• No results found

Artikulaasjetempo fan it Frysk en Nederlânsk In ferlykjend ûndersyk nei it hjoeddeistige artikulaasjetempo fan Frysktalige en Nederlânsktalige nijslêzers fan Omrop Fryslân en it NOS-Journaal

N/A
N/A
Protected

Academic year: 2021

Share "Artikulaasjetempo fan it Frysk en Nederlânsk In ferlykjend ûndersyk nei it hjoeddeistige artikulaasjetempo fan Frysktalige en Nederlânsktalige nijslêzers fan Omrop Fryslân en it NOS-Journaal"

Copied!
92
0
0

Bezig met laden.... (Bekijk nu de volledige tekst)

Hele tekst

(1)

Artikulaasjetempo fan it Frysk en Nederlânsk

In ferlykjend ûndersyk nei it hjoeddeistige artikulaasjetempo fan Frysktalige en Nederlânsktalige nijslêzers fan Omrop Fryslân en it NOS-Journaal

Ryksuniversiteit Grins Masterskripsje Frysk

(2)

2

Ynhâldsopjefte

Foaropwurd ... 5

1. Yntroduksje ... 6

1.1. Wêr giet de skripsje oer? ... 6

1.2. Taalsituaasje yn Fryslân ... 7

1.2.1. Streektalen yn Fryslân ... 7

1.2.2. Taalbehearsking ... 9

1.2.3. Fryske standerttaal ... 9

1.2.4. Beynfloeding fan it Frysk troch it Nederlânsk ... 10

1.3. Wêrom in sosjolinguistysk ûndersyk? ... 11

2. Taalkontakt ... 12

2.1. Taalkontakt ... 12

2.1.1. Talen yn kontakt ... 12

2.1.2. Strukturele taalferoarings troch taalkontakt ... 13

2.1.3. Ynterferinsje ... 15

2.1.4. Ynfloed fan it Nederlânsk op it Frysk ... 16

2.2. Artikulaasje- en sprektempo ... 21

2.2.1. Definysjes ... 21

2.2.2. Undersyk nei it artikulaasjetempo fan it Ingelsk yn Amearika en Nij-Seelân ... 23

2.2.3. Undersyk nei it artikulaasjetempo fan it Nederlânsk yn België en Nederlân ... 25

2.3. Radiotaal ... 27

2.3.1. Audience design ... 27

2.3.2. Relaasje tusken taalgebrûk en audience design... 32

2.3.3. Net-publisearre ûndersyk Sijtsma 2011 ... 34

2.4. Undersyksfraach ... 37 3. Undersykskorpus en – metoade ... 39 3.1. Undersykskorpus ... 39 3.2. Omrop Fryslân ... 41 3.3. NOS ... 42 3.4. Undersyksmetoade ... 43

3.4.1. Mjitten fan artikulaasjetempo ... 44

3.4.2. Statistyske analyze ... 44

3.4.3. Ynterferinsjes yn Fryske radiotaal ... 45

3.4.4. Betrouberheid ûndersyksmetoade ... 46

4. Undersyksresultaten ... 47

4.1. Resultaten artikulaasjetempo ... 47

4.2. Statistyske analyze: signifikante fariaasjefaktoaren yn artikulaasjetempo ... 50

4.3. Kwalitative analyze: ynterferinsjes by Fryske nijslêzers ... 51

4.3.1. Leksikale ynterferinsjes ... 52 4.3.2. Semantyske ynterferinsjes ... 53 4.3.3. Fonologyske ynterferinsjes ... 54 4.3.4. Morfologyske ynterferinsjes ... 54 4.3.5. Syntaktyske ynterferinsjes ... 55 4.4. Gearfetting resultaten ... 56 5. Diskusje... 57

(3)

3

5.1.1. Artikulaasjetempo fan it Nederlânsk ... 57

5.1.2. Artikulaasjetempo fan it Frysk ... 59

5.2. Sosjale fariaasje ... 59

5.2.1. Sekse ... 60

5.2.2. Leeftyd ... 60

5.2.3. Regio ... 61

5.3. Ynterferinsjes yn Fryske radiotaal ... 62

5.4. Fierder ûndersyk ... 65

6. Konklúzje ... 67

(4)

4

Oersjoch figueren, tabellen, grafiken en bylagen

Figueren

Figuer 1: Plaatsje mikrofoan foarside skripsje

http://svn.ruhosting.nl/wp-content/uploads/2009/05/microfoon.jpg Figuer 2: Taalkaart fan Fryslân (A. Versloot, Fryske Akademy, 2006) Figuer 3: Borrowing Scale by taalkontakt (Winford, 2003: 30) Figuer 4: Rollen fan publyk yn in petear (Bell, 1991: 91)

Figuer 5 : Kommunikaasjeskema yn massakommunikaasje (Bell, 1991: 96)

Tabellen

Tabel 1: Leksikale ynterferinsjes yn it Frysk Tabel 2: Semantyske ynterferinsjes yn it Frysk Tabel 3: Fonologyske ynterferinsjes yn it Frysk Tabel 4: Morfologyske ynterferinsjes yn it Frysk Tabel 5: Syntaktyske ynterferinsjes yn it Frysk

Tabel 6: Foarbylden fan distansjearring by Frysktalige nijslêzers Tabel 7: Foarbylden fan geve foarmen fan Frysktalige nijslêzers Tabel 8: Oersjoch nijslêzers

Tabel 9: Artikulaasjetempo Frysktalige nijslêzers Tabel 10: Artikulaasjetempo Nederlânsktalige nijslêzers

Grafiken

Grafyk 1: Ferliking trochsnee artikulaasjetempo kategoryen radioprogramma's Grafyk 2: Artikulaasjetempo Frysktalige froulike nijslêzers

Grafyk 3: Artikulaasjetempo Frysktalige manlike nijslêzers Grafyk 4: Artikulaasjetempo Nederlânsktalige froulike nijslêzers Grafyk 5: Artikulaasjetempo Nederlânsktalige manlike nijslêzers

Bylagen

Bylage 1: Transkribearre nijsbulletins Frysktalige froulike nijslêzers Bylage 2: Transkribearre nijsbulletins Frysktalige manlike nijslêzers Bylage 3: Transkribearre nijsbulletins Nederlânsktalige froulike nijslêzers Bylage 4: Transkribearre nijsbulletins Nederlânsktalige manlike nijslêzers Bylage 5: Tabellen artikulaasjetempo

(5)

5

Foaropwurd

Graach meitsje ik fan de gelegenheid gebrûk om in tal minsken te betankjen, dy’t bydroegen hawwe oan myn ôfstudearjen. Yn it foarste plak wol ik dr. Nanna Haug Hilton en dr. Willem Visser betankje foar it begelieden fan myn skripsje. Nanna, myn earste begelieder, makke my entûsjast foar it ûnderwerp. Sy kaam mei it idee om it artikulaasjetempo fan it Frysk te ûndersykjen en dat ûnderwerp te ferbinen mei it fakgebiet fan myn twadde masterstúdzje, Sjoernalistyk. Nanna stie altiten klear om myn fragen te beäntwurdzjen en joech brûkbere advizen foar de oanpak fan myn skripsje.

Net ûnbelangryk hat myn kollega Marcel Spanjer west. Hy ynstallearre in programma op myn laptop, wêrmei’t ik folle effisjinter radio-útstjoerings dellade en beharkje koe. Dat hat in hiel soad tiidwinst oplevere en boppedat de kwaliteit fan myn ûndersyksmateriaal befoardere.

In wurd fan tank wol ik ek jaan oan myn suster Femmigje, dy’t de tiid nimme woe om myn skripsje troch te lêzen om my op flaters te wizen en ferbetterings foar te stellen. Dêrneist wol ik ek myn húsgenoat Anita en har freon Richard betankje foar de gesellichheid, liters tee en bemoedigjende wurden yn de tiid fan myn ûndersyk en it skriuwen fan myn skripsje. Tige bliid wie ik fierder mei Pieter en Karin foar harren harkjend ear en de ferskate spultsjes Wordfeud dy’t sy mei my spilen. Tusken it skripsjeskriuwen troch soarge dat foar de nedige ûntspanning.

(6)

6

1. Yntroduksje

Yn dit haadstik sil ik it ûnderwerp fan myn skripsje út de doeken dwaan. Earst sil ik fertelle wêr’t myn skripsje oer giet en dêrnei jou ik oan yn hokker kontekst it tema besjoen wurde moat.

1.1.

Wêr giet de skripsje oer?

Yn dizze skripsje doch ik ûndersyk nei it artikulaasjetempo fan Frysk- en Nederlânsktalige radionijslêzers. Sawol de Nederlânske as Fryske taal is yn Nederlân erkend as rykstaal, mar oft dy twa talen op it mêd fan artikulaasjetempo fan inoar ferskille is noch net ûndersyk nei dien. Nei it artikulaasjetempo fan it Nederlânsk is al wol earder ûndersyk dien, mar nei it Frysk noch nea. Faaks hat dit te krijen mei it feit dat it Nederlânsk de dominante taal fan Nederlân is en it Frysk as in minderheidstaal of regionale taal sjoen wurdt. Dochs is it hiel nijsgjirrich om ûndersyk te dwaan nei it artikulaasjetempo fan it Frysk.

Wat artikulaasjetempo krekt ynhâldt en hoe’t dat te mjitten is, sil ik yn haadstik 2 wiidweidich behannelje, mar koart sein sil ik ûndersykje hoe flot at it Nederlânsk en Frysk troch sprekkers fan dy talen sprutsen wurde. Ik doch dat troch it artikulaasjetempo fan tolve Frysktalige nijslêzers en sechstjin Nederlânsktalige nijslêzers te mjitten oan de hân fan radiobulletins op Omrop Fryslân en it NOS-Journaal. Ik meitsje dêrby net allinnich ûnderskie tusken hokker taal der sprutsen wurdt, mar ek tusken de sekse en de leeftyd fan de sprekker.

(7)

7 Yn haadstik 2 sil ik it fenomeen taalkontakt behannelje. Wat hâldt it begryp yn en yn hokker ferskillende stadia komt it foar? Om’t ik it artikulaasjetempo fan it Frysk en Nederlânsk ferlykje sil, is it belangryk om mear te witten oer de taalkontaktsituaasje fan dy talen. Fierder gean ik neier yn op de resultaten fan earder holden ûndersyk nei it tempo fan ferskillende farianten fan it Nederlânsk en Ingelsk. Op dy wize kin ynsjoch krigen wurde yn it artikulaasjetempo fan oare Germaanske talen en kin boppedat in oar ûndersyk nei it artikulaasjetempo fan it Nederlânsk neist myn resultaten set wurde. Yn dit haadstik sil ik ek de resultaten fan myn eigen – net publisearre- ûndersyk nei it artikulaasjetempo fan it Frysk presintearje.

Ik sil fierder omtinken jaan oan radiotaal: wat is it krekt en yn hoefier ferskilt it fan oare farianten fan sprutsen taal? Om’t myn ûndersyksmateriaal út radioútstjoerings bestiet, is it belangryk om mear te witten oer it fenomeen radiotaal. Dêrby sil ik neier yngean op sosjolinguistyske teoryen oer hoe’t sprekkers harren taalgebrûk oanpasse wannear’t hja harren yn in oar type setting befine. Op basis fan de teoryen en fenomenen dy’t ik beskreaun haw, sil ik dan myn haad- en dielfragen presintearje.

Yn it tredde haadstik ljochtsje ik myn ûndersykkorpus en -metoade ta en beskriuw ik hoe’t ik by de seleksje fan dat korpus te wurk gien bin. Yn haadstik 4 besprek ik myn ûndersyksresultaten en yn haadstik 5 stiet in diskusje sintraal, dêr’t ik myn ûndersyksresultaten ferbyn oan earder holden ûndersyk nei it tempo fan talen. Dêr sil ik ûnder oaren de útkomsten fan oar taalkundich ûndersyk nei praattempo yn behelje en ferlykje mei myn eigen ûndersyksresultaten. Yn it sechsde en lêste haadstik sil ik yn myn konklúzje de ûndersyksfraach fan dizze masterskripsje gearfetsjend beäntwurdzje.

1.2.

Taalsituaasje yn Fryslân

Yn Fryslân wurdt sawol de Fryske as de Nederlânske taal troch de bewenners fan dy provinsje brûkt. Yn dizze paragraaf sil ik de taalsituaasje yn Fryslân beskriuwe om sa dúdlik te meitsjen hoe’t dy talen harren ta inoar ferhâlde.

1.2.1. Streektalen yn Fryslân

(8)

8 Haan, 1997: 61). It Frysk wurdt sûnt 1972 as twadde rykstaal fan Nederlân erkend en heart ta de Westgermaanske taalfamylje (Popkema, 2006: 37). De taal hat trije haaddialekten: Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk.

Figuer 2: Taalkaart fan Fryslân (A. Versloot, Fryske Akademy, 2006)

(9)

9

1.2.2. Taalbehearsking

Der bestean dus ferskate streektalen yn Fryslân, mar yn hoefier wurde se brûkt? De ûndersikers, Gorter en Jonkman hawwe yn 1994 it ûndersyk Taal yn Fryslân (ôfkoarte ta TYF94) holden ûnder 1368 respondinten mei as doel om ynsjoch te krijen yn it taalgebrûk fan ynwenners fan Fryslân. De fragen yn de enkête rjochten har op saken as taalbehearsking, taaleftergrûn, taalgedrach, taalhâlding en sosjale en demografyske skaaimerken fan de persoanen (Gorter & Jonkman, 1995).

De respondinten krigen fragen dêr’t de ûndersikers ynsjoch mei besochten te krijen yn de taalfeardigens op it mêd fan it Frysk praten, ferstean, lêzen en skriuwen. De respondinten moasten dêrby sels beoardielje hoe goed at sy it Frysk op de ferskillende nivo’s behearskje, troch te kiezen foar ien fan de folgjende fiif kategoryen: ‘heel gemakkelijk/goed/vrij aardig/met moeite/helemaal niet’. Ut de stekproef kaam nei foaren dat 74 prosint fan de Friezen Frysk prate kin, 94 prosint fan de befolking it Frysk ferstiet, 64 prosint kin de taal lêze en 17 prosint kin Frysk skriuwe (Gorter & Jonkman, 1995).

It is diskutabel dat de respondinten harren taalbehearsking sels rapportearje mochten. It gegeven dat immen seit hiel maklik Frysk skriuwe te kinnen, betsjut net dat dy persoan op deselde kategory útkomme soe, at syn Frysk skriuwen beoardiele wurde soe troch in dosint Frysk (De Haan, 1996, 308). De taalbehearsking fan de respondinten is net metten, en boppedat ûntbrekt in standert foar taalbehearsking, en dêrom is de fraach dan ek wat foar betsjutting de útkomsten fan it ûndersyk feitlik hawwe (De Haan, 1996: 308).

De posysje fan it Nederlânsk is oer it gehiel nommen sterker as dy fan it Frysk. Friezen dy’t fan hûs út it Frysk as memmetaal hawwe, behearskje it Nederlânsk troch de bank nommen dochs better as it Frysk, benammen at it om lêzen en skriuwen giet. Dat is te ferklearjen troch it taaloanbod en om’t de status fan it Nederlânsk yn Fryslân folle sterker is (Breuker, 1997: 279).

1.2.3. Fryske standerttaal

(10)

10 kinne. In oare wize fan it foarmjen fan in standerttaal is at ien fariant fan in taal oansjen hat om’t it troch in bepaalde groep minsken praat wurdt dy’t sosjale of kulturele status binnen de mienskip hat (De Haan, 1996: 62). Beide situaasjes jilde net foar it Frysk: de taal krijt yn it basis- en middelber ûnderwiis net genôch omtinken en yn Fryslân is der net in sosjale of kulturele groep minsken dy’t ynfloed útoefent op hoe’t oare minsken it leafst Frysk prate wolle. Fryske radio- en televyzjeprogramma’s spylje wol in grutte rol yn it fersprieden fan normearre Frysk, om’t de media in soad oansjen hawwe yn de Fryske mienskip (Dijkstra, 1994: 266).

Frysktaligen kamen rûn de jierren sechstich, troch it Nederlânsktalige ûnderwiis en troch de groei fan dy taal yn de massamedia, mei dizze taal yn kontakt (De Haan, 1996: 64). Op oare domeinen wûn it Standertnederlânsk ek hyltiten mear terrein, bygelyks op de wurkflier. Troch de groeiende yndustrialisaasje kamen der mear net-Frysktaligen nei de provinsje ta en wie it Nederlânsk de lingua franca. De posysje fan it Nederlânsk waard dus hyltiten sterker. Dat hat grutte gefolgen hân foar it gebrûk fan de Fryske taal (De Haan, 1996: 64).

De twa grutte kranten fan Fryslân, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, brûke it Frysk foar likernôch fiif prosint yn harren publikaasjes. Yn de literatuer spilet it Frysk wol in grutte rol, mar yn it ûnderwiis, de polityk en de wittenskip hat it Nederlânsk mear gewicht (Popkema, 2006: 38).

1.2.4. Beynfloeding fan it Frysk troch it Nederlânsk

It Frysk en it Nederlânsk beynfloedzje inoar, mar it Nederlânsk wurket folle sterker op it Frysk as oarsom (Breuker, 1997: 279). Der bestiet altiten ôfstân tusken in standerttaal en it deistich gebrûk fan in taal, mar yn it gefal fan de Fryske taal is dy ôfstân grut en nimt dy noch fierder ta (Popkema, 2006: 38). Dêr binne trije ferklearrings foar. Yn it foarste plak wurdt it sprutsen Frysk hiel sterk troch it Nederlânsk beynfloede. Fierder brûke Friezen harren taal hast net yn skreaune foarm en dêrtroch komme hja ek hast net yn kontakt mei de standerttaal. Op it lêste plak sjogge Friezen net de needsaak yn om harren yn de sprutsen taal te betsjinjen fan de standerttaal.

(11)

11

1.3.

Wêrom in sosjolinguistysk ûndersyk?

Taal is net in fêst gegeven, mar is konstant yn beweging. Ut ûndersyk blykt dat taalferoarings ûnder oaren troch sosjale fariaasje, lykas leeftyd of sekse, ûnder sprekkers ferklearre wurde kin (Meyerhoff, 2008: 127). Taalkundigen ynteressearje harren dêrom foar taalûntjouwings, mar hoe’t dy prosessen krekt yn harren wurk gean is in lestige kwestje. De reden dat it lestich is om útspraken oer ûntjouwings fan linguistyske fariaasje te jaan, is om’t der net in soad ynformaasje beskikber is oer hoe’t dy ta stân kaam binne. It âldste audiomateriaal is fan minsken dy’t rûn it midden fan de njoggentjinde ieu berne binne (Meyerhoff, 2008: 129).

Om útspraken dwaan te kinnen oer taalferoarings kin in apparent time study dien wurde (Meyerhoff, 2008: 127). Dêrby wurdt neigien yn hoefier at der taalferskillen te merkbiten binne tusken sprekkers mei ferskillende leeftiden op ien en itselde momint. De basis fan in sprekker syn fonologysk systeem wurdt op jonge leeftyd lein. Troch te harkjen hoe’t minsken yn ‘e leeftyd fan 75 jier prate, kin in idee foarme wurde wat de taalnoarmen wienen fan de mienskip fan sa’n 70 jier lyn (Meyerhoff, 2008: 134).

Utsein dat der ûnderskie makke wurde kin yn de leeftyd fan sprekkers, kinne taalferoarings ek ferklearre wurde troch sekse. Froulju brûke net altiten deselde foarmen as manlju. , net fanwege harren sekse mar bygelyks om’t dy foarmen hearre by harren ‘groep’. Froulju brûke yn it generaal faker de standertfoarm fan in taal as manlju. In ferklearing dêrfoar is dat froulju harren bewuster wêze soenen fan standerttaal, en dy brûke om harren posysje yn de mienskip te befêstigjen. Fierder binne froulju de fersprieders fan nije taalfenomenen. Froulju brûke nije foarmen earder en manlju folgje letter (Meyerhoff, 2008: 207-209).

Sosjolinguist William Labov hat ûndersyk dien nei sekse en taalfarianten. Hy konkludearret dat der ûnderskie makke wurde kin tusken taalfarianten mei ‘overt prestige’ en ‘covert prestige’. ‘Overt prestige’ is taalgebrûk dat as beleefd en netsjes beskôge wurdt en dat brûkt wurdt troch de hegere sosjale klasse. ‘Covert prestige’ ferwiist nei taalfarianten dy’t ôfwike fan de standerttaal en dy’t meastentiids troch de legere sosjale klasse brûkt wurdt. Benammen manlju hawwe der lykwols aardichheid oan om taalfarianten mei ‘covert prestige’ te brûken om op dy wize harren te ûnderskieden (Trudgill, 2000: 74).

(12)

12

2. Taalkontakt

Yn dit haadstik stean ik stil by taalkontakt, praattempo en radiotaal. Yn haadstik 2.1. lis ik út wat it fenomeen taalkontakt ynhâldt en yn hokker stadia it foarkomme kin. Yn haadstik 2.2. beskriuw ik de resultaten út ûndersiken nei it tempo fan ferskillende farianten fan it Nederlânsk en Ingelsk. Hjir sil ik ek de resultaten fan myn eigen – net publisearre- ûndersyk nei it artikulaasjetempo fan it Frysk yn behelje. Foar’t ik ûndersykje hoe heech at de artikulaasjetempo’s fan de Nederlânsk- en Frysktalige nijslêzers lizze, wol ik neigean yn hoefier’t it Frysk troch it Nederlânsk beynfloede wurdt. Mooglik wurdt it artikulaasjetempo fan it Frysk bepaald troch dy taalkontaktsituaasje. Yn haadstik 2.3. lis ik út wat radiotaal is en wêryn’t it ferskilt fan oare farianten fan sprutsen taal. Oanslutend sil ik yn haadstik 2.4. de ûndersyksfragen foar myn skripsje formulearje.

2.1. Taalkontakt

Talen dy’t mei inoar yn kontakt stean, bygelyks om’t yn in bepaald lân meardere talen neist inoar brûkt wurde, kinne de taalsystemen fan inoar beynfloedzje. Yn dizze paragraaf lis ik it fenomeen taalkontakt út en jou ik foarbylden hoe’t de Fryske taal troch de oare rykstaal fan Nederlân, it Nederlânsk, beynfloede wurdt.

2.1.1. Talen yn kontakt

Taalkontakt is yn trije typen yn te dielen (Winford, 2003: 11). Der is ûnderskie te meitsjen tusken taalbehâld (language maintenance), taalferskowing (language shift) en taalkreaasje (language creation). Mei taalbehâld wurdt doeld op de taal fan mienskippen dy’t harren generaasje op generaasje fan deselde memmetaal betsjinje, ek al wurde oare talen yn harren omjouwing brûkt. ‘Hence the various subsystems of the language –the phonology, morphology, syntax, semantics, and core lexicon-remain relatively intact’ (Winford, 2003: 11).

(13)

13 twadde generaasje troch. Dy minsken behearskje dan beide talen, mar jouwe allinnich de doeltaal (target language, ôfkoarte ta TL), ofwol de taal fan it lân dêr’t hja wenje, troch oan harren eigen bern. Op dy wize wurdt de emigrantetaal fan de earste generaasje net mear brûkt troch de tredde generaasje en is dêrmei ferdwûn. Sprekkers fan de iene taal binne stadichoan op in oare, dominantere taal oergien.

In oar foarbyld fan taalferskowing is at minsken harren fêstigje yn in nij lân en dêr in soad status genietsje of opeaskje. Dat kin ta gefolch hawwe dat de lokale befolking (frijwillich of ûnder twang) de taal fan de nije bewenners oernimt. De ynhiemske taal makket dan plak foar in nije, frjemde taal (Winford, 2003: 15). Bygelyks it oergean op it Ingelsk yn Australië troch Aborginals. Taalferskowing kin dus sawol troch emigraasje as ymmigraasje feroarsake wurde, en sawol frijwillich as ûnder twang ta stân komme.

It tredde type fan taalkontakt is taalkreaasje. Dêr is sprake fan at sprekkers fan ferskillende talen ta ien kommunikaasjetaal, in lingua franca, komme. Pidgin- en Kreoaltalen hearre ûndermear ta dat type (Winford, 2003: 18).

Oan de hân fan it taalkontaktspektrum fan taalkundige Leo Loveday binne taalsituaasjes te beskriuwen (Winford, 2003: 26). Oan de iene kant fan it spektrum befine harren mienskippen dy’t folslein ientalich binne en dêr’t (hast) gjin ynfloed fan oare talen bestiet. Yn it midden fan it spektrum binne twa- of meartalige mienskippen te finen, dêr’t minderheidstalen en dominante talen op ferskate wizen neist inoar brûkt wurde. ‘Such groups may preserve their language(s) for a long time, though shift to the dominant language may eventually take place’ (Winford, 2003: 27). Oan it oare uterste fan it spektrum befine harren mienskippen dêr’t ferskate talen praat wurde, dy’t neist inoar bestean bliuwe kinne (Winford, 2003: 27).

Der binne in soad ferskillende taalsituaasjes dy’t net ynfâldich yn te dielen binne op it taalkontaktspektrum fan Loveday. Taalsituaasjes moatte yn harren kontekst fan sosjokulturele faktoaren besjoen wurde. Fan belang binne bygelyks de machtsrelaasjes binnen in mienskip, de demografy fan de befolkingsgroepen dy’t mei inoar yn kontakt stean en de sosjale ynteraksje tusken de ferskate taalgroepen (Winford, 2003: 25).

2.1.2. Strukturele taalferoarings troch taalkontakt

(14)

14 stadia taalkontakt plakfynt (Winford, 2003: 30). It giet yn dit gefal allinnich om situaasjes fan taalbehâld. Ik sil de borrowing scale fan Thomason en Kaufman koart taljochtsje. Yn de folgjende paragraaf sil ik oanjaan hokker stadia jilde foar it taalkontakt tusken it Frysk en it Nederlânsk.

Stage Features

1. Casual contact Lexical borrowing only

2. Slightly more intense contact Slight structural borrowing; conjunctions and adverbial particles 3. More intense contact Slightly more structural borrowing; adpositions, derivational affixes 4. Strong cultural pressure Moderate structural borrowing (major structural features that cause

relatively little typological change)

5. Very strong cultural pressure Heavy structural borrowing (major structural features that cause

significant typological disruption Figuer 3: Borrowing Scale by taalkontakt (Winford, 2003: 30)

Hoewol’t de oergongen fan it iene stadium nei it oare stadium net altiten like dúdlik ôf te beakenjen binne, binne situaasjes fan taalkontakt yn fiif kategoryen yn te dielen (Thomason en Kaufman 1988: 74). Yn it earste stadium is der sprake fan ‘gewoan kontakt’ dêr’t wurden út in oare taal (TL, target language) oernommen wurde, om’t der yn de eigen taal (SL, source language) gjin oantsjutting foar is. Foarbylden binne spaghetti út it Italjaansk, of kosher út it Hebrieusk. Sokke lienwurden wurde tapast om’t dêrfoar gjin synonym yn it leksikon fan de eigen taal bestiet.

Yn it twadde stadium fan taalkontakt befine harren talen dy’t op leksikaal nivo bynwurden fan de oare taal oernimme. Op grammatikaal of struktureel nivo wurde der fonologyske, syntaktyske en semantyske skaaimerken fan de oare taal brûkt yn de eigen taal (Thomason en Kaufman, 1988: 74).

Talen dy’t harren yn it tredde stadium befine, nimme op leksikaal nivo neist de funksjewurden út it twadde stadium, ek ferhâldingswurden, foarnamwurden en telwurden fan de doeltaal oer. Op grammatikaal nivo wurde de lienfonemen út it twadde stadium produktyf brûkt yn it tredde stadium. Fierder hearre ek lytse feroarings yn ’e syntaksis ta it tredde stadium, bygelyks de wurdfolchoarder fan pre- en postposysjes.

(15)

15 ynfleksje (hoe’t in wurd bûgd wurdt) him oan. Op syntaktysk nivo binne grutte oanpassings op it mêd fan wurdfolchoarder tinkber.

It fyfde en lêste stadium fan taalkontakt docht him foar by talen dy’t ûnder swiere druk fan oare talen stean, mar noch wol as selsstannige talen sjoen wurde moatte. Lyk as yn it fjirde stadium komme op leksikaal nivo alle wurdfarianten fan de dominante taal ek yn de boarnetaal foar. Op grammatikaal nivo binne de fonologyske, morfologyske en syntaktyske systemen ûnwerkenber feroare.

2.1.3. Ynterferinsje

It Frysk wurdt sterk troch it Nederlânsk beynfloede (De Haan, 1996; Breuker, 1997; Popkema, 2006). Dy druk fan in dominante taal op in minder dominante taal kin grutte gefolgen hawwe foar de ûnderdrukte taal (Winford, 2003: 13). Net allinnich op leksikaal nivo wurket it Nederlânsk op it Frysk, mar ek it Fryske taalsysteem hat te krijen mei feroarings. Dy feroarings binne oan te tsjutten mei de term ynterferinsje (De Haan, 1997: 64).

Der binne twa typen fan ynterferinsjes te ûnderskieden. It iene type is interference under maintenance, dêr’t in twadde taal ynfloed hat op in sprekker syn earste taal. It twadde type is interference through shift, dêr’t in sprekker syn earste taal in twadde taal beynfloedet (Thomason en Kaufman, 1988). In tredde type fan ynterferinsje is yntrodusearre om de taalsituaasje yn Fryslân te omskriuwen (De Haan, 1997: 65). Minsken dy’t it Frysk as memmetaal hawwe, leare it Nederlânsk tagelyk oan as twadde memmetaal. Ynterferinsjes yn dy taalsituaasje stean bekend as interference under full bilingualism (De Haan, 1997: 65). Dêrmei wurdt doeld op taalbeynfloeding fan in earste taal op in oare earste taal.

(16)

16

2.1.4. Ynfloed fan it Nederlânsk op it Frysk

Yn dizze paragraaf sil ik beskriuwe op hokker gebieten it Frysk troch it Nederlânsk beynfloede wurdt. Ik doch dat troch foarbylden te jaan fan ynterferinsjes út it Nederlânsk dy’t troch sprekkers fan it Frysk yn harren taal brûkt wurde. It is fan belang foar myn ûndersyk om te witten yn hoefier’t it Frysk troch it Nederlânsk beynfloede wurdt, en om nei te gean yn hokker stadium it artikulaasjetempo thús heart yn in taal. Op dy wize sil ik neigean oft it artikulaasjetempo fan it Frysk ek beynfloede wurde kin troch dat fan it Nederlânsk.

Ik sil de ynterferinsjes beskriuwe troch nei de ferskate lagen (leksikon, semantyk, fonology, morfology en syntaksis) fan it Frysk te sjen en nei te gean op hokker wize yn dy laach sprake fan beynfloeding is. Oanslutend sil ik oanjaan yn hokker stadium fan de Borrowing Scale fan Thomason en Kaufman it Frysk him befynt.

2.1.4.1.

Leksikale ynterferinsjes

Sprekkers fan it Frysk liene in soad wurden fan it Nederlânsk. Der is oan de iene kant sprake fan innovation oftewol ynnovaasje: nije wurden út it Nederlânsk wurde letterlik oernommen yn it Frysk (De Haan, 1997: 66). Oan de oare kant is der ek sprake fan replacement: wurden dy’t yn it deistich libben in soad brûkt wurde, wurde yn it Frysk ferfongen troch Nederlânske ekwivalinten (De Haan, 1996: 64). Dêrby moat ûnderskie makke wurde tusken ynhâldswurden (haadwurden) en funskjewurden (namwurden en partikels) (Popkema, 2006: 41).

Frysk Nederlânsk Ynterferinsjefrysk earmtakke elleboog ellebooch

kaai sleutel sleutel

muoike tante tante

harren hun hun

neffens volgens folgens

hokker welke welke

sûnt sinds sinds

ûnder beneden beneden

(17)

17

2.1.4.2.

Semantyske ynterferinsjes

Guon wurden út it Nederlânsk wurde troch sprekkers fan it Frysk oernommen yn deselde betsjutting as it Nederlânsk, wylst dat wurd yn it Frysk in oare betsjutting hat. It Fryske wurd ´loft´ bygelyks wurdt brûkt om de romte boppe ierde (wolken ensafuorthinne) mei oan te tsjutten en it wurd ´lucht´ is datjinge datst yn dyn longen opnimst ast sykhellest. Guon Friezen brûke it wurdt ´lucht´ at sy it oer de ´loft´ hawwe. In oar foarbyld is it wurd ´boe(r)derij´ dat guon Friezen brûke wylst hja eins doele op in ´pleats´. In pleats is allinnich it gebou en it lân, wylst mei in buorkerij doeld wurdt op it buorkjen, oftewol it útoefenjen fan it berop fan boer. En mei it foarnamwurd ´men´ wurdt yn it Nederlânsk in groep minsken oantsjutten, dêr’t de sprekker sels net ta rekkene wurdt, wylst yn it Frysk de sprekker dêr al ta rekkene wurdt.

Frysk Nederlânsk Ynterferinsjefrysk

Loft Lucht Lucht

Pleats Boerderij Boe(r)derij

Men Men Men

Tabel 2: Semantyske ynterferinsjes yn it Frysk (Breuker, 1997: 281).

2.1.4.3.

Fonologyske ynterferinsjes

Ynterferinsjes op fonologysk nivo dogge harren bygelyks foar at guon lûden yn it Frysk harren nasale útspraak ferlieze. It lûd wurdt dan lyk makke oan hoe’t it yn it Nederlânsk klinkt (Breuker, 1997: 281). De earste fjouwer foarbylden út ûndersteande tabel jouwe dy

fonologyske

assimilaasje oan

. Fierder nimme sprekkers fan it Frysk ek wurden oer dy’t al in soad lykje op it Nederlânske wurd, sa’t bliken docht út de twadde rige fan fjouwer foarbylden. De lûden wurde dan oanpast oan de Nederlânske fonologyske foarm. (De Haan, 1997: 67). Dêrneist wurde guon wurden yn it Frysk fanwege harren fonetyske kompleksheid oanpast oan de Nederlânske wurden. Guon konsonantklusters wurde bygelyks fersimpele ta de Nederlânske foarm. De lêste fjouwer foarbylden jouwe fersimpeling fan fonetysk komplekse wurden oan (De Haan, 1997: 68).

(18)

18 Bestjoer *bǝstjuǝr+ Bestuur *bǝstüǝr+ Bestuur *bǝstüǝr+

Freon [frøǝn] Vriend [frint] Friend [frint] Haad [ha:t] Hoofd [ho:ft] Hoofd [ho:ft] Fijânv *fijɔ:n+ Vijand *fƐjant+ Fijand *fƐjant+ Foars [fṷas+ Fors *fɔrs+ Fors *fɔrs+ Muoite [mṷoi t ] Moeite [mujt ] Moeite *mujt + Stjer [stjƐ(:)r] Ster *stɛr+ Ster *stɛr+ Bjirk [bjIrk) Berk [bɛrk] Berk [bɛrk]

Tabel 3: Fonologyske ynterferinsjes yn it Frysk (Breuker, 1997: 281 en De Haan, 1996: 67).

2.1.4.4.

Morfologysk ynterferinsjes

It Frysk makket ûnderskie tusken twa typen tiidwurden, dy´t einigje op -je (lykas organisearje, kôgje of fermannichfâldigje) en tiidwurden op -e (lykas swakke tiidwurden as bakke, en sterke tiidwurden as sitte en skriuwe). Dy tiidwurden wurde beide op harren eigen wize bûgd. Organisearje wurdt dan bûgd as : ik organisearje/ik organisearre/ik haw organisearre. Bakke wurdt bûgd as : ik bak/ik bakte/ik haw bakt en sitte wurdt bûgd as ik sit/ik siet/ik haw sitten. Yn it Frysk wurdt hyltiten faker foar tiidwurden op -je de bûging lyk makke oan de Nederlânske wize. Organisearje wurdt dan bûgd lykas it Nederlânske ´organiseren´: ik organisear/ik organisearde / ik haw organiseard (De Haan, 1997: 71). Fierder is der ûnderskie te meitsjen yn tiidwurden dy´t út it Nederlânsk liend binne. It Fryske tiidwurd ´libje´ wurdt ferfongen troch ´leve´ fan it Nederlânske ´leven´ út en dêrnei op deselde wize bûgd (De Haan, 1997:72).

In oar foarbyld fan morfologyske ynterferinsje is it lienen fan it lidwurd út it Nederlânsk. ´De bosk´ wurdt ûnder druk fan it Nederlânske ´het bos´ dan ta ´it bosk´ (De Haan, 1997:73). En neist de tiidwurden dy´t op deselde wize as it Nederlânsk bûgd wurde, komt it ek foar dat de útgong fan ferlytswurden (hast) itselde makke wurdt as dy yn it Nederlânsk (De Haan, 1997:74).

Frysk Nederlânsk Ynterferinsjefrysk Ik organisearje Ik organiseer Ik organisear

Ik hoopje Ik hoop Ik hoop

Libje Leven Leve

Stribje Streven Streve

Tarje Teren Teare

De bosk Het bos It bosk

It brief De brief De brief

It fabryk De fabriek De fabryk

Buike Buitje Buitsje

Autoke Autootje Autootsje

Sigaarke Sigaartje Sigaartsje

(19)

19

2.1.4.5.

Syntaktyske ynterferinsjes

Syntaktyske ynterferinsjes hawwe te krijen mei feroarings yn sinsopbou (De Haan, 1997: 74). Guon tiidwurden dy’t in partikel hawwe, wurde op deselde wize brûkt as yn it Nederlânsk. Yn it Frysk wurdt it partikel ‘oer’ yn it tiidwurd ‘oerkomme’ bygelyks los makke yn in sin (a) wylst dat yn it Nederlânsk net bart (b). Dochs komt de Nederlânske foarm ek foar yn it Frysk (c).

a) Frysk: Partikel en tiidwurd los fan inoar Dat komt my net wer oer b) Nederlânsk: Partikel en tiidwurd oan inoar Dat overkomt mij niet weer c) *Ynterferinsjefrysk: Partikel en tiidwurd oan inoar Dat oerkomt my net wer

Fierder binne bygelyks de helptiidwurden ´gean´ en ´bliuwe´ net mei alle tiidwurden te kombinearjen. In sin as ´ik gean lizzen´ is yn it Frysk wol tastien, mar in sin as ´ik gean fytsen´ net. Yn it lêste gefal moat de sin opboud wurde as ´ik sil te fytsen´. Dochs brûke in soad Frysktaligen de helptiidwurden ´gean´ en ´bliuwe´ sa as de Nederlânske foarmen ´gaan´ en ´blijven´.

In oar foarbyld dêr´t sprake is fan syntaktyske ynterferinsje en dêr´t de leste jierren in soad kommoasje oer is, is it ferskynsel fan it omdraaien fan tiidwurden. Yn it Nederlânsk kinne sawol sin a) as b) foarkomme, mar yn it Frysk is allinnich c) gongber en wurdt d) as ferkeard sjoen. Dochs komt fariant d) hyltiten faker foar.

a) Nederlânsk: Helptiidwurd folge troch haadtiidwurd Ik denk dat hij het heeft gedaan b) Nederlânsk: Haadtiidwurd folge troch helptiidwurd Ik denk dat hij het gedaan heeft c) Frysk: Haadtiidwurd folge troch helptiidwurd Ik tink dat er it dien hat

d) * Frysk: Helptiidwurd folge troch haadtiidwurd Ik tink dat er it hat dien

Frysk Nederlânsk Ynterferinsjefrysk

Ik sil ride Ik ga rijden Ik gean riden

Hy bliuwt sitten (*) Hij blijft zitten Hy bliuwt sitten Ik gean in ein te fytsen Ik ga een eind fietsen Ik gean in ein fytsen Hy komt hjir te wenjen Hij komt hier wonen Hy komt hjir wenjen Wy sille trouwe Wij gaan trouwen Wy gean trouwen Ik tink dat er it dien hat Ik denk dat hij het heeft

gedaan/gedaan heeft

Ik tink dat er it hat dien

Hy seit dat hy my sjoen hat Hij zegt dat hij mij heeft gezien/gezien heeft

Hy seit dat er my hat sjoen

(20)

20

2.1.4.7. Plak fan artikulaasjetempo yn taal

Om útspraken dwaan te kinnen oft it artikulaasjetempo fan it Frysk ek ûnder druk stiet fan it Nederlânsk, is it wichtich om artikulaasjetempo earst in plak ta te wizen yn taal. Yn hokker laach fan in taal heart artikulaasjetempo thús? Artikulaasjetempo moat sjoen wurde as in prosoadysk skaaimerk fan in taal (Verhoeven en Mariën, 2007). Ta prosoadyske skaaimerken wurde ‘stimfolume, toanhichte, yntonaasje, ynterpunksje, praattempo, ritme, melody en klam’ rekkene, dy’t as funksje hawwe om bygelyks fia de taal de emosjonele tastân fan de sprekker of it doel fan syn wurden dúdlik te meitsjen (Leentjens, Wielaert en Wilmink, 1996: 1).

Yn guon talen wurdt mei help fan prosody leksikaal ûnderskie makke tusken wurden dy’t op deselde wize skreaun wurde. De toanhichte jout dan bygelyks oan om hokker betsjutting it giet. Prosody hat dus ferskate kommunikative funksjes. Neist in leksikale funksje om wurden fan inoar te ûnderskieden, kin ek de emosjonele tastân fan in sprekker dúdlik makke wurde. Prosody kin fierder in grammatikale funksje hawwe: is in sin bygelyks stellend of freegjend bedoeld (Crary & Tallman, 1993).

Prosody soarget dus foar struktuer yn in sin. Troch op bepaalde wurdlidden klam te lizzen, of yn bepaalde plakken yn in sin in rêstmomint yn te bouwen, kin der foar soarge wurde dat it publyk it boadskip fan de sprekker op de juste wize begrypt. It giet der dus net allinnich om wat de sprekker seit, mar ek hoe’t er dat seit. Artikulaasjetempo wurdt yn it gebiet fan ‘e fonetyk ûndersocht, om’t dat ûnderdiel fan ‘e wittenskip him dwaande hâldt mei de produksje fan spraak. Undersyk nei klam op wurdlidden heart bygelyks ta de fonology, wylst toanhichte en artikulaasjetempo ûnder de fonetyk falt (Crystal, 2003: 378).

(21)

21

2.1.4.8. Posysje Frysk op de Borrowing Scale

Yn boppesteande paragrafen haw ik mei foarbylden fan ynterferinsjes (De Haan, 1996 en Breuker, 1997) dúdlik makke dat it Frysk op alle taalnivo´s troch it Nederlânsk beynfloede wurdt. Op sawol leksikaal, semantysk, fonologysk, morfologysk as syntaktysk nivo is der sprake fan Nederlânske ynterferinsje. It Frysk stiet dus ûnder sterke druk fan de oare rykstaal. Der is sprake fan sterk strukturele lienprosessen en de Frysk-Nederlânske taalkontaktsituaasje heart dêrmei ta it fyfde stadium fan de Borrowing Scale fan Thomason en Kaufman.

Op basis fan boppesteande resultaten falt te ferwachtsjen dat ek it artikulaasjetempo fan it Frysk ûnder druk stiet fan dat fan it Nederlânsk, om’t it te krijen hat mei prosody. Prosody hat te krijen mei de fonetyk fan in taal.

2.2. Artikulaasje- en sprektempo

Ofrûne desennia is der in soad linguistysk ûndersyk dien nei talen. Wêryn ûnderskiede talen harren fan inoar en wat binne oerienkomsten? Wittenskippers binne al inkele desennia ynteressearre yn hoe flot at talen praat wurde en dogge dêrom ûndersyk nei it praattempo fan talen. Mar wat is no eins de tafoege wearde foar de mienskip en de wittenskip om te witten hoe flot at in taal praat wurdt? Neffens linguïsten is it foar minsken mei spraak- en gehoarproblemen wichtich dat sy terapy op maat krije kinne. Logopedisten moatte dêrfoar witte hoe’t en hoe flot at in taal praat wurdt, om ien oan syn gebrek, bygelyks at er stammert, helpe te kinnen. At in logopedist wit hoe flot at in taal praat wurdt, kin dy in persoan dy’t stammert oanleare hoe flot at minsken sûnder dat gebrek prate (Robb, Maclagan en Chen, 2004: 2).

Undersikers freegje harren dêrom net allinnich ôf hoe flot at talen praat wurde, mar wolle ek witte oft praattempo inkeld en allinnich in skaaimerk fan dy taal is of dat it ek gearhinget mei skaaimerken fan de sprekker fan dy taal. Oft bygelyks in man of in frou praat, of dat der in jong of in âld persoan oan it wurd is.

2.2.1. Definysjes

(22)

22 sprekker yn in sekonde produsearret, ynklusyf de opfolle en stille rêstmominten dy’t er yn syn sin falle lit. By it mjitten fan it artikulaasjetempo wurde dy ynboude stille rêstmominten, dêr’t de stimbannen net trilje, bûten beskôging litten (Verhoeven, De Pauw, Kloots, 2004: 301). De emosjonele tastân fan in sprekker kin der ta liede dat in sprekker langere rêstmominten ynbout tusken syn sinnen. Dat is de reden dat der ûnderskie makke wurdt tusken sprektempo en artikulaasjetempo (Robb, Maclagan en Chen, 2004: 2).

Taalkundigen hawwe harren yn ferskate ûndersiken bûgd oer dizze fraachstikken, mar it is net ienfâldich om it praattempo fan in taal te mjitten (Marsi, 1999: 190-193 en Verhoeven, De Pauw, Kloots, 2004: 298). Sa is de fraach oft praattempo’s fan talen earlik mei inoar ferlike wurde kinne troch it oantal wurden te tellen (Marsi, 1999: 190). It Ingelsk skriuwt bygelyks twa losse wurden dêr’t it Frysk ien wurd brûkt: bygelyks speech rate fersus praattempo.

Taalkundigen miene dat it dêrom better is om it oantal wurdlidden te tellen, mar neffens Marsi is ek dat gjin oplossing, om’t yn guon talen, bygelyks it Japansk, alle wurdlidden net mear as twa of trije fonemen hawwe. It inkeld mjitten fan fonemen is yn de optyk fan Marsi ek gjin wettertichte metoade, om’t by in soad sprekkers fonemen sneuvelje om’t sy net mei soarch prate. Sa sizze in soad Friezen net ‘sy hienen’, mar ‘sy hien’. Marsi beslút syn artikel dermei dat it miskien wol sa is dat talen fan inoar ferskille yn praattempo, mar draacht dêrfoar yn syn artikel gjin bettere metoade oan om dat te bewizen.

Taalkundigen hawwe earder al ûndersyk dien nei it praattempo fan de Nederlânske taal sa as dat yn België en Nederlân sprutsen wurdt (Verhoeven, De Pauw en Kloots, 2004). Yn paragraaf 2.2.3. sil ik dat ûndersyk neier taljochtsje. Nei it praattempo fan de Fryske taal is noch gjin -publisearre- ûndersyk dien, it is dêrom nijsgjirrich om dat ris te ûndersykjen en boppedat nei te gean hoe’t de twa rykstalen fan Nederlân harren op it mêd fan praattempo ta inoar ferhâlde. Fierder is it nijsgjirrich om nei te gean oft fariaasje yn praattempo ek gearhinget mei non-linguïstyske skaaimerken as sekse of leeftyd fan in sprekker.

(23)

23 ûndersyk dêr’t fariaasje yn praattempo tusken twa of meardere talen ûndersocht wurdt (Verhoeven, De Pauw, Kloots, 2004: 298).

Yn dit haadstik behannelje ik earst trije ûndersiken dy’t dien binne nei praattempo. Yn it earste ûndersyk stiet it sprektempo fan it Amerikaanske Ingelsk en it Nij-Seelânske Ingelsk sintraal. Yn it twadde ûndersyk leit de klam op it praattempo fan farianten fan de Nederlânske taal yn België en Nederlân. It tredde ûndersyk is myn eigen, net publisearre ûndersyk, dat him rjochtet op it artikulaasjetempo fan it hjoeddeistige Frysk. Troch dizze ûndersiken te besprekken wol ik sjen litte hoe’t der earder ûndersyk dien is nei praattempo fan oare Germaanske talen. Op dy wize kin ik de resultaten fan myn ûndersyk letter yn de diskusje ek yn in breder kader pleatse.

2.2.2. Undersyk nei it artikulaasjetempo fan it Ingelsk yn Amearika en

Nij-Seelân

De ûndersikers Robb, Maclagan en Chen hawwe komparatyf ûndersyk dien nei de ferskillen tusken farianten binnen ien taal. Yn harren gefal it Ingelsk sa’t it sprutsen wurdt yn Amearika en Nij-Seelân. It Ingelsk is nammentlik in plurisintryske taal: in taal dy’t yn ferskillende lannen en troch ferskillende naasjes brûkt wurdt (Verhoeven, De Pauw en Kloots, 2004: 298). Robb, Maclagan en Chen binne neigien oft it Ingelsk sa’t dat yn Amearika praat wurdt ek ferskilt fan hoe’t it yn Nij-Seelân brûkt wurdt.

Harren ûndersyk waard holden ûnder tachtich proefpersoanen. Fjirtich dêrfan hienen it Amerikaansk Ingelsk (AE) as memmetaal. De iene helte fan harren bestie út froulju mei in trochsnee leeftyd fan 27 jier en de oare helte bestie út manlju mei in trochsnee leeftyd fan 33 jier. De oare fjirtich proefpersoanen bestienen út minsken dy’t it Nij-Seelânske Ingelsk (NZE) as memmetaal hienen. Tweintich dêrfan wienen froulju mei in trochsnee leeftyd fan njoggentjin jier en de oare tweintich wienen manlju mei in trochsnee leeftyd fan tweintich jier. In betingst om meidwaan te kinnen oan it ûndersyk wie dat de proefpersoanen gjin spraak- of gehoarproblemen hawwe mochten.

(24)

24 út 127 wurdlidden foar te lêzen yn in rêstige omjouwing. Harren waard as opdracht meijûn om de tekst yn ûntspande hâlding foar te lêzen. Op basis fan dy data waard dêrnei metten hoe heech at it sprektempo en it artikulaasjetempo fan alle proefpersoanen wie. Oanslutend waard analysearre oft der opfallende ferskillen te ûntdekken wienen tusken de twa taalfarianten en tusken manlju en froulju. By it ûndersyk waard ûndersocht hoefolle wurdlidden de proefpersoanen trochsnee yn ien minút produsearren.

Dêrnei waarden twa testgroepen gearstald: de iene groep bestie út 32 Amerikaanske studinten (stúdzjerjochting: Speech-Language Pathology oan de universiteit fan Wyoming), en de oare groep bestie út 26 Nij-Seelânske studinten (stúdzjerjochting: Speech-Language Pathology oan de universiteit fan Canterbury, Christchurch). Sy krigen de taak om tweintich datafoarbylden fan de proefpersoanen, tsien AE en tsien NZE, te beharkjen en te beoardieljen op praattempo troch punten ta te kennen fan ien punt (tige stadich) oant en mei sân punten (tige flot).

Ut it ûndersyk kaam nei foaren dat geslacht gjin rol spilet yn hoe flot at AE en NZE praat wurde. Per taalfariant waard gjin signifikant ferskil metten tusken it sprektempo (speaking rate) fan manlike en froulike sprekkers: manlju mei AE as memmetaal prate de taalfariant dus likernôch like flot as froulju dy’t AE as memmetaal ha. Datselde gau foar sprekkers fan NZE.

Hoewol’t der út it ûndersyk dus gjin signifikant ferskil yn sprektempo nei foaren kaam tusken sprekkers fan deselde taalfariant, die wol bliken dat der signifikant ferskil wie tusken de taalfarianten sels. Sprekkers fan taalfariant NZE prate mei in trochsnee sprektempo fan 280 spm (=syllables per minút, dat stiet gelyk oan 4,7 wurdlidden/sekonde) flotter as sprekkers fan taalfariant AE dêr’t in trochsnee fan 250 spm (is 4,2 wurdlidden/sekonde) metten waard.

Deselde konklúzje waard lutsen út de resultaten fan data fan it artikulaasjetempo fan it AE en it NZE. Op ‘e nij kamen der gjin signifikante ferskillen nei foaren tusken it artikulaasjetempo fan manlju en froulju dy’t deselde taalfariant prate, mar wie der wol in signifikant ferskil tusken it artikulaasjetempo fan sprekkers fan NZE en AE. It die bliken dat it NZE mei 342 spm (is 5,7 wurdlidden/sekonde) flotter praat wurdt as de taalfariant AE dêr’t 316 spm (is 5,3 wurdlidden/sekonde) by metten waard.

(25)

25 artikulaasjetempo gearhinget mei leeftyd net hielendal oan ‘e kant lizze, geane hja der yn earste ynstânsje fan út dat it tempoferskil dêr net troch feroarsake wurdt.

In oare ferklearring dy’t de ûndersikers oandrage, is it ferskil yn rhythmic timing fan de twa taalfarianten. Talen wurde yndield yn twa kategoryen: ‘stress timed’ en ‘syllable timed’. It Ingelsk wurdt sjoen as in foarbyld fan in taal dy’t stress timed is. Dat hâldt yn dat de tiidsôfstân tusken beklamme wurdlidden gelyk is. By talen dy’t syllable timed binne is de tiidsôfstân tusken alle wurdlidden gelyk. Dat ferskil tusken dy talen soe der ta liede kinne dat ek it praattempo fan dy talen ferskillend is.

Mooglik leit in ferklearring foar it tempoferskil tusken AE en NZE yn it gegeven dat it Nij-Seelânske Ingelsk ûnder oaren beynfloede wurdt troch de taal fan de Maori’s. Dy taal wurdt, yn tsjinstelling ta it Ingelsk, sjoen as in taal dy’t syllable timed is (Robb, Maclagan en Chen, 2004: 11). Dat soe betsjutte dat talen inoar ek op prosodysk nivo beynfloedzje kinne.

2.2.3. Undersyk nei it artikulaasjetempo fan it Nederlânsk yn België en

Nederlân

(26)

26 leeftydsskiften. Fan de tsien manlju wienen fiif proefpersoanen jonger as fjirtich/fiifenfjirtich jier en fiif proefpersoanen âlder as fjirtich/fiifenfjirtich jier.

De ûndersikers hawwe mei opsetsin in yndieling makke fan sintrum-, transysje- en periferygebieten om’t dy gebieten net allinnich geografysk, mar ek sosjaal-ekonomysk, demografysk en kultureel fan inoar ferskille. Yn de sintrumgebieten wenje troch de bank nommen mear minsken en binne der mear mooglikheden ta it besykjen fan kulturele ynstellings. Yn periferygebieten binne dy mooglikheden lytser, boppedat jouwe de ûndersikers oan dat yn dy regio’s de oanwêzichheid fan dialekten en regionale taalfarianten sterker is. De transysjegebieten befine harren der tusken yn (Verhoeven, De Pauw en Kloots 2004: 301).

Om it sprek- en artikulaasjetempo fan de proefpersoanen ûndersykje te kinnen, waard fan alle 160 dosinten data, besteande út ynformele, spontane petearen mei in lingte fan fyftjin minuten opnommen. De proefpersoanen mochten frij prate oer ûnderwerpen as hobby’s, fakânsje, ûnderwiis of aktualiteit. De petearen waarden bywenne troch twa ûndersyksassistinten dy’t beide it Standert Nederlânsk brûkten. Oft de iene de Flaamske fariant en de oare de Nederlânske fariant prate, docht net bliken út it artikel fan Verhoeven, De Pauw en Kloots.

De wittenskippers ûndersochten harren korpus op sawol sprek- as artikulaasjetempo. Om’t de struktuer fan it wurdlid yn it Flaamsk en it Nederlânsk lyk oan inoar is , koe dy ienheid foar de ferliking brûkt wurde. De data waard sa opmetten: as earste waard foar elts fraachpetear neigien hoefolle wurdlidden de proefpersoanen troch de bank nommen yn ien sekonde produsearre hienen. Hjirby gienen de ûndersikers derfan út dat elts wurdlid op syn minst in lûd befettet. Dêrnei waard de data analysearre troch de resultaten fan beide lannen mei inoar te ferlykjen, dêrnei dy tusken de regio’s, oanslutend dy tusken manlju en froulju en eintsje beslút de resultaten yn leeftydsskift.

(27)

27 wurdlidden/sekonde) en dat de jongerein troch de bank nommen signifikant flotter praat as de âlderein (4,78 wurdlidden/sekonde fersus 4,52 wurdlidden/sekonde) (Verhoeven, De Pauw en Kloots, 2004: 11).

Verhoeven, De Pauw en Kloots miene dat de signifikante ferskillen yn it sprek- en artikulaasjetempo fan Nederlânske en Flaamske sprekkers mooglik te ferklearjen binne troch de ôfstân dy’t de Flamingen fiele tusken de standerttaal, dy’t hja yn it ûndersyk brûkten, en de regionale taal/it dialekt dy’t/dat se thús prate. Of faaks hawwe de Flamingen it fraachpetear saakliker beskôge as de Nederlânske proefpersoanen en binne se dêrtroch stadiger begûn te praten (Verhoeven, De Pauw en Kloots, 2004: 11). De setting fan it praten soe yn dat gefal ynfloed hân hawwe op it praattempo. Mooglik jildt dat ek foar Fryske nijslêzers at sy it Standertfrysk brûke wolle.

2.3.

Radiotaal

Yn de foarige paragraaf haw ik twa ûndersiken nei praattempo fan ferskillende talen beskreaun. Yn dit haadstik sil ik earst it fenomeen taal yn in sosjolinguistysk kader pleatse troch nei te gean troch hokker faktoaren minsken harren taalgebrûk beynfloede wurdt. Dêrnei sil ik twa foarbylden fan ûndersyk fan Allan Bell behannelje dêr’t út bliken docht hoe’t sosjale kontekst ynfloed útoefenje kin op it taalgebrûk fan sprekkers.

2.3.1. Audience design

Hoe’t minsken prate en wat se sizze, is ôfhinklik fan de sosjale skaaimerken fan in sprekker (Trudgill, 2000: 81). Sa hat bygelyks de sosjale klasse of de etnyske groep dêr’t immen ta rekkene wurdt, of de sekse fan dejinge dy’t oan it wurd is, ynfloed op syn taalgebrûk. Dy fariaasje wurdt oantsjutten mei de term inter-speaker variation (Bell, 1991: 105).

(28)

28 ûnderwerp fan gesprek ynfloed op ien syn taalgebrûk (Trudgill, 2000: 82). In arts yn it sikehûs sil op in oare wize prate wannear’t er immen fertelle moat dat dy persoan ûngenêslik siik is as wannear’t er dyselde persoan fertelt hoe noflik at syn fakânsje wie.

In sosjolinguist dy’t him in soad dwaande holden hat mei de relaasjes tusken sprekker en publyk is Allan Bell. Hy hat him dwaande holden mei de ferskillende rollen yn in petear (1991: 91). Bell symbolisearret dat oan de hân fan in figuer dat de foarm fan in sipel mei ferskillende lagen hat (sjoch figuer 4).

Figuer 4: Rollen fan publyk yn in petear (Bell, 1991: 91).

Mei de earste, binnenste laach fan de sipel wurdt doeld op de speaker, de persoan dy’t oan it wurd is yn in petear. Dit is de sprekker, dy’t syn boadskip oerbringe wol op in twadde persoan, ek wol de addressee oftewol adressearre persoan neamd. Dat is it publyk dêr’t de sprekker him direkt ta rjochtet en dêr’t er ek fan wit dat it oanwêzich is of bestiet. In twadde type publyk dat yn datselde petear oanwêzich is, is de auditor oftewol taharker. De sprekker wit dat dit publyk

(29)

29 der is en dat wurdt ek troch him erkend, mar syn boadskip is net direkt op dit publyk rjochte. It tredde type publyk bestiet út overhearers. Dêrmei wurdt doeld op in publyk dêr’t de sprekker him net ta rjochtet en dat ek net erkend wurdt troch him, mar dêr’t er fan wit dat it der is en dus ek de ynhâld fan syn boadskip meikrijt. It fjirde en lêste type publyk bestiet út eavesdroppers, in groep minsken dy’t harren wol op de hichte bringe fan it boadskip fan de sprekker, mar dêr’t de sprekker him net bewust fan is dat se meiharkje (Bell, 1991: 93). Guon tydskriften of televyzjeprogramma’s binne bygelyks bûn oan leeftydsgrinzen, mar dochs kin it foarkomme dat immen ûnder dy leeftydsgrins it tydskrift lêst of it programma besjocht. De produsint giet der yn sa’n gefal net fan út dat bygelyks bern dy produksje sjogge of lêze, mar dochs is sa’n persoan ûnderdiel fan it publyk by wa’t it boadskip oankomt (Bell, 1991: 93).

Audience design yn massakommunikaasje

Face-to-face kommunikaasje, dus kommunikaasje dêr’t in sprekker en syn publyk elkoar direkt yn ‘e eagen sjen kinne, ferskilt op twa punten fan massakommunikaasje (Bell, 1991: 70). Presintators of nijslêzers op ‘e radio of televyzje dogge meidielings oan in publyk dat him op in oare lokaasje befynt en dêr’t it ûnbekend fan is út hokker minsken as it bestiet. Yn massakommunikaasje is der dus sprake fan in skieding fan plak tusken de sprekker en syn publyk. De sprekker sit nammentlik yn de studio, wylst it publyk bygelyks thús op de bank sit. In twadde punt fan ferskil is de skieding yn tiid tusken sprekker en publyk. Dat docht him foar at bygelyks in radio-item of in tv-reportaazje earder opnommen is as wannear’t it útstjoerd wurdt. It publyk wurdt dan op de hichte brocht fan in boadskip dat al earder produsearre is. Dat giet dus net op at in programma live útstjoerd wurdt, mar ek yn sokke gefallen kommunisearje sprekker en publyk net face-to-face.

(30)

30

Figuer 5: Kommunikaasjeskema yn massakommunikaasje (Bell, 1991: 96)

Behalve dat der in petear yn ‘e studio plakfynt tusken presintator en tafelgasten, is der dus ek sprake fan in live oanwêzich publyk. Mar ek op oare lokaasjes, bûten de studio, is der in publyk, it massapublyk, dat tsjûge is fan it oerbringen fan it boadskip. De kommunikaasjepatroanen yn de setting fan massakommunikaasje binne dus oars as face-to-face kommunikaasje.

De skieding fan plak en tiid tusken sprekker en syn publyk hat signifikante konsekwinsjes foar de wize fan praten fan de sprekker (Bell, 1991: 70). Yn gewoane petearen kin in sprekker peile hoe’t syn boadskip op syn publyk oerkomt. Moatte minsken bygelyks laitsje, skodholje se ôfkarrend, of is it publyk net ynteressearre yn it boadskip? Op it momint dat in sprekker oanfielt dat syn boadskip net op priis steld wurdt, kin er in oare toan of hâlding oannimme om op ‘e nij te besykjen de oandacht fan it publyk te winnen. Want at it harkers net oanstiet wat se bygelyks op ‘e radio hearre, dan gean se nei in oar kanaal ta (Bell, 1991: 107). It is dus belangryk om de harker te boeien, sadat it publyk bliuwt en de folgjende kear werom komt. In lestich punt foar de kommunisearjende partij is dat it gros fan it publyk net witte lit wêrom’t hja ôfheakke binne. Inkeld in pear harkers sille bekend meitsje wat harren krityk is.

In sprekker dy’t him yn de studio befynt, wit yn it foarste plak net wa’t syn publyk is, en oft er überhaupt minsken nei syn útstjoering sjogge of harkje (Bell, 1991: 86). Behalve dat it foar in sprekker yn de media dreech is om in yndruk fan syn publyk te krijen, is it noch lestiger om nei te gean hoe’t syn boadskip ûntfongen wurdt, om’t er net of net fuortendaliks reaksje krijt (Bell, 1991: 87).

MASS AUDIENCE

LIVE STUDIO AUDIENCE

(31)

31 In punt dêr’t massakommunikaasje him fierder fan face-to-face kommunikaasje yn ûnderskiedt, is de fersplintering fan it publyk. Harkers en sjoggers kinne harren op alle plakken befine dêr’t de technyk en omstannichheden dat tastean. De ûntfangers fan it boadskip fan de sprekker kinne harren oeral befine. It publyk wit faak ek net wa’t der mear sjogge of harkje nei it boadskip fan de sprekker, om’t hja harren net op itselde plak befine (Bell, 1991: 86).

In gefolch fan dy fersplintering fan it publyk is dat minsken net mienskiplik as groep reagearje kinne op it boadskip fan de sprekker. Yn face-to-face kommunikaasje kin it publyk saneamde feedback jaan op dejinge dy’t kommunisearret. Bygelyks festivalgongers dy’t live konserten bywenje. De muzikanten binne yn dit gefal dyjingen dy’t mei de muzyk in saneamd ‘boadskip’ oerbringe op harren publyk. De muzykleafhawwers stean lykwols net passyf op it fjild. Sy kinne de muzikanten op itselde momint beynfloedzje. At sy entûsjast reagearje op de muzyk, sil dat syn útwurking hawwe op de muzikanten. De kommunisearjende partij spilet yn op de reaksje fan de ûntfangende partij, in saneamde aksje-reaksje. Boppedat kinne minsken net allinnich de kommunisearjende partij beynfloedzje, mar is der ek sprake fan in wikselwurking tusken de festivalgongers ûnderinoar (Bell, 1991: 86).

(32)

32

2.3.2. Relaasje tusken taalgebrûk en audience design

Yn de foarige paragraaf haw ik dúdlik makke dat it taalgebrûk fan minsken oan de iene kant ôfhinklik is fan sosjale skaaimerken fan sprekkers en oan de oare kant fan harren sosjale kontekst. Dat proses is ek sichtber yn massakommunikaasje. Nijsmediaberjochtsje op ferskate wizen oer deselde aktuele kwestjes. Dat komt net allinnich nei foaren yn fisuele en ynhâldlike ferskillen, mar ek yn it taalgebrûk dat in nijsmedium tapast (Bell, 1991: 104).

In linguistysk ûndersyk dêr’t út bliken docht dat media harren taalstyl oanpasse oan it publyk dat hja foar eagen hawwe, is de stúdzje nei determiner deletion (Bell, 1991: 107). Dêrmei wurdt doeld op it weilitten fan lidwurden en besitlike foarnamwurden foar haadwurden. Yn de folgjende trije sinnen kinne de haadwurden sawol mei as sûnder determiner brûkt wurde.

Foarbyld 1: [the] Australian entrepreneur Alan Bond Foarbyld 2: [a] Spanish tourist Josefa Morelli

Foarbyld 3: [his] fellow left-winger Bob Cryer

Bell ûndersocht 4000 Ingelsktalige tokens fan namwurdsinnen op it wol as net weilitten fan lidwurden en besitlike foarnamwurden. De data wie ôfkomstich út kranten út Amearika, Ingelân en Nijseelân en kaam út ferskate perioaden tusken 1974 en 1990 (1991: 108). Der is neigien hoe faak at de lidwurden of besitlike foarnamwurden weilitten waarden en hoe faak at dat net barde, wylst it grammatikaal sjoen wol kind hie. Boppedat waard neigien hokker media de wurden weilitte.

Ut de resultaten fan sân Britske kranten út 1980 kaam nei foaren dat de trije kwaliteitskranten minder faak lidwurden en besitlike foarnamwurden weilitte as de fjouwer populêre kranten. Media passe harren taalstyl dus oan de sosjale status fan harren lêzerspublyk oan (Bell, 1991, 108). Ut stúdzjes fan oare ûndersikers komme gelikense resultaten nei foaren (Bell, 1991: 109-110).

(33)

33 Om it harkerspublyk fan de fiif radiostasjons karakterisearje te kinnen, waard 586 respondinten fan fyftjin jier en âlder yn it stêdsgebiet fan Auckland frege om enkêtes yn te foljen. It doel fan de fragelist wie om sawol in demografysk profyl fan de respondinten (sekse, leeftyd, opliedingsnivo en wurknivo) te meitsjen, as harren mediagebrûk yn kaart te bringen. Op basis fan de útkomsten fan de enkête waarden fiif leeftydsgroepen, fiif opliedingsgroepen en fiif wurkgroepen (ien dêrfan bestie út minsken sûnder wurk) fêststeld, dêr’t de respondinten ta rekkene wurde koenen. Dêrnei waarden de demografyske profilen ferbûn mei de gegevens oer it mediagebrûk fan de respondinten. Op dy wize koe it radiopublyk fan de ferskillende stasjons sa yndield wurde. Ien radiostasjon hie in publyk dat bestiet út harkers mei in hegere leeftyd en in heech opliedings- of wurknivo; twa radiostasjons hawwe harkers fan middelbere leeftyd en middelber opliedings- of wurknivo; en twa radiostasjons hawwe in publyk fan harkers fan ‘it manlike geslacht en leech opliedings- of wurknivo (Bell, 1991: 115).

Dêrnei waard de taal fan nijslêzers ûndersocht om nei te gean oft harren taalstyl ek ferbân hâldt mei de typen harkerspublyk fan de radiostasjons. De hypoteze wie dat der in korrelaasje bestiet tusken de ferskate nijsstilen fan radiostasjons en de skaaimerken fan it publyk (Bell, 1991: 115). In Dútsk foarbyld dy’t dy hypoteze kracht by set, is de presintatrise fan in Dútske stjoerder dy’t yn har programma altiten ynformeel Dútsk brûkt. It stasjon wurdt dan ek as ynformeel beskôge. Yn har programma prate de frou lykwols mei in sterk Dútsk dialekt doe’t se mei in lokale bewenner prate, en gie se oer op it Heechdútsk doe’t se mei in ekspert oer in ûnderwerp pate (Bell, 1991: 119).

Foar it ûndersyk waard yn totaal santjin oeren oan audiomateriaal fan de nijslêzers fan de ferskillende radiostasjons ûndersocht. Fan elts radiostasjon waard de taal fan tusken de fjouwer en njoggen nijslêzers analysearre troch te letten op fonologyske fariaasje. Wannear’t in nijslêzer foar meardere radiostasjons mei in oar type harkerspublyk wurke, waard ekstra materiaal sammele om nei te gean oft it taalgebrûk fan dy persoan ek fan inoar ferskilde.

(34)

34 behearre. Fierder wurdt oannommen dat dit taalfenomeen past yn ynformele taalsituaasjes. At dy formeler wurde, nimt ek de reduksje fan slotkonsonanten ôf.

Bliken die dat der minder klusterreduksje foarkomt wannear’t it harkerspublyk út âlder en heger oplate minsken bestiet as wannear’t it jongere en leger oplate minsken binne. Dy korrelaasje waard nochris befêstige, om’t ien en deselde nijslêzer, dy’t foar in oar radiostasjon mei in oare doelgroep it nijs foarlies, syn spraak ek oanpaste oan dy doelgroep (Bell, 1991: 119).

De konklúzje fan it ûndersyk nei radiostasjons yn Auckland is dat ferskillen yn nijsstyl by de radiostasjons te ferklearjen binne troch it type publyk. Der bestiet yndie in korrelaasje tusken de nijsstyl fan it radiostasjon en it type minsken dat harren fine kinne yn it medium, de ynhâld en de wize fan kommunisearjen op dy stjoerder (Bell, 1991: 114).

Boppedat moat opmurken wurde dat in nijslêzer dy’t mear konsonantklusterreduksje as in oare nijslêzer hat, deselde tekst yn in koartere tiid foarlêze kin om’t er dy konsonanten weilit. Dat soe dus betsjutte kinne dat in nijslêzer fan it NOS-journaal oars praat as in nijslêzer fan in stjoerder mei oar, ynformeler publyk. Dat kin dus ek ynfloed hawwe op it artikulaasjetempo fan de nijslêzer. Oftewol, de wize dêr’t op praat wurdt, is ek ôfhinklik fan it type publyk dat foar eagen holden wurdt.

Foar myn ûndersyk, dêr’t ik sawol Nederlânsktalige nijslêzers fan it NOS-Journaal, as Frysktalige nijslêzers fan Omrop Fryslân foar ûndersykje sil, is it wichtich om boppesteande teoryen oer audience design yn ‘e gaten te hâlden. Ik sil it taalgebrûk fan nijslêzers mjitte en analysearje, mar as ûndersiker moat ik my dêrby bewust wêze fan it feit dat taalgebrûk ôfhinklik is fan sosjale skaaimerken fan sprekkers en fan de sosjale kontekst dêr’t hja yn sitte.

Nijslêzers passe harren taal mooglik oan it publyk dat hja foar eagen hawwe oan. Mooglik is harren spraak sels oars at hja it nijs foarlêze as wannear’t hja in ynterview op ‘e radio hâlde. Sawol de NOS op nasjonaal nivo, as Omrop Fryslân op regionaal nivo hawwe oansjen as dé stjoerder fan harren gebiet as it om nijs giet. Om’t hja in formele stjoerder binne, falt te ferwachtsjen dat de taalfariant fan nijslêzers net in soad ôfwike sille fan de standerttaal.

2.3.3. Net-publisearre ûndersyk Sijtsma 2011

(35)

35 artikulaasjetempo fan de Fryske taal (Sijtsma, 2011), dêr’t ik sjoen haw nei de korrelaasje tusken artikulaasjetempo en de non-linguistyske faktor ‘type radioprogramma’. Ut de foarige paragraaf kaam nei foaren dat der yn ‘e taal fan nijslêzers fan formele radiostasjons minder konsonantklusterreduksje foarkomt as by nijslêzers fan minder formele radiostasjons (Bell, 1991: 119). Yn myn ûndersyk fan 2011 haw ik ûndersocht oft presintators fan trije ferskate type radioprogramma’s op Omrop Fryslân ek in oar artikulaasjetempo hawwe. It type radiostasjon is dus wol gelyk, mar it type radioprogramma is oars.

Yn myn ûndersyk stie de folgjende fraach sintraal: ‘Hoe heech leit it hjoeddeistige artikulaasjetempo fan Fryske radiopresintators op Omrop Fryslân? En yn hoefier spilet in non-linguïstyske faktor as it type radioprogramma dêr in rol yn?’ Ik bin yn dat ûndersyk neigien oft der opfallende ferskillen op te merken wienen tusken it artikulaasjetempo fan presintators fan sport-, muzyk- en nijsprogramma’s. Op dy wize woe ik neigean oft artikulaasjetempo ôfhinklik is fan in non-linguistyske faktor as it ‘type radioprogramma’.

Om antwurd te krijen op de fraach hoe flot at it hjoeddeistige Frysk op ‘e radio praat wurdt, haw ik audiomateriaal sammele fan tolve radiopresintators dy’t wurksum binne by Omrop Fryslân. Dêrby makke ik ûnderskie tusken trije kategoryen fan radioprogramma’s, te witten ‘muzyk’, ‘nijs’ en ‘sport’. Fan de tolve presintators haw ik inkeld it artikulaasjetempo metten en haw ik harren sprektempo fierder bûten beskôging litten. Dat betsjut dat ik alle ynboude rêstmominten, langer as 0,2 sekonden, dy’t in sprekker yn syn sin of tusken syn sinnen yn falle lit, bûten myn mjittings holden haw. Dus alle kearen as in presintator 0,2 sekonden of langer gjin gebrûk makke fan syn of har stimbannen, om bygelyks te sykheljen, markearre ik dat part fan it audiomateriaal en naam ik dat diel net yn de mjittings mei.

Ik haw dy mjitmetoade oanholden om’t de measte wittenskiplike stúdzjes harren rjochtsje op it artikulaasjetempo fan sprekkers. Om’t dy wize fan ûndersyk it meast foarkomt, fûn ik it oannimlik om dyselde metoade te hantearjen, om’t sa de ferskillende ûndersiken better mei inoar ferlike wurde kinne.

(36)

36 at it trochsnee artikulaasjetempo per kategory radioprogramma lei. As alderlêste haw ik ferlike hoe’t de trije kategoryen harren troch de bank nommen ta inoar ferhâlde.

Grafyk 1: Ferliking trochsnee artikulaasjetempo kategoryen radioprogramma's

Ut myn ûndersyksresultaten docht bliken dat de presintators yn ‘e kategory ‘muzyk’ in artikulaasjetempo fan tusken de 5,0 en 5,9 wurdlidden/sekonde hienen en yn trochsnee as kategory op in oantal fan 5,6 wurdlidden/sekonde útkamen. De radiopresintators yn ‘e kategory ‘nijs’ hienen in artikulaasjetempo fan tusken de 5,3 en 6,3 wurdlidden/sekonde. Troch de bank nommen lei it artikulaasjetempo fan presintators fan nijsprogramma’s op 5,8 wurdlidden/sekonde. De presintators yn ‘e kategory ‘sport’ hienen in artikulaasjetempo fan tusken de 5,7 en 6,2 wurdlidden/sekonde. De kategory ‘sport’ kaam op in trochsnee fan 6,0 wurdlidden/sekonde út.

(37)

37 Ut de resultaten fan dit ûndersyk (Sijtsma, 2011) kin konkludearre wurde dat it artikulaasjetempo fan de Fryske taal yn radio-útstjoerings net feroaret troch de non-linguïstyske faktor ‘type radioprogramma’, om’t it ferskil yn artikulaasjetempo fan presintators fan de ferskate radioprogramma’s net signifikant wie. Yn dit ûndersyk haw ik net sjoen nei faktoaren as sekse of leeftyd; ik haw it artikulaasjetempo inkeld ferbûn oan de faktor ‘kategoryen radioprogramma’. Hoewol’t ik yn myn korpusseleksje dus gjin ûnderskie makke haw tusken manlike en froulike presintators, foel it my lykwols op dat manlju troch de bank nommen mear wurdlidden/sekonde produsearje as froulju. Myn korpus, besteande út tsien manlju en twa froulju, wie te lyts om te stellen dat froulju in leger artikulaasjetempo hawwe, mar it wie wol in gegeven dat yn fierder ûndersyk neier ûndersocht wurde koe.

2.4.

Undersyksfraach

Nei it artikulaasjetempo fan ferskate Germaanske talen is ûndersyk dien (Robb, Maclagan en Chen, 2004; Verhoeven, De Pauw en Kloots, 2004). Nei dat fan it Frysk lykwols noch nea. It is dêrom nijsgjirrich om nei te gean hoe heech at it artikulaasjetempo fan de Fryske taal leit. Neist it Frysk wurdt yn de provinsje Fryslân ek de Nederlânske taal praat. It is dêrom nijsgjirrich om it Frysk te ferlykjen mei it Nederlânsk.

Ut ûndersyk is nei foaren kaam dat manlju net altiten op deselde wize prate as

froulju

(Meyerhoff, 2008: 207-209). Yn myn ûndersyk wol ik dêrom neigean oft der ferskil is tusken it artikulaasjetempo fan manlike en froulike nijslêzers, mei boppedat ferskillende bertejierren (‘apparent time’ stúdzje). Mooglik hawwe froulju in oar artikulaasjetempo as manlju, en jongere sprekkers in oar artikulaasjetempo as âldere sprekkers. Mocht der yndie in ferskil wêze tusken manlju en froulju, dan soe dat betsjutte kinne dat froulju de sprekkers fan de standerttaal binne en manlju mear ôfwike fan de standert. Mocht der ferskil wêze tusken âldere en jongere sprekkers, dan soe dat ynhâlde kinne dat artikulaasjetempo in skaaimerk fan in taal is dat oan it feroarjen is.

(38)

38 ferklearjen wêze troch dy taalkontaktsituaasje? Dêrfoar is it fan belang om nei te gean yn hoefier’t de nijslêzers fan Omrop Fryslân ynterferinsjes út it Nederlânsk yn harren taal hawwe. At út harren taalgebrûk bliken docht dat harren Frysk beynfloede wurdt troch it Nederlânsk, dan is it oannimlik dat se ek prosoadyske skaaimerken fan dy taal oernimme.

Op grûn fan boppesteande saken bin ik ta de folgjende

haad- en dielfragen kommen:

Haadfraach ûndersyk:

‘Hoe heech leit it artikulaasjetempo fan Frysktalige nijslêzers en yn hoefier ferskilt dat artikulaasjetempo fan Nederlânsktalige nijslêzers?’

Dielfragen ûndersyk:

‘Yn hoefier liede non-linguïstyske faktoaren as sekse en leeftyd fan nijslêzers ta fariaasje yn it artikulaasjetempo fan Frysktalige en Nederlânsktalige nijslêzers?’

Referenties

GERELATEERDE DOCUMENTEN

A de konklúzje foarôf jûn. B de oanlieding foar it artikel jûn. C in gearfetting fan de rest fan de tekst jûn. D in tal anekdoaten jûn. Neffens Drees-biograaf Hans Daalder kin

• Minsken wolle grutsk wêze kinne op it faderlânske ferline 1 • Minsken skamje har as der wurden en dieden binne dêr’t se net grutsk. op wêze kinne (en meitsje dêrom eksuses) 1

Dat is ek foar de Fryske kultuer sa, men moat jin hieltyd bewust wêze fan it belang fan taal.. It Frysk is foar de Fryske

om bern dy’t net fuortdaliks fan harren berte ôf yn oanrekking kommen binne mei in twadde taal, bygelyks bern yn Nederlân dy’t in oare thústaal hawwe as it Nederlânsk,

2p 5 Wêrom is it fersin dat yn alinea 3 neamd wurdt ‘kartesiaansk-eftich’? Brûk net mear as 15 wurden. Yn alinea 4 wurde doel en wurkwize fan it ‘kafetaria-eksperimint’ neamd. 2p

As foar in goed antwurd mear as 17 wurden brûkt binne, 1 skoarepunt yn mindering bringe. 17 maximumscore 2. Hy hat earder beweard dat in organisme him altyd oanpast oan de

Dêrom is op 17 novimber 2017 de ‘Bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied yn de nije gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke’ tekene,

Sjoch side 7-38 fan Ta de Fryske syntaksis (Ljouwert: Fryske Akademy, 1987) foar in.. Oersjoch fan 'e stúdzje fan 'e