• No results found

Haadstik 4 Wêrom makke Hester har ta man?

4.5. Evaluaasje

4.5. Evaluaasje

Wat kin op basis fan De Hoara’s fen Hastings no sein wurde oer Simke Kloosterman har genderbylden? En koene de besprekkers troch de jierren hinne út ’e fuotten mei harren genderbylden by it besprekken fan it boek? Binne der ferburgen betsjuttingen út it boek helle? Wa ha no de macht yn it boek, psychologysk, kultureel en sosjaal besjoen? Hokker genderkategory joech Kloosterman de toutsjes yn hannen?

Der liket in patroan yn it boek te sitten dat elk dy’t macht hat oan it begjin fan it ferhaal, dy macht kwytrekket en oarsom krije de machteleazen yn ’e rin fan it ferhaal hieltyd mear macht. De goedútriste Wychman en Fokke wurde beide dan wol net earm yn finansjele sin, mar se wurde beide ûngelokkich. Nuttert en Date komme út ûnderlizzende posysje ta macht en lok. De skriuwster lit Doutsen einigje as tsjinstfaam as har heit fan ’e pleats moat. Martsen bringt it fan húshâldster ta boerinne. Kloosterman stelde sadwaande dúdlik besteande maatskiplike ferhâldingen oan ’e kaak.

Oangeande de machtsferhâldingen tusken manlju en froulju is se net sa dúdlik. De sosjale macht fan ’e measte froulju yn it boek liket net grut. Guon, lykas Clare en Tine, jouwe de macht dy’t se ha samar út hannen. Oer Hester aanst mear. Martsen giet út fan har eigen psychologyske krêft en set de situaasje nei har hân. It soe in ferburgen betsjutting út froulik perspektyf wei neamd wurde kinne. De macht is net bûn oan ien genderkategory.

Kloosterman achte allinnich-wêzen inkeld foar de hiel sterken (sjoch par. 2.3.2.). Hester is yn it earste part fan it boek sterk genôch om harsels te rêden. Foar Kloosterman stie Hester foar it echt froulike. Dat is wol opmerklik mei’t Hester allinnichsteand en sûnder bern is. Trochdat Kloosterman

268

Koopmans, ‘De Hoara’s fan Hastings’, Driuwende saken, Strikelboek 1997, s. 68-70. Yn ’e Taheakke (noat 275) neam ik dat ús mem De Hoara’s fen Hastings omtrint santich jier net lêzen yn ’e boekekast stean liet. It sil de boekferkeaper yn Hallum, dêr’t Anne Koopmans en ús mem in pear huzen fan inoar ôf opgroeiden, net útmakke ha.

har, wat Hester oanbelanget, benammen nei de ein fan it boek ta bewust of ûnbewust konformearre oan de manlike noarm, siet se de ûntjouwing fan har foarnaamste froulike personaazje behoarlik yn ’e wei. De útsûnderingsposysje dy’t Kloosterman sels ynnaam, gunde se har foarnaamste froulike personaazje net. De titel fan dit haadstik hie dan ek miskien, y.s.f. ‘Wêrom makke Hester har ta man?’, better wêze kinnen: ‘Wêrom moast Hester oan ’e man?’

De Hoara’s fen Hastings is besprutsen troch in protte manlju en in hanfol froulju. De reaksjes

fan ’e manlju op Kloosterman har skriuwen gearfetsjend, spitste de genderrelatearre resepsje him oant yn ’e fyftiger jierren ta op it beneamen fan manlike en froulike eleminten. Dat diene de manlju soms yndirekt. Se kamen op it gefoelsmjittige foar it ferstanlike oer of it lyryske foar it epyske oer. De byldrykdom waard troch de iene as ‘stoer’ oanmurken en soarge foar bekoarlikens. Oaren beneamden de byldrykdom krekt as it iennige froulike yn in fierder suverminsklike keunst. Partidigens en hertstocht soene froulike eigenskippen wêze. De komposysje ferrette it ûntbrekken fan it strak-manlike, wylst in oar krekt de sterk manlike ynslach priizge wêrmei’t dyselde komposysje ta stân kommen wie. Kloosterman soe it troch har froulikens net yn ’e redenearring socht hawwe.

De rol fan ’e froulju yn it boek hie wol grutter wêze mocht, fûnen de besprekkende manlju, en de froulike personaazjes wiene te passyf. Hester foarme dêrop in útsûndering. Se hie trekjes fan Kloosterman sels. De ôfgeunst fan Hester waard goedpraten mei’t se it oankommen seach dat se âldfaam bliuwe soe. Dat wie blykber net in bêst foarútsjoch. De natuerlyryk stie symboal foar it wjerfarren fan Hester. Dy wie de yntelligintste fan de Hoara’s en begriep dat se kieze moast foar of tsjin it sosjalisme. Hester foarme troch har hâlding in tsjinwicht. It portret fan Kloosterman foaryn it boek spruts Fryskens en frijens út, sa’t in Friezinne paste. Kloostermans talint waard erkend. De sloffens yn ’e tiidsoarder waard oersljochte, omdat der safolle moais foaroer stie. Yn ’e lyryske ynset waard har keunstnersmacht sjoen.

Kloostermans persoanlikheid, wiene de manlju fan miening, wie in útsûndering ferlike mei dy fan de measte froulju. Sterk en moedich, as gjin oare frou. In sterke persoanlikheid en dochs ek froulik swak. Har rol yn it maatskiplik libben wie binnen har genderkategory in útsûndering. Se tsjinne de skientme. Se ferfolle har plichten op bysûndere wize. Se socht oare dingen en gie oare wegen as it gros fan ’e Fryske froulju. Se wie keunstneresse.

Der waard twastriid yn har wêzen fermoede, tusken it aristokratyske en it folkske, tusken it heidenske en it kristlike, tusken it froulike en it manlike. De moaie fammen en de bloeiende natuer wiene tekens fan ûnberikbere (lesbyske) leafde. Har oanbidding fan ’e natuer wie sterker troch ûnfermogen en oanbid yn it persoanlike. Dit allegear neffens de manlju.

Fan ’e froulju dy’t it boek besprutsen soe men ferwachtsje dat se op oare aspekten kamen, mar dat wie net sa. Der wiene amper genderrelatearre saken yn harren besprekken oan te wizen. Sy hellen gjin ferburgen betsjuttingen út it boek.

Sa sitte wy no dus mei in skriuwster dy’t har konformearre oan ’e manlike noarm, mei in boek dêr’t de froulike besprekkers gjin ferburgen betsjuttings út hellen en de manlike besprekkers – net yn it lêste plak omdat it boek troch in frou skreaun wie – mear fan ’e froulike personaazjes ferwachte hiene.

Mar Kloosterman wurke, sa’t se sels sei, foar Fryslân. Se like miskien wol it meast op Hester yn dat se ek ‘in droef ynsicht yn ’e maetskappij’ hie.269 Se seach skerp dat bloei yn ’e natuer en macht yn ’e maatskippij kaam en gie, dat se beide net duorren, en it toaniel fan dat alles wie yn har boeken Fryslân. Dêr skreau se oer, net oer frouljusissues. Dêrmei wol Kloosterman ek net echt in heldinne wurde foar de frouljusliteratuer.

269

Simke Kloosterman mei kanten omslachdoek yn har 61ste jier.270

270