• No results found

Hanneke de Jong, Sterke skouders · dbnl

N/A
N/A
Protected

Academic year: 2021

Share "Hanneke de Jong, Sterke skouders · dbnl"

Copied!
124
0
0

Bezig met laden.... (Bekijk nu de volledige tekst)

Hele tekst

(1)

Hanneke de Jong

bron

Hanneke de Jong, Sterke skouders. Koperative Utjowerij, Easterein 2004

Zie voor verantwoording: http://www.dbnl.org/tekst/jong023ster01_01/colofon.php

© 2014 dbnl / Hanneke de Jong

(2)

foar Menno en Lykele

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(3)

Vader en zoon in hevige regen

Je zoon op je schouders.

Boven hem je paraplu een lopend torentje in regen van nu.

Zelf wees geweest en wees gebleven zit je daar zelf op schouders van ouders, zelf

in de vorm van een zoontje, en boven de hoofden een ronde en kleine, maar troostende droogte.

Judith Herzberg

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(4)

1

Fansels komt heit net mei. Hy hat in rûnlieding, sei er troch de tillefoan en hy sil itselde stomme ferhaal oer it eilän foar de tûzenste kear fertelle, fan de skiednis, de natoer, de sêgen en leginden. Elkenien: toeristen, syn wurk, de hiele wräld, giet foar by syn soan, by syn beide bern.

Moarn bringt ús mem Jaike, myn suske fan tolve. Se komt ek by Simen en Lys, ús omke en tante, te wenjen, want op it eilän is gjin gymnasium. Om't der ek gjin boppebou fan de havo is, wenje ik hjir al sûnt in jier. In ferlern jier eins, want ik bin sitten bleaun om't ik gjin flikker útfierd ha. Al myn bûsjild ha ik nei de bioskoop en it Filmhûs tôge en ademleas de iene nei de oare film besjoen. Dat is wat oars as tv en dvd!

Ik doch in bloeze oan en gniis nei mysels. Gjin gesicht: dat slûke striehier, dy blokte beugelbek en - as woene de hormoanen my ekstra peste - in glänzjend reade pûkel njonken de noas. Krekt no't ik foar it earst mei Angelique útgean sil!

De ôfrûne wike kaam ik har hieltyd tsjin yn 'e stêd. Ferline skoaljier siet se in klasse leger, mar dat feroaret aanst. Se kaam spontaan op my ôf, we ha op terraskes sitten, no en dan poold en it gesellich hân. Yn in pear dagen wie ik ferlyfd en sy grif ek op my, want oars hie se my foar jûn net útfrege. Wy sieten tegearre op in bankje en seagen út oer de gracht, wylst har tonge bedachtsum oan de iislolly slikke. Ik woe dat ik de iislolly wie!

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(5)

Wie it mar jûn, ik wol har tútsje. Om mei te begjinnen, sis ik stikem tsjin my sels wylst myn hân nei ûnderen ta ôfdwaalt.

'Willem! Do soest toch fuort? Komst noch!' Brenda, myn skattige nichtsje fan trettjin, stiet ûnderoan de trep te razen. Ik skrik my dea en doch de broek rjocht. Mei sa'n tinte kin ik net oankomme, ôfkuolje jong!

'Jaa,' raas ik werom. Gau doch ik de bloes út, dy is net stoer, en pak in T-shirt sûnder mouwen, sadat de spieren dy't ik dizze simmer oankweekt ha goed ta har rjocht komme. Ik besprinkelje de wangen mei in lekker luchtsje en besjoch my nochris yn 'e spegel. No bin ik der klear foar.

We rinne werom nei myn fyts. Fan binnen laitsje ik: sjoch my noris, ik kin it hast net leauwe. Hân yn hân mei in famke en wat foar ien! Har donkere eagen sjogge nei my op, har reade mûle glânzet, ik wol har tútsje en streakje, dat lange hier, dy stevige boarsten, by har rêch lâns nei ûnderen nei har stevige kont.

'We binne der, Willem.'

Se laket nei my en ik sjoch de blokjes fan har beugel glinsterjen. 'Sil ik foar op 'e stange sitten gean?'

As we fytse fiel ik har hier yn myn gesicht kribeljen en snúf ik in hearlik luchtsje op.

It wie gesellich yn 'e stêd mei ferskillende iepenloft-konserten fan groepen en orkesten en koarte teateroptredens om it publyk op te waarmjen foar it nije winterseizoen.

'Hjir is it.' Angelique springt fan de fyts. Ik parkear him tsjin de strjitlampe en rin mei har nei de foardoar.

Krekt bûten it ljocht fan de lampe sjocht se my oan, ferwachtingsfol. Ik bin daliks klear om oan har ferwachtings te foldwaan en bûch my nei har ta. Har sachte lippen tsjin mines. Myn linkerhân hâld ik yn har nekke om har holle te stjoeren, wylst ik mei de rjochterhân har spikerbroek streakje. Troch de teisters sjoch ik har tichte

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(6)

eagen, wit ik har smeekjende mûle.

Ik doch de mûle mear iepen en sykje har tonge, earst taastend, dan heftich, kronkeljend. Se smakket in bytsje swiet fan de cola mei wat sigarettereek der tuskentroch. Lekker. Ik fyn dat ik it der net raar ôfbring. It is krekt in film.

Us tosken reitsje inoar.

'Uuuuh,' kroant se en ik tink dat se it lekker fynt, dat ik set nochris ta, kroan ek wat. It wurdt in heftige film.

'Hosj,' gnoarret se en se besiket har werom te lûken.

'Au,' raas ik. Us beugels moatte inoar ergens rekke ha en mei de heakjes yninoar sitte.

'Uuuuh,' doch ik no ek. Ik pak Angelique har gesicht beet, want se docht my te panikerich en aanst binne ús beugels oan smots. Silst heit en mem hearre wat soks kostet!

Hiel foarsichtich, de mûle yn it wiidst iepen, manoeuvrearje ik heakjes en blokjes útinoar.

'Stommeling!' systert se. 'Kinst net iens fetsoenlik tútsje mei dyn ûnnoazele beugelbek!'

Ferbjustere lit ik it oer my hinne komme. We binne toch ferlyfd? Sy net dan?

Wêrom die se dan ferline wike sa aardich? Wêrom docht se no sa? It moat de skrik wêze.

'Kom op,' sis ik, 'we besykje it noch in kear.'

'Mochtst wolle,' seit se kattich, 'ik sil de oare fammen warskôgje dat se neat mei dy hoege te begjinnen salang asto dy beugel hast. As it oait wat wurdt. Bist in achterlike eilanner dy't in bytsje swijend ynteressant en stoer besiket te dwaan, wylst hielendal neat foarstelst.'

'Hè, wat seist no? Doch net sa stom, je!' De hiele romantyk is nei de kloaten. Ik begryp net wêr't se it oer hat.

'Praat marris mei Roland, fan vwo 6, dy kin dy fertelle wat famkes lekker fine,' advisearret Angelique.

Roland? O, se hat it oer de mislearre tút. Dêr gean ik daliks op yn. 'Gjin wûnder, hy oefent alle wykeinen. Dan spilet er seksfilms nei mei in opblaaspop.' Angelique is

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(7)

wier de iennige net, dy't rottich dwaan kin.

Mei grutte eagen sjocht se my oan. 'Opblaaspop?' Dan jout se my in dúst. 'Idioat!

Hâldst my foar de gek!'

Ik narje noch even lekker troch. 'Freegje de oare famkes mar. Dan silst it hearre.

Hy kin it op minstens tachtich manieren. Miskien hat er ek wat spesjaals foar beugelfamkes.'

'Klier!' Se jout my noch in stomp, draait har om en begjint yn har taske te graven.

'Wêr is dat rotding?' foetert se.

'Yn 'e bûse miskien?'

Se docht in taast. Ja! Nidich sjocht se my oan. Ik jou har in lêste tút ergens healwei it wang en it ear. 'De mazzel.'

Ik pak de fyts en stap op. Nidich traapje ik troch de stille strjitten. Wêr is it mis gien? Yn gedachten gean ik alles bylâns. De jûn wie gesellich oant de beugeltút. Ik hie der sa'n soad fan ferwachte, in nij skoaljier mei in echte freondinne!

Ien kear bûten de stêd kom ik ta rêst. Ek al is it tsjuster, ik wit de romte om my hinne, it flakke wide lân ôfwiksele mei hjir en dêr in pleats, en mei doarpen om in tsjerketoer. Ik genietsje fan de rook fan farsk meand gers.

De augustusnacht is helder en sacht. Myn gedachten geane werom nei Angelique.

As se my stom fûn, wêrom socht se dan kontakt mei my? Omdat ik in jier âlder bin, omdat se my ynteressant fûn of omdat ik fan in eilân kom? Dat wol ik krekt ferjitte!

Sil ik famkes oait begripe? Ik wurd wer lilk: se hat my ek noch in protte jild koste, om't ik har in pear kear traktearre ha. Wat ik dizze fakânsje fertsjinne ha moat eins by de bank op 'e rekken stean bliuwe oant it genôch is foar in fideokamera. In echt goeie, in digitale, sadat ik myn eigen films meitsje kin. Yn gedachten doch ik dat hiel faak, fan doe't ik lyts wie of as ik dreamd ha. By Brouwers yn 'e stêd ha se de bêste. En ik kin it witte, want ik stean my geregeld te fergapjen foar

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(8)

de etalaazje. Stom dat ik net in baantsje ha mei, sa sjit it noait op.

As ik thúskom is fuort dúdlik dat Simen fynt dat ik te let bin. Der brâne gjin lampen mear, der stiet net in beker molke mei in pear stikken bôle foar my klear. Oars smart Lys seis broggen - moatst goed ite no'st yn 'e groei bist - mar Simen sil wol sein ha dat ik dan earder thús wêze moatten hie.

My bêst genôch, ik set de flesse cola oan 'e mûle en sûp in heale liter op om daliks in pear knallende boeren te litten. Lekker, dat jout romte. Ik doch de iterskast iepen en sneup yn 'e trompkes om. Ha, fulde koeken. It binne gewoane fabryksdingen, mar ik kin dochs wol trije op. As ik foar de nacht neat yt, wurd ik tsjin fjouweren wekker fan de honger.

Sil ik noch efkes tillevyzje sjen? Op freed is der miskien in film mei bleat en seks en dêr ha ik wol sin oan no't it út is mei Angelique. Hoewol, it hat fansels noait oan west. Stom bern, ik wyn my wer op. Dochs mar gjin tv. Al fynt Simen it foar my oan 'e lette kant, dat wol net sizze dat er sliept. En ik ha gjin nocht oan getonger oer sûnens en skoalle en dat soarte fan aaklichheden, dat ik nim noch ien fuld koekje en set ôf nei boppen ta.

'Hast al toskboarstele?' besiket er sêft te brommen.

'Doch ik daliks.'

Sjochst wol, hy sliept net.

Ik moat noch in trep heger. No't Jaike moarn komt en myn keamer oernimt, is op it dak in kapeltsje set, sadat der romte is foar in ekstra sliepkeamer.

Jaike. No tink ik dochs wer oan har. En oan mem, dy't har bringt. En oan heit dy't thús bliuwt. Ik lûk it dekbêd oer de holle. Miskien wurd ik noait mear wekker.

'Willem, jim mem is der. En it is omtrint healwei alven.' Kut. Fierste betiid. Ik wol sliepe. De ien nei lêste dei dat ik útsliepe kin, makket Lys my wekker!

Yn juny wie ús mem hjir foar it lêst. Krekt op 'e dei

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(9)

dat ik tafallich in ôfspraak hie mei myn mentor. Of wie it in oar? It kin neat skele, ik wie net thús en mem wie teloarsteld. Sei Lys. Se is mem har iennige suster.

Dêrnei ha ik de hiele grutte fakânsje wurke: yn de blombollen, yn de kassen of op it lân, oeral dêr't wat te fertsjinjen wie. Oeral, behalve thús, wylst ik dêr fansels sa oan 'e slach kind hie. Op in eilân is simmers altyd wurk. Heit en mem fûnen it mar neat dat ik alles regele hie, mar ik wie der bliid om. Sân wike thús, ik moast der net oan tinke. Mem is okee, mar heit! As ik him yn gedachten foar my sjoch, eksplodear ik hast. Ik begryp net wêrom't er my sa lilk meitsje kin. Is it omdat ik in heal jier fuort moast?

Filmke: it jonkje hâldt de mem har hân beet en sjocht nei har op. Se giet troch de knibbels en sjocht him lyk yn 'e eagen. 'Moatst in grutte jonge wêze,' seit se.

Acht jier wie ik doe't ik pesten waard omdat der wat mei ús heit wie op de skoalle dêr't er lesjoech. Mar wat? Se ha it my net ferteld en ik ha der noait nei frege. Ik wit allinnich noch dat mem my nei Simen en Lys brocht en sels werom gie nei heit en Jaike. Doe't ik nei de simmerfakânsje wer nei it eilân mocht, siet heit altyd yn de hut fan Steatsbos en woe Gerlof, myn bêste maat, neat mear fan my witte.

'Willem!' In brul fan Brenda.

Ik stek de fuotten bûten board. Op 'e râne fan it bêd bliuw ik even sitten en kom dan foarsichtich oerein. Ik stjit de tean tsjin in kast en raas it út. Op ien foet dûnsje ik troch de keamer en knal mei in doffe klap tsjin it skeane dak oan. Ik slach de earms om 'e holle en lit my op it bêd werom sakje om even te bekommen. Dan kom ik dochs wer oerein. Hastich doch ik myn T-shirt út, set de spuitbus op 'e oksels, klets wat wetter tsjin de holle en helje de hannen troch it hier. Sa moat it mar goed wêze. Nei't ik my oanklaaid ha, gean ik nei ûnderen. Ik hear mem har stem al yn 'e gong. Har lûd sil ik altyd kenne:

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(10)

noch ien ferhaaltsje, Willem, dan moatst echt koese. It is krekt oft se oeral om laitsje moat, oft it libben ien grutte grap is, mar ik sjoch it net.

'Ha broer,' ropt Jaike as ik de keamer ynkom. Se draaft achter Brenda oan nei boppen ta, se wol grif har nije keamer besjen. Mem komt oerein. Alle kearen ferwûnderje ik my der oer dat se der sa jong útsjocht. It koarte, ljochte hier krôlet alle kanten út, se hat har in bytsje opmakke en se hat in read rokje mei in kleurich blommebloeske oan. Se jout my in hân en om my in tút op beide wangen te jaan, moat se al in bytsje rikke.

'Willem,' seit se, 'wat bist lang wurden.'

'En meager!' seit Lys. 'Mar wy jouwe him wier genäch te iten hear. Hoefalle broggen nimst alle dagen mei nei skoalle?'

'Fjirtjin,' antwurdzje ik en rin fierder nei de keuken.

Oars bin ik altyd roppich, mar no moat ik allinne boere. Ik hoech gjin iten, mar ik doch oft ik mei bôle oan it pielen bin, om foar te kommen dat Lys der oer begjint te seuren.

Ik set it pak molke oan 'e mûle om dochs wat yn 'e mage te hawwen en nim in pear slokken. Bah, goar. Ik wol fuort.

'Ik gean even, hear,' sis ik om 'e hoeke fan 'e doar.

'Dochst wol gesellich,' fynt Simen. 'Jim mem komt ek foar dy!' 'Fan 'e middei bliuw ik thús,' sis ik.

'Bist der iterstiid wer?' freget Lys.

'Fansels.' Ik doch posityf. 'It giet om iten, no?'

Simen laket: 'Kinst daliks sjen wat wy mei dy snotaap te stellen ha, Anne. Iten en famkes, dêr is er hyt op!'

Hastich klap ik de doar ticht, want de rest fan dat slop geouwehoer wol ik net hearre. Ik pak de fyts út it hok. It is moai waar om te fytsen. Gewoan, tusken de greiden troch en genietsje fan de fûgels dy't ik sjoch. Sûnt koart is der in mûzefalk te bewûnderjen. Alle kearen fyn ik it prachtich om te sjen hoe't er deastil yn 'e loft hinget

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(11)

om dan mei gong nei ûnderen te dûken en even letter fuort te fleanen mei in sparteljend mûske yn 'e klauwen.

Opfrette of opfretten wurde, dêr draait it om.

De middei wol net foarby. We ite waarm, yn ferbân mei mem dy't oan 'e ein fan de middei werom giet. Lys is bliid dat mem der is en se praat en se freget, de fammen kwêkje oer famkesdingen en ik wrakselje my troch myn karbonaadsje en myn beantsjes. As heit meikaam wie, hie ik hielendal neat troch de kiel krije kind.

No en dan besiket Lys my yn it petear te belûken, mar dan ha ik hieltyd krekt de mûle fol en doch ik it ôf mei knikken en skodholjen.

Nei it iten help ik in hantsje en sis dan: 'Ik moat noch boeken kaftsje, in hiel soad.' Mem sjocht ferslein, ik sjoch it wol, mar ik wit net wat ik sizze moat as ik yn 'e keamer bliuw. Ik ha neat te fertellen.

'As jim oan 'e kofje ta binne, dan roppe jim my mar.' Gau gean ik nei boppen, foardat ien my tsjinhâlde kin. Brenda en Jaike sitte al oeren op har keamers te kwebbeljen en te gibeljen, wêrom sil ik dan de hiele middei sosjaal wêze?

Ik set de computer oan en start in spultsje. Computerspultsjes binne gaaf ast rottige dingen ferjitte wolst. Mar al gau hear ik hoe't de keamerdoar sacht iepengiet. Ik draai my om: it is mem. Se bliuwt yn 'e doar stean.

'Kom fierder,' sis ik en kom oerein. Ik gean sels op it bêd sitten en wiis nei de burostoel. Ik fiel my stom. Hokker jonge is no ferlegen as syn eigen mem op syn keamer komt?

Mem rint de keamer yn en streaket my sêft oer it wang. 'Bist noch sacht,' seit se.

'Ik skear my soms al,' sis ik en ik hear sels hoe agressyf it klinkt.

'Krekt.' Se giet sitten. 'Hoe is 't mei dy? Echt?'

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(12)

'Goed. It is wier goed.' Ik slok in dikke prop fuort.

'Dat sittenbliuwen komt omdat wy hjir hiel oars wurkje en ik moast earst wenne.

Mar it komt wol goed.' Doch net sa senuweftich, stomme kloat.

'Ik bedoel net hoe't it op skoalle is, ik wol it oer dy ha.' 'It is goed, mem!'

Nei even swijen seit se: 'Wêrom hast de hiele fakânsje net thús west?'

'Ik hie it drok mei wurkjen, dat ha ik dochs útlein? As ik troch de wike in baantsje ha mei, hoech ik yn de simmerfakânsjes net sa hurd te wurkjen!'

'It is yntusken hast in jier ferlyn dat heit dy sjoen hat. Sûntsto hjir wennest hast leau ik twa kear de muoite naam om oer te kommen.'

'En dy wykeinen wiene gesellich, kom op hee! Heit siet yn de hutte en mem yn de winkel. Ik ha myn libben no hjir en dat fyn ik bêst genôch. Boppedat fynt heit it de muoite net wurdich om hjir te kommen.' Ik wit dat ik oerdriuw en dat ik ûnreedlik bin, mar ik kin net oars.

Mem suchtet en giet stean. 'Asto it sa wolst.'

'Ja, sa wol ik it.' Ik sjoch strak foar my út. Se jout my in tút en ferdwynt nei únderen ta. As Simen har in pear oeren letter nei de boat bringe sil, wol ik it leafst myn earmen om har hinne slaan en flústerje: 'Sorry mem, it spyt my, ik bin in kloat.'

Mar ik sjoch mei de bannen yn de bûsen ta hoe't se fan elkenien ôfskie nimt en hoe't Jaike har gûlend om 'e hals hinget. As se oan my ta is, gean ik even troch de knibbels sadat se my in tút jaan kin en mompelje: 'De mazzel, groeten oan heit.' Dy jûns sitte wy ûnwennich om 'e tafel. Sa is it tenei: Lys en Jaike nêst inoar, Brenda en ik oan 'e oare kant en Simen oan it haad. De kearen dat Jaike hjir útfanhuze hat, sieten wy ek sa, mar no sil it gewoan wêze. Behalve as se op it eilân is, yn wykeinen en fakânsjes.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(13)

Jaike is stil, har eagen binne noch read.

Yn gedachten bin ik oan it filmjen.

Der sit in lins op de kamera dy't de bylden dizich makket. Of soest dat letter mei de computer bewurkje kinne? Ik wit it net, dat wol ik allegear leare.

Achter de reling in mem mei in berntsje op 'e earm. It jonkje stiet nêst har. Hy hat blauwe lipkes, al is er dik ynpakt. De mem knibbelt nêst him del en freget:

'Silst in grutte jonge wêze?'

Lys seit sa fleurich as se kin: 'Kom Jaike, moatst noch in stikje bôle ite. Ien brochje is net genôch.'

'Mei Jaike fannacht by my sliepe?' freget Brenda.

'Dan brûke wy de oare keamer foar de stúdzje.' Ik laitsje har rjocht yn it gesicht út. 'Sliepe op ien keamer? Studearje op ien keamer?'

Brenda is ferline jier mar krekt nei twa-havo oerkaam om't se op skoalle meast oan it keten wie. Simen wûn him doe geregeld op en se mocht de lêste moannen amper mear de doar út.

'Willem hat gelyk,' seit er dan ek daliks.

'Boppedat is it foar Jaike better as se út en troch de gelegenheid kriget om har werom te lûken,' fynt Lys.

'Miskien wol se ris nei har heit en mem skriuwe of belje en dêr hoechsto net altyd by te wêzen.'

Brenda sjocht beledige, mar nei't se even de kant fan Jaike útsjoen hat, hâldt se har stil om't dy wakker mei de eagen knippert. De triennen sitte noch heech.

'Wat mankeart jim hjoed?' freget Simen him ôf.

'Willem sit al sa mei syn bôle te boartsjen.'

'Lit dy bern,' seit Lys. 'Moarn is alles wer gewoan.'

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(14)

2

Dit skoaljier sil ik it allegear oars dwaan. Wylst ik op myn deade gemak oer it slingerdykje tusken de greiden troch fyts, betink ik hoe't ik it oanpakke sil. Ik wit yn alle gefallen hoe't it net moat: net de sleauwe úthingje dy't allinne belangstelling hat foar fûgels en films, dy't noait meigiet de kroech yn, dy't net wit hoe't er mei famkes omgean moat, dy't der oeral en altyd nêst stiet. Dit jier moat ik ferjitte hoe't it op it eilân wie, dat ik dejinge wie dy't it lêst keazen waard, dy't meastal allinnich siet en dy't altyd de soan bleau fan dy flipte learaar. De dosint dy't net hielendal doogde, dy't him ferstoppe yn in gammele skuorre fan Steatsbos, dêr't ferhalen oer flústere waarden dy't no en dan ophelle waarden. Ferhalen dêr't ik fan wist dat se bestiene, mar net wat se ynholden. Ik wol ferjitte en opnij begjinne.

Sagau't ik by skoalle kom, sjoch ik myn nije klasgenoaten. In pear steane te smoken op it plein. Dat hie ik fan tefoaren al betocht en ik ha ek in pakje sigaretten yn 'e bûse. Net dat ik it lekker fyn, mar je ha wat te dwaan en je hearre der by.

'Ha Willem jonge, hoe is 't mei dy.' In stomp fan Erwin dy't graach de toffe fint úthingje wol.

'Ik ha heard dat it in soadsje is mei de leararen,' seit ien. 'Allegear pasjinten.' 'Se misten ús fansels,' sis ik en ik fiel hoe't ik it waarm krij. Yes, ik ha wat sein yn 'e groep!

Angelique, dy't har oant no ta ferskûle hat achter twa

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(15)

oare fammen, seit: 'Moai, dan kinne wy dy ferfangers daliks even útprebearje.' 'Hoe bedoelst dat?' freget ien, 'privee of yn 'e klasse?'

'Earst marris yn 'e klasse.'

Angelique har donkere eagen skitterje en se laket har beugel bleat. 'Ik ha oars wat meimakke yn 'e fakânsje! Der siet in ûnhandige nerd by!'

Trut. As se it foar my ferpest, pak ik har daliks werom.

'Fertel Angelique!' Dy twa famkes, grif har hofdames, sjogge har mei kowe-eagen oan, as wolle se it ferhaal der wol útskuorre.

De belle giet en dêr bin ik bliid om. Foardat Angelique de skoalle yngiet, sjocht se noch even oer it skouder nei my. Fûl kring.

'Oeiii!' raast Erwin, 'hasto wat mei har?'

'Och,' sis ik, 'moatst net leauwe wat sy allegear fertelt.'

'Hoe wie se?' wol Erwin witte, 'ha jim it dien? Se docht it mei elkenien, ha ik heard.'

En dat wit ik no pas! Ik leaude elk aardich wurd dat se sei!

'Kom op,' sis ik en sûgje noch in pear kear heftich oan myn sigaret, 'wy moatte dy kant ek út.' Ik goai de peuk fuort en sjok mei de tas oer it skouder achter de oaren oan, de klúskes foarby en de folle gongen yn.

'Jongelju!'

Hoedemakers jout mei de boarstel in pear kear in mep op it boerd oant it rêstiger wurdt. 'Moai dat jim der allegear binne.'

Fuortdaliks skuort elkenien de mûle wer iepen.

'Minsken, minsken!' In huf op it boerd. Hurder no.

Ik hâld my stil, ik ha hjir gjin nocht oan. Foar de twadde kear havo fjouwer, mar ik moat dochs wat. Ik bin de iennige net dy't it oerdocht, want ik tel sa fiif oaren. It is it maklikste pakket ek net, natuer en sûnens, mar dit ha ik yn 'e kop, sadat ik letter natoerfilms meitsje kin. Of miskien oait dokumintêres.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(16)

'As it goed is, ha jim de boeken thús tastjoerd krigen of by de boekhannel ophelle.' 'Der doogde neat fan,' raast Erwin.

'By my ek net,' roppe se no fan alle kanten.

Hoedemakers slacht noch hurder op it boerd. Ik bin benijd wat it earste stikken is, it boerd of de boarstel.

'Okee, okee, net trochinoar.'

Ik fret my op, want hjir bin ik net betiid foar fan 't bêd kaam. De rêst fan fan 'e moarn, doe 't ik troch it fjild fytste, is ferdwûn.

'Hasto alles?' freget de jonge dy't nêst my sit. Ik ken him net. Hy is hast pikswart en syn aksint makket dúdlik dat er net yn Nederlân berne is.

'Noch twa wurkboeken moat ik ha. Mar dat binne in twadde en in tredde diel, dat dêr ha wy foarlopich gjin ferlet fan. En do?'

'Ik ha noch hast neat.'

'Kinst earst wol by my ynsjen. Ik bin Willem.' 'Liban.' De jonge stekt my de hân ta.

'Nei ôfrin fan dizze byienkomst bliuwe de learlingen dy't swierrichheden ha mei de boeken hjir,' skreaut Hoedemakers. 'Dan geane wy no fierder.'

Moaie learaar. Soe heit ek sa west ha? Hooplik kin de man better lesjaan as oarder hâlde, want de ûnfoldwaandes foar wiskunde binne mei de reden dat ik hjir wer sit.

'Dan noch wat nijs.' It wurdt in bytsje rêstiger. 'Yn septimber geane alle fjirde klassen in pear dagen nei Texel om inoar better kennen te learen. Boppedat meitsje jim dêr it begjin fan in wurkstik. De ferskillende fakdosinten sille jim der mear oer fertelle.'

De iene fraach nei de oare wurdt op him ôffjurre: 'Wêr sitte we dan, menear? Wa geane der mei? Wannear geane we krekt?'

'Stilte, stilte!' Wer in pear dreunen op it boerd. 'Sa't ik al sei, fierdere meidielings oer dizze reis wurde letter dien.' As er einicht mei: 'Ik sjoch jim de earste les,' kom ik fuort oerein. Liban giet ek stean.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(17)

'Oant woansdei,' seit er.

'De mazzel.' Ik pak de tas en bin bliid dat ik fuort kin, de skoalle kin my net koart genôch duorje. Gelokkich dat de sinne skynt, it is moai waar om der op út.

Safolle lilkens ha ik yn my, safolle. Wat moat ik dermei? Ik sil dit jier wer op skoalle wêze en harkje nei stomme leararen as Hoedemakers, ik sil omgean moatte mei razers as Erwin, seikwiven as Angelique, ik sil húswurk meitsje, toetsen en domme opdrachten.

Grimmitich traapje ik troch.

Rêstich man, wurd kalm. Doch de eagen iepen, brûk dyn sintugen.

Ik sjoch om my hinne en lit it grien fan de lannen en it blau fan de himel op my ynwurkje. Ik kwak de fyts tsjin it folgjende stek en jou my yn de berm del, stek in gerske yn 'e mûle. Folle lekkerder as in sigaret.

Ik doch de eagen ticht en sjoch in film fan myn bernetiid, de earste kear dat ik mei Simen gie te aisykjen.

De kamera folget de flecht fan in ljip.

'Sjochst dat?' freget in swiere stim, 'dat is it hijke dat it spul yn 'e gaten hâldt.

Dan moat der in sijke yn 'e buert sitte te brieden op it nêst.'

It byld rint fol mei in greide, in man en in suterich, meager jonkje.

'Gean dêr mar hinne te sjen!'

De man wiist it jonkje in stik lân oan. Nei even sykjen stekt it bern triomfantlik in aai de loft yn. De kamera zoomt yn: it is in hinne-aai.

'Dat liket der op!' laket de man.

Under it iten kwêkje Brenda en Jaike oan ien tried wei oer de earste skoaldei. Pas nei it iten seit Simen: 'Wy wolle jim wat fertelle,' en as Lys de mûle iependwaan sil, giet er grutsk fierder: 'Se ha har frege foar in baan.'

'It bestjoer fan de berne-opfang dêr't ik in pear moarn-

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(18)

tiden wurkje, hat frege oft ik de lieding op my nimme wol,' leit Lys út.

'Kinne se gjin oaren krije?' freget Brenda. 'In jongeren of sa?' 'Se wolle de bêste ha,' seit Simen. 'En dat is jim mem.'

'O,' seit Brenda en it klinkt as fynt se it mar neat. 'Geweldich. Docht mem it?' Ik begryp har net, ik soe hartstikke grutsk wêze.

'Ik tink it wol,' seit Lys, 'mar der moat fan te foaren al it ien en oar regele wurde.

Ik sil minder faak thús wêze. It is in baan fan fjouwer dagen yn 'e wike. Ien dei frij en no en dan jûns der op út.'

'Dat wurdt oanpakken, famkes. In moaie gelegenheid foar jim om it itensieden te learen,' seit Simen.

'Mocht heit wolle,' spat Brenda op. 'Doch net sa âlderwetsk. Omdat wy froulju binne seker.'

Ik gniis omdat se froulju seit, mar Brenda fernimt neat en giet troch: 'Wy ha it drok genôch mei it learen en ik ferdom it. Komt heit sels mar earder thús.'

'Dat is ek in mooglikheid,' seit Lys.

'Ho ris efkes,' ropt Simen, 'dat ha ik net sein!'

'Wy tinke der earst goed oer nei, ik hoech hjoed net te besluten.' Lys bliuwt kalm.

'Miskien kinne wy in advertinsje sette om in help te finen foar ien of twa moarntiden.' 'In frjemden oer de flier, hoe krigest it yn 'e plasse!'

Simen wynt him hieltyd mear op. 'Aanst binne der mear frjemden yn 'e hûs as ús eigen húshâlding! Do kinst tsjin gjinien nee sizze, dat is dyn kwaal!'

Wat in rotopmerking. It is yn ien kear stil. Jaike sjocht strak nei it lege komke.

Tusken har teisters glinstert in trien.

Ik wit net wat ik sizze maat. It is net de earste rúzje dy't ik meimeitsje, foaral Simen en Brenda kinne flink botse, mar no is Jaike der ek by en dat is oars.

'Ik fyn it kut, dat heit dat seit. Kut, kut, kut, omdat Jaike en Willem der by sitte en neat werom sizze kinne.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(19)

En ik bin hartstikke bliid dat se der binne, want oars hie ik altyd allinne west en no ha ik in broer en in suske. Stomme, âlderwetske rotfint!'

Brenda stjit de stoel achterút sadat er mei in soad geweld op 'e parketflier delkomt.

Wylst se stampend nei boppen dindert, stekt se de fûst omheech en raast: 'Set him op, mem!'

'Flarde! Kom hjir! Daliks!' boldert Simen har achternei, wylst er syn stoel ek in raam jout. 'Silst hjirkomme?'

De knal fan in doar boppe is it iennige antwurd. Simen wâdet nidich nei bûten ta.

Hy sil wol yn syn wurkpleats sitten gean te pielen, dat docht er faker as er lilk is.

Lys seit: 'It spyt my, jonges.'

'Kin neat skele,' sis ik en ik slok in pear kear. Ik doch de holle wat fansiden om Jaike har triennen net te sjen.

'Net gûle, Jaike leave.' Lys leit de hân op Jaike har earm. 'Jim ha thús grif ek wolris spul hân.'

'Jawol,' knikt Jaike. Se lit de triennen stil rinne. 'Mar it gie no oer ús.' Se reaget it komke oan 'e kant en leit de holle op 'e earms. Se skokt fan it gûlen.

Ik bliuw stiif rjochtop sitten, wylst Lys Jaike oer it hier aait. 'Simen mient it net sa. Hy moat wenne dat it allegear wat oars gean sil.'

'Komt it net troch ús? Dat ik der no ek bin?' freget Jaike mei in triljend stimke.

'Fansels net. Wy binne wiis mei jim, echt wier en sokke rúzjes hearre der by. It soe slimmer wêze as wy ús altyd stil hâlde soene.'

Lys jout Jaike in tút en dy lit har even tsjin Lys oanhingje.

'Ik tink datst it hartstikke goed dwaan silst, mei dy baan,' seit se. 'No Willem?' Ik gean mei de wiisfinger troch it komke en slikje de yochert der ôf. 'Ik wit it seker,' sis ik. 'Mei ik no fuort?'

Lys knikt. Ik rin fuort en lit har en myn suske achter.

Boppe set ik de computer oan. Ik bin poer. Op Simen omdat er sa'n stomme opmerking makke, mar miskien

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(20)

noch mear op mysels. Ik hie sizze moatten wat Brenda sei, ik hie foar Jaike opkomme moatten, ik hie lilk fuortrinne moatten. Sjochst wol dat ik neat feroare bin?

Ik start in fet agressyf spultsje en raam op it toetseboerd, sadat ik nei in oerke it measte fan myn lilkens kwyt bin. Jaike stiet foar myn noas foar't ik der erch yn ha.

'Kinst net even klopje?' sis ik net al te freonlik. Ik skrik om't ik wit dat Lys net lije wol dat ik sokke spultsjes doch. Mar sûnt ik op 'e souder sit, ha ik alle frijheid en dy nim ik ek.

Jaike har gesicht stiet noch hieltyd net fleurich. In bytsje dimme maat, sprek ik mysels ta. Foar har is der sa'n soad frjemd. It is de earste kear dat se op myn keamer komt.

'Gaaf,' seit se, wylst se om har hinne sjocht.

'Och,' sis ik, eins hartstikke grutsk. Ik ha myn bêst dien de keamer sa yn te rjochtsjen dat ik my thús fiel en dat is goed slagge, al sis ik it sels. It bêd stiet ûnder it skeane dak mei fûgelposters der boppe, foar it rút ha ik myn dûbele buro parkeard en tsjin de hege muorre stiet de kast mei klean en boeken.

'Wat dochst?' freget Jaike en se wiist nei de computer.

'Spultsje.'

Gau slút ik it oarlochsgeweld ôf.

'Wat hast noch mear?'

'Fan alles. Tekstferwurkjen, database, spreadsheet.' 'En watfoar spultsjes?'

'Fan alles. Wolst sjen?'

Ik begryp net wat de bedoeling is fan dizze besite. Wol se wier oer computers prate?

'Op 'e computer yn 'e keamer kinst ynternette en e-maile. Simen wol der sicht op hâlde wat ik der op útfret, oft ik gjin pornosites besykje of naziguod. Dit is in aardich spultsje.'

Ik fyn Ali Baba dy't troch de grotten swalket en fjirtich rôvers tsjinkomt bernich, mar Jaike is noch mar

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(21)

tolve. Doe't ik sa âld wie, die ik it krekt sa lang oant ik alle rôvers ferslein hie.

'Sa moat it.' Ik lit it har sjen en Jaike pakt de âld keukenstoel dy't tsjin de muorre stiet. Fol fjoer giet se oan 'e slach. Om dochs wat te dwaan, begjin ik stadich boeken te kaftsjen. Pokkewurk.

Ik fiel my rottich omdat Jaike neat seit. De sangerige Easterske muzyk dy't by Ali Baba heart, wurd ik gek fan.

Soe se wolle dat ik har wat freegje? Mar wat?

Ynienen begjint se: 'Willem?' 'Ja.'

'Ha se faak rúzje?'

'Wa? Simen en Lys? Nee hear, dy ha noait mot. Simen en Brenda wol. Se ha te folle fan inoar, seit Lys. Mar it gie net oer ús.'

'It gie ek oer ús. Wy binne dy frjemden.'

As ik sis 'ik net' is it sneu foar har, mar dit is myn thús. Dus swij ik en hoastje in kikkert fuort.

'Simen en Lys hiene graach mear bern ha wold. Dat siet der net yn en dêrom binne se bliid mei ús. Echt wier.'

Jaike stoarret fertrietlik nei de baltsjes fan de screensaver dy't oer it skerm rôlje.

Soe se ûnwennich wêze?

In bernemûle, grut yn byld. It puntsje fan 'e tonge stekt der út. Stadich ferskynt de rest fan it gesicht, fûl, mei eagen dy't fanatyk sjogge nei de hâncomputer dêr't it jonkje mei boartet.

Nêst him stiet in berne-ezel, net oanrekke, mei in ûnbeskildere stik papier derop, tichte fervepotsjes en skjinne kwasten dernêst. Yn in iepen kast steane autootsjes kreas op in rychje, op it bêd stekt de kop fan de bear boppe it dekbêd út. It iennige lûd is it blikken muzykje fan it computerspultsje.

Hoe kom ik dêr no by? Is it de iensumens dy't ik noch net fergetten bin doe't ik hjir útfanhuze? Ik hoopje dat

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(22)

Jaike har noait sa fiele sil. Hoe kin ik har helpe, kletse oer neat?

'Hoe wie it hjoed op skoalle?'

'Goed. Wol drok. Dy lju fan de fiifde en seisde klassen binne sa grut! Se drukke je sawat plat.'

'Ja, it is oars as op it eilân.' Oft ik dêr sa gelokkich wie! 'Mar it went wol. Oer in healjier fynst it dêr in deade boel.'

'Tinkst?'

Jaike sjocht my oan, de eagen noch wat wiet. Myn lytse suske. Ik wurd der weak fan. Jasses, dêr sit ik krekt op te wachtsjen.

'Miterje no mar op. Kin ik noch even oan it wurk. En do moatst op bêd.' 'Silsto dat bepale? Tocht ik net.' Se hipt fan 'e stoel ôf, in ein fleuriger no.

'Hast moarn in drokke dei. In puzeltocht troch de stêd en middeis sporte of soksawat?'

'Ja, ja, pake, 't komt wol goed. Bedankt.' Fuort is se.

Ik sjoch nei de doar dy't achter har tichtfalt. Frjemd hear, ik fiel my in grutte broer.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(23)

3

Mei Marij en har mem ride we yn de nijste space-wein nei Den Helder, want hjoed geane we mei de klasse nei Texel.

'Dit dinkje kin wol skeure,' seit Erwin. Omdat hy de langste is, mei hy foaryn sitte.

Liban, Marij, Sjoerd en ik sitte achter.

'Ik maat him dochs even ynhâlde, jonges,' seit Marij har mem, 'oars is it sa sneu foar de oaren.'

Tof mins, sjocht der goed út. 'Ha jim der sin oan?' freget se.

'As wy no en dan mar frij binne,' seit Erwin.

'De buorkerij skynt flakby De Koog te lizzen. Dêr is altyd wat te rêden. Wy ha der faak op fakânsje west,' fertelt Sjoerd.

'It seizoen is foarby,' warskôget Marij har mem.

'Der sil dochs wol in kroech iepen wêze?' freget Erwin him ôf.

Liban swijt en sjocht nei it grize wetter fan 'e Iselmar. Ik fiel my in bytsje mislik en bin bliid as we yn Den Helder oankomme.

Marij har mem rydt ús nei it parkearplak flak nêst de yngong. 'Ik set jim hjir ôf en dan gean ik daliks werom, want ik sjoch gjin plakje dêr't ik stean kin. En oars moat ik sa'n ein rinne. Jim rêde jim wol?'

Wy pakke ús tassen en sliepsekken, Marij jout har mem in tút en wy dangelje de kant fan de yngong út. De oare auto's wurde ek útladen en it is ien en al gerop,

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(24)

getút en geraas.

'Geane jim fêst nei de hal en wachtsje dêr op ús,' wiist Dekkers. Hy is ferfanger Ingelsk en in jonge, flotte fint. Hoedemakers en mefrou Van der Werff fan biology binne de oare begelieders.

'Earst in sigaretsje,' seit ien. De groep ferdielt him, de rokers steane bûten, de oaren geane nei binnen ta. Ik stek ek in peuk op en sjoch dat myn hannen trilje as ik de oanstekker by de sigaret hâld. Wat mankearret my dochs, senuwen? Wêrfoar? Ik ha ommers sa faak op 'e boat west en dit duorret mar in kertierke. Djip sûgje ik de reek yn en lit de smook ta de noasters útstreame. It makket my rêstiger.

'Kom mannen, froulju, it is tiid om mei de boat.'

It is in gedrang mei al dy rêchpûden en sliepsekken. Ik sykje in plak foar op de boat. Al myn sinnen steane op skerp. No kin ik gjinien om my hinne ferdrage. Ik fiel de wyn troch it hier, priuw it sâlt op 'e lippen, hear de kritende kobben.

Dit is in âlderwetse swart-wyt film. De kamera zoomt yn op it jonkje. Op 'e achtergrûn is it lûd fan de toeterjende boat te hearren. It jonkje stiet tsjin de reling. It byld is op 'e hichte fan syn eagen en registrearret de minsken dy't op it eilân achterbliuwe. De mem mei in lyts famke op 'e earm, hâldt de hân op syn skouder. Ynzoome op syn gesichtsje, har hân.

Nij shot. De boat begjint te draaien, fakânsjegongers wiuwe nei de lju op 'e wâl. It gat tusken de boat en de wâl wurdt hieltyd grutter, oant de mist de achterbliuwers opslokt.

'Hee Willem, stiest te sliepen?' Erwin stjit my oan. Ik skodzje as in hûn mei de holle en slok it soer út de kiel fuort.

'Hast in fette keet mist jong, 't wie hartstikke gesellich binnen. Kom op, we geane, de oaren binne al hast yn De Koog.'

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(25)

Ik pak myn sliepsek en rêchpûde en gean myn klasgenoaten achternei. De busreis oer it eilân duorret net lang, want wy wurde sûnder omwegen nei de kampearbuorkerij brocht.

'Sykje earst mar in sliepplak,' ropt Hoedemakers. Gjinien dy't him heart, want elkenien is al ûnderweis nei de loads dêr't wy sliepe moatte. It kin my net safolle skele mei wa't ik op in keamer lis, it is ommers mar foar twa nachten.

Ik rin ergens yn en kwak myn sliepsek op in ûnderbêd. Marij sit op it bêd boppe my en Liban makket it oare ûnderbêd op.

'Hee Liban, 't hoecht net sa netsjes,' sis ik. 'Bist net thús.'

Liban slacht syn swarte eagen del en giet fierder as ha ik neat sein.

Foute opmerking fansels, tink ik, Liban is grif nergens thús. Hy is in ama, in allinnichsteande minderjierrige asylsiker, hat er my ris ferteld. Hoe faak soe er op ûnbekende plakken syn bêd al opmakke ha?

'Hoewol,' sis ik, 'hast gelyk. 't Sliept wol sa lekker as it netsjes is.' Ik helje myn kessensloop út 'e rêchpûde en gean ek oan 'e slach.

Nei in lêzing oer Texel en nei de wurkferdieling binne wy tsjin fjouweren safier dat wy dwaan meie wat wy wolle, as wy om seis oere mar werom binne foar it iten.

'Giest mei nei de Slufter?' freget Sjoerd. 'Kinne wy fêst om ús hinne sjen.' Hy rint al de hiele dei mei in kiker om 'e hals te pronkjen.

'Wy geane nei De Koog,' ropt Erwin. 'Komme jim ek? 't Is moai terraskewaar.' Der stiet in hiele ploech om him hinne.

'Nee,' sis ik, 'ik gean nei it strân. Even útwaaie. Ik kom aanst wol op it leven ôf.' Sûnder op in reaksje te

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(26)

wachtsjen stap ik op en fyts fuort. Liban rydt achter my oan. 'Is 't goed as ik mei dy gean?'

'Bêst.'

Nêst inoar traapje wy oer de smelle paadsjes dy't troch en oer de dunen slingerje.

Sa soe ik altyd trochgean kinne, wat wyn, de sinne, yn 'e fierte it rûzjen fan de see en de rook dy't in miks is fan sâlt wetter, swiete dúnbeplanting en it krûdige fan it begjin fan de hjerst.

Liban is net botte praatsk. Wat soe der yn him omgean?

'Hast wolris oan see west?' 'Skeveningen.'

'Dêr sil 't wol drokker wêze as hjir.' 'Heal Nederlân liet de hûn en de bern út.'

Ik knik. Besykje it lytse jonkje dat yn my sit en twa kear sa hurd traapje moat as syn heit te ferjitten. It slagget net en hielendal net as wy even letter op it strân binne.

It is net drok. De iene kant út kuiert in steltsje mei de earms om inoar hinne en oan de oare kant rint ien mei in hûn. Fierderop galoppearret in hynder mei in ruter.

Flakby ús in man en in frou mei in lyts jonkje. De heit is mei it jonkje oan it draakjefleanen en de frou nimt alles op 'e fideo op. De draak is hast like grut as it fintsje.

'Omheech hâlde Tido, toe mar!' ropt de heit. Tido smyt de draak de loft yn en dy ploft op it strân del.

'Beethâlde!'

Tido draaft nei de frou: 'Memmy! Wol net!'

De heit sjocht nidich, dy hat grif sin oan draakjefleanen.

'Kom mei, even helpe,' sis ik tsjin Liban en in skoftsje letter stiet de draak heech yn 'e loft.

'Daak! Daak!' wiist Tido.

'Moai no?' freegje ik.

'Nee!' Hy draait him om, draaft nei syn heit en stekt de holle tusken de heit syn skonken. As ik dy net sjoch, sjochsto my ek net. De heit jout my de haspel en set dan

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(27)

it jonkje mei in swaai op 'e skouders. 'No bist der noch tichter by, Tido!' It jonkje skreaut it út fan wille.

'Willem! Willem!' 'Gean fuort! Hjir wei!'

Ik wurd wekker wylst ik mei de earms om my hinne mean en rjocht yn it besoarge gesicht fan Marij sjoch.

'Wat is der?' Yn ien kear sit ik oerein en stjit my de kop oan it bêd boppe my.

'Ferdomme!'

'Wat is der mei dy?' Der steane noch mear foar myn bêd nijsgjirrich te sjen.

'Wat is der gebeurd?' Ha ik wat stoms dien?

'Do raasdest. Hiel lûd.' Heit, der wie wat mei heit!

'Wat is hjir te rêden?' komt Angelique mei in soad gebalt de keamer yn. Se klinkt net al te fris.

It falt my net ôf dat ik daliks reagearje: 'As ik tefolle dronken ha, begjin ik yn 'e sliep te praten of te skreauwen.'

'Do hast gjin drip hân,' seit Marij.

'Witsto wat yn myn cola siet?'

Se sil wer wat sizze, mar ik sjoch hoe't Liban nei har skodhollet. Se swijt.

'De foarstelling is foarby!' Ik doch sa fleurich as ik kin. 'Opmiterje!' Even letter is elkenien fuort, op myn keamergenoaten nei.

'Ik jou my del,' sis ik en draai my om. Ik doch oft ik sliep, mar hieltyd sjoch ik it wer foar my: de see, it strân, it jonkje, de heit, de draak. Bin ik it jonkje? Tink ik oan ús heit sûnder dat ik der erch yn ha?

Ik lit myn dream weromkomme as de filmkes dy't heit froeger makke.

It strân leit der ferlitten by. Oan it rûzjen fan de see is te hearren dat it aardich waait. It sân draait yn sirkels oer

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(28)

de wide flakte. Ynienen is der in man mei ljochte krollen en in burd. In jonkje draaft om him hinne. De man draacht in grutte draak, hast like grut as de jonge.

Grif sels makke fan fine latsjes en trochsichtich read papier mei blauwe eagen, in laitsjende giele mûle en in lange sturt mei fleurige flachjes en oan 'e ein tûfen gers. It jonkje kin him amper tille.

'Hâld de draak heech op, Willem!' ropt de man.

Oan it earnstige gesicht is te sjen hoe't it bern syn bêst docht. Mar de draak is grut en it fintsje lyts en in fûle wynfleach pakt de draak en it jonkje op.

'Los!' raast de heit, 'lit los!'

It jonkje besiket it, mar de draak lit him net los. Se sjitte de loft yn. Hy hinget oan 'e punt, wylst de flachjes om him hinne wine. Hy himet der fan. Op 'e dunen steane ynienen protten bern en ek in pear grutte minsken. Se roppe: 'Stomme Wil-lem, stom-me Wil-lem!'

De wolken wurde donkergriis en jeie oer de see.

Ynienen is it strân leech. Der is gjin heit, gjin tou, allinne de draak dy't heger en heger fljocht en de bern dy't raze: 'Stom-me Wil-lem, stom-me Wil-lem!'

It jonkje gûlt: 'Heit, wêr bisto heit!'

Yn it tsjuster stoarje ik foar my út. Op 'e oare keamers hear ik hoe't se kete oant Dekkers lâns komt. Syn swiere stim besiket elkenien stil te krijen, mar de famkes gille noch lûder. Se binne allegearre gek fan dy fint.

It wurdt rêstiger en hy komt ús keamer yn. Hy sliept op it fjirde bêd. Sûnder it ljocht oan te dwaan klaait er him út. Dat nim ik oan teminsten, want ik hear him omskarreljen en even letter jout er him del. It duorret net lang, dan sliept er ek.

No is it stil op it sykheljen fan de oaren nei en it súntsjes praten fan Liban yn in eksoatyske taal, op de wyn en de see nei en it stimke fan it jonkje dat my alle kearen yn 'e earen klinkt.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(29)

Ik draai my om en om. Sliep efkes en wurd wer wekker. Is de nacht dan noait foarby?

Ik moat pisje, hiel noadich. Foarsichtich stap ik fan it bêd en gean nei de húskes.

Wylst ik yn 'e bak kletterje, suchtsje ik djip. Wat kin pisjen hearlik wêze! As ik klear bin, rin ik nei de oare ein fan de gong en doch de bûtendoar iepen. It is hast ljocht, mar de sinne skynt noch net. Krekt oer seizen. Sil ik wer op bêd krûpe en sjen oft ik noch even sliepe kin? Hoewol, ik kin der ek ôf bliuwe.

Achter my fiel ik in hok mei sliepende minsken, foar my lokje de dunen dy't net prate en net freegje. Gau doch ik de klean oan en stap op 'e fyts: as ik foar healwei njoggenen mar werom bin.

Stadich traapje ik de kant fan de dunen út. Der is neat dat my jaget, ik ha alle tiid.

Dochs fiel ik my ûnrêstich. Ik konsintrearje my op wat ik sjoch en hear en rûk.

It is dizich. Fine dripkes hingje oan spinnewebben tusken de tûken fan de lege strúkjes. As aanst de sinne komt, sil alles glinsterje en skitterje. Ik snúf de fochtige moarnslucht djip yn en genietsje.

Oan 'e foet fan de lêste dunerige smyt ik de fyts tsjin it stek en draaf it dún op. It sân wol my beethâlde, mar ik set troch. Hymjend stean ik even letter út te sjen oer it ferlitten strân, de grize see mei de skomjende brâning. Mei grutte swiere stappen, hieltyd flugger, draaf ik nei ûnderen ta.

Ik stean op it strân dat grut en wiid en stil is no't de see him op it fierst weromlutsen hat, it strân dêr't myn dream him ôfspile.

By de linkersliep en achter it linkereach begjint in doffe pine te seuren. It siet der daliks al doe't ik wekker waard, mar no wurdt it slimmer. Ik hâld de fûst tsjin 'e sydkant fan 'e holle om it sangerjende gefoel der út te drukken.

Hie ik de learzens mar meinaam, tink ik as ik by it wetter lâns rin. Lys hie it noch sein, mar ik wie eigenwiis fansels. En as ik broadsjes by my hân hie, sakke de pine-

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(30)

holle miskien ôf. No wurdt de pine hurd slimmer, it is krekt de swiere boar fan de toskedokter dy't yn 'e sliep omwrot.

Ik bliuw stean en slach de hannen as in klem om 'e kop. De see leit foar my mei in grize loft der boppe. Troch de dize is net te sjen wêr't it wetter ophâldt, it giet fan massyf leadgriis oer yn ljochtere fleagen griis, as smoarge wynderjende fitraazje.

Heit. Mei him oer it strân rinne. Oer de weachjes springe, sadat de broek earst mei dripkes, letter mei grutte spatten, wiet waard. En as ik útboarte wie, fytsten we werom.

Ik fiel noch syn grutte hân op 'e rêch. Soe hy der wolris oan werom tinke? Ik wol der in filmke fan meitsje, mar it slagget net.

It skittert my foar de eagen. Fjoerwurk yn 'e kop. Ik knyp de hannen noch stiver oan en winskje dat ik thús op bêd lei.

Ik huverje en gean werom. It rinnen falt my ôf. It kommende ljocht, de sinne dy't besiket troch de wolken te brekken, is te fûl. Mei de eagen heal ticht en flau fan de honger, strompelje ik it dún op. Boppe moat ik my oan it stek beethâlde en knoffelje dêr foarsichtich by lâns nei ûnderen ta. It hearlike gefoel dat ik fan 'e moarn betiid hie, fan frijheid en fan romte, is oer.

Mei lijen fyts ik werom. Ik mompelje yn mysels: 'Kom op, trochsette. Noch even, dan kinst lizze. Sukkel, stomkop, watsje.'

It helpt, ik kom foarút en mei in kop dy't dindert as in opstiigjende F16 ryd ik it hiem fan de pleats op.

'Hee Willem, wêr komsto wei?' ropt ien fan de jonges. Hy stiet yn 'e doariepening mei de hannen yn 'e bûse. It sicht is no sa min dat ik net sjen kin wa't it is, mar ik raam him oan 'e kant, sadat er tsjin de muorre soade-mitert.

'Godferdommese goare kloatsek, dat hoecht sa net!' raast er my nei. Ik hâld de hannen foar de earen. Ut alle keamers komt lawaai. Roppen, skreauwen, radio's, laitsjen, muzyk, sjongen. Lit it ophâlde!

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(31)

Watfoar keamer wi e uzes, dy achteraan? Ik gryp de kruk, skuor de doar iepen en strompelje nei binnen om my op it bêd falle te litten.

'Wat is der mei Willem?' In famke.

De fjoerpylken sjitte rjocht de harsens yn om dêr mei in soad geknal útinoar te spatten. Geknetter yn 'e earen, systerjend bleekblauwe bliksemflitsen achter it linkereach. As ik de kop der ôfslaan soe, wie it oer. Achter út de kiel wei komt ûnferwachts in leech gromjen.

'Dit is net goed.' In famkesstimme. 'Moatte wy Dekkers roppe?' 'Hy is sa wyt as sûpe.' In jonge dy't besiket te flústerjen.

Der sit my ien oan 'e fuotten. De fiters wurde losmakke, skuon útdien. Lekker foar myn fersoargers, dy stjonkpoaten fan my.

Sachte hannen helje de rits fan 'e jas nei ûnderen en mei syn twaën besykje se myn earms út de mouwen te krijen. In tredde tilt my in eintsje op en mei in soad gestin krije se my út de jas.

'Moat de broek ek út?' freget ien. Ik skodholje en kroan. It slacht my yn 'e kop.

Lit my. Lit my mei rêst en lit my stjerre. Ien docht in lekken oer my hinne. Koele fingers strike oer de foarholle.

'Willem,' hear ik sêft in stimme. Marij. Hat grif te folle sikehûssearjes sjoen. 'Sis even wat der is. Dan kinne wy wat dwaan.'

'Pineholle,' mompelje ik.

'Wolst in paracetamoltsje?'

'Earst wat ite.' Miskien dat dan it sangerjende gefoel yn it liif ophâldt.

Mei in klap giet de doar iepen. 'Is Willem dronken?' ropt ien.

'Ssst, hâld dy de bek. Hy is siik.' In donker lûd. Moat Liban wêze. Dy ha ik soks noch noait sizzen heard. De doar giet súntsjes ticht. Gemompel op 'e gong.

'Sil ik in pear beskútsjes foar dy smarre, Willem? Dy

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(32)

yt ús mem ek altyd as se in migrêne-oanfal hat,' flústert Marij.

Foarsichtich knik ik, mar ûnderwilens tink ik: migrêne? Wat in âldewivekwaal.

Dat ha ik noch noait hân!

'Ek wat tee?'

Ik knik wer. Bonk-bonk-bonk. Marij komt oerein en giet fuort.

'Kin ik noch wat dwaan?' freget Liban.

'Neat,' sis ik. Lit elkenien ophoepelje! Rêst wol ik!

'Sterkte,' seit Liban. Hy docht de doar achter him ticht en dan bin ik allinne.

Ik lis de earms oer de eagen en fernim dat der triennen ûnder de eachleden weikrûpe. Wie ik mar dea.

In lange dei. Brokkelich. Sa no en dan komt Marij lâns om te freegjen oft ik ergens ferlet fan ha. Nee. Gjin iten.

Ik jei alles der út.

In nije holle soe net ferkeard wêze.

De middeis is it stil. Se binne mei de wurkstikken dwaande, ergens op it eilân.

Ut en troch fal ik yn 'e sliep. Moat der geregeld ôf te pisjen. Dan wankelje ik nei de húskes. De mage stiet op 'e kop, mar ik wit dat ik gjin finger yn 'e kiel stekke moat. Der komt allinnich goare, bittere galle, dat ha ik fan 'e moarn al fernaam.

As ik wer wekker wurd, sit Marij op 'e râne fan it bêd. Se sjocht my earnstich oan.

'Wol it wer in bytsje?' freget se.

Foarsichtich beweech ik de holle. Ik fiel neat.

'Better,' antwurdzje ik. It klinkt rau. Dat komt fan it spuien. Krastus, wat stjonk ik út 'e bek, ik skamje my dea.

'Hoe kaam dit sa?'

'Ik hie dreamd, fan ús heit. We wiene oan it draakjefleanen op it strân en doe...' 'En doe?'

'Liet er my yn 'e steek.' Ik kear de holle ôf.

It is stil, oant Marij freget: 'Wolst wat ite?'

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(33)

'Ik ha wol honger.'

'Goed, dan helje ik wat.'

As se fuort is, freegje ik my ôf hoe't ik it yn 'e holle krige om oer heit te begjinnen.

Ik ha der daliks spyt fan, want wa wit begjint se der mei oaren oer te praten. Tagelyk bin ik te wurch om my der drok oer te meitsjen.

Fan it iten, in jirpeltsje en appelsmots mei as neigesetsje wat fla, knap ik op. Boppe it linkereach driuwt allinne noch in donker wolkje.

Ik kom fan 't bêd ôf as in âld mantsje, pak in handoek en klean en gean nei de dûsen. De doar lit ik iepen want as ik der hinne fal, jout it sa'n gesoademiter. In kertierke letter lis ik wer op bêd, triljend fan slopte, mar skjin en fris. Daliks fal ik yn 'e sliep.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(34)

4

Op Texel hie ik my foarnaam freonen te meitsjen. It is my net slagge. Wa wol no maten wurde mei ien dy't de helt fan de tiid op bêd leit ellindich te wêzen? Heechstens mei Liban ha ik kontakt. Hy is ek altyd allinne, wennet ergens mei trije oare jongens yn in hûs. De lêste losrinnende ama's, seit er soms spotsk.

As ik ûnderweis bin nei myn favorite spikerbroeksaakje kom ik him tsjin. It kostet my klauwen fol jild, dat ik út alle klean groei.

'Wat dochsto?' freget er.

'In nije spikerbroek keapje. Giest mei?'

Yn it winkeltsje reagje ik yn in stelling om as in wyldfrjemd frommeske my oanhâldt. Se hat in rûn, opsichtich opmakke gesicht en it readferve hier flokt by it felrôze T-shirt dat har strak om 'e grauwe boarsten spant. Nêst har stiet in jongere útjefte. Justjes langer en slanker, mei ljocht hier dat stiif fan wax en spray alle kanten út stiet. Ik ha it gefoel oft ik keurd wurd. Skichtich sjoch ik nei Liban, dy't in eintsje fierderop stiet te gnizen.

'Hy is it,' seit de mem triomfantlik, 'Willem Jagersma. Of net?'

Ik knik ferbjustere. Al sjitst my dea, ik wit net wa 't dit kleurryk duo is.

'Kenst ús net mear?' Ik skodholje.

'Hast hiel wat kearen mei har boarte. Dit is Petra.' It minske jout har dochter in dúst, 'Petra Stroetinga.'

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(35)

Stroetinga! Dy namme ken ik. It bloed rint my sa gau út 'e holle, dat ik my oan 'e stelling beetgripe moat.

Ik sjoch it minske nochris oan. Dit is se dus, de frou dy't ús heit de kop gek makke.

Hy koe har bloed wol drinke! Ik kin sa wer hearre hoe't er har namme útkoarre:

Stroetinga! Mar wat en hoe, dat hat er noait ferteld.

'Pity?' freget it fanke.

'O ja, Pity,' herhelje ik dom.

It byld wurdt fûl swart-wyt. Se stiet nêst juf Karin. In spjochtich famke mei in bosk fyn ljocht hier. Meagere skonkjes stekke ta de wide boksen fan de koarte broek út.

'Yn dat groepke is in plakje foar dy makke,' seit juf. 'Wol sa gesellich foar Anke.' Fjouwer taffeltsjes steane tsjininoar skood.

Ik stryk mei de hân oer de foarholle, oft ik fuortwiskje wol wat ik noch wit. Har mem rattelt fierder.

'It hat ús altyd o sa spiten datsto sa fan it eilân ôf moast. Jim ha wol wat meimakke yn dy tiid, foaral ek omdat jim heit...' Se twifelt.

Heit? Wat wie der mei heit? Bliuw mei dyn poaten fan heit ôf!

'Omdat jim heit geastlik net sa sterk wie.'

Heit geastlik net sterk? Wêr hat dat mins it oer, dat er gek wie? De mûle falt my iepen en ik druk mysels tsjin de stelling.

De frou hat der gjin erch yn dat ik fan har ferhaal yn 'e war reitsje en giet fierder:

'Us Miranda siet by jim heit op skoall e en ik sei altyd tsjin elkenien dy't it hearre woe dat it in grut misferstân wie. Hiel spitich dat der úteinlik wylde ferhalen oer ferteld waarden en dat it útrûn op in persoanlik drama foar jim heit.'

Misferstân, wylde ferhalen, persoanlik drama?

'Mem!' It fanke stjit har mem warskôgjend oan.

'Neat mem. Dit moast ris sein wurde.'

Ik wol hjir wei, mar ik kin net in kant út. Ik ha de

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(36)

earms fol broeken, Pity stiet oan 'e iene kant, al hyt se no Petra en de boarsten fan har mem drukke my hast fyn tsjin de stelling achter my.

'Wy ha net lang op it eilân wenne. Sa'n lytse mienskip beneare ús en wy wiene bliid dat myn man in baan oan 'e wâl krije koe. Doe't ik dy seach wist ik daliks datsto it wiest. Do bist jim heit ta de mûle útstapt, al bist wat foarser, soe ik sa sizze.'

Heit. Dêr woe Pity ek alles fan witte. Mar se wie oeral nijsgjirrich nei.

'Ik sjoch it al,' klinkt it dwers troch myn gepiker hinne, 'bist noch krekt sa'n dreamer as eartiids. Mar kom Petra, wy moatte wer ris fierder. Silst de groetnis dwaan oan jim heit en mem?'

Achterinoar marsjeare se de winkel út, wylst ik har ferbjustere neisjoch.

'Freondintsje fan dy mei har mem?' freget Liban.

'Net bepaald,' sis ik en smyt de broeken yn 'e stelling.

'Ik gean nei hûs ta.'

Ik wol nei bûten ta yn 'e frisse lucht, djip sykhelje, ik wol romte.

'O,' seit Liban. Sjocht er teloarsteld?

'Wolst mei nei ús ta?' Der sit grif gjinien op him te wachtsjen.

Liban knikt. 'Kin dat samar?'

'Us omke en tante binne oan it wurk. Miskien is myn suske der en myn nichtsje.

Dat sjogge wy fansels.'

Wylst wy nei it doarp ta rytse, suchtsje ik in pear kear djip en besykje de wurden en de bylden kwyt te reitsjen.

De muzyk makket it spannend. Strikers mei in soad bassen der yn en driigjende pauken. De kamera giet flak by de blêden fan de readedendron lâns. Yn de grot fan learachtige bleden steane de jonge en it famke. 'Hjir kinne wy wol in nacht sliepe,' seit it famke entûsjast, 'spannend jong!'

'Dat mei net,' seit de jonge, 'it is in geheim.'

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(37)

Har eagen skitterje. 'Ik bin gek op geheimen.' 'Meist it net fierder fertelle.'

'Fansels net.

De jonge keart him fan it famke ôf.

'Ik wol nei hûs ta,' seit er, 'ik bin mislik.'

'Ik bliuw noch even,' seit se en se giet by it kistje sitten om mei de auto's te boartsjen. Hy sjocht oft er har it boartersguod leafst út 'e hannen skuorre woe.

'Ik moat wier spuie,' warskôget er en dan leit syn middeisiten al nêst it kistje.

'Gatferdamme!' raast se, 'wat fiis! Gjin wûnder dat gjinien mei dy boartsje wol!'

Se draaft fuort en lit it jonkje stean.

'Hee Willem, net sa hurd!'

'O sorry.' Ik traapje as in wyld en Liban kin my amper byhâlde. Net mear tinke Willem, prate is better.

Ik wiis nei kloften fûgels dy't yn 'e greiden byinoar sitte. 'Sjochst dy ljippen? Se meitsje har klear om nei it suden te fleanen. It stomme is dat we hjir amper noch aisykje meie, wylst se yn Frankryk ljippen en skriezen deasjitte!' Dit is in ûnderwerp dêr't ik my altyd oer opwine kin, dus lit ik my lekker gean en rattelje fierder.

'It momint datst in nêst mei aaien der yn fynst is sa gaaf!' 'Kalm oan,' seit Liban, 'ik leau dy wol.'

'Sorry,' sis ik, 'soks makket my lilk.' 'Wêrom krekt ljippen?'

'Hè?' Ik lûk oan 'e skouders. 'No gewoan, dat hat altyd sa west. Leau ik.' Dêr wol ik no net oer prakkeseare.

Der is gjinien thús.

'Wolst wat ite?' Sûnder Liban syn antwurd ôf te wachtsjen pak ik bôle. Ik bin roppich. 'Aike? Cola?' Ut it kastje helje ik de pankoekspanne om in pear aaien te bakken. Oan 'e keukentafel smarre we de bôle en drinke wy cola.

'Wolst myn keamer sjen?' freegje ik as wy sêd binne.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(38)

Wy geane nei de souder. 'Moaie platen,' seit Liban en wiist nei de posters mei fûgels.

'Moaie keamer.'

Hy sjocht ta it rút út. 'Moai útsicht.'

'Alles moai?' freegje ik spotsk, mar Liban fernimt it net en seit earnstich: 'Prachtich.' Syn eagen steane donker.

'Hast dyn eigen computer?' freget er. 'Mei ynternet?' 'Ynternet is ûnder yn 'e keamer. Spultsjes ha ik wol.'

Wy begjinne mei in computerspultsje oant Lys ropt: 'Willem, ite!'

'No al?' Ik sjoch op myn horloazje; it is oer seizen. Noait heard dat elkenien thúskaam is. 'Wolst by ús ite?'

Liban skodhollet. 'Kin net. In oare kear. Ik moat myn klean noch waskje.' Yn 'e keuken rint er op Lys ôf en jout har in hân. 'Ik bin Liban, mefrou.' 'Ik bin Willem syn tante, Lys. Bliuwst te iten?'

'Nee, tankewol mefrou.'

Simen komt de keuken ek yn. 'Wa ha wy hjir?' 'Ik bin Liban, menear.'

Simen sjocht nei de hân dy't Liban útstekt. Hy hat noch krekt it fatsoen om him oan te nimmen. Ik tink oan alle kearen dat er kommentaar hat op elkenien mei in eksoatyske namme of in oar uterlik.

'Ik sil dy der út litte,' sis ik.

'Wenje dyn omke en tante by jim?' freget Liban.

'Nee, ik wenje by harren. Myn suske ek.' 'O.'

'De mazzel.' 'Ek sa.'

Nei it iten, krekt as ik op myn keamer oan it wurk sil, hear ik Jaike roppen: 'Willem, Willem, mem oan 'e tillefoan!'

'Gjin tiid,' raas ik werom, 'ik belje moarn wol even.'

Mem sil oan myn stim hearre dat der wat is en dan wit ik net wat ik sizze moat.

Freegje wat der mei heit wie? Wat der froeger gebeurd is? Ik hear wer dat skelle lûd:

wylde

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(39)

ferhalen, misferstannen, persoanlik drama.

Ik doch myn bêst my de tiid dat ik op it eilân wie yn it sin te bringen.

Sachte fioelmuzyk mei in treurige hobo, freonlike kleuren. It lytse jonkje rint troch it doarp. Alle minsken laitsje en binne bliid. By de bakker kriget it fintsje in mislearre pofke, by de grienteboer in frjemd útfallen appeltsje en by de slachter in eintsje woarst.

'Hoi jonkje,' sizze de minsken. 'Hoi jonkje fan de learaar dy't safolle wit fan de fûgels en de fisken, fan de blommen en de beammen.'

'Dei mefrou,' seit elkenien tsjin de frou dy't mei de bernewein rint. De minsken prate mei har en laitsje, se aaie it jonkje oer de holle en sjogge yn 'e bernewein.

It liket in swiet reklamefilmke.

Dan feroaret de muzyk mei driigjende pauken en oansettende hoarns. De wyn stekt op en der ferskine donkere wolken. De minsken swije, sjogge net mear nei de mem en har bern, it útstutsen hantsje fan it jonkje bliuwt leech.

Itselde gefoel fan doe 't ik lyts wie komt werom, oft der in glibberige wjirm troch it liif skoot dy't alles opfret wat er ûnderweis opite kin. It leafst ferkeapje ik mysels sa'n klap foar de kop dat ik yn ien kear fuort bin en net mear tinke kin.

Ik sit te triljen op 'e stoel; ik moat hjir wei. Bedankt Pity en har mem, bedankt foar alle goede winsken. Ik gean de trep ôf, nei ûnderen en nei de oaren ta. Dêr kin ik Simen op 'e kast jeie en Brenda en Jaike kliere, krekt sa't se ferwachtsje fan in jonge fan sechstjin.

As ik by Jaike har keamer lâns rin, wol ik nei har ta, want sy is úteinlik de iennige dy't wat fan it eilân wit en fan heit. Geastlik net sa sterk, wat hâldt dat yn?

Ik roffelje op 'e doar en doch iepen. Jaike leit langút op bêd te lêzen, mei in sacht muzykje oan.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(40)

'Hasto gjin húswurk?' freegje ik. Ik wit net hoe't ik begjinne moat.

'Wêr bemuoisto dy mei? Ik ha it allang ôf.' Se giet rjochtop sitten.

Ik rin hark eamer yn.

''t Is der?' freget Jaike.

'Neat. Gewoan, even sjen.' 'Do hiest it toch sa drok?' 'O?'

'Hiest gjin tiid foar mem.'

Hielendal fergetten dat ik dat sein hie. Troch de freegjende blik fan Jaike ha ik it gefoel dat myn earms en skonken twa kear sa lang wurde en fiel ik my noch in gruttere slungel as oars.

'Dat fynt se net aardich, hear.' 'Seit se dat?'

'Dat hoecht se net te sizzen, want dat wit ik sa ek wol. Krekt as alle kearen doe't ik noch thús wenne en se dy net oan 'e tillefoan krige. Do hiest noait tiid foar heit en mem.'

'Wat wiststo dêr no fan? Ha se oait wol tiid hân foar my?' Ynien en bin ik poer.

Sil sa'n lyts suske my de les lêze. Ik wol net iens witte wat der mei heit wie!

'Ik gean nei ûnderen, om kofje.' Foardat ik dingen sis dêr't ik spyt fan krij. Mei in klap doch ik de doar achter my ticht.

Jûn s, as ik op bêd lis, mis ik ynienen ús hûs. Simen en Lys ha wol in protte romte, mar se wenje yn in gewoane nijboubuert, mei hiel gewoane huzen. Yn gedachten meitsje ik in filmke fan thús troch de eagen fan lytse Willem, it jonkje fan acht. Sêfte muzyk derûnder.

Hy dwaalt troch it hûs en telt de doarren. It binne in hiel soad.

De foardoar is breed en bestiet út twa helten mei rútsjes as in heale sinne der boppe. De gong is ek breed, mei

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(41)

griene estrikken. Rjochts is de doar nei it kantoar fol boeken, in buro en platen fan de see en it strân. Nêst it kantoar de jassekast. Links de foarkeamerdoar.

Alle doarren ha panielen en de kezinen ha rântsjes en ribbeltsjes.

It aparte fan de gong is de middendoar. Under in houten paniel, dêrboppe fleurige glês-yn-leadrútsjes mei read en grien en giel. It foarste ein fan de gong is foar de besite, it achterste ein foar de minsken dy't hjir thús binne. Daliks nei de middendoar komme rjochts de doarren fan de trep nei boppen ta en it húske.

Oan 'e ein de doar nei de keuken, mei trije rjochthoekige rútsjes der boppe en links de achterkeamerdoar.

De kamera twifelt, giet dan fierder, de keamers yn. De foarkeamer mei de grutte bank en de noflike stuollen yn alle soarten en maten, mei in kast dêr't faaskes en byldsjes en moaie sulveren foarwerpen yn steane, de achterkeamer mei de lange houten tafel en oan 'e ein in tafelstoel. Flak by it rút is in hoekje mei in âld skoalbank en in kast fol boartersguod.

De kamera ferlit de keamers en giet nei boppen. De trep is steil. Oan de foarkant fan it hûs is de sliepkeamer fan de heit en mem, mei dêrnêst in romte mei in spinwiele en in lyts weeftou. Oan 'e ein fan it gonkje komme noch twa keamers út. Yn de doariepening fan in jongeskeammerke bliuwt de kamera stean, swalket fan dêrút troch de lytse romte.

Under it skeane dak stiet in bêd, in dekbêd mei in kleurige race-autohoes der om hinne. Tsjin de muorre in stelling mei boekjes en boartersguod en in stuoltsje der foar. Bylden fan it útsicht op de fruitbeammen en de tún. Werom nei it bêd en ynzoome op de bear dy't op it kessen sit.

De bear gûlt en de triennen litte spoaren achter oer syn ljochtbrune plusen fel.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(42)

As ik wekker wurdt, ha ik de earms foar it boarst, as hâld ik Bear noch tsjin my oan.

Nuver, dat ik ynienen fan Bear dream.

It fielt oft der in balstien yn myn liif driuwt. Ik rin nei de wasktafel en nim in slokje wetter.

Sûnt Jaike hjir wennet, tink ik hieltyd faker oan myn bernetiid, doe't ik in healjier net thús wenne, mar hjir. Earder tocht ik dêr noait oan en dat wol ik no ek net, mar it gebeurt. Wêrom moast ik fuort? Wêrom wurd ik der sa lilk fan en wêrom doar ik it gjinien te freegjen? Wêrom wol ik noait mear nei it eilân, nei hûs ta, wêrom wol ik net mear prate mei mem en foaral net mei heit?

Gelokkich dat de hiele souder fan my is. No kin ik midden yn 'e nacht computerje, sûnder dat ien it fernimt. Ik set it ding oan en sykje in knap agressyf spultsje út mei in soad sjitwurk. No en dan is it skerm read fan it bloed. Bloed fan Pity en har mem, fan myn bêste maat Gerlof en alle oaren dy't my jierren negearden.

Hanneke de Jong, Sterke skouders

(43)

5

De brêge, oan it begjin fan it doarp, is it wachtplak. Elkenien dy't om healwei njoggenen op skoalle wêze moat, it kin neat skele welke, wit dat we healwei achten fuortgeane.

Yn 'e maitiid en yn 'e simmer fyts ik leaver allinne om te genietsjen fan de fûgels, de skiep mei har lamkes en de hynders mei fôltsjes. Ik wit krekt de plakken dêr't einepearkes sitte en wêr't de nêsten fan in pear merkols binne.

Mar no't it moarns betiid noch skimerich is en faak damp, ryd ik leaver mei de hiele club. De jonkys fytse foaroan en hoe âlder ast bist, hoe fierder ast nei achteren ta opskoost. Elkenien hat oait wynbrekker west.

Ik sjoch hoe't Jaike laket mei in pear famkes, se hat it no hielendal nei 't sin. En ik betraapje my derop dat ik grutsk bin op myn suske, sa as se der út sjocht, hjoed mei sturtsjes yn it lange, ljochte hier, sa as se docht, aanst sil se wer plat oer it stjoer lizze en sa't se is, in frisse, flotte faam.

Se draait har om nei de rest: 'Kin it?' De stoet set út ein.

De lessen fan Dekkers binne hiel wat saaier as ik ferwachte hie fan sa'n jonge learaar.

Ingelse gedichten en literatuer kinne my dochs al net bot boeie. De famkes fan de klasse komme altyd wakker entûsjast binnen, kreas opmakke en mei strakke klean oan, omdat it sa'n aardige fint is. Ek no't it bûten behoarlik kâld is, it friest noch

Hanneke de Jong, Sterke skouders

Referenties

GERELATEERDE DOCUMENTEN

Een neveneffect is dat tijdens het bespreken van “ik en de ander” met de verschillende mensen in het netwerk, ook voor die “anderen” duidelijk wordt waar de centrale persoon

Homo-, lesbische en bi-jongeren worden vaak omringd door heteroseksuele mensen in wie zij zich niet of weinig kunnen herkennen en waarbij zij het gevoel hebben ‘anders’ te

Ik ben al groot, dat mag u zeggen, mijn broertje reikt nog maar tot hier, moe moet hem in zijn bedje leggen, en tellen kan hij maar tot vier.. Mijn zusje, o, die is nog kleiner, ze

Vanuit de ervaringen van het ‘Ik-Vaderproject’ van Link=Brussel in 2010 geven wij zoveel mogelijk tips voor het organiseren van activiteiten voor vaders in wording of met

Als wij die korteldk en hoofdzakelijk beschrijven zullcn, is zij eigenliik dat heilig, rechtvaardig en onveranderliik oordeel Cods, des almachtigen Richters van hemel

Door leerlingen con- structief te leren omgaan met de spanning tussen identiteit en plu- raliteit, krijgen ze meer kansen in de samenleving.” Vandaar de hoop dat dankzij dit verslag

Dat sociale media het recht- streekse sociaal contact onder jongeren doen afnemen, blijkt overigens niet te kloppen.. „On- derzoek wijst erop dat online ge- sprekken

Uit een proef met gratis openbaar vervoer voor ouderen is gebleken dat de files hierdoor weliswaar niet verminderd worden, maar dat ouderen wel meer gebruik zijn gaan maken van