• No results found

De status fan it Frysk en de oanwêzichheid fan de Fryske taal yn it deistich libben binne, yndirekt, fan grutte ynfloed op de omfang fan in literatuer. Wat mear minsken oft de Fryske taal nammentlik goed behearskje, wat grutter oft de fraach en it oanbod fan Frysktalige literatuer potinsjeel wurde kinne. Dêrom sil yn dit haadstik sjoen wurde nei de posysje fan it Frysk yn twa domeinen dy't dêr in grutte rol yn spylje, te witten it ûnderwiis en de media.

Yn haadstik 4 hawwe wy al sjoen dat it ûnderwiis in soad ynfloed hân hat op de omfang en de kwaliteit fan Frysktalige berne- en jongereinliteratuer. Neidat it Frysk ferplicht waard yn it primêr ûnderwiis, is de produksje fan dat soarte literatuer tige tanommen. Op dy manier hat it ûnderwiis streekrjocht ynfloed hân op de gearstalling fan de Fryske literatuer. Yndirekt kin it ûnderwiis lykwols miskien noch wol folle mear ynfloed hawwe. Net allinnich troch bern (en folwoeksenen) Frysk lêzen en skriuwen te learen, mar ek omdat it de meast logyske plak is om yn oanrekking te kommen mei ûnderskate soarten fan literatuer.

De media kinne der troch de wei fan it brûken fan de Fryske taal foar soargje dat it foar Friezen fanselssprekkender wurdt om Frysk te hearren, mar ek te lêzen. De media kinne der op dy manier in wichtige bydrage oan leverje dat it Frysk mear as skriuwtaal beskôge wurde sil.

7.1 Underwiis

Yn neifolging fan de ferplichting fan Fryske lessen yn it primêr ûnderwiis, wurdt it fak Frysk yn 1993 ek ferplicht yn de legere klassen fan it fuortset ûnderwiis. Yn de hegere klassen kin it Frysk keazen wurde as eineksamenfak (Ytsma, Riemersma & De Jong, 2007, p. 22). Dyselde auteurs merke op dat de provinsje Fryslân sûnt 2006 yndividuele skoallen lykwols frijstelle kin fan dy ferplichting. Yn 'e regel is sa'n ûntheffing foar ien jier, mar skoallen kinne alle jierren op 'e nij om ûntheffing freegje. Yn datselde jier waarden konkrete kearndoelen formulearre foar it Fryske ûnderwiis op 'e middelbere skoallen, dêr't ûnderskied by makke wie tusken learlingen dy't it Frysk as earste taal hawwe en learlingen dy't Frysk as twadde taal leare. Tsien jier letter biedt in tredde fan de middelbere skoallen yn Fryslân lykwols noch altyd gjin Fryske lessen oan. Boppedat besteget in part fan de skoallen dy't it Frysk wol oanbiedt der net genôch tiid oan om de opstelde kearndoelen te beheljen. Fierder wurdt net genôch differinsjearre tusken learlingen mei it Frysk as memmetaal en learlingen foar wa't it Frysk de twadde taal is. Dêrneist wurkje basis- en middelbere skoallen net goed genôch mei inoar gear. Sels op de basisskoalle is it ûnderwiis fan it Frysk noch altyd beheind. It meastepart fan 'e basisskoallen bliek yn 2006 mar sa'n 36 minuten te besteegjen oan ien les Frysk yn de wike (Ytsma, Riemersma & De Jong, 2007, pp. 19-23).

De Ynspeksje fan it Underwiis konkludearret yn 2010 dat de kwaliteit fan it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis noch altyd ûnder de mjitte is. De ynspeksje konstatearret dat der in grut ferskil is tusken de easken en ambysjes op papier en de praktyk. Hoewol't yn de wet fêstlein is wêr't skoallen foar it fak Frysk oan foldwaan moatte, blykt de realiteit dus oars te wêzen. Yn eardere rapportaazjes fan de ynspeksje (1999, 2001, 2006) waard ek al oardiele dat it Fryske ûnderwiis fan te minne kwaliteit wie. Op basis fan de konklúzjes en oanbefellingen út dy rapportaazjes is it Fryske ûnderwiis lykwols net foldwaande ferbettere. Punten fan krityk wiene ûnder oare dat der op

skoallen faak net genôch tiid besteget wurdt oan it Frysk om de kearndoelen te heljen en dat it foar de ynspeksje tige dreech is om te hanthavenjen meidat de ûntheffinsregeling net helder is

(Ynspeksje fan it Underwiis, 2010).

Varkevisser & Walsweer (2018) hawwe ûndersyk dien nei hoe't it Frysk der op it stuit foar stiet yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Sy stelle fêst dat yn it primêr ûnderwiis 31,7% fan de skoallen oan de kearndoelen foldocht, foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis jildt dat foar 39,4% fan de

skoallen. Benammen de doelen op it mêd fan skriuwûnderwiis wurde faak net helle. It falt lykwols op dat der grutte ferskillen binne tusken skoallen, wat ûnder oare te krijen hat mei de taalêftergrûn

fan sawol learlingen as dosinten. In wichtige konklúzje is dat aktyf belied fierd wurde moat dat op hanthavenjen rjochte is. Wolf (2018) lit lykwols witte dat dat advys net opfolge wurde sil troch de provinsje. De provinsje wol alle skoallen dy't de kearndoelen no noch net helje oant 2030 de tiid jouwe om harren ûnderwiis te ferbetterjen. Derby sille sy helpe en stimulearre wurde troch de provinsje. Der binne lykwols ek skoallen dêr't bygelyks foaroardielen besteane oer meartaligens en dêr't âlden bang binne dat Fryske lessen ta skea wêze soenen foar de oeren Nederlânsk. Sokke skoallen sille net sa fetber wêze foar al dat stimulearjen. Op de fraach wat dan dien wurdt mei de skoallen dy't, nettsjinsteande alles, echt net wolle, hat de provinsje lykwols gjin goed antwurd (Wolf, 2018). Dêrby argumintearret Wolf (2018) dat de easken foar it Fryske ûnderwiis sels al ferlege binne, mar dat dy legere doelen likegoed net helle wurde. Yn de jierren njoggentich wiene de doelen foar de fakken Frysk en Nederlânsk nammentlik noch gelyk. It wie de bedoeling om de twa talen safolle mooglik gelyk te behanneljen. Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw waarden de easken foar it Frysk dochs ferlege, yn de hoop dat skoallen dy legere easken dan yn alle gefallen wol helje soene. Dat is lykwols ek net slagge, nettsjinsteande de stipe fan de provinsje.

Hoewol't yn de nije bestoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (Provinsje Fryslân, 2018) grutte ambysjes formulearre binne, ferplichtsje dy ambysjes allinnich ta in ynspanning of in stribjen. Om dy reden pleitet de Ried fan de Fryske Beweging ek foar bettere kontrôles op de kwaliteit fan it Fryske ûnderwiis, lykas dat ek dien wurdt foar it fak Nederlânsk (Ybema, 2018).

Yn it heger ûnderwiis is it gebrûk fan it Frysk ek tige beheind, beskriuwe Ytsma, Riemersma & De Jong (2007, p. 29). Dochs is it foar studinten yn 'e measte dissiplinen wol tastien om harren skripsje yn it Frysk te skriuwen, hoewol't dat net faak bart. Op universitêr nivo wurdt it Frysk allinnich as fiertaal brûkt by de stúdzje Fryske Taal en Kultuer.

Foar folwoeksenen binne der ek mooglikheden om harren Frysk te ferbetterjen. De Afûk

(Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje) biedt op ferskate nivo's kursussen Frysk oan foar sawol minsken mei it Frysk as memmetaal en minsken dy't it Frysk as twadde taal leare. Boppedat

produsearret de Afûk learmetoaden. Yn it algemien is de posysje fan it Frysk yn it folwoeksene- edukaasje lykwols marzjinaal. De lessen fan de Afûk wurde subsidiearre troch de provinsje en wurde alle jierren folge troch sa'n tûzen minsken. It grutste part fan dy minsken (886 yn 2006) folgje in kursus om de praatfeardigens te ferbetterjen (Ytsma, Riemersma & De Jong, 2007, p. 33- 34). Ut neifraach by de Afûk (persoanlike kommunikaasje, 8 july 2019) blykt dat yn 2018 in ferlykber tal minsken in kursus Frysk folge hat by de organisaasje. Ferlike mei 2006 hat lykwols in grutter oanpart fan 'e minsken it ôfrûne jier in kursus folge om de skriuwfeardigens te ferbetterjen. 7.2 Media

By in ûndersyk fan de Taalunie (2017) nei it taalgebrûk yn de media joech 43,7% fan de Fryske respondinten oan dat sy it nijs altyd yn it Nederlânsk rieplachtsje. Troch 34,3% fan de Friezen waard dat yn it Nederlânsk en yn it Frysk dien en troch 11% yn it Nederlânsk en Ingelsk. Yn alle gefallen waard it nijs dus yn it Nederlânsk rieplachte; nimmen hat oanjûn inkeld in oare taal as it Nederlânsk te brûken. De Taalunie (2017) hat ek ûndersocht hokker talen oft Friezen brûke by it rieplachtsje fan Wikipedy. Fan de respondinten die 48,5% dat altyd yn it Nederlânsk en 25,4% yn it Nederlânsk en Ingelsk. Fierder waarden ek it Frysk en it Dútsk derfoar brûkt. Dat it Nederlânsk en it Ingelsk dêr faker foar brûkt wurde as it Frysk hinget nei alle gedachten ek gear mei de relatyf beheinde kwantiteit en kwaliteit fan Fryske artikels. It produsearjen fan nije Frysktalige artikels en it ferrykjen fan besteande Fryske artikels soe dus helpe kinne om dêr feroaring yn oan te bringen. Fierder lit it ûndersyk fan de Taalunie (2017) sjen dat 41% fan de Friezen op sosjale media altyd it Nederlânsk brûke. Troch 30,1% fan de respondinten wurdt dêr Nederlânsk en Frysk foar brûkt en troch 15% Nederlânsk en Ingelsk. Op Twitter wurdt neist Nederlânsk faker it Frysk brûkt (35,7%) as op Whatsapp (31,7%) en Facebook (28,9%). By it stjoeren fan sms-berjochten wurdt troch 30,4% fan de Fryske respondinten it Frysk ek brûkt. Friezen dy't it Frysk as memmetaal hawwe, brûke it

Frysk faker op sosjale media. Fan dy groep jout bygelyks 43,4% oan dat sy op Facebook neist it Nederlânsk ek it Frysk brûke en 10% seit altyd Frysk te brûken. As it giet om boeken seit 24,8% fan de Friezen dat sy dy inkeld yn it Nederlânsk lêze. Fan de Fryske respondinten lêst 29,3% sawol yn it Nederlânsk as it Frysk. Tydskriften lêst 90,8% fan de Fryske respondinten faak of altyd yn it Nederlânsk. As lêste bliek dat fierwei it grutste part fan de Fryske respondinten bûtenlânske films en searjes op telefyzje faak of altyd mei Nederlânske ûndertiteling sjogge. Fansels is Nederlânske ûndertiteling op telefyzje faak in gegeven, mar it hat ek de foarkar fan mear as de helte fan de Fryske respondinten (Taalunie, 2017).

Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân en makket radio en telefyzje yn it Frysk. De omrop wurdt subsidiearre troch de provinsje (Provinsje Fryslân, 2018). Dêrneist binne der twa regionale kranten yn Fryslân, te witten de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. De

oplissifers fan de fysike kranten wurde lykwols hieltyd leger. Neffens Omrop Fryslân (2019) hie it

Friesch Dagblad yn 2007 noch in oplis fan 16.000, wylst dat yn 2017 sakke is nei 12.000. Foar de Leeuwarder Courant is dat tal sakke fan 102.000 yn 2007 nei 65.000 yn 2017. It nijs wurdt

tsjintwurdich lykwols faker online besjoen. De webside fan de Leeuwarder Courant waard yn 2018 bygelyks rûchwei 50 miljoen kear besocht, wat in fearn mear is as in jier earder (Omrop Fryslân, 2019). De twa kranten binne foar it grutste part Nederlânsktalich, mar der steane ek Frysktalige artikels yn. Dêrby is yn 2009 op inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging de Frysktalige ynternetkrante It Nijs oprjochte, dêr't net allinnich Frysktalich nijs út Fryslân yn te lêzen is, mar ek Frysktalich nijs út de rest fan 'e wrâld. Yn elk fan boppesteande kranten wurdt ek omtinken jûn oan Frysktalige literatuer.

Wat tydskriften oanbelanget binne de iennichste echte Frysktalige tydskriften foar folwoeksenen hjoed-de-dei de Moanne en Ensafh., hoewol't yn de Moanne ek hieltyd faker yn it Nederlânsk skreaun wurdt. Yn dy tydskriften wurde in soad Frysktalige literêre wurken behannele, mar it tal Fryske tydskriften is wol lytser as eartiids. Fryske tydskriften as Frysk en Frij, Trotwaer en Hjir binne ûnderwilens bygelyks opheft. Der is noch wol in tal tydskriften dat bûn is oan in organisaasje, lykas Each en Ear fan Omrop Fryslân, De Frijbûtser fan de FNP en It Beaken fan de Fryske

Akademy. Dêrneist jout it Taalsintrum Frysk twa Fryske tydskriften út foar jongerein, te witten

Switsj en LinKk.

Neist de ynternetkranten en -tydskriften wurdt it Frysk ek op oare gebieden sichtberder online. Sûnt 2002 wurdt bygelyks wurke oan de Frysktalige edysje fan Wikipedy. Op it stuit binne mear as 40.000 siden yn it Frysk beskikber (Wikipedy, 2018). Underwilens is bygelyks ek Facebook folslein yn it Frysk beskikber (Omrop Fryslân, 2014) en sûnt 2016 is it Frysk oan Google Translate tafoege (Provinsje Fryslân, 2016). Hiel resint hat Microsoft Office it Frysk standert yn it pakket fan

GERELATEERDE DOCUMENTEN