• No results found

Gearfetting en konklúzjes

Simke Kloosterman wie in frou dy’t skriuwe koe. Se krige folle mear oplieding as fierwei de measte famkes yn har tiid. As folwoeksen frou hie se folop de tiid en gelegenheid foar it skriuwen, omdat har âlden jild hiene. Binnen har genderkategory wie se troch dy faktoaren en trochdat se net troude en bern krige in útsûndering. Om mei Butler te praten, se wie de ôfwiking dy’t romte joech foar feroaring. Se hat har kreatyf potinsjeel goed ynsetten.

Kloosterman hie dichtsjende foargongers yn ’e famylje en yn Fryslân, mar wat it proaza oanbelange, moast se har foarbylden bûten Fryslân sykje. Binnen de Fryske literatuer wie se mei har proaza in pionier, mar Europeesk sjoen stie se yn in lange tradysje fan (ek froulike) proazaskriuwers.

Mei Douwe Kalma ûnderhold se, neidat se de ferloving mei him ferbrutsen hie, in jierrenlange freonskip op basis fan yntellektuele lykweardingens. Se hiene beide hege idealen oangeande it Frysk skriuwen. Kloosterman fielde it as in plicht om foar Fryslân te arbeidzjen en se woe wat betters jaan as it koartswilige dat doe wenst wie yn ’e Fryske literatuer.

Kloosterman skreau yn ’e novellen út har begjintiid gauris út froulik perspektyf en oer froulike ûnderwerpen. Dat wie ek logysk, se hie al publisearre yn it Hollânsk yn De Hollandsche Lelie, in tydskrift foar jonge dames.

Yn it ferhaal ‘Libbensbloei’, út 1902 – se waard yn dat jier 26 – beskreau se de leafde fan in ‘ik’ foar in jongferstoarne frou. Ik ha oannimlik makke dat dy ‘ik’ ek in frou is. Oft it in autobiografysk ferhaal is, is net út te meitsjen. It kin wol in ferhaal mei in lesbysk tema neamd wurde. Mei de titels fan ’e net oerlevere fersen fan 1902 derby, dy’t leafdesfersen suggerearje, soe men tinke dat Kloosterman in froulike leafste ferlern hat yn dy tiid.

Dy persoanlike fersen hat se foar harsels holden. Foar froulju joech it gjin foech om soks te publisearjen. It betsjut dat se har net folslein oan de lêzer útlevere hat. Ek yn har proaza sil se harsels sa’n soarte fan sinsuer oplein ha. Dy iene kear dat se direkter, eksplisiter skreau, yn it gefal fan it ferhaal ‘Libbensbloei’, waard dêr ek op reagearre, troch Douwe Kalma en Obe Postma, dy’t no beide as homoseksueel oriïntearre beskôge wurde. Wike Zylstra ûntkende de – troch it brûken fan in ik-perspektyf – min of mear ferburgen betsjutting fan homoseksualiteit.

It ferhaal is mei syn mooglikheid ta lesbyske ynterpretaasje in útsûndering yn Kloostermans oeuvre, miskien út jeugdige oermoed of heftige emoasje de wrâld ynstjoerd.

Nei ‘Libbensbloei’ hat Kloosterman har konformearre oan ’e heteroseksuele noarm. Ferwizings nei homoseksualiteit, sinjalen foar mooglik lesbyske betsjuttings, kin men sjen yn ’e beskriuwings fan oanfallige froulju yn har proaza en ek yn har reisferhalen.

Se hat har nei de novellen út ’e begjintiid, alteast yn har langer proaza, ek konformearre oan ’e manlike noarm. Sawol de roman De Hoara’s fen Hastings, as de histoaryske roman It Jubeljier, is foaral út manlik perspektyf skreaun.

Kloosterman hie net in hege pet op fan duorjend lok. Har haadpersoanen wurde net lokkich, de byfigueren liket dat makliker ôf te gean. Men soe Hastings sjen kinne as de wrâld yn it lyts. Kloosterman har wrâldbyld soe dan wjerspegele wurde yn it wjerfarren fan ’e personaazjes yn De

Hoara’s fen Hastings.271

It is in wrâldbyld yn beweging. Sa’t se sels skreau, Wychman Hoara stie foar it giene en Nuttert Gramsma foar it kommende. De personaazjes dy’t yn it begjin fan it boek macht hawwe, hawwe dat oan ’e ein fan it boek net mear en oarsom. Dat jildt foar sawol manlju as froulju. De macht is yn De Hoara’s fen Hastings net bûn oan ien genderkategory.

Hester Hoara wurdt earst tige krekt fan binnenút beskreaun, mar as se nei de stêd ferhuzet en mei notaris trout, wurdt dat mar summier neamd. As hie Kloosterman doe it nocht fan Hester ôf. Trochdat Kloosterman har konformearre oan ’e manlike noarm, stie se de ûntjouwing fan Hester yn ’e wei.

De besprekkers fan De Hoara’s fen Hastings seagen fan begjin ôf oan manlike en froulike eleminten yn Kloosterman har wize fan skriuwen. Se ferskilden soms yn wat se froulik en manlik neamden, mar se wiene it der troch de jierren hinne wol oer iens dat de froulike personaazjes net genôch romte krigen. Fan ’e froulike besprekkers Zylstra, Mulder en Van der Weg-Laverman, soe men jin foarstelle kinne, dat se ferburgen betsjuttings boppe wetter hellen, mar dat diene se net. Der wiene amper genderaspekten yn har reaksjes oan te wizen.

Skreau Kloosterman om har sels hinne?272Se skreau yn De Hoara’s fen Hastings net direkt oer har eigen libben, yn safier dat de roman net giet oer in frou dy’t in goede oplieding hân hat, dy’t winters yn Den Haach wennet en simmers yn Twizel. It boek giet net oer de dochter fan in skriuwer, net oer in frou dy’t har twa kear ferlooft, de lêste kear mei immen dy’t hast tweintich jier jonger is as sysels, mar net trout. Kloosterman hie ynfielend fermogen mei in breed skala oan minsken, manlju, froulju, bern, earm en ryk. Yndirekt sil dêr grif wol in soad fan harsels yn sitte.

Op basis fan Kloosterman har libbensrin, har ferbrutsen ferlovings, har freonskippen en har proaza, benammen it ferhaal ‘Libbensbloei’, is goed út te hâlden dat Kloosterman lesbysk oriïntearre wie. It liket my dreger om te bewizen dat se it net wie.

Yn ’e santiger jierren fan ’e foarige ieu waard yn ’e reaksjes op Kloosterman har libben en wurk foar it earst skreaun oer ‘de trêdde sekse’, mar allinne yn ferbân mei Kloostermans freon Kalma. Yn ’e tachtiger jierren waard yn ’e reaksjes ek útsprutsen dat Kloosterman faaks lesbysk wie. Oant yn it foarige desennium waard der troch de besprekkers ymplisyt fan útgien dat it ferûnderstelde lesbyske langstme fan Kloosterman ûnbefredige bleaun wie en dat dat har oantrune hie ta skriuwen.

Oft Kloosterman wier net sels oan ’e frouljusleafde preaun en har dêryn útlibbe hat, witte wy fansels hielendal net. Dat kin him maklik oan it eachweid fan ’e Fryske (literêre) wrâld ûntlutsen

271 Dit kaam as fraach, fan Chris Lutgendorff, nei foaren by de lêzing dy’t ik holden ha op it Frysk Filologekongres op tongersdei 14 juny l.l. yn It Aljemint op de Fryske Akademy yn Ljouwert.

272

Ik kaam dêrop nei’t ik in útstjoering sjoen hie oer Marjolein Februari, dy’t nei eigen sizzen om harsels hinne skriuwt: http://beta.uitzendinggemist.nl/afleveringen/1096783-marjolijn-februari.

ôfspile ha, tusken Kloosterman en ien of mear fan har freondinnen yn Grins of Den Haach of ûnderweis op reis yn Parys, Italië of Skandinavië mei ien of mear fan de ‘matches’. Ut lannen dêr’t homoseksualiteit no noch ferbean of op syn minst in grut tabû is, witte wy ek dat it faak syn wei wol fynt.273 Dat sil yn ’e tiid fan Kloosterman, doe’t yn Nederlân benammen de frouljusleafde amper besprekber wie, net oars west ha.

Yn dat gefal is it proaza fan Kloosterman net sasear in delslach fan ûnferfolle langst, mar mear in foarm om mei belibbe leafde – dêr’t se net mei oer de dyk koe – dochs nei bûten te kommen.

De besprekkers hiene mear fan ’e froulike personaazjes ferwachte, wylst Kloosterman har oanpaste oan de manlike noarm. Faaks die se dat mei út ferkeapeachpunt. Miskien wist se dat Fryske froulju net liezen of boppe it boek yn ’e sliep foelen. Kloosterman rjochte har wurkkrêft net op froulike en net op lesbyske lêzers, mar op Fryslân. Dêr waard har wurk ek unanym om priizge, om de wearde dy’t it foar Fryslân hie.

It liket derop dat Kloosterman har, behalve oan ’e manlike, heteroseksuele noarm, foaral oanpaste oan ’e nije Fryske noarm. Dat soe betsjutte dat binnen de Fryske literatuer de literêre macht yn ’e earste helt fan ’e tweintichste ieu net sasear keppele wie oan ’e manlike, heteroseksuele noarm, mar boppe-al oan it ‘foar Fryslân’-ideaal. As dat doe foar Fryslân jilde, soe dat no ek noch jilde kinne yn ’e Fryske literatuer en grif ek binnen oare minderheidsliteratueren.

Kloosterman woe fan alles wat jaan, sa’t se sels sei, en net yn hokjes skiede. Dat is de krêft fan har wurk en miskien ek wol de swakte. Om Kloosterman as lesbyske heldinne sjen te kinnen, hie de tematyk yn it ferhaal ‘Libbensbloei’ in fuortsetting krije moatten. Miskien dat der yn Kloosterman har poëzy mear fan dy tematyk te finen is. Om Kloosterman te bombardearjen ta heldinne fan ’e frouljusliteratuer, is ek problematysk. Dêrfoar hawwe de froulju yn har langer proaza, bygelyks yn De

Hoara’s fen Hastings, te min profyl krigen.

Yn 1989 seach Maaike Meijer, lykas sein yn haadstik 1, in oare omgong mei heldinnen ûntstean. Neist de bewûndering dy’t je foar se hiene, soene se je ek nei stean moatte.274 Kloosterman as persoan is my, troch har brieven en ynterviews, it ôfrûne jier aardich nei wurden. Har proaza, de breedte en de djipte derfan, haw ik bewûndering foar krigen.

Kloosterman tsjinne yn har tiid as heldinne fan ’e jonge Fryske (proaza)literatuer. Hjoed-de-dei kin se noch sûnder probleem tsjinst dwaan as Fryske heldinne, dy’t entûsjasme losmakket en ynspiraasje jout. Se soe it harsels net oars winske ha. Har ynset foar Fryslân stiet bûten kiif, har wurk wurdt noch hieltyd werprinte en bestudearre. Dizze skripsje is der it bewiis fan.

273

http://metropolistv.nl/nl/themas/homoseksualiteit/bekijk-hele-uitzending-homoseksualiteit.

Boarnen:

Bremer, Fredrika, Hertha, Adolf Bonnier, Stockholm 1856 (http://neww.huygens.knaw.nl/works/show/512). Brolsma, R., It Heechhôf, Brandenburgh & Co., Snits 1926.

Collet, Camilla, Amtmandens Døtre, 1854.

Engelberts, Johanna, Novellen, G.F. Callenbach, Nijkerk 1910.

Eska, ‘Herfst’, De Hollandsche Lelie, weekblad voor jonge dames, Cremer & Co. Uitgevers, ’s Gravenhage 1894.

Hichtum, Nynke fen, Afke’s tiental, Wolters, Groningen 1903.

Hichtum, Nynke fen, De tsien fan Martens Afke, Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V., Drachten 1957. (oers.: T. Eisenga-de Groot).

Kloosterman, J.R., brief, april 1913 (Tresoar: 606-610). Kloosterman, J.R., brief, sûnder datum (Tresoar: 078.330.3.3). Kloosterman, J.R., brief 27-11-1913 (Tresoar: 078.330.3.9).

Kloosterman, S., brief oan Obe Postma, 13-1-1918 (Tresoar: 078.330.4.11). Kloosterman, S., De wylde fûgel, Broerren Hoitsema, Grins 1932.

Kloosterman, S., ‘Denemarken’, ‘Noarwegen’ en ‘Sweden’, Sljucht en Rjucht, 1926. Kloosterman, S., ‘Ho’t ik ta Frysk skriuwen kaem’. Leeuwarder Courant, 6-8-1932. Kloosterman, S., De Hoara’s fen Hastings, Brandenburgh & Co., Snits 1943 (3e pr.).

Kloosterman, S., ‘De mededinger’, yn: Douwe Tamminga en Anne Wadman (samenstelling en vertaling, Friese

verhalen in het Nederlands, N.V. Uitgeverij Nijgh & Van Ditmar, ’s Gravenhage-Rotterdam 1960.

Kloosterman, S., Hengist en Horsa, Brandenburgh en Co., Snits 1933.

Kloosterman, Simke, It Jubeljier, Utjouwerij Fryslân/Afûk, Ljouwert 1994 (4e pr.).

Kloosterman, Simke, yn: A.N., ‘Us Fryske skriuwers en skriuwsters, Jiff. S. Kloosterman’, Sljucht en Rjucht, 1924, s. 629-631.

Kloosterman, Simke, yn: A.N., ‘Us Fryske skriuwers en skriuwsters, Jiff. S. Kloosterman. II’, Sljucht en Rjucht, 1925, s. 653-655.

Kloosterman, S., ‘List fan publikaasjes’, yn: Us Wurk, 1978, s. XV. Kloosterman, S., ‘Maitiid yn Parys’, Frisia, nû. 7, 1923, s. 277.

Kloosterman, S., Ruth. In hânfol ieren, M.O. Jongbloed, Ljouwert 1910. Kloosterman, S., Spreuken, N. Miedema & Co., Ljouwert 1962.

Kloosterman, S., Ut de gielgoerde, novellen, A.J. Osinga, Boalsert 1936.

Kloosterman, S., Ut de gielgoerde, oarde diel, novellen en oar proaza, Fa. A.J. Osinga, Boalsert 1944. Kloosterman, Simke, Ut de gielgoerde, Karlêzing, novellen en oar proaza, Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V., Drachten 1963.

Lagerlôf, Selma, Gösta Berlings saga, H.J.W. Becht, Amsterdam 1898. (Oers. M.A.S. Meijboom).

Lagerlôf, Selma, Herinneringen van een kind, H.J.W. Becht, Amsterdam 1931. (Oers. T. Quanjer-Steltman). Leopold, Gellius, brief oan Obe Postma, 25-05-1947 (Hs 854, nû. 78, Provinsjale Bibliotheek; Tresoar, sinj. 096.039).

Postma, O., Fryske lân en Fryske libben, A.J. Osinga, Boalsert, 1918. Postma, O., It sil bistean, Brandenburgh & Co., Snits 1946.

Postma, Obe, brief oan Gellius Leopold, 27-12-1946 (Hs 854, nû. 76, Provinsjale Bibliotheek; Tresoar, sinj. 096.039)

Postma, Obe, brief oan Gellius Leopold, 15-05-1947 (Hs 854, nû. 77, Provinsjale Bibliotheek; Tresoar, sinj. 096.039)

Postma, Obe, Samle fersen, Bosch & Keuning n.v./De Tille b.v., Baarn/Ljouwert 1978.

Testamint fan Simke Kloosterman, yn te sjen yn it Simke Kloosterman-hûs (Tresoar hat it yn kopy: Leeuwarden, FLMD : 080.151.1.5).

Verwey, Albert, ‘Van de liefde die vriendschap heet’, Verzamelde gedichten, Versluys, Amsterdam 1889. Wollstonecraft, Mary, Letters written during a short residence in Sweden, Norway and Denmark, Londen?, 1796.

Literatuer:

Algemeen Handelsblad, 12-12-1921.

A.N. (= Douwe Kalma), ‘Us Fryske skriuwers en skriuwsters, Jiff. S. Kloosterman’, S. en R., 1924, s. 629-631. B. (Bajema, neffens Kloosterman yn: Simonides, briefwiksel, s. 227 (6-12-1921)), Leeuwarder Courant, 3-1-1922. Bartels, Een eeuw middelbaar onderwijs, 1863-1963, 1963 (http://www.dbnl.org).

Bosch, Mineke (editie), De liefde en de vrijheid, natuurlijk! Dagboek van Frederike van Uildriks (1854-1919)). Uitgeverij Verloren B.V., Hilversum, 2010.

Boven, Erica van, en Gilles Dorleijn, Literair mechaniek: inleiding tot de analyse van verhalen en gedichten, Uitgeverij Coutinho, Bussum, 1999.

Breuker, Ph.H., ‘Oer skriuwster, boek en útjeften’, yn: De Hoara’s fan Hastings, Utjouwerij Fryslân/Afûk???, Ljouwert, 1992 (?e pr.).

Breuker, Ph.H., ‘Oer skriuwster, boek en útjeften’, yn: It Jubeljier, Utjouwerij Fryslân/Afûk, Ljouwert, 1994 (4e

pr.).

Breuker, Ph.H., ‘Wuthering Heights op syn Frysk, oer ûntstean en karakter fan De Hoara's fan Hastings’.

Trotwaer, ôfl. 5, 1980, s. 277-289.

Brouwer, J.H., ‘de hoara’s fan hastings, Hjir, (jun) 1979, s. 14-22.

Brouwer, J.H., ‘Simke Kloosterman, De skriuwster út ’e Wâlden’, It Heitelân, 1956, s. 180-183. Buma, W.J., ‘By de oanbieding’, Lyts Frisia, 1977, s. 7-15.

Butler, Judith, Gender trouble: feminism and the subversion of identity, Routledge, New York, 1990.

Cannegieter, H.G., ‘Onze hedendaagsche Friesche Schrijvers, In Frysk Famke’, Algemeen Handelsblad, 1915. Culler, Jonathan, Literary theory, A Very Short Introduction, New York 1997.

Dam, Freark, ‘Mear as 50 jier nei Date’, Strikel, (maert) 1973.

De Hollandsche Lelie, weekblad voor jonge dames. L.J. Veen, Amsterdam. 7-11-1894.

DeJean, Joan, Tender Geographies, Women and the Origins of the Novel in France. Colombia University Press, New York Chisester Sussex, 1991.

Dotinga, Jan, ‘Bitinking fiifentwintigste stjerjier fan skriuwster Simke Kloosterman’, De Stim fan Fryslân, 22 novimber 1963.

Folkertsma, E.B., yn: De Holder, 1927.

Foucault, Michel, Geschiedenis van de seksualiteit, 1 De wil tot weten (oarspr. 1976).

G. (Goasse? Groustra), ‘Simke Kloosterman wie in bijeftige Fryske skriuwster’, Friesch Dagblad, 15-05-1976. Gezelle Meerburg, Babs, Macht en ûnmacht yn it wurk fan Hylkje Goinga, fjouwer koarte ferhalen fan Hylkje

Goïnga narratologysk, semioatysk en psychoanalytysk besjoen. 1989 (doktoraalskripsje).

Gezelle Meerburg, Babs, ‘Sljocht en rjocht debút’, Leeuwarder Courant, 27-02-2004.

Gilbert, Sandra M. en Susan Gubar, The Madwoman in the Attic, The woman writer and the nineteenth-century

literary imagination, New Haven and London, Yale University Press, 1979.

Haan, Ruurdtsje de, ‘Jan Ritskes en Simke Kloasterman; twa wylde fûgels yn de njoggentjinde ieu’, 2011. Halsema, Annemie yn: Judith Butler, Genderturbulentie, Inleiding en Nederlandse vertaling, Uitgeverij Boom/Parrèsia, Amsterdam, 2000.

Hemker, Mirjam en Linda Huijsmans (red.), Lesbo-encyclopedie, AmboAnthos uitgevers, Amsterdam 2009. Hoekstra, Eric, ‘De ynderlike twaspjalt yn Simke Kloosterman: tusken natuer en kristendom’,Hjir, nû. 6, 2000.

Hof, J.J., yn: It Heitelân, 1922, s. 6, 17, 30.

Hof, J.J., ‘Nijs út ’e Fryske lettertún’, Nieuwsblad voor Friesland, 16 en 19 nov., 1910.

Holtrop, Aukje, Nynke van Hichtum, Leven en wereld van Sjoukje Bokma-de Boer 1860-1939, Uitgeverij Contact, Amsterdam 2005.

Y., ‘Briefwiksel Simke Kloosterman en Douwe Kalma yn nije Estrik’, FD, 3-7-1976. Y.P., yn: Frysk en Frij, 19-11-48, n.o.f. de 2e printinge fan It Jubeljier.

Jaarsma, Dam, ‘In besite op it Marbaeka fan Twizel. It slotsje dêr’t Simke Kloosterman wenne hat’, yn: Frysk en

Frij, 11-8-1951.

Jensen, Lotte, ‘Bij uitsluiting voor de vrouwelijke sekse geschikt': vrouwentijdschriften en journalistes in

Nederland in de achttiende en negentiende eeuw, 2001.

Jensma, Goffe, ‘Zure regen – enkele opmerkingen over uitgangspunten en methode van de Friese

literatuurgeschiedenis naar aanleiding van Rients Fabers biografie van Lucius Columba Murray Bakker’, Us

Wurk, 2005, s. 63-75.

Kalma, D., yn: Frisia, nû. 5, 1921, s. 732-739.

Kalma, D., yn: ‘Simke Kloosterman to hôf brocht’, Leeuwarder Nieuwsblad, 10-12-1938. Kalma, D., yn: ‘Simke Kloosterman. Lêste eare’, De Fries om utens, ôfl. 1, s. 4-5, 1939. Kalma, D., ‘Kroniek der Friesche letteren V’, Saxo-Frisia, vol. 2, 1940, s. 12-13.

Kalma, D., ‘Van Eigen Bodem, Fen Fryslâns Fjilden, XII Nijere persoanlike skriuwers’, Leeuwarder Courant, 8-1-1916.

Kater, Jan de, ‘De twee Postma’s’, de Moanne, nû. 1, 2012, s. 48-53.

Knol, Jelma, ‘Geertruida Christina Stellingwerf-Jentink, de earste Fryske feministe’, De Moanne, nû. 3, 2003. Knol, Jelma Sytske, ‘út syn aerd wei froulik’, de Fryske dichteressen en it misferstân, Hispel – Wiuwert 1993. Koopmans, Anne, ‘De Hoara’s fan Hastings’, Driuwende saken, Strikelboek 1997, s. 68-70.

Krol, Jelle, ‘”De Hoara’s fan Hastings” fan Simke Kloosterman’, Leeuwarder Courant, 15-01-1993.

Krol, Jelle, ‘In de vaart der volkeren, Van 1915 tot en met 1945’, yn: T. Oppewal, e.a., Zolang de wind van de

wolken waait. Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam 2006.

Krol, Jelle, yn: Douwe Kalma, Samle fersen, Fryske Akademy, Ljouwert 1996, s. 21-22. Kuitert, Lisa, ‘Het debacle van een Nederlandse vrouwenreeks‘, Literatuur, 2001, s. 152.

Leeuwarder Courant, ‘”Brieveboek” Kalma-Kloosterman oanbean’, 27-11-1976. Leeuwarder Courant, ‘Nije Fryske lûden, Forhalen fen Jiffer Kloosterman’, 12-12-1936.

Lerner, Gerda, The Creation of Feminist Consciousness, Oxford University Press, New York 1993. Loopstra, J.J., De Fries om utens, afl. 2 (des.), 1940.

Mathijsen, Marieta, De gemaskerde eeuw, Querido, Amsterdam 2002, s. 39, 41.

McFadden, Margareth, Golden cables of sympathy : the transatlantic sources of nineteenth-century feminism, Mothers of the Matrix (III), University Press of Kentucky, 1999.

Meerburg, G.A.G. / In: RONO; (1964) (23 apr) / 1964.

Meijer, Maaike, De lust tot lezen, Sara/Van Gennip, Amsterdam 1988.

Meijer, Maaike, ‘Het heldinnengevoel’, Lust en gratie: lesbisch cultureel tijdschrift, 1989, s. 89-91. Mulder, Tiny, ‘De earste echte Fryske roman: De Hoara’s fan Hastings’, FD, 1-3-1980.

Mulder, Tiny, ‘It Jubeljier’ werprinte, Friesch Dagblad, 21-4-1979.

Mulder, Tiny, ‘Litterair leven’, 11 juli 1963 (Tiny Mulder bespreekt: Ut de gielgoerde). Stichting Nederlandsche Radio Unie Regionale Omroep Noord en Oost Groningen.

Nieuwe Rotterdamsche Courant, Ochtendblad, Gewijd aan de Letterkunde, 31-12-1921, s. 3.

Oppewal, T., e.a., Zolang de wind van de wolken waait. Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam 2006. Oppewal, Teake, ‘De Hoara’s fan Hastings: gaos yn ’e tiidskaal’. Trotwaer, nû. 6, 1991.

P., ‘In kostlike jefte’, Leeuwarder Courant, 3-11-1948.

Paulson, Sarah J., ‘Camilla Collett: Norway’s First Feminist Writer’, yn: Wiener Texte zur Scandinavistik, Praesens Verlag, Wien 2006, s. 71-90.

Piebenga, Jan Tjittes, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, Laverman, Drachten 1957, 2e pr., s. 213. Ploeg, Durk van der, ‘Lyryk en dramatyk wichtige eigenskippen yn it romantysk proaza fan Simke

Kloosterman’, De Stim fan Fryslân, 4-10-1963.

Postma, G., yn: Forjit my net, nû. 11-12, 1910, s. 277-280.

Reymenants, Geraldine, ‘Schrijven of koken, Vrouwelijke auteurs in strijd met het mannelijke literaire veld’,

Uitgelezen, jrg. 12, nr. 3, 2006.

Riemersma, Tr., It koarte forhael: yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu, Koperative Utjowerij, Boalsert 1977.

Riemersma, Tr., ‘Mar Hester stie derboppe’, Trotwaer, nû. 3, 1981, s. 200-204.

Romein-Verschoor, A., Vrouwenspiegel: een literair-sociologische studie over de Nederlandse romanschrijfster

na 1880, waarin opgenomen "Een eenzaam avontuur in de literaire sociologie". Socialistische Uitgeverij,

Nijmegen 1977.

Sijens, Doeke, Sa’n tûzen blauwe skriften, Koperative Utjowerij, Bolsward 2001.

Simonides, Dr. Dina, De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma, Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins, Grins 1976.

Simonides, Dina, ‘Eat oer it libben en wurk fan Simke Kloosterman: "de Hoara's" allicht har bêste wurk’, De

Fleanende Krie, septimber, 1963.

Simonides, Dina, ‘Oanfolling op de briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma’, Us Wurk, 1978. Simonides, Dina, Foarriedich nammeregister op De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma, Frysk Ynstitút, Grins 1976.

Simonides, Dina, ‘Simke Kloosterman’, Tekst & Utliz, 1970. S.S., ‘Op ’e Boekemerk, Ut ’e Gielgoerde II’, Frysk en Frij, 21-9-1945.

Steenmeijer-Wielenga, T., ‘Simke, in skriuwend Frysk famke, in sjongende wylde fûgel’, Leeuwarder Courant, 27-11-1976.

Veenstra, Tsjerk, Literatuerlist fan ‘Simke Kloosterman, De Hoara’s fan Hastings mank it oare wurk. MU-B wurkstik, 1983.

Vries, Theun de, ‘S. Kloosterman, Hengist en Horsa’, De Gids, 1934.

Weg-Laverman, Jant van der, ‘De Hoara’s fan Hastings fan Simke Kloosterman. De earste Fryske klassiker is der!’, Friesch Dagblad, 7-12-1992.

Wiersma, J.P., Het Parool, 12-09-1945.

W.L.Z. (Wike Zylstra), besprek wierskynlik n.o.f. de 2e pr. fan De Hoara’s fen Hastings. Sûnder fynplak en datum yn knipselmap (Tresoar).

Wumkes, G.A., Bodders yn de Fryske striid, A.J. Osinga, Boalsert 1926. Wumkes, G.A., ‘By de oanbieding’, Lyts Frisia, 1977, s. 7-15.

Wumkes, G.A., ‘De Proloog fen de Hoara’s’, Frisia, nû. 12, 1930, s. 164. (Wumkes), G.A.W., yn: Y.ú.e.t., 1921, s. 192.

Zylstra, Wike L., ‘Simmer yn Fryslân’, Frisia, 1921, s. 567-575.

Zwart, dr. F.W., ‘De man van het zwarte koraalboek’, Reformatorisch Dagblad, 19-04-1991 (www.digibron.nl) (9-11-2011) .

Audiovisueel materiaal:

Reportaazje mei Ph.H. Breuker, Dina Simonides en frou Schaap-Wiersma. Aly v.d. Mark, 6-11-1980 (Tresoar AV: 06290).

RONO-dokumintêre ta gelegenheid fan Kloosterman har 100ste bertedei, mei û.o. Tiny Mulder dy’t mei Dr. Dina Simonides praat n.o.f. it útkommen fan Kloosterman har briefwiksel mei Douwe Kalma, 1976 (Tresoar, AV 06299). Ynternetsiden: http://archive.org/details/letterswrittend00wollgoog (26-10-2011).