• No results found

2018 Bijlage VWO

N/A
N/A
Protected

Academic year: 2021

Share "2018 Bijlage VWO"

Copied!
9
0
0

Bezig met laden.... (Bekijk nu de volledige tekst)

Hele tekst

(1)

Bijlage VWO

2018

Fries

Tekstboekje

(2)

Tekst 1

No time for losers

(1) It ronkjende parseberjocht is

opsteld yn de bosken fan Zeist, troch fuotbalbûn KNVB, mar de tekst hie neffens sportsosjolooch Ramón Spaaij ek skreaun wurde kinnen yn 5

syn ûndersyksgebiet: de koarkdrûge efterôflizzende gebieten fan

Australië. “Fuotbal is it grutste sosjale netwurk fan ús lân”, stelde it fuotbalbûn okkerlêsten. “It draacht by 10

oan de maatskiplike tema’s foarming, sûnens en ferbining.” Sport as in heilsum middel, in wûndermiddel foar maatskiplik sear. Spaaij komt dy opfetting hieltyd tsjin: yn de Olym-15

pyske beweging, yn de fuotballerij, sels yn it Australyske gehucht Birchip, dêr’t Australian football neffens him de sosjale funksje fan de tsjerke oernommen hat. In hiel soad 20

ynwenners teagen út dat plattelâns-doarp dat Spaaij twa en in heal jier bestudearre hat. De befolking rûn yn koarte tiid tebek fan 1100 nei 800 minsken. Efterbliuwers fertelden 25

Spaaij dat football ‘de siel fan de mienskip’ foarme. Sy foarseinen dat it doarp ‘dea’ wêze soe sûnder de sport. “Yn in mikrokosmos sjochst dêr in hillich leauwen yn de wearde fan 30

sport foar de maatskippij.”

(2) Dat bline leauwen sinniget de

35-jierrige Spaaij net alhiel. Hy is bysûnder heechlearaar sportsosjo-logy oan de Universiteit van Amster-35

dam en universitêr haaddosint oan de Victoria University yn Melbourne. Hy is oplaat yn de krityske tradysje fan ferneamde Amsterdamske sosjologen as Schuyt, De Swaan en 40

Goudsblom, publike yntellektuelen dy’t harren oppenearren yn

prangjende maatskiplike diskusjes. Spaaij kin gjin bestjoerder lofsjongen hearre oer de maatskiplike wearde 45

fan sport sûnder te tinken: hoesa docht de sport dat allegearre? Effekten fan sport dy’t neffens him komselden beljochte wurde, binne der ek: útslute en ôfstompe. Mei twa 50

kollega’s publisearre er okkerlêsten it boek Sport and Social Exclusion in

Global Society.

(3) Yn in kofjehûs yn in bûtenwyk fan

Melbourne docht bliken dat de jonge 55

ûndersiker in besiele sprekker is, dy’t like maklik Johan Cruijff sitearret as de Frânske sosjolooch Pierre Bour-dieu. Spaaij ûntkent net dat sport in positive bydrage leverje kin oan 60

maatskiplike ûntjouwingen. Sosjale ferbining, yntegraasje, geastlike en lichaamlike sûnens: al dy begripen hawwe harren net sûnder reden set yn sportnota’s. Spaaij freget him 65

lykwols ôf wêr’t it sûne ferstân oergiet yn dogmatyske driuwerij: “Binne netwurken altyd heilsum en deugdsum? Of binne se ek wolris pervers? Wa hat tagong ta

70

ferieningen en wa ûnderfynt der krekt neidielen fan? Ik bin huverich foar in generalisearre byld. Oer wa giet it krekt? Wat binne presys de

effekten?” 75

(4) Neffens Spaaij slút sport nau oan

by it neoliberale gedachtegoed. It is de meritokrasy1) yn in nutedop, is it betinken: elkenien hat in gelikense kâns. Wa’t hurd wurkje wol, kin op 80

eigen krêft slagje. Komôf liket der net ta te dwaan. De Olympyske

(3)

100 meter sprint begjint elkenien by 85

nul. As Usain Bolt wint, is it syn eigen fertsjinste. Syn talint hat him safier brocht, de maatskippij stiet dêr los fan. Dy myte bestiet. It is in gedachte dy’t net te wjerstean is, mar dy’t echt 90

ûnsin is. In Australyske tennisser hat mear kâns as in Nederlânske, omdat it opliedingssysteem yn Australië better is.”

(5) Sporten en sportklups hawwe

95

faak in twingende kultuer mei sterke ideeën oer komôf, hûdskleur,

seksueel aard en slachte. Om dy reden sporte homoseksuelen en migranten soms leaver yn harren 100

eigen rûnte, yn eigen ferieningen en kompetysjes. Hja wolle sporte yn in feilige omjouwing. “Koartlyn toande ûndersyk oan dat acht fan de tsien sporters dy’t harren identifisearje as 105

homo- of transseksueel, regelmjittich te krijen hân hawwe mei homofoob taalgebrûk. Der wurdt dan al gau sein dat soks bart ‘in the spirit of the

game’, mar it kin minsken likegoed 110

hiel sear dwaan. Yn sokke gefallen is sport net goed foar dy, mar kin dy negative gefolgen hawwe foar dyn eigenwearde. Ik fyn it gjin probleem dat der aparte kompetysjes bestean, 115

al is dat eins segregaasje. It is in reaksje op it útslettenwêzen dat minsken reëel ûnderfine. Mar hat de sport yn sokke gefallen in maatskiplik probleem oplost? Winliken net.” 120

(6) Spaaij is yn Melbourne te witten

kommen dat it ferlet om de

maatskiplike wearde fan sport yn besprek te jaan yn Australië noch lytser is as yn Nederlân. “Sport stiet 125

sintraal yn de Australyske identiteit. It lân hat al twa kear de Olympyske Spelen organisearre, yn Melbourne yn 1956 en yn Sidney yn 2000. De oerheid stekt in soad jild yn sport. Yn 130

Nederlân kinne we weromgripe op de

Gouden Iuw. Australië is in betreklik jonge mienskip. Sport is in kearn-elemint yn de nasjonale identiteits-foarming fan it lân, lykas de Earste 135

en de Twadde Wrâldoarloch.”

(7) Gjin sport is foar dy identiteit

wichtiger as Australian football, in rûge fariant fan rugby. Blanken dy’t dy sport beoefenje, tinke dat de sport 140

Britske woartels hat, Aboriginals2) beweare dat de spulregels tebek geane op tradysjonele gebrûken. Twa jier lyn late in ynsidint mei topspiler Adam Goodes ta in 145

nasjonale diskusje oer rasisme. Goodes, dy’t foar in part Aboriginal is, waard yn in wedstryd fan syn Sydney Swans tsjin Collingwood Football Club troch in famke fan 150

trettjin jier útmakke foar aap. Goodes bleau stean en spruts har oan op har gedrach. Sy waard fuortfierd. Letter sei Goodes dat hy har neat kwea ôf naam en dat har omjouwing ferant-155

wurdlik wie foar har gedrach. Mar dêrmei wie de saak noch net útiten. De foarsitter fan Collingwood, Eddie McGuire, notabene lid fan in nasjo-nale kommisje ta befoardering fan 160

yntegraasje, sei dat it famke net witten hie dat ‘aap’ in rasistyske term wie en hy ferlike dêrnei Goodes mei filmgorilla King Kong.

(8) Spaaij: “It wie miskien ûnbewust,

165

ûnbedoeld rasisme. Mar likegoed ek hiel fout. It idee dat rasisme bestiet yn it Australian football, dêr is hast net oer te praten. Kom net oan dy sport. Der wurdt sein dat it net sa 170

bedoeld is en dat it better is as tweintich jier lyn. Dat is ek sa, mar it probleem wurdt gau ûnder it kleed fage. Men kin it ferlykje mei de

diskusje oer Swarte Pyt yn Nederlân. 175

(4)

(9) De Olympyske propaganda ropt

hieltyd faker protest op. Yn München en Oslo wie der net genôch draach-180

flak om mei te dwaan oan de race foar de Winterspelen fan 2022. Yn Boston waard protestearre tsjin de kandidatuer foar de Simmerspelen fan 2024. Yn Rio de Janeiro wie der 185

ûnfrede oer de Simmerspelen fan 2016. Utsein in hege skuld is de neilittenskip fan de Olympyske Spelen en WK’s hiel lyts, sa toane neffens Spaaij de ûndersiken oan. De 190

befolking wurdt net duorjend gelok-kiger, sûner, riker, sportiver of toleranter.

(10) Sportbûnen moatte ek wach

wêze, benammen yn grutte stêden. 195

Neffens NOC*NSF3) is it tal leden fan de 75 bûnen dy’t by de organisaasje oansletten binne sûnt 2013 mei goed 1 prosint omleech gien. By guon bûnen wie de delgong sterker: tennis 200

(8 prosint), swimmen (3 prosint), kuorbal (5 prosint). Dat hat neffens de sportkoepel te krijen mei besuni-gingen yn de hûshâldingen as gefolch fan de ekonomyske malêze, 205

mar ek mei in grutter wurdend ferlet fan minsken om yn los ferbân te sporten, yn ’e sportskoalle of mei hurdrin- of fytsgroepkes. Spaaij: “Wat betsjut fergrizing foar de amateur-210

sport? Hokker gefolgen hat migraas-je? Jongere generaasjes sykje hieltyd mear oansluting by de net-organisearre sport: fytse, hurdrinne, de sportskoalle. Hoe bliuwt in

215

sportklup relevant yn in feroarjende wrâld? Is dy by steat en lûk minsken oan dy’t minder bûn wêze wolle? Dy fragen wurde steld yn Australië en yn Nederlân.”

220

(11) It binne komplekse problemen,

neffens Spaaij miskien wol te dreech foar de frijwilligers fan de trochsneed sportferiening. Benammen de

omgong mei migranten freget om in 225

iepen each. De sosjolooch bestu-dearre yn Melbourne de betizing tusken Australiërs en Somalyske nijkommelingen. “It sportbûn sei: ‘Wy moatte harren leare hoe wichtich oft 230

sport is’. Kinst ek tinke: faaks moatte wy harkje nei wat foar Somaliërs wichtich is. Foar harren wie sport gjin prioriteit. Te iten en te drinken

hawwe, mei acht bern oerlibje yn in 235

sosjale hierwenning sûnder

oerheidsstipe: dat wie wichtich. Moat men sport dan optwinge? Dat is in skaaimerk fan de dominante kultuer.”

(12) Hoe’t it wol kin, seach Spaaij by

240

in Australyske cricketklup dy’t heal-wei de foarige iuw oprjochte waard troch Súd-Europeeske ymmigranten. Dy seagen dat Pakistaanske studin-ten op harren fjilden spilen en yn stee 245

fan harren fuort te jeien, fregen hja har wêrom’t de studinten gjin lid waarden. It die bliken dat se gjin jild of tiid hiene foar in lidmaatskip. De Pakistanen wiene wol ree om fiif 250

dollar de kear te beteljen foar it brûken fan de fasiliteiten. Se sochten fleksibiliteit, de klup joech dy.

(13) Soe dy tinkwize yn Nederlân

oanslaan? Lytse bûnen sette al 255

foarsichtich in pear stappen yn dy rjochting, sa wit Spaaij, mar hy ferwachtet dat it tiid kostje sil. Nef-fens NOC*NSF is it foar klups lesti-ger as foarhinne om frijwillilesti-gers te 260

finen. Minsken wolle stoom ôfblaze, de deistige realiteit ferjitte troch lekker te bewegen. Sporte om de sport moat kinne, fynt Spaaij, wat bestjoerders ek sizze yn harren 265

ronkjende parseberjochten. Yn eigen hûs hawwe dy bestjoerders faak noch genôch wurk te dwaan. Spaaij stiet in resinte bekentenis fan in NOC*NSF-topman by: “Hy seach mei 270

(5)

allinne blanke kollega’s. Doe foel it kwartsje: Wy sizze tsjin bûnen dat sy

diverser wêze moatte, mar binne wy dat sels?”

275

naar: Mark van Driel, de Volkskrant, 8 april 2015

noot 1 Meritokrasy is in maatskippijmodel dêr’t de sosjaal-ekonomyske posysje fan elk

yndividu yn basearre is op syn fertsjinsten. Dêrby giet it dus net drekst om jins talinten, mar wat men dêrmei docht. Oare faktoaren lykas komôf, ras en geslacht meie dêr yn prinsipe gjin rol by spylje.

noot 2 De Aboriginals binne de earste bewenners fan it Australyske kontinint. Harren

ôfstammelingen binne troch de blanke befolking lange tiid as minderweardich beskôge. noot 3 It NOC*NSF is in Nederlânske sportorganisaasje dy’t in koepel foarmet foar in tal

(6)

Tekst 2

It rûge ferline fan streektaalmuzyk (1) Ynteressant oan bepaalde

streektaalmuzyk is de fassinaasje foar de rûge, proletaryske en

subversive kanten fan it eigen lokale ferline. By Rowwen Hèze sit him dat 5

drekst al yn de namme. De Limburch-ske dialektband ferneamde himsels nei in histoarysk figuer: Christiaan Hesen (1853-1947), in kluzener en in ôfgryslike ferskining yn America, it 10

Noard-Limburchske doarp yn de Peel. Syn bynamme wie ‘Rowwen Hèze’, wat frij fertaald ‘rûge Hesen’ betsjut. De bandleden fûnen dat de namme lekker bekke, mar learden de 15

man dêrefter pas kennen doe’t sjoernalisten ûndersyk nei him dien hiene.

(2) Fan dyselde fassinaasje foar it

rûge ferline fan in earme streek as de 20

Peel wurkje ik hjir in Frysk foarbyld út fan in oantal muzykgroepen. De muzykgroepen Strawelte, De Hûne-kop en De Doelleazen binne mei-inoar dwaande om de kultuer fan 25

harren bertestreek, De Wâlden, (op ’e nij) út te finen. De kultuer dy’t se útdrage, fynt men (foar in part) ek by oare groepen, bygelyks by Meindert Talma of Nyk de Vries yn de mear 30

literêre hoeke en hielendal yn it sjenre fan de smartlappen.

(3) Yn de teksten fan dy bands spilet

de fassinaasje foar de antyboarger-like, proletaryske en subversive 35

kanten fan harren lokale identiteit in beskiedende rol. Ornaris sjonge se yn it Wâldfryske dialekt oer de rûge ûnderkant fan de maatskippij yn De Wâlden. De antyboargerlike frijbûtser 40

dy’t ea op de wyldlannen fan de

heidestreek libbe hawwe soe, is harren úteinlik foarbyld.

(4) Ofgeand op it lânskip kin men

Fryslân ferdiele yn twaen: in part dat 45

op de see wûn waard en in stik dat der al folle langer wie. De Wâlden hearre by dat lêste part. Se besteane – lykas de Peel – út sân- en

feangrûnen en it byld fan de streek 50

wurdt oan hjoed-de-dei ta bepaald troch de eardere earmoede. En dy earmoede wurdt wer by útstek belicheme yn de figuer fan de

‘heidebewenner’, de antyboarger pur 55

sang, de Christiaan Hesen fan De Wâlden en fan Fryslân.

(5) De byldfoarming om de

heide-bewenner hinne hat in lange skiednis. Al fan de lette achttjinde 60

iuw ôf ûntstiene op de heidefjilden oan de grinzen fan de boargerlike gemeenten yn De Wâlden de delsettingen fan earme lju. De wenomstannichheden wiene werklik 65

beroerd. De minsken libben dêr – lykas de histoaryske Rowwen Hèze – mei it fee heal yn de grûn útgroeven, heal fan heideseadden opboude spitketen. It oansjen dêrfan makke by 70

de stedsboargerij in net te stuitsjen driuw los ta ûntginning en beskaving, mar ek in fassinaasje foar dat ‘oare’, foar it net-boargerlike, dat sa tichteby om de hoeke op de heide libbe. 75

(6) By safolle ellinde en earmoede

fertsjinne dy – romantysk oan-dwaande – oanlûkingskrêft dy’t de heidebewenner útoefene wol wat útlis. Dy fine wy bygelyks yn it wurk 80

(7)

de minsken dêr en sketste it byld fan ‘de eksoat yn eigen lân’: “In heide- en 85

huttebesite kin de frjemdling

oanrekkomandearre wurde. It is like fernuverjend as learsum. Hjir is om samar te sizzen in stikje natuer en libben fan foar tûzen jier te finen.” Yn 90

de eagen fan Hepkema en syn tiidgenoaten libbe middenmank it boargerlike, moderne Fryslân op efterôflizzende heidefjilden, yn de figuer fan de heidebewenner, dus in 95

soarte fan primitive wylde, in folslein ‘oaren’ as hysels. De fassinaasje dêrfoar waard fersterke trochdat oan de ein fan de njoggentjinde iuw de heidedelsettingen diel begûnen út te 100

meitsjen fan de boargerlike maatskip-pij. Der waarden tsjerken en skoallen stifte yn wat ‘de heidedoarpen yn De Noardlike Wâlden’ kaam te hjitten. It ûnlân waard greidlân en de

105

bewenners feroaren fan los folk yn – benammen yn ploegen wurkjende – grûn-, lân- of strjitarbeiders. En alhoewol’t de spitkeet leech kaam te stean, bleau de byldfoarming en dy 110

gie oer op de arbeiders út dy doarpen.

(7) Nei de Twadde Wrâldoarloch

waard de frijfochten, opljeppene, earbewuste en gewelddiedige 115

heidebewenner haadfiguer yn alderhande wittenskiplike literatuer en ek yn fiksje en films. Guon witten-skippers mienden dat de frijfochten mentaliteit fan de heidebewenner it 120

wêzen fan de heidedoarpen útmakke. Rink van der Velde syn roman

Feroaring fan lucht fan 1971 gie oer

sa’n frijbûtser, ien dy’t by Philips yn Drachten te wurkjen gie, yn in 125

rychjeshûs wenje moast, mar dy’t it ferpofte om tenei yn in porsleinen húskepot te pisjen. Mei 35.000 ferkochte eksimplaren wie it boek it grutste ferkeapsúkses út de Fryske 130

literatuer ea; ien op de fyftjin Friezen kocht it en dat lit sjen hoe werkenber oft dy figuer fan de antyboargerlike ‘heidebewenner’ wie en hoe’t krekt hy yn Fryslân ek de nei-oarlochske 135

oergong fan in lânbou- nei in yndustriële en tsjinste-ekonomy belichemje koe.

(8) Sa waard de kultuer fan de eigen

streek útfergrutte as in soarte 140

tsjinwicht tsjin de grutskalige oergong nei oare, nije omstannichheden fan libjen, wenjen en wurkjen. It

‘efterlikste’ (yn de sin fan: yn de tiid efterrinnend) út de streek waard 145

kompensaasje foar de ûnwissich-heden dy’t maatskiplike feroaringen feroarsaken foar de takomst fan it yndividu. Dit ‘efterlike’ is lykwols gjin ûnderdiel fan it ‘echte’, wurksume 150

libben dêr’t jild fertsjinne wurdt, mar fan frijetiidsbesteging en ûntspanning dêr’t jild útjûn wurdt. En krekt dat makket ek it ferskil út tusken de hurde realiteit en de romantyske 155

fassinaasje.

(9) De streektaalmuzyk fan de trije

bands út De Wâlden makket folop gebrûk fan datselde byld fan de rûchhouwerige, frijfochten arbeider 160

fan de heidedoarpen. En ek no kinne wy dat sjen as in reaksje op in

feroaring, nammentlik dy fan de gearhingjende prosessen fan globalisearring en digitalisearring 165

sûnt de jierren njoggentich fan de foarige iuw. Ek Wâldfriezen reizgje en ferhúzje mear, hawwe by it finen fan in baan mear konkurrinsje te duchtsjen fan binnen- en no ek 170

bûtenlânske generaasjegenoaten en se binne dêr troch de ûnbidige ynternettichtens ek goed fan op ’e hichte.

(10) De ûnwissichheid en stress dy’t

175

(8)

wrâldwiid is, mar lokaal ynfolle wurdt. Yn de streektaalkultuer en

streektaalmuzyk is mei tank oan 180

bygelyks smartphones en YouTube de relaasje tusken de fysike lokale mienskip fan de konsertseal en de firtuele community fan fans folle mear komplisearre, hechter en foaral ek 185

massaler wurden as earder. Filmkes fan Strawelte, de Hûnekop of de

remixen troch de Doelleazen wurde

hûnderttûzenen kearen besjoen.

(11) Dy ferfrisseling fan ynternet en

190

popmuzyk is in wrâldwiid fenomeen, de lokale kant fan dat proses is folle nijsgjirriger. De kar fan ûnderwerpen yn dy heiderockmuzyk, de spesifike wurden en útdrukkingen, klankfari-195

aasjes en stereotipen bepale de spesifike kleur. In moai, net al te oplein foarbyld fan dit alles is de

remix troch de Doelleazen fan it

lietsje ‘Strjitlizzer’ fan Bricquebec. 200

Ofwiksele troch Ingelsktalige yells (‘Listen to this track’, of ‘Where’s the breakbeat’) sjongt sjongeres Else yn ûnferfalske Wâldfrysk oer in kuier troch it heidedoarp Kollumersweach 205

en oer de opwining dy’t se fielt as se sa’n strjitlizzer, in typysk berop foar arbeiders út heidedoarpen, mei in moai bosk hier oant healwei de rêch (se binne rûch, dy arbeiders) en 210

stielblauwe eagen (en se binne ek earlik en hurd) klinkerts lizzen sjocht: ‘Hee strjitlizzer, lis dyn klinkerts no ris del en klopje mei dyn rubberham-mer tsjin myn waarme fel’. De fideo 215

fan de remix dy’t de dj’s fan de

Doelleazen makken, skoarde mear as 30.000 hits op YouTube en wurdt nei fiif jier noch hieltyd wykliks troch mear as tûzen minsken besjoen en 220

troch de bulte fans bekommenta-riearre.

(12) Guon bands dogge der – en se

soene dit ôfsjoen hawwe kinnen fan Rowwen Hèze – ek fan alles oan om 225

fia websites harren muzyk en de kultuer dy’t derby heart sels te

marketen. De superpopulêre

Hûnekop docht dat yn in webshop, dêr’t bygelyks klompen te keap 230

binne, dêr’t it publyk inoar de harsens mei ynslaan kin – yn de byldfoarming de klassike manier om op ’e heide in skeel te besljochtsjen. ‘Ik bin in âlderwetske wâldpyk en ik hou dy op 235

’e bek’, sjonge se. Dat rûge,

frijfochten imago is it hannelsmerk wurden: ‘Rûch as tou’, sa

presintearje sawol Hûnekop as Strawelte harren. Yn harren lietsjes 240

(bygelyks ‘Ik bin in rûchhouwer’) sjogge wy hieltyd de trekken werom dy’t Hepkema mear as in iuw lyn al taskreau oan de heidebewenner: it wantrouwen oer de boargerlike 245

maatskippij, it ferhearlikjen fan geweld en drankgebrûk en de frijfochten hâlding foar elk gesach oer.

(13) En sa binne wy ek werom by

250

Rowwen Hèze, en by de ferhearliking fan it rûge ferline dêr’t dit stikje mei begûn.

(9)

De teksten die voor dit examen gebruikt zijn, zijn bewerkt om ze geschikt te maken voor het examen. Dit is gebeurd met respect voor de opvattingen van de auteur(s). Wie kennis wil nemen van de oorspronkelijke tekst(en), raadplege de vermelde bronnen.

Referenties

GERELATEERDE DOCUMENTEN

Dêrom is op 17 novimber 2017 de ‘Bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied yn de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke’ tekene,

1825 Daniel Joannes, dienaer tot Bergum, extraordinaris boven sijn pensie geaccordeert 12-0-0 1826 Syne Michiels ende Rinse Posck voor extraordinaris reisen ende diensten 12-0-0

A Dy alinea’s jouwe in foarbyld fan it ûnderwerp fan de tekst. B Dy alinea’s jouwe in koarte gearfetting fan de tekst. C Dy alinea’s jouwe yn ’t foar de konklúzje fan de tekst.

managerfilosofy is dat minsken dy’t mei niget harren wurk dogge ek mear út harrensels helje.. Dêrom sjoch ik mysels dan ek mear as coach as in

stimulearjen, aktivearjen en fasilitearjen fan Fryske ynstellings dy’t har mei taal en kultuer dwaande hâlde. De provinsje sil de taalmacht fan it Frysk fersterkje moatte. Dat

Neffens de saakkundigen is de predaasje troch nije predatoaren net sa bot tanommen dat dy dêrom ferfolge wurde moatte. Neffens fjildminsken is de tanommen predaasje wol

Dat is ek foar de Fryske kultuer sa, men moat jin hieltyd bewust wêze fan it belang fan taal.. It Frysk is foar de Fryske

om bern dy’t net fuortdaliks fan harren berte ôf yn oanrekking kommen binne mei in twadde taal, bygelyks bern yn Nederlân dy’t in oare thústaal hawwe as it Nederlânsk,