parallellen oan te wizen tusken harren libbens en dat fan Kloosterman. Fredrika Bremer (1801-1865) keas der bewust foar om allinne te bliuwen. Se spruts geregeld oer de foardielen dêrfan. Doe’t se 22 jier wie skreau se yn har deiboek: ‘Trou noait, Fredrika, wês sterk. Do silst der sa’n spyt fan krije’.82

Ta ferliking, Kloosterman ferbruts twa kear in ferloving.83

In parallel tusken Camilla Collet (1813-1895) en Kloosterman is dat se beide in heit hiene dy’t de dochter in goede oplieding gunde en jaan koe, dy’t de dochter oanmoedige yn it skriuwen en har mei op reis naam. Collet krige in oplieding yn Denemarken en reizge mei har heit heal Europa ôf.84 Har boek Amtmannens Døtre (1854-55) wurdt sjoen as de earste Noarske moderne roman, de earste sosjaal-krityske roman, it earste boek yn Noarwegen dat yngie op frouljussaken en skreaun is út in froulik perspektyf.85 Sy rjochte har, oars as Kloosterman, yn har skriuwen eksplisyt op frouljuskwestjes.

78 Knol, ‘Geertruida Christina Stellingwerf-Jentink, de earste Fryske feministe’, De Moanne, nû. 3, 2003. 79 Trui Jentink komt ek net foar yn Simonides, Nammeregister, 1976.

80

Kloosterman, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 345 (21-9-1930).

81

Sy komme beide byg. ek net foar yn Simonides, Nammeregister, 1976. En ek net yn de reisferhalen ‘Denemarken’, ‘Noarwegen’ en ‘Sweden’ dy’t Kloosterman skreau yn 1926 en dy’t yn S. en R. ferskynden.

82 McFadden, Cables, 1999. 83

De earste, mei dokter Kuipers, witte wy fierder net folle fan. Foar de twadde, mei Douwe Kalma, sjoch par. 2.3.

84

http://www.womenwriters.nl/index.php/Camilla_Collett.

85

(18)

Al foar it útkommen fan De Hoara’s fen Hastings waard Kloosterman har wurk ferlike mei dat fan ’e Sweedske skriuwster Selma Lagerlöf.86

Fan Lagerlöf (1858-1940) binne yn ’e njoggentiger jierren fan ’e foarige ieu brieven útjûn, dêr’t in passionearre leafde út bliken die foar in frou: ‘... my companion in life and letters’. Wiene der fan Kloosterman mar sokke brieven. Fermoedens oer it miskien lesbysk wêzen fan Simke Kloosterman binne, lykas sein, nei har dea út en troch utere (sjoch fierder haadstik 3).

Lagerlöf beskreau yn har boeken allinne heteroseksuele leafdes, dy’t wol gauris oer de grinzen giene of misbetearden, en gauris drige útstjitting.87 Yn it wurk fan Kloosterman tilt it ek op fan misbetearde leafdes, byg. dy fan Fokke en Tine yn De Hoara’s fen Hastings (sjoch par. 4.2.). Kloosterman sels referearre oan Selma Lagerlöf en har boek Gösta Berling yn it reisferhaal nei oanlieding fan har reis nei Denemarken, Noarwegen en Sweden: ‘En nou hjoed giet it op Uppsala ta, troch it moaije poëtyske lân fan Selma Lagerlöf. Hjir grienje hjar bosken, hjir bloeije hjar blommen, hjir sjitte de stevige tabaksplanten op en koesterje hjar yn de felle Sweedske sinneskyn, hjir spegelje hjar de âlde lustslotten út ‘Gösta Berling’ yn de stille fivers’.88

Der stiet ien boek fan Lagerlöf yn ’e boekekast fan it Simke Kloosterman-hûs, Herinneringen

van een kind. Kloosterman krige it, neffens de opdracht foaryn, fan kunde yn 1931.89 Kloosterman beskreau yn har proaza ek allinne heteroseksuele leafdes. Inkeld it ferhaal ‘Libbensbloei’ leit dúdlik iepen foar oare ynterpretaasjes (sjoch par. 3.2.).

It boppeneamde reisferslach fan Kloosterman oer Skandinavië docht yn syn beskriuwing fan lân en minsken tinken oan de Ingelske Mary Wollstonecraft, dy’t ferneamd is om har Letters Written During

a Short Residence in Sweden, Norway and Denmark (1796).90 Kloosterman: ‘As men de Denen sa sjucht, it plompe fen hjar biweech, de moai domme útkyk fen hjar eagen’, dan woe it Kloosterman hast net oan dat der ek immen as Hans Christian Andersen ûnder harren wenje koe. Oer de Sweden: ‘Alles ynienen oars, it type fen folk, echte aristokraten’.91

Moai generalisearjend alsa, sa’t Wollstonecraft ek die. Dy wie dêr foar saken, Kloosterman foar har plezier en 130 jier letter.

Om mear mooglike foarbylden fan Kloosterman op te spoaren, soe men ôfgean kinne op Kloosterman har biblioteek. Se achte lykwols mar inkele boeken it besit wurdich. ‘In hiel inkele kipt him der út en komt yn ’e boekekast. Meast is ’t den noch skiednis – forhalen jou ’k net folle om, ef ’t moatte histoaryske wêze, byg. fen Marjorie Bowen ef Ignatia Lubeley’.92

Neffens har testamint is de

86

Yn 1921 ferlike Wike Zylstra ‘de forskoerrende wredens’ yn Kloosterman har ferhaal ‘By de fjouwersprong’ mei dy yn Selma Lagerlöf har Gösta Berling (sjoch par. 3.2.3.). Fierder ferwiist letter û.o. Dam Jaarsma nei Lagerlôf, ‘In besite op it Marbaeka fan Twizel. It slotsje dêr’t Simke Kloosterman wenne hat’, yn: Frysk en Frij (hjirnei F. en F.) 11-8-1951.

87

http://www.glbtq.com/literature/lagerlof_s.html.

88 Kloosterman, ‘Sweden’, S. en R., 1926, s. 696.

89 Lagerlöf har namme komt net foar yn Simonides, Nammeregister, 1976. 90

http://archive.org/details/letterswrittend00wollgoog.

91

Kloosterman, ‘Noarwegen’, S. en R., 1926, s. 425.

92

(19)

boekekast mei ynhâld nei Kloosterman har ferstjerren nei A.D. Wumkes gien.93 Guon boeken dêrút binne nei ferrin fan tiid grif nei de boekeplanken yn it Simke Kloosterman-hûs ferhuze. Dêr binne û.o. de presinteksimplaren fan Kalma syn boeken oan Kloosterman te finen. Mar fan Hollânske of bûtenlânske skriuwers treft men dêr, útsein it boppeneamde boek fan Selma Lagerlöf amper wat oan. Fan boppeneamde Marjorie Bowen (1885-1952), in Ingelske skriuwster, wurdt sein, dat se in grut ferskaat fan hertstochtlike ‘subjects’ yn it ljocht sette yn har romans.94 Dat sil Kloosterman grif oansprutsen ha. Ignatia Lubeley wie in skûlnamme fan Johanna Engelberts (1880 -1953), dy’t de helte fan in skriuwende twilling wie. Fan Johanna Engelberts kaam yn 1910 in bondel, Novellen, út. Har twillingsuster Fraucke en sy hiene as ûnderwerp in sterke foarkar foar aadlike famyljes yn ’e achttjinde ieu.95 Dêr hie Kloosterman fansels ek niget oan, sjoch It Jubeljier.

Kloosterman hie in soad lêzen, thús al, yn har oplieding en neitiid. Se seach in soad toaniel. Se wie al mei al goed op ’e hichte mei de (wrâld)literatuer. Dúdliker mei in direkt ferbân oan te wizen, as foargongers en tiidgenoaten yn oare taalgebieten, binne har tiidgenoaten yn Fryslân. Dêr gean ik yn ’e neikommende paragraaf op yn.

2.2.5. Tiidgenoaten yn Fryslân

Neist Waling Dykstra dy’t Kloosterman oanpoende om wurk op te stjoeren foar syn tydskrift, hat ek Jan Jelles Hof ynfloed hân op Kloosterman har skriuwerij. Se skreau dêroer oan Kalma: ‘Hy fitere my tige oan ... As Hof my doe net sa heech set hie en oanmoedige, hie de kans great west, det ik ús tael lofts lizze litten hie en my nei hollânsk bijown hie’. Se wiisde derop dat se al in pear jier oan De

Hollandsche Lelie meiwurke hie: ‘Myn wirk (waerd) der tige wardearre, hiel hwet mear as yn ’e

fryske kringen fen dodestiids, hwer de leech-by-de-groune koartswyl hoates en toates wie’.96

Obe Postma (1868-1963) stjoerde in eksimplaar fan syn dichtbondel Fryske lân en Fryske

libben oan Kloosterman. Dy betanke him dêrfoar: ‘It stie my tige oan dat Jy my ek bitochten mei in

eksimplaar fen Jo yn print útkommen dichten. Alde bikenden foun ik deryn ... dat moaije boerinne fen Surch! ... ik hoopje Jo noch faken sjongen to hearren en detjinge yn fersen to forklankjen, hwet as harpelûd oer Jo siele rûst’. Sy fertelde yn dy brief dat se dwaande wie mei in histoarysk ferhaal oer patriotten en prinselju en dat se yn ’e redaksje fan Frisia siet. 97

Se hope dat Postma dêr ek ris wat fan syn wurk hinne stjoere soe. Postma reagearre nei Kloosterman har dea op har ferhaal ‘Libbensbloei’ (sjoch par. 3.2.).

De dichteresse Rixt wie trettjin jier jonger as Kloosterman. Der is wol rivaliteit te bespeuren by Kloosterman. Nei’t Kalma har frege om inkelde fersen beskikber te stellen foar Frisia, wegere se: ‘Der soe in gebrul opgean yn Fryslân ... En om as klucht to tsjinjen for it Fryske folk, né, derfoar achtsje ik

93

It testamint is yn te sjen yn it Simke Kloostermanhûs (Tresoar hat it yn kopy: Leeuwarden, FLMD : 080.151.1.5).

94http://www.independent.co.uk/arts-entertainment/books/features/forgotten-author-no22-marjorie-bowen-1546021.html. 95

http://www.biografischwoordenboekgelderland.nl/bio/3_Frauck_en_Johanna_Engelberts.

96

Kloosterman, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 231 (8-1-1922).

97

(20)

my sels fierst to heech ... Jy wite nou yn elts gefal ek, det Rixt net de earste wie mei hjar lyryske fryske fersen, mines wierne al folle earder skreauwn. Mocht it foarkomme, den ha’k der neat op tsjin, as det ruchtber wirdt: For in goed oersjoch fen ’e Fr. Letterkinde kin soks gjin kwea’.98

Reinder Brolsma is sawat tagelyk mei Kloosterman begûn te skriuwen. Syn ferhalen ferskynden ek yn Sljucht en Rjucht. Syn earste grutte proazawurk It Heechhôf kaam út yn 1926. Kloosterman wie gjin leafhawwer fan Brolsma syn wurk. Yn in brief oan Kalma yn 1927 skreau se: ‘Ef ik fiel eat moai ef net en den is der tsjinwirdich yn ’t Frysk mar in bytsje, det ik moai fyn. It measte is net bisonken genôch, to fluchtich sjoen, to journalistysk en det ha ’k ek tige op Brolsma syn wirk tsjin. It is allegear skets en der bliûwt it by’.99 Yn De Holder ferlike E.B. Folkertsma Kloosterman har proaza mei dat fan Brolsma: ‘Al ho aristokratysk hjar wirk yn earsten oan fiele mei, der is mar in inkele skriuwer yn Fryslân, dy’t sa nei bisibbe is oan ’e mystike folksmienskip. Hjirre is ien fen ’e forskelen twisken hjar en Brolsma: ek Brolsma forstiet it folkslibben, mar hy objektivearret it, wylst jiffer Kloosterman it subjektivearret’.100

Grif Kloosterman har foarnaamste tiidgenoat yn Fryslân, alhoewol tweintich jier jonger, wie Douwe Kalma. Op dy lange, yntinse freonskip gean ik yn ’e neikommende paragraaf fierder yn.

2.3. De briefwiksel mei Douwe Kalma

Yn 1976, hûndert jier nei de berte fan Kloosterman, waarden de brieven publisearre dy’t Simke Kloosterman en Douwe Kalma elkoar skreaune, foar safier’t dy bewarre bleaun wiene.101 Dr. Dina Simonides wie de besoarchster.102 Troch De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma kinne wy de libbens en tinzen fan Kloosterman en Kalma troch de jierren hinne folgje. It is in enoarme rike boarne en men soe winskje dat der folle mear briefwiksels fan Fryske skriuwers gearstald waarden.

Yn 1978 kaam der noch in lytse ‘Oanfolling’ op ’e briefwiksel, fan brieven dy’t A.D. Wumkes yn Twizel fûn hie nei it útkommen fan de briefwiksel.103 Fierder wie in weardefolle oanfolling op dy ‘Oanfolling’ de troch de skriuwster sels gearstalde listen fan har wurk, fan 1916 en fan 1936. Bysûnder oan dy listen is dat ek de net-publisearre fersen derop steane, dy’t wierskynlik yn 1938, mei it pakketsje dat de behanneljend dokter krige, ferbaarnd binne. It falt op dat der fan 1902, it jier dat se it ferhaal ‘Libbensbloei’ skreau, in tal fersen is mei titels dy’t leafdesfersen ferriede: ‘Ivich skaet, ivich

98

Kloosterman, yn: Simonides, Briefwiksel, s. 250 (5-12-1923).

99

Ibid., s. 292 (10-1-1927).

100

Folkertsma, yn: De Holder, 1927, s. 126-128.

101 Simonides, ‘Foaropwurd’, Briefwiksel, 1976.

102 Krekt doe’t Simonides mei pensjoen wie hie se de nedige tiid om it boek gear te stallen. Se wie, doe yn 1976, ek noch fan

doel in biografy oer Kloosterman te skriuwen. Se wie der al mei dwaande (neffens: Iepeningswurd fan Ds. A.D. Wumkes, by de oanbieding fan de briefwiksel), mar dat is him spitigernôch net wurden. Simonides kaam wol by Kloosterman oer de flier yn ’e tiid dat se as byfak Frysk folge en har ûnderwerp, op oanrieden fan lektor Piter Sipma, it wurk fan Simke Kloosterman wie. ‘Se wie hiel hertlik’, sei Simonides, ‘as jo har sympaty hiene, en dat hie ik, ik wit net wêrtroch of wêrom, mar ik hie it’. RONO-dokumintêre, mei û.o. Tiny Mulder dy’t mei Dr. Dina Simonides praat, 1976 (Tresoar, AV 06299).

103 It gie om brieven fan Kloosterman fan desimber 1915 (2x), fan april 1916 (2x) en fan 1930 (1x).Simonides, ‘Oanfolling’,

(21)

trou’, ‘Dû fregest my to sjongen...’, ‘For dy’, ‘Langstme’, ‘Trouwe Ljeafde’, ‘O as ’k dy ha’. It soe sa wêze kinne dat ferhaal en fersen mei-inoar te meitsjen hiene en de leafde foar deselde persoan beskreaune (sjoch fierder haadstik 3).

Guon lju, lykas Y., yn it Friesch Dagblad, seach noedlike kanten oan it útjaan fan ’e brieven: ‘Simke Kloosterman wie ... tweintich jier âlder en Douwe Kalma, hearde ta de saneamde trêdde sekse,104 dat in houlik tusken har soe gjin natuerlike basis krije kinne’.105 De mienskip mocht dan neffens Y. nei it uterlik akseptearje, de sensaasjesucht fan dyselde mienskip koe wolris de oerhân krije as dy brieven yn it ljocht brocht waarden.

De skriuwer fan ’e foarbeskôging fan ’e briefwiksel yn ’e Leeuwarder Courant fernuvere him deroer dat Kloosterman har sa lang fersinne kinnen hie yn Kalma, dy’t – sa wist dizze foarbeskôger ek al te melden – ‘ta de “tredde sekse” hearde’ en ‘men kriget de yndruk dat “Pimmy” (ek wol Pim Smots) har dat forsin letter net biwust west hat. Kalma bliuwt har bêste freon’.106

It kin ek wêze fansels dat Kloosterman har net fersinde yn Kalma, mar krekt in soad herkende. En immen ‘hearrende ta de tredde sekse’ kin út soarte ek wol in bêste freon bliuwe.

By it útkommen fan ’e briefwiksel skreau Tineke Steenmeijer-Wielenga: ‘Mocht in man al fan leafde en langstme sjonge, foar in biskaefde frou joech soks gjin pas ... Simke Kloosterman wie de earste frou fan bitsjutting yn de Fryske literatuer. It kin ús muoije dat hja mei har ynlikste fersen sa efterhâldend wie, wy binne tankber foar alles dat hja yn it ljocht jown hat’.107 Der wie, sa’t Kloosterman sels ek skreau (sjoch par. 2.3.2) in ferskil tusken wat feroarlove wie foar de ferskillende genderkategoryen. Manlju koene har mear permittearje as froulju.

2.3.1. De ferkearings- en ferlovingstiid

It kontakt tusken Douwe Kalma en Simke Kloosterman begûn yn novimber 1915 doe’t Kalma in briefke stjoerde nei de útjouwer fan Ruth. In hânfol ieren, mei de meidieling dat er yn de blomlêzing dêr’t er mei dwaande wie graach it fers ‘Keningssoannen’ út Ruth opnimme woe. Hy frege om tastimming dêrfoar. ‘Zou U mij tevens het tegenwoordig adres van mej. Kloosterman zelve willen mededeelen’.108

Dat krige er en de tastimming ek.

Kloosterman reagearre fuort optein. Se koe Kalma syn namme fan it boekje dat se kocht hie,

Nij-fryske biweging. ‘Binn’ Jy det altomets?’ It like har goed ta dat der ris in ‘flinke maitiidsstoarm oer

’e fjilden fen ’e fryske letterkinde waeit’.109

Se ferwachte fan Kalma en oaren fan ’e jongerein ‘een nieuwe lente en een nieuw geluid’.110

Se lies syn kritiken ek en seach ta har skrik dat Kalma sei dat har

104 ‘Derde sekse. Verouderde medische term voor lesbiennes en homoseksuelen’. Hemker en Huijsmans, Lesbo-encyclopedie,

2009, s. 65.

105 Y., ‘Briefwiksel Simke Kloosterman en Douwe Kalma yn nije Estrik’, FD, 3-7-1976. 106

‘Briefwiksel Simke-Douwe sil útkomme’, LC, 4-5-1976. Stiet net by wa’t dat artikel skreaun hat en der is ek raar yn it stikje om haspele, as hie de skriuwer dermei wraksele hoe’t er it bringe soe.

107 Steenmeijer-Wielenga, ‘Simke, in skriuwend Frysk famke, in sjongende wylde fûgel’, LC, 27-11-1976. 108 Kalma, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 1 (15-11-1915).

109 Kloosterman, yn: Simonides, ‘Oanfolling’, Us Wurk, 1978 (22-11-1915). 110

(22)

‘manljueskarakters (folleste minder) teikene binne as de frouljue’s’. Datselde waard Goethe ek altyd ferwiten, sei Kloosterman, dat syn froulju libben en de manlju der as skaden bylâns rûnen. Se ûnthiet Kalma alfêst dat it yn ’e roman dêr’t se mei dwaande wie, ‘Hora’s fen Hastings’, oars wie.111

Kalma kaam yn septimber 1916 by Kloosterman op besite yn Twizel en wie slim ûnder de yndruk. ‘Dêr yn Twizel seach ik einlings ... de ... figuer, dy’t alhiel yn oerienstimming wier mei hjar eigen wirk’.112

Hy frege Kloosterman in sit yn it bestjoer fan ’e Jongfryske Mienskip te nimmen, dêr’t hy lieding oan joech.113 Sy andere dêrop: ‘As ... de Mienskip det mei it bywenjen fen ’e forgearringen hwet skrewiele (wol), sadet ik net forplichte wirde kin, om se allegear to bisiikjen’, dan woe se wol yn it bestjoer. Al seach se der fuort ek al tsjinoan en wie se bang dat de lju te hege ferwachtings fan har hawwe soene. Dat koe dan wolris de skuld fan Kalma wêze. Kloosterman oan ‘Frjeon Kalma’: ‘Jy moatt’ it nea wer dwaen en sette my sa heech, ik bin mar in deagewoan minske mei deagewoane lekken en brekken en fol greate sympa- en antipathieën’.114

Yn oktober 1916 spruts Kalma syn leafde foar Kloosterman út yn in brief fan him oan har.115 Kloosterman neamde, lykas sein, yn har antwurd fuort al as mooglik beswier it leeftydsferskil.116 Kalma sette Kloosterman op in nij fuotstik. It âlde wie mei it ferstjerren fan har heit en in pear wike nei Kalma syn leafdesferklearring fan har mem, fuortfallen. Kalma hie as ideaal takomstbyld foar eagen, in stille en stimmige keamer, wêryn’t er rêstich arbeidzje koe, syn dreamen omsettend yn fersen, yn wurk dat bleau en ‘do nêst my, as myn soarchsume frou en myn moedige kammeraet’.117

Ut queerteoretysk eachpunt is nijsgjirrich hoe’t Kalma oan Kloosterman skreau dat er mei syn ferhaal ‘Alrik Loara’ dwaande wie. ‘Op in moaije mylde simmerdei learde ik in jonge kennen, dy’t altyd libbe yn in dreame-wrâld en dy’t ik ljeaf krige en ljeaf hold, ek lang nei’t er wer út myn wrâld weigliden wier’. Kloosterman hat him blykber yn har brief dêrnei (dy’t net bewarre is) derop ferge, wat dy persoan him noch sei. Kalma antwurde dat er fan dy jonge holden hie. Hy foege deroanta dat dy jonge noait in ferkearde of hearskjende ynfloed op him hân hie. Bedoelde er dêrmei dat er net in homoseksuele relaasje mei de jonge hân hie? Kalma: ‘Leau my, hy seit my neat mear … Ik seach him … as it bêste en it heechste yn ’e wrâld, faeks allinne om syn greate grize eagen en de stille sêftens fen syn wêzen; ik hold fen him, lyk as dû hâlden hawwe moast fen de Ant út Ruth’.118 Kalma spile dus de bal werom nei Kloosterman. Hoe en oft dy dêr op reagearre hat, is net bekend.

Genderbylden fan Kalma en Kloosterman dogge bliken út in fragmint as it neikommende. Kalma: ‘Ik mien – o, o, hwet scilste grimmitich wirde, astû dit lêst! – det de measte manljue, dy’t yn ’e frou hwet ûnderdienichs en tsjinstbers sjugge, skoan gelyk hawwe; iksels sjuch by 99% fen it oare

111

Ibid. (6-4-1916).

112 Kalma, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 19 (15-10-1916). 113

Krol, yn: Oppewal, e.a., Wind, s. 96.

114

Kloosterman, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 21 (18-10-1916).

115 Ibid., s. 22 (30-10-1916). 116

Ibid., s. 25 (2-11-1916).

117

Kalma, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 35 (14-12-1916).

118

(23)

slachte nou just net sa heech op … yndied is myn miening oer de froulike minske, det hja yn ’t ginnerael gâns oerflakkich, ûnbitrouber en al soks is’.119

In brief letter makke er dat wer goed, hoewol’t neffens Kalma, Kloosterman yn har antwurd ‘det alhiel fielst as ikke!’ Dat soe betsjutte dat Kloosterman ek op 99% fan ’e froulju delseach.

Der wiene wol strubbelingen yn ’e ferkearingstiid. Dat is op te meitsjen út Kalma syn antwurden op de net opnommen brieven fan Kloosterman:

Ik fyn it spitich, det Mem en dû net better mei mankoar opsjitte ... Ljeafste, dû bist keninginne, de earste dy’t nêst my troanet yn godlik witten fen ien-wêzen ... dildzje det dyn kening ek mei herte en siele de bilangen fen syn ûnderdienen foarstiet ... is it sà dyn hjerte goed ... ûntimbere prinsesse út de tichte núnderjende wâlden ... brune krolholle, dû! ... Mien net, det myn ideael is in Rixt-natûr, swak, krêftleas, sûnder active wil ... Ik haw in frou fen neden ... dy’t yn alles nêst my stean kin, ek yn de krêft fen hjar wêzen.120

Dêr krige de dichteresse Rixt in feech út ’e panne fan Kalma. Kloosterman ferwiet Kalma egoïstysk te wêzen. Hy neamde it sels egosintrysk. Dochs waard de ferkearing in ferloving, op 1 juny 1918.

Ut ’e ferkearings- en ferlovingstiid binne trije brieven fan Kloosterman bewarre bleaun. Ien fan it begjin (dêr hie se sels in kopy fan holden), dat se djip troffen wie troch Kalma syn leafde-utering.121 Ien dêr’t se Douwe syn mem yn útnoege om by har te útfanhûzjen.122

En ien dat se de ferloving ferbruts en har brieven weromfrege: ‘Sa wol ik it’.123 Kloosterman seach de leafde as eat dat frege om oanpassing fan de swakkere oan de sterkere. Omdat Kalma en sy like sterk wiene, koe it neat wurde. ‘Wy ... as kinstners binn’ inoar fierst to lykwirdich en de natúr siket nou ienkear assimilatie fen it mindere mei it meardere’.124 Op 1 jannewaris 1919 foege se dêr moai iroanysk oan ta: ‘Hja (de brieven) binn’ tige geskikt om moarns it fjûr mei oan to setten’.

De brieven fan Kalma út ’e ferlovingstiid binne der noch. Kloosterman hie se bewarre en doe’t har nicht, frou Schaap-Wiersma, yn 1939 Kloosterman har hûs opromme, fûn se de brieven en hat sy se oan Kalma weromjûn.125 Mear brieven fan Kloosterman út dy tiid binne der net, omdat Kalma se weromstjoerde en Kloosterman se doe of letter yn ’e kachel goaid of goaie litten hat.

2.3.2. De freonskip bleau

Nei it ferbrekken fan ’e ferloving bleaune Kloosterman en Kalma noch tweintich jier befreone, oant Kloosterman har dea yn 1938. In parallel soe men sjen kinne yn wat Gerda Lerner sei oer Dútske

119 Ibid. 120

Ibid., s. 95-96 (7-10-1917).

121

Kloosterman, yn: ibid., s. 25 (2-11-1916).

122

Ibid., s. 70 (13-6-1917).

123 Ibid., s. 172 (19-12-1918). Ek relevant yn dit ferbân: ‘In brief, jonge, dy’t skreaun is, det is dyn fijân’. Wychman Hoara

yn: Kloosterman, Hoara’s, 1943, s. 222.

124

Kloosterman, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 172 (19-12-1918).

125

(24)

skriuwsters yn ’e Romantyk. Dy kultivearren yntellektuele freonskippen mei mannen. Sa kreëarren se sosjale romte foar harsels, op basis fan yntellektuele lykweardigens. Dy Dútske froulju wiene ekonomysk befoarrjochte en hoegden har net drok te meitsjen om húslike ferantwurdlikheden.126

Fan de tiid nei it ferbrekken fan ’e ferloving binne de brieven fan Kloosterman bewarre (troch Kalma). De brieven fan Kalma ûntbrekke. Kloosterman hie foar moade om brieven dy’t se beäntwurde hie, fuort te smiten, ek dy fan Kalma, mar útsein dus dy út ’e ferkearings- en ferlovingstiid.127

Kloosterman skreau net lang nei de ferloving: ‘It wie dochs in moaije tiid, ús tiid, ho heech stiet hy boppe oare minsken libben en ljeafde, sa banael, sa deistich --- Uzes hat hwet eigens --- nimmen scil it ea wer sá ûnderfine as wy togearre’. Elk minske skoep, neffens Kloosterman, in eigen sfear om him hinne mei minsken dy’t him begriepen. Dat hoegde lang net altyd famylje te wêzen, dy begriepen jin faak noch it alderminst. ‘Derom, praet Jy Jo mar gerêst út tsjin my – alles bliûwt yn ’e bislettenheit fen myn herte en nimmen wirdt it oait wys’.128

Kloosterman en Kalma skreaune elkoar oer deistige dingen, oer kunde, oer setten en pretten en oer hoe’t se de keunst seagen yn ferhâlding ta de noedlike minsklike eksistinsje. Kloosterman: ‘De greate tragedie fen elts minskelibben is dizze: hy bliûwt de ivige siker, mar noait de fynder ... En yn al de masterwirken fen ’e wrâld sjongt him de wémoed út fen det hopeleaze langstme’. Alle keunstners koene it en elk grut wurk droech dêr de skaaimerken fan. In dichter koe wurch fan it sykjen twa dingen dwaan, ‘... ta himsels yn(keare)’, syn iensumheid sjen en him nei syn God keare of him ôfjaan mei ‘kweade machten (Oscar Wilde, Heine ensfh)’.129

Se hiene it ek oer it Frysk. Kloosterman hie ris in útfanhûzer, dy’t se besocht it tydskrift It

Heitelân oan te praten. De útfanhûzer lies lykwols leaver Vriendinnetjes op kostschool. Kloosterman:

‘As min soks wer fornimt, den stien ik der altyd noch forsteld fen, ho-t it Frysk him noch sá troch de ieuwen hinne handhavenje kind hat ... De Fryske frouljue binn’ dochs op dit punt aeklike achterlyk, tinkt my sa. Fiele ornaris for neat as nijtsjes en klean en goudgûd’.130 Se smiet alle Fryske froulju by dy gelegenheid dus op ien grutte bult en sil harsels as útsûndering sjoen ha.

Kloosterman seach net yn wrok werom op ’e ferloving mei Kalma. Der bleau in mienskiplik doel: ‘Rein en goed hat ús by-inoar wêzen west ... (wy) driuwe oer ien libbenssé ... Lit ús reis ... wirde ... mei in blinkend sulvren spoar fen goede, ljeave dieden en ... (lit ús) mei earnst ús plichten neikomme for Mienskip en Folts’.131

Kalma makke Kloosterman foarsitster fan Frisia, mar doe’t der kommentaar op it blêd kaam en sy de skuld krige, hie se har nocht: ‘Wol ik earlik bliûwe, (moat ik) tsjin de minsken wol sizze: ik sjoch gjin copy ... Kalma bioarderet alles ... Ik siz myn sin ... Jy stiene as kinstner sá heech by my

126

Lerner, Creation, 1993, s. 245.

127

Wumkes, ‘By de oanbieding’, Lyts Frisia, 1977, s. 7-15.

(25)

oanskreauwn, det ik kin as minske in bult fen Jo oersjen. Mar oaren kin det net’.132

En dêrom betanke se in wike letter foar it ‘samleresseskip fen Frisia’. Se sei yn dyselde rite ek it lidmaatskip fan ’e Jongfryske Mienskip op ‘om it mear pollityk karakter det de JFM njonkenlytsen kriget’. De freonskip hoegde der om har net ûnder te lijen: ‘Jou opiny is my alles wirdich en stibelearret my altyd alwer oan’.133

Kloosterman ynspirearre Kalma ek: ‘As Jo sizze: ik ha mei oanpart oan ’t ontstean fen dit wirk (Kening Aldgillis), den nim ik dit oan, ik wit – it is sa’.134

Hoe’t Kloosterman har eigen single-wêzen seach, wurde wy gewaar yn it neikommende fragmint. Kunde fan har waard widdo en Kloosterman skreau: ‘Hja scil wol wer trouwe, de earme adel wit dy der meastentiids wol handich út to pikken, dy-t der financ. goed foarstiene ... En allinne-wêzen is mar for de hiel-sterke natueren. For de oaren is iensumheit in straf’. Har freonskip wie mar foar in inkeldenien, skreau se, yn deselde brief. Se hie krekt in goede freondinne ferlern: ‘Myn ljeave Maij is rêst ... Ik hie se noch sa innig graech bihâlde wold ... ik scil noait wer sa’n frjeonskip krije as dy fen Maij. Ik bin nou ienkear net in natuer for follen, mar for in dead-inkele. Dy krije my den ek alhiel, wylt de oaren jimmeroan seure en kleije, ik bliûw sa fier fen hjarren ôf. Ik wit det sels ek wol, mar kin it net foroarje’.135

Kloosterman en Kalma wiene ‘soul mates’. Dochs hold Kloosterman ek in grutte slach om ’e earm foar him oer. ‘Jy kenne my frij goed ... Mar de greatste en moaijste dingen fen mysels, nou dy sitte noch wol trije, fjouwer doarren fjirder’.136

De mooglikheden en ûnmooglikheden foar de ferskillende genderkategoryen, dêr’t Steenmeijer-Wielenga oan referearre (par. 2.3.), wie Kloosterman har goed fan bewust: ‘Myn dichte cyclus “De Wylde Fûgel” is nou ek klear. As ’r wol oait yn print komme scil, ja, det wit ik net, as in feint sangen makket op in fanke, den beart hiele Fryslân al, det se der by omfalle, mar as in fanke hjar inerlikste tinzen op sa’n menear útert, den freez ik, falt de hiele gemeinte fen hjar sels’.137

Yn 1922 wegere Kloosterman om wer yn ’e redaksje fan Frisia te stappen, omdat se sa fier ôf wenne en ek oare grutte plannen hie. Se skreau: ‘Der binn’ yn Fryslân dochs kreften genôch, Brolsma en Jousma bygelyks, den ha Jy in pear goeden’.138

Kloosterman reizge in soad en skreau Kalma dêr ek oer. Opmerklik wie har reisselskip nei Parys. Se reizge dêrhinne mei dr. Jeanne Knoop, ien fan ’e earste froulike sjirurgen, dy’t in praktyk yn Den Haach hie. Se hat dêr sa’t it liket in skoftke mei befreone west. Dy namme komt foarby yn ’e briefwiksel yn 1923 en 1928.139 Se skreau oer Parys ek in reisferhaal: ‘Maitiid yn Parys’.140 Yn 1925 132 Ibid., s. 210 (2-6-1920). 133 Ibid., s. 211-212 (29-7-1920). 134 Ibid., s. 206 (2-4-1920). 135

Ibid., s. 220 (6-3-1921). Dy ‘Maij’ (‘Maaike Ritsma † wiif fen Arjen Wassenaar’) hat se achterôf in fers oan opdroegen (Chatelaine, ré 5 Maert 1917), neffens de List yn Us Wurk, 1978, s. XV.

136 Ibid., s. 259 (21-04-1924). 137

Ibid., s. 222 (6-3-1921). De fersebondel mei dy titel ferskynde net earder as yn 1932.

138

Ibid., s. 235 (10-2-1922).

139

Referenties

GERELATEERDE DOCUMENTEN

managerfilosofy is dat minsken dy’t mei niget harren wurk dogge ek mear út harrensels helje.. Dêrom sjoch ik mysels dan ek mear as coach as in

As foar in goed antwurd mear as 17 wurden brûkt binne, gjin skoarepunten takenne.. 8

As foar in goed antwurd mear as 7 wurden brûkt binne: gjin punten

stimulearjen, aktivearjen en fasilitearjen fan Fryske ynstellings dy’t har mei taal en kultuer dwaande hâlde. De provinsje sil de taalmacht fan it Frysk fersterkje moatte. Dat

Neffens de saakkundigen is de predaasje troch nije predatoaren net sa bot tanommen dat dy dêrom ferfolge wurde moatte. Neffens fjildminsken is de tanommen predaasje wol

Toen men in de vorige eeuw besloot tot droogmaking van de Bethunepolder besefte men niet wat men zich op de hals haalde. De poreuse aard van de zandlagen bracht met zich mee dat

Dêrom is op 17 novimber 2017 de ‘Bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied yn de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke’ tekene,

1825 Daniel Joannes, dienaer tot Bergum, extraordinaris boven sijn pensie geaccordeert 12-0-0 1826 Syne Michiels ende Rinse Posck voor extraordinaris reisen ende diensten 12-0-0