• No results found

Wy sliepten meastal yn in hûs of in hok dat noch oerein stie en as alles plat lei, dan bouden wy fan planken en doarren in skûlplak foar de nacht. Tekkens en

In document Trinus Riemersma, Nei de klap · dbnl (pagina 42-47)

matrassen wienen gauris noch wol te finen, net oeral wie de boel yn 'e fik gien. Wy

hawwe it mar ienkear meimakke dat der noch minsken yn in doarp wennen. Se wienen

âld en siik, se hienen inoar yn 'e earm en ien rûn mei in stôk. Doe't se ús yn 't êch

krigen, begûnen se te balten en mei de stôk te driigjen. Wy hoegden net bang te

wêzen dat se ús benei kamen, se koenen hast net mear rinne. Ien fan dy beide wie in

âlde frou. Dat wit ik om't se in rôk oan hie. De froulju dy't ik neityd moete haw,

hienen altiten broeken oan. Dat is ek folle better fansels.

In stik of trije, fjouwer kear ha wy oar folk sjoen dat dêr ek omswalke. It wienen

mar ploechjes fan twa oant seis minsken. Wy sêgen se doe foar âlde minsken oan,

mar dat sil wol kommen wêze om't wysels noch sa lyts wienen. En fansels hienen

alle manlju no in burd, dat makke dat se der âldsk út sêgen. Efterôf tink ik dat se net

folle âlder wienen as Claus no, sa'n tweintich jier. Jonger as ús heit en mem tink. Ien

ploech hie in auto, sa'n bestelbuske, in readen. Dy ha se noch oan 'e praat krigen en

se ha besine fûn. Dat koe ek bêst. In hele bult auto's sille der wol goed foarwei

kommen wêze en der wienen fansels ek wol garaazjes mei ûnderdelen. En destiids

wienen der genôch minsken dy't wisten hoe't in auto yninoar siet en hoe'tst him

reparearje moast. Wy hearden him fan fierôf al oankommen, want oare lûden as de

wyn wienen der net. Wy kroepen fansiden en wy sêgen hoe't se foarby jakkeren. Ik

wit net oft se om

iten sochten, miskien wienen se ek wol op trochreis earne hinne. In oare ploech hie

in karre, in soarte fan bakje op twa fytstsjellen. Dy lju sochten wol iten. En krekt op

'e selde plakken dêr't wy ek al west hienen, yn in tún efter in grut hûs. Wy wienen

bang dat se merke soenen dat oaren har foar west hienen en dat se om ús sykje soenen,

mar dat dienen se net. Se hawwe it ien en oar op har karke loege en binne doe wer

ôf set. En doe noch ien of twa groepen dy't omswalken lykas wy. Dy lju gyngen

allegearre de kant fan Verdun út, dêr't wy weikommen wienen. Wat sochten se dêr?

Hopen se dat dêr mear iten wie of dat dêr minder stikken gien wie?

It waard lette hjerst en wat op it fjild en yn 'e tunen stie, begûn te rotsjen. En it

waard nachts kâld. Wy moasten besykje om in stêd mei winkels te finen, dêr soe

noch wol foarried wêze. Yn Utert en letter by Den Antwerp en oare stêden yn België

hienen wy ommers ek noch te kust en te keur gean kinnen. Sa waarden wy fan need

dochs wer nei de stêd ta dreaun. It hie ús doel net west, mar it koe net oars. Doe't wy

dat beslút nommen hienen, binne wy ek daliks op stap gien, en eigentlik dochs al

oan 'e lette kânt, wy hienen op reis gean moatten doe't der noch iten yn 't fjild te finen

wie. No moasten wy ús ûnderweis rêde mei rottige jerappels en ôffâlen apels en

parren. Foar it earst haw ik doe poddestuollen iten. Dy binne nuvergenôch noait

deagien, mar woeksen noch folle machtiger as foar de klap.

De oare deis gonne wy mei de Frânske bern op rôftocht. It docht bliken, dy bern

binne goed thús yn dizze púnheappen. Se witte oeral gongen en gloppen dêr't se

trochhinne

glûpe kinne om fan 't iene plak nei 't oare te kommen. Op dy manear hoege se har

net folle bleat te jaan. Flak tsjinoer it hûs dêr't se mei har mem libje, dûke se in hoale

yn en dan giet it ûnder planken en balken troch nei in garaazje ta, of wat dêr fan oer

is. Der is in izeren trep omheech en ast dy opklimt, hast in goed útsjuch oer dit part

fan 'e ruïnes. Op oare plakken ha se ek sokke útsjuchpunten. Mocht der frjemdfolk

yn 'e stêd omswalkje, dan ha se dy earder yn 'e rekken as dy frjemden hàr.

Se witte ek krekt wêr't noch wat te heljen is. Der binne in heel soad lytse winkeltsjes

en in stik of wat supermerken dêr't se it paad hinne fûn ha. Alles wêr't in soad sûker

of in soad sâlt yn sit, bliuwt heel lang goed. Sjim, hunich, ynleine fruchten, fisk en

soks. It is wol iensidich iten, mar se hawwe oan no ta it libben der op holden. Bûter

en margarine binne bedoarn. Oalje is rânzich wurden, mar dat drinke se noch wolris.

It jout krêft. Wetter is gjin probleem, der stanne noch palets fol mei plestikflessen

boarnewetter.

Ineke, Lize, Borg en Jochen binne by de sike frou bleaun. Claus, Monika, Hanny,

Ilse en ik binne mei de trije bern op stap. Monika rint mei de bern foarop, want sy

kin mei har prate. Ik bliuw deun efter har, want ik wol besykje om har taal in bytsje

te learen. Fan Lotsy haw ik wol wat leard, mar net genôch. Wurden as ite, drinke,

sliepe, rinne, sitte, fijân, hûs, bile, mês, skûlplak, siik, dea, skite, pisje, wetter, bouwe,

meitsje, sokke wurden. Mar wat se no allegear bejeuzelje, dêr kin ik kop noch sturt

oan fine. Ik ha oant no ta amper de kâns hân om Frânsk te learen, ik ha earst mei

bern út Hollân en Flaanderen op stap west, en letter sieten wy tusken de Dútsers. Dat

koe ik nei in skoftsje wol sawat neikomme.

Hyltiten sjitte ús rotten foar de fuotten wei. It tilt der fan op. Dy bisten binne der

destiids goed foarwei kommen, miskien binne se wol sterker as de oaren. Oare bisten

sjuchst hast noait mear, ek fûgels komselden. De lêste dy't ik sjoen ha wie in roek,

twa jier lyn. Slakken binne der noch wol en wjirms. Wêr't rotten binne, moat ek iten

wêze, al is it de fraach oft it gaadlik iten is foar ús.

De bern bliuwe stean, se harkje. Ik stek de hân op tsjin de efterkommers. Ha se

gefaar fernommen? Ien fan 'e famkes klimt omheech by in stik muorre op. Se loert

alle kânten út. Dan komt se wer nei ûnderen ta. It hat neat west, of de rotten ha it sa

mâl dien dat der wat om fâlen is miskien. De jonge giet no foarop en bringt ús nei

in supermerk. Hy is net sa grut, it fâlt my ôf. Neffens myn ûnthâld wie de supermerk

dêr't wy yndertiid sitten hawwe folle grutter. It kin fansels wêze dat dy bern ús har

bêste foarriedplak net ferriede wolle. Miskien hoopje se dat wy wer fuort gonne. Hjir

ha de rotten ek al bêst húshâlden, alle pepieren pakken binne oanfretten, sels oan 'e

waskpoeier ta. Ik wit dat it om waskpoeier giet, want der stiet 'Ariël' op, dat hie ús

mem foarhinne ek. Plestik flessen mei oalje binne ek stikken gnaud en de oalje is

oer de grûn rûn. Der binne in heel soad blikken noch, meast mei fruchten, mar ek

guodden mei fleis, liket my ta. 'Tripes de Caen' stiet der op. Ik freegje Monika.

'Kowepânse,' seit se. 'Mar dat is allang ferrotte.' De Frânske jonge makket mei de

earms it teken fan 'net oankomme'. 'Non-non!' seit er. 'Pas manger.' Ik wit net wat

'kowepânse' is, mar ast it dochs net ite kinst, kin 't my ek neat skille. Wy skarrelje

by de rekken en skappen lâns dy't foar in part ommitere binne. Der is in lang skap

mei alderhande tubes en potsjes. Us mem hie der ek in hele rige

fan stean yn 'e dûs. Der is ek toskpoetsersguod fan allegear ferskillende merken. Dan

fyn ik in potsje fet, en dêr bin 'k wiis mei. Ik draai it deksel derôf en rûk. It stjonkt

fetgoar, mar ik hoech it ek net op te iten. Ik stek de finger deryn en smaar in klute

op 'e barsten yn myn fingers. It pimpert in bytsje. Ik besykje te lêzen wat op it potsje

stiet, mar dat kin ik net.

Claus ropt ús. Wy moatte ús tiid net ferdonderje, mar om iten sykje, seit er. Foaral

blikken moatte wy om sjen. Wat net yn blik of glês sit, is oanfretten, of op. Dy ferrekte

rotten hawwe ek alle sûkeladerepen opfretten, de papierkes lizze der noch, en alle

marskes en snickers en hoe't dy dingen mar hite meie. It is kankerwreed lekker, en

it fuorret ek osa, op in pear fan dy reepkes kinst in dei libje. Neat dus. Blikken, seit

Claus. Der binne blikken mei koekjes, mar dat binne blikken mei in deksel en de

ynhâld is sadwaande fergien. Wy moatte blikken ha dy't finaal ticht binne, wat dêr

yn sit bliuwt folle langer goed. Sokke blikken binne der amper. Ik tink wer: dy bern

bringe ús nei in winkel dy't se allang leechrôve ha. Der binne wol glêzen potten mei

lytse komkommers en griene baltsjes. Ik triuw in pear yn 'e rêchpûde. Wêr't wy it

measte ferlet fan hawwe, binne pakken mei rys, of noedels of spagetty, mar dat is

der net mear. It hat de tiid net iens krigen om te fergean: de rotten hawwe soks

allegearre opfretten.

Claus ropt: wy moatte hjirwei. It begjint te tsjusterjen en hy wol gjin ûngemakken

op 'e weromreis. Dy bern witte it paad hjir wol, mar wy net, en wy kinne maklik

ferdwale yn 'e púnheappen.

Troch in heel soad gloppen en gongen ûnder de púnbulten troch komme wy wer

by it hûs werom. Borg-en-dy

In document Trinus Riemersma, Nei de klap · dbnl (pagina 42-47)