• No results found

De Hoara’s fen Hastings en de genderbylden fan Simke Kloosterman

Haadstik 4 Wêrom makke Hester har ta man?

4.2. De Hoara’s fen Hastings en de genderbylden fan Simke Kloosterman

kaam út yn 1921. Foar wa’t it boek (noch) net lêzen hat of net krekt mear

wit hoe’t it ek al wer allegear siet, jou ik in koarte ynhâld yn ’e Taheakke, achteroan yn dizze skripsje. Kinne út it hâlden en dragen fan ’e personaazjes yn De Hoara’s fen Hastings de man-/froubylden, de genderbylden fan Kloosterman distillearre wurde? Watfoar konstruksjes fan genderkategoryen hat se ús foarsetten? Watfoar psychologyske, kulturele en sosjale betsjuttingen bûn oan it biologysk ferskil neffens Kloosterman komme oan it ljocht? Hat se besteande maatskiplike ferhâldingen oan ’e kaak steld?

Yn ’e roman wurde de libbens fan de Hoara’s, in boerefamylje yn ’e Wâlden, beskreaun. Yn 1916 al skreau Kloosterman oan Kalma (sjoch par. 2.3.1.) oer har ‘nije fryske roman (Hora’s fen

214 http://cf.hum.uva.nl/benaderingenlk/lw/gender/lw-gender-index.htm. 215 DeJean, Geographies, 1991. 216 Ibid. 217

De skriuwster joech it boek foar eigen rekken út. It waard printe by de bruorren Hoitsema yn Grins. Der waarden 800 (of 850) fan printe. Yn 1926 rekke it útferkocht. Yn 1940, nei Kloosterman har dea dus, kaam krekt de 2e printinge út by Brandenburgh & Co. yn Snits. Neffens Kalma skoarre Kloosterman oan tsjin in twadde printinge omdat se net mear achter de tendins fan it boek stean soe: ‘Er is in de Hoara's nog een duidelijke socialistische tendenz, late nawerking der Friesche tachtiger jaren, die de schrijfster van It Jubeljier wel eenigszins moet hebben gehinderd’. De 3e pr. kaam út yn 1943, de 4e pr. yn 1950 (nei de staveringswiziging fan 1948 foar it earst as De Hoara’s fan Hastings), de 5e pr. yn 1962, de 6e pr. yn 1978 en de 7de pr. yn 1992. Breuker, yn: Kloosterman, Hoara’s, 1992. No is De Hoara’s fan Hastings ek beskikber as e-book (www.sirkwy.nl, 29-05-2012).

Hastings)’. Dêryn soene ‘tafallich manljue de haedpersoanen wêze ... Frouljue giene der net folle troch it stik en den as bypersoanen’.218

Kloosterman har eigen famylje soe model stien ha foar de Hoara’s. Yn in lêzing oer eigen wurk fertelde se dat de Hoara's nei it libben beskreaun wiene. Warmolding, bern út in bûtenechtlike ferhâlding en healbroer fan Wychman, soe echt bestien ha. Yn de Twizeler pastorytún hiene Fokke en Tine wier fereale omrûn. En guon minsken hiene harsels werkend yn it boek.219

Prachtbân fan De Hoara’s fen Hastings, 1921.220

4.2.1. De ‘ik’ yn haadstik I en V

It boek begjint mei in ‘ik’ dy’t op lyryske wize de heide beskriuwt. Oars as de ‘ik’ yn it ferhaal ‘Libbensbloei’ stiet dizze ‘ik’ net yn dúdlike relaasje ta oare personaazjes yn de fertelling. Is dizze ‘ik’ in alter ego fan ’e skriuwster of fan ien fan ’e personaazjes? Fan de ‘ik’ wurdt sein dat dy de fûgels, de

218 Kloosterman, yn: Simonides, ‘Oanfolling’, Us Wurk, 1978 (6-4-1916).

219

Breuker, yn: Kloosterman, Hoara’s, 1992, s. 212.

220

blommen, de puollen en de wolken fan ’e heide leafhat. De heide is in timpel dy’t de ‘ik’ har/syn hert rêst jout. It wurdt net dúdlik oft it om in mans- of in frouspersoan giet. Yn haadstik V komt nochris in ‘ik’ oan it wurd – deselde foar it neist, mar it kin yn prinsipe ek om in oarenien gean – dy’t opmerkt dat der noch wol simmerkleuren genôch oer it lân trilje, mar dat it de simmer net mear is. Ek dêr wurdt net dúdlik oft it om in man of in frou giet. Yn ’e tekst binne ek gjin hanfetten te finen om dêr achter te kommen. Ik hâld it derop dat de ‘ik’ út haadstik I en V deselde en genderneutraal is.

4.2.2. Date en Fokke

Date is, nei de ‘ik’, it twadde personaazje dêr’t de lêzer mei yn ’e kunde brocht wurdt. Date is in dreamer. Hy hat der fertriet fan dat syn beppe stoarn is. Dy fertelde him altyd oer wa’t der earder allegear op ’e heide omslein hiene en miskien noch omspoeken. Hy wurdt yn ’e rin fan it boek dichter, ûnderwizer en lokkich mei Sjoukje. Kloosterman skreau frij gau nei it útkommen fan it boek, yn in brief fan jannewaris 1922 oan Kalma, in koarte skôging oer de Hoara’s. 221 Se skreau dêryn dat Date har o, sa sympatyk wie. Se hat him yn it boek lykwols net folle romte tabedield.

Fokke Hoara, Date syn ‘maat’ (tusken skrapkes omdat er Date foar in kweajongesstreek fan himsels opdraaie lit), krijt folle mear reliëf. Kloosterman beskreau frjemdernôch yn it begjin fan it boek de eigenskippen fan Fokke by syn suske Lys, yn wat dy mist, en oarsom. De wissichheid fan macht ûntbrekt by Lys, mar is dus wol by Fokke oanwêzich, al is dat dan noch mar in lyts jonkje. Kloosterman suggerearre dêrmei dat it ferskil yn machtsbesef bûn wie oan it famke- of jonkjewêzen. In psychologyske betsjutting takend oan it biologysk ferskil alsa.

Mei dy wissichheid fan macht, slagget it Fokke, as er jongfeint is, net om de ferkearing mei Tine Fleurin nei syn hân te setten. Hoewol’t Tine en hy it elkoar miene, moat er belies jaan by it feto fan Tine har heit. Dûmny Fleurin, dy’t yn it doarp beroppen is om’t syn frou jild hie, hat it net op ’e froufreonlikens fan de Hoara’s stean en stekt in stokje foar de ferkearing. Clare, de mem fan Tine, hat de macht foar it gripen. Dûmny freget har om har miening yn sake dy ferkearing, mar se lit it beslút oan him oer, omdat hy de man is. Dat is in kulturele betsjutting ferbûn oan it biologysk ferskil. Tine is blykber ek ûnmachtich om har heit om te praten. Se hat der om skriemd by har mem, mar leit har by it beslút fan har heit del. Dêrby kin mear de ferhâlding âlder-bern as genderferskil in rol spylje.

Yn de faam fan ’e Klaai, dêr’t Fokke fjouwer jier letter ferkearing mei hat, Doutsen, hat er Tine noch leaf. De ferkearing mei Doutsen is fierder berekken laach, har heit hat in grutte pleats. Ek de ferkearing mei Doutsen kin Fokke net rêde mei syn besef fan macht. Sy skriuwt him ôf.

By eintsjebeslút trout er noch mei syn nicht Bintsje, dêr’t er earder neat fan witte woe. Hy behannelet har as ôffal, as eart. Wat Bintsje der sels fan tinkt en wêrom’t se net mei in oar troud is yn al dy tiid dat Fokke oan oaren tocht, krije wy net te hearren. Se bliuwt wol in hiel flat character.

221

Fokke wie alhiel tarist foar in blide reis troch it libben, skreau Kloosterman oan Kalma, mar dochs bruts it him allegear by de hannen om ’t ôf.

4.2.3. Wychman en Nuttert

De heit fan Fokke, de grutte boer Wychman Hoara, wie, neffens Kloosterman yn har skôging, de ferpersoanliking fan it giene yn ’e maatskippij. De heit fan Date, Nuttert Gramsma – earst arbeider by Wychman en letter wethâlder yn plak fan Wychman – stie foar it kommende. De beweging yn ’e maatskippij kaam dus fan ’e mannen. It hie moai west as Kloosterman der ek sa’n pear froulju foaroer steld hie dêr’t maatskiplike beweging yn ferpersoanlike west hie. Oer Hester, dy’t ek wol maatskiplike beweging sjen lit, aanst mear.

Wychman hat alles erfd. Hy is net in man fan inisjatyf en dêrom sil er ûndergean, skreau Kloosterman. Nuttert Gramsma kin net fertrouwe op kaptaal, konneksjes. Hy hat neat, mar hy is wat. Wychman Hoara en Nuttert Gramsma belichemen de ivige botsing tusken âld en nij.

Oan it begjin fan it boek is Wychman in machtich man. Hy wol Nuttert net kwyt as arbeider, omdat dy fertroud is yn it wurk, sadat Wychman de fergaderboer úthingje kin. Hy sjocht syn suster Hester foaral as jildmuoike foar syn bern en fynt dêrom dat se net safolle weijaan moat oan ’e Hastinger earmelju. As syn frou Gels stjert, praat er op ’e begraffenisdei alwer oer saken. As er in húshâldster ha moat, begruttet him dat om it jild. Gels hie er goedkeap hân.

Tsjin de nije húshâldster, Martsen, is Wychman lykwols net opwoeksen. Hy set dan samar syn jildsucht oan ’e kant. Hy wol har ha. Dêrom seit er har alles ta wat se freget, lykas de nije foarein en in goede âlde dei foar har mem. Hy tinkt net mear om de finansjele takomst fan Fokke en Lys. De sucht nei it besitten fan ’e frou wint it. Dat kin grif ek in psychologyske betsjutting bûn oan it biologysk ferskil neamd wurde.

By de ferkiezings besiket Wychman de lju om te keapjen. As Nuttert yn ’e rie komt, seit Wychman út wraak fiif boeren, dy’t blykber net op Wychman stimd ha, it jild op. Driuwerske moat fan ’e pleats, om’t har soannen net harren stim jaan woene. Se hinget har op oan ’e skuorstile. As Nuttert ek noch wethâlder wurdt, kin Wychman der net mear fan sliepe. Driuwerske komt him as spoekbyld foar eagen. Hy spat fan ’t bêd ôf, falt yn ’e dobbe en ferdrinkt. It brekt him dus ek by de hannen om ’t ôf.

Binnen de genderkategory ‘manlju’ binne de ferskillen grut en is de solidariteit fier te sykjen. Sels Wychmans broer Oebele gnysket as it Wychman tsjinwierret. Nuttert makket in opmerklike ûntjouwing troch. Hy is earst arbeider by Wychman. Dan rint er mei de marse en wurdt er foarsitter fan ’e sosjalistyske kiesferiening. Uteinlik wurdt er wethâlder en slagget er ek noch as sakeman. Hy klaut dus út it leech omheech.

4.2.4. De froulju

Froulju soene byfigueren wêze yn it boek, neffens Kloosterman yn de brief fan 1916 oan Kalma. Hoe wurde se yn it boek troch manlju besjoen?

Se kinne jild ynbringe yn in houlik. Dat is sosjale betsjutting bûn oan it biologyske ferskil. Gels bringt jild yn by de Hoara’s. Clare Fleurin wie skatryk, dat wie geunstich foar dûmny syn beneaming. Wypkje Hoara wurdt (mei) om Reinder Hoara syn jildponge troch Johannes foar kar nommen. Notaris hat sin oan rintenierjen en (mei) dêrom trout er mei Hester, wurdt suggerearre. De finansjele posysje fan ’e froulju jout dus soms macht.

Oan ’e oare kant binne froulju soms ek út op it jild fan manlju. As Fokke net sa ryk is as Doutsen tocht hie, hat se gau har nocht. Martsen wol allinne mar trouwe as se der (finansjeel) better fan wurdt. Hester, sa wurdt suggerearre, soe troch te trouwen mei notaris ek op finansjeel gewin út wêze. Dat is oars net botte oannimlik, want se hie it al bêst.

Hoe steane de froulju foar de manlju oer? Gels stie har man soms. Dat ymplisearret: net altyd. Se wurdt delsetten as de swakkere, dy’t it inkeld ris tsjin de sterkere (Wychman) opnimt. Gels har langst is yn har houlik nea befredige. Hester as âldfaam hat ek ferlangst. Ferlangst bestie dus binnen en bûten it houlik. By beide wurdt net eksplisyt oanjûn om watfoar langst it giet. Kloosterman sil by beide wol leafdelangst bedoeld ha. By Hester benammen, omdat dy om har fjirtichste hinne noch allinnich is, soe men mei de ynterpretaasje fan it ferhaal ‘Libbensbloei’ yn ’e achterholle, ek tinke kinne oan langst nei lesbyske leafde. Yn ’e tekst is lykwols fierder neat te finen dat dy kant útwiist.

Foar Styn, dy’t faam is by Hester en trout mei Doede, is leafhawwe en tsjinje itselde. Kloosterman seach Styn as ‘it “doorsnee” frouminske.222 Se waarden berne, waarden grut, krigen bern en waarden beppe. It libben sels, it wûnder, soe neffens Kloosterman, by harren lâns gean. Wierskynlik seine sokke froulju itselde, dat it libben, it wûnder om har hinnegie, fan immen as Kloosterman, dy’t net troud wie en gjin bern krige.

Hjir wurdt wol dúdlik hoe grut ek de ferskillen binnen de genderkategory ‘froulju’ wiene. Net allinne yn it boek, mar ek tusken Kloosterman en wat sy as trochsnee frouminske seach.

By Gels har begraffenis, as Wychman wer oer jild begjint te praten, wurdt de fernedering field troch Hester en de skoansusters. Dan lûke de froulju even ien sile, mar folle faker is de solidariteit fier te sykjen. Sa sjocht bygelyks boeredochter Doutsen op Martsen, as yntroude húsfroufaam, del.

Martsen hat Wychman syn lot yn hannen. Se is faaks yn it boek de iennige frou dy’t de macht net út hannen jout.

Sjoukje, de faam fan Date, hat in flink karakter. Se sjocht by Date op om syn leardens, dêryn is hy de sterkere. Se wurdt har hiele libben net sêd om nei him te harkjen. Mei in pear wurden wurdt sa duorjend lok beskreaun of ymplisearre troch Kloosterman. Dat liket de byfigueren makliker ôf te gean as de haadpersonaazjes.

4.2.5. Hester

Kloosterman joech, yn 1922 yn de skôging yn de brief oan Kalma, eksplisyt oan wat sy as froulik beskôge. Hester Hoara wie foar har de bilicheming fan it echtfroulike, ‘... earlik, rjucht, waerdich, great yn ljeafde for de meiminske, mar sims eat bikrompen, hwet it ljeafdelibben en syn útring sels oangiet, sa ’s de measte patty fen de frouljue binne’. 223 Dy bekrompenheid hat der dan faaks foar soarge dat Hester om har fjirtichste hinne noch allinne is. Hester is oergeunstich op ’e jongelju. Op har wurknimmers Doede en Styn, dy’t inoar ha. En op har muoikesizzers, de dochters fan Reinder, Wypkje en Lys, waans bloei gau komme sil. Hjir spilet ek de opposysje âld(er) /jong(er), mar de oergeunst liket foaral wei te kommen út it feit dat Hester (noch) allinnich is.

Hester is goederjousk nei de earme minsken ta en sjocht, oars as Wychman, de betreklikens fan jild. Se kin wat en wol wat, mar se hat ek wat sêfts, echt frouljuseftichs. Wat wolle en wat kinne is, ymplisyt neffens Kloosterman, blykber net echt frouljuseftich. Hester lit oer de opstân fan ’e arbeiders neat los. Se docht dat mei froulike fynbeslepenheid. Froulju binne dus, ek neffens Kloosterman, fynbeslepen.

Hester ferhuzet nei de stêd, omdat se har mei al har jild in ienling fielt tusken de grutte swarm fan earme Hastingers. Se wennet dêr yn in grut hûs oan ’e Willemskade yn in soarte fan selskeazen ballingskip.224

Ut gendereachpunt liket de nijsgjirrichste sin fan it boek, as de kliber earmelju by Hester foar de doar stiet: ‘Do makke Hester Hoara hjar ta man!’. Om de situaasje yn ’e hân te hâlden, makket Hester har ta man. As ferbynt Kloosterman de macht oan it man-wêzen. Dat Hester har ta man meitsje moat om baas te bliuwen, is lykwols út it ferhaal net te ferklearjen. By de bruorren, mannen út soarte, wurde de ruten ynsmiten, wylst by Hester, de frou, dat net bart.

Boppedat brûkt Kloosterman dat idioom nochris yn it boek, nammentlik as Elle Mulder in ein makket oan it pleagjen fan Lys, dan makket ‘hy him ta man’. Wie er dat noch net dan? It wiist derop dat it foar Kloosterman in net-genderbûne útdrukking225 wie en net mear betsjut as it Hollânske ‘hij/zij vermande zich’. Dy útdrukking, sawol yn it Frysk as it Hollânsk, is út genderperspektyf nijsgjirrich genôch, mar seit hjir net folle oer Kloosterman har genderbylden.

Nei it ynsidint mei de opstannige earmelju, as Hester har beret hat op har takomst, komt se noch mar summier yn it boek foar. Se waard oant dan ta hiel krekt fan binnenút beskreaun, mei har lytse en grutte soargen en emoasjes, mar fan it punt ôf dat se nei de stêd ferhuze is, wurdt se fan bûten ôf beskreaun. As hie Kloosterman har aardichheid doe fan Hester ôf. Dat se Hester, dy’t har ek yn ’e stêd

223

Kloosterman, yn: Simonides, Briefwiksel, 1976, s. 231 (8-1-1922).

224

In oare balling yn it boek, mar net selskeazen is Warmolding, dy’t letter noch in healbroer bliken docht te wêzen, mei syn húshâlding. Yn beide gefallen, binne it de doarpslju dy’t de reden binne foar de ôftocht. Der wiene dus twa útwegen út it doarp, nei de heide en nei de stêd.

225

Dy’t ik lykwols net weromfine koe yn it Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal. Fryske Akademy, Ljouwert.

skoan allinne rêdt mei twa tsjinstfammen, dan noch trouwe lit mei in âlde notaris is út gendereachpunt hielendal in ôfdijer. Hjir lei romte foar ôfwiking, foar feroaring, mar Kloosterman konformearret har oan it bewende patroan. Se jout Hester net de romte.

Net allinne lit Kloosterman Hester as âldfaam trouwe, ek âldfeint Elle giet, net tsjin it sin oars, de lange hier yn. It wiist op in tajaan fan Kloosterman oan ’e sosjale macht fan troude lju foar net-troude lju oer.

De tematyk fan ‘Libbensbloei’ komt dúdlik net werom yn De Hoara’s fen Hastings’. Kloosterman konformearre har oan ’e manlike, heteroseksuele noarm. Hoe gie dat fierder yn ’e oare langere wurken (par. 4.3.)? En hoe reagearren de besprekkers (par. 4.4.)?