• No results found

Toaniel

In document F AN S ELSKIP NEI MIENSKIP (pagina 52-55)

4. K WALITATIVE ANALYZE KORPUS F RYSKE LITERATUER 1844-1915

4.8 Toaniel

As útfloeisel fan de Winterjûnenocht wurde geregeld jûnen organisearre dêr’t sang, foardracht, muzyk en toaniel inoar ôfwikselen. In sjenre dat ek selsstannich útfierd wurdt, is it toaniel. Om’t der ek gâns selsstannige toanieltekstútjeften útjûn binne (sjoch tabel 6 en taheakke 2), sil ik it Fryske toaniel yn de jierren 1844-1915 as poadiumkeunst en as literêre tekst apart foar de lins nimme.

De Fryske toanieltradysje komt om 1860 hinne ta stân.80 Doe kaam der op it Fryske plattelân, mei troch ekonomyske foarspoed, belangstelling foar toanielspyljen. Yn de stêden wie it toaniel al wat langer ynboargere. Dat toaniel wie lykwols yn it Nederlânsk en fan in histoarysk dramatysk sjenre. It earste Fryske stik wurdt op 9 jannewaris 1860 opfierd yn Hallum: it kluchtspul Mâl út, mâl thús (selsstannige útjefte) fan Tsjibbe Gearts van der Meulen. It stik waard in grut sukses, sa’t út ûndersteande advertinsje blykt.

Yllustraasje 4: Oanprizing Mâl út, Mâl thús (Ljouwerter Krante, 04-05-1860)

Krekt letter waard yn Froubuorren Sokke mar mear (publisearre yn: De Bye-Coer, 1860, side 51) fan Waling Dijkstra spile. Sokken kamen der ek mear, want sûnt liket it Fryske toaniel ynienen los te wêzen en wurdt der omraak spile. It liket derop dat Van der Meulen en Dijkstra, dy’t mei harren Winterjûnenocht op gâns plakken kamen, de provinsje waarm makke hawwe foar it toaniel.

Der wie ferlet fan spylbere stikken en sa kaam de produksje fan toanielliteratuer op gong.81 Der binne in soad selsstannige toanieltekstútjeften ferskynd (sjoch ek side 27), en ek yn de periodiken ferskynden toanielspullen. Hoewol’t de stikken fansels bedoeld binne om út te fieren, waarden se ek wol lêzen.

Krekt as by de Winterjûnenocht stiet it fermaak foarop, mar wurdt der ek moralisearre op it toaniel.82 It learende of ideologyske karakter fan de stikken blykt ek út de titels. Om in pear te neamen:

1. De giergens bidraecht de wîsheid. Blyspil. (Waling Dijkstra, 1862)

80 Poortinga, It Fryske Folkstoaniel, 13-14.

81 Ibidem, 10.

2. De reade flagge. Toanielstik yn fiouer ûtkomsten. (Japik Hepkema, ‘Doitse Sibbles fen Warstiens’, 1893)

3. Heit en soan, ef: lean nei wirken. Toanielstik yn 4 bidriuwen. (Tabo Wieger Sytstra, Harmenssoan, 1898)

Om’t ien as Waling Dijkstra sawol toanielteksten as stikken foar de Winterjûnenocht skreau, soenen je tinke kinne dat dy stikken ynhâldlik grutte oerienkomsten fertoanden. Yn beiden sit striid tsjin de ûndeugden: it rabjen, it net neikommen fan ôfspraken, gjirgens ensafh.83 Wat Dijkstra wol yn de Winterjûnenocht nei foaren komme lit, mar net yn it toaniel, is in oanwiisbere aktuele tastân op maatskiplik gebiet.

Dijkstra syn grutte krêft, en dat jildt foar al syn skriuwerij, wie dat hy ‘Fryske’ personaazjes skeppe koe dêr’t de minsken har yn werom koenen.84 Yn de personaazjes fan in histoarysk drama koenen de doarpelingen har net werom en dêrom spriek soks minder oan. Werkenning soarge foar sukses en hie ek in grutte mienskipsfoarmjende funksje. De stikken binne basearre op in brede identifikaasje troch it publyk.

Troch de grutte belangstelling foar it toaniel, waarden yn in koart skoft tiid in soad ferienings oprjochte. Lykas de orale sjenres wat trochinoar rûnen, rûn ek de útfierende poadiumkeunst fan de ferienings trochinoar. Sa toanielspilen in rederikerskeamer en in sjongferiening likegoed.

De toanielferienings wienen rûnom yn de provinsje te finen, mar net yn de kristlik ortodokse Súdwesthoeke en yn de Dongeradielen.85 Ek yn earmere streken as de heide- en feandoarpen wie de arbeidersbefolking wat

maatskiplike ûntwikkeling net ryp foar toanielspul. De measte toanielselskippen wienen dan ek benammen yn de klaaidoarpen te finen. It wie benammen de liberale boargerij en de boerestân dy’t oan it spyljen meidienen en yn it publyk sieten. Dat fersterket myn fermoeden dat de Winterjûnenocht en oare foardrachtjûnen ynearsten benammen troch de lytse boargerij besocht waarden en pas letter ek troch de arbeidersstân.

It toanielspyljen barde meast ûnder primitive omstannichheden, de doarpsherbergen wienen der net op berekkene.86 Oan ferklaaiersklean en dekôr waard ynearsten ek net it measte dien. Frouljusrollen waarden yn de begjinjierren troch manlju spile. Neffens Poortinga wienen de froulju ynearsten net ta toanielspyljen te bewegen. It kin

83 Poortinga, It Fryske Folkstoaniel, 15.

84 Oldenhof, Steen des aanstoots, 266.

85 Poortinga, It Fryske Folkstoaniel, 18.

86 Ibidem, It Fryske Folkstoaniel, 18-19.

Yllustraasje 5: Toanieladvertinsje

lykwols ek wêze dat de froulju earst hast net talitten waarden ta de ferdivedearjende jûnen, sa’t ek út de advertinsjes fan de gearkomsten fan it Selskip blykt (sjoch yllustraasje 3).

Oer advertinsjes sprutsen: toanielfoarstellings waarden yn tsjinstelling ta de Winterjûnenocht net in soad yn de Ljouwerter Krante oanpriizge, sjoch yllustraasje 5 foar in foarbyld fan in relatyf seldsume toanieladvertinsje. Dat hat der nei alle gedachten mei te krijen dat it publyk foar it doarpstoaniel benammen leden fan de lokale toanielferiening en doarpsbewenners wienen. De Winterjûnenocht lûk minsken út in justjes gruttere krite en dêrta wie de krante in gaadlik adverteardersmedium. De toanieljûnen wienen mei in tagongspriis fan likernôch 50 sinten (alteast, foar net-leden) like djoer as in Winterjûnenocht. Ek dat jout oan dat it publyk fan beide praktiken út deselde stân, de boargerij, kaam.

It toanielspul sels wie yn it begjin tige ienfâldich, de spilers moasten it toanielspyljen noch leare.87 Benammen Tsjibbe Gearts van der Meulen hat der as skriuwer foar ivere om it toanielspul op in heger nivo te bringen, troch by de toanieltekst wiidweidige oanwizings te jaan foar it spyljen. Dat waard letter ek troch oaren oernaam, hjirûnder in foarbyld. Dêr docht tige út bliken dat de teksten skreaun wienen mei de bedoeling om op te fieren.

Yllustraasje 6: Selsstannige toanieltekstútjefte mei oanwizings foar it spyljen.

(De Nije Lânhearre, 1907, T.W. Sytstra)

Der binne oer de ferskillen yn toanielteksten en -skriuwers út de njoggentjinde ieu ferskate dingen te sizzen, wat ik hjir fierder benefterhâld. Wat fan belang is, is dat der fan 1900 ôf in feroaring yn de toanielteksten komt. Sa komt it propagandatoaniel op, bygelyks ta drankbestriding.88 Dêrmei wurdt de skieding tusken it fermeitsjende en propagearjende wurk

87 Poortinga, It Fryske Folkstoaniel, 19.

skerper. De toanielskriuwers Yme Christiaan Schuitemaker (1877-1961) en benammen Rudolf Wilhelm Canne (1870-1931), dy’t yn de tweintichste ieu aktyf skreaunen, brochten dramatyk en djipte yn it toaniel en wienen dêrmei paadsljochters foar it moderne toaniel yn de tweintichste ieu. Stadichoan komt it toanielspyljen yn de tweintichste ieu fierder ôf te stean fan it njoggentjinde-ieuske ferdivedearjende toaniel.

Douwe Kalma fûn it ‘folkstoaniel’ fansels mar neat. Hy woe, sa’t Poortinga dat moai opskreau ‘it toaniel losmeitsje fen de nocht en wille sfear, dy’t kulminearre yn it efternei-dounsjen’.89 It Jongfryske toaniel wie mear foar de stille genieter ornearre as foar it doarpsfolk yn in herberch. Kalma frege stúdzje en tawijing, fan spilers en taharkers, en late it publyk fakentiids yn it foar yn it stik yn. In grut sukses is syn ideale toanielopfiering mei klassike alluere nea wurden.

In document F AN S ELSKIP NEI MIENSKIP (pagina 52-55)